Achtkarspelen
Achtkarspelen | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
![]() Winter op 'e romte by de Surhúster Mieden. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
![]() | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
![]() | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
|
Achtkarspelen is in gemeente yn it easten fan Fryslân. Op 1 jannewaris 2022 hie dizze gemeente 28.000 ynwenners.[1]
Plakken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It haadplak is Bûtenpost en de oare plakken yn de gemeente binne: Boelensloane, Droegeham, Gerkeskleaster, de Harkema, Koatstertille, Stynsgea, Strobos, Surhústerfean, Surhuzum, Twizel en Twizelerheide.
Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De namme Achtkarspelen wurdt foar it earst fermeld yn 1338 en ferwiist nei de acht oarspronklike karspels yn de gritenij, te witten: Stynsgea, Bûtenpost, Droegeham, De Koaten, Koartwâld, Lytsepost, Surhuzum en Twizel. Achtkarspelen naam lang in aparte plak yn Fryslân yn. Yn de Midsiuwen, oant 1559, hearde Achtkarspelen ta it bisdom Münster, wylst de rest fan Fryslân ûnderdiel wie fan it bisdom Utert.
De gritenij Achtkarspelen waard yn 1851 in gemeente nei de ynfiering fan de gemeentewet fan Thorbecke yn Nederlân.
Eveneminten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It Konkoers Hippyk Bûtenpost is it grutste evenemint yn 'e gemeente en wurdt holden sûnt 1954. Yn 2018 fûn foar it earst de Feteranedei fan Achtkarspelen plak.
Ferdieling gemeenteried[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De gemeenteried fan Achtkarspelen bestiet út 21 sitten. De útslaggen fan de gemeenteriedsferkiezings binne sûnt 2010:
partij | ferkiezings 2010 [2] | ferkiezings 2014 [3] | ferkiezings 2018 [4] | ferkiezings 2022 [5] | ||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
% | sitten | % | sitten | % | sitten | % | sitten | |
CDA | 25,6 | 6 | 22,8 | 5 | 26,0 | 6 | 22,7 | 6 |
FNP | 23,9 | 5 | 25,3 | 6 | 16,4 | 4 | 17,8 | 4 |
CU | 13,5 | 3 | 17,1 | 3 | 13,6 | 3 | 14,4 | 3 |
GBA [6] | 12,8 | 3 | 15,0 | 3 | 15,4 | 3 | 14,4 | 3 |
PvdA | 16,7 | 3 | 13,5 | 3 | 9,8 | 2 | 9,3 | 2 |
PVV | 8,1 | 1 | 7,1 | 1 | ||||
FVD | 5,7 | 1 | ||||||
GL | 5,6 | 1 | 4,9 | 1 | ||||
VVD | 7,7 | 1 | 6,4 | 1 | 5,0 | 1 | 3,7 | 0 |
ûnjildich & blanko | 0,3 | 0,6 | 0,5 | 0,3 | ||||
opkomst/totaal | 54,3% | 21 | 55,9% | 21 | 56,7% | 21 | 52,8% | 21 |
Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
![]() | |
---|---|
Haadplak: Bûtenpost | |
Doarpen en útbuorrens: Boelensloane • Droegeham • Gerkeskleaster • De Harkema • Koatstertille • Stynsgea • Strobos • Surhústerfean • Surhuzum • Twizel • Twizelerheide | |
Buorskippen: Blauhûs • Blauforlaet • Buwekleaster • Dykhuzen • Hamsherne • Koartwâld • De Koaten • Kûkherne (foar in part) • De Lêste Stoer • Lytsepost • Ophûs • Reahel • Reaskuorre • Surhuzumer Mieden |