Surhúster Mieden

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Surhúster Mieden
Surhuizumer Mieden Plaatsnaambord.jpg

De Surhúster Mieden is in polder en delsetting noardeast fan Surhuzum yn de gemeente Achtkarspelen. De namme komt ek foar as Surhuizemer mieden. De buorskip falt oars bestjoerlik ûnder it doarp Strobos.

Om 1700 waard it stavere as 'Suyr Huyster Hooylanden'. Eekhoff hat de namme Surhuister Hooilanden yn syn 19e iuwske atlas.

Oan de Miedwei 46 stiet it gebou fan de eardere herfoarmde evangelisaasje Pro Rege út 1928. Yn 1980 waard it foar de symbolyske som fan 1 gûne oerdroegen oan buertferiening De Mieden, dy't it omneamde ta Petersburg, nei in pleats yn de omkriten.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: