Springe nei ynhâld

Oebele Brouwer

Ut Wikipedy
Oebele Brouwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Oebele Feike Brouwer
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 15 febrewaris 1960
berteplak Snits (Fryslân)
etnisiteit Frysk
wurkpaad
berop/amt rjochter oan 'e
Rjochtbank Ljouwert
jierren aktyf 2025 – ....
Oebele Brouwer
politikus
partij net partijbûn
boargemaster fan Achtkarspelen
amtsperioade 20192025
foargonger Gerben Gerbrandy
opfolger Jouke Douwe de Vries

Oebele Feike Brouwer (Snits, 15 febrewaris 1960)[1] wie tusken 2019 en 2024 boargemaster fan de gemeente Achtkarspelen. Hy wie as boargemaster net oan in partij ferbûn.

Wurk by justysje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar't er boargemaster waard, wurke Brouwer 27 jier lang by justysje. Hy wurke ûnder oare by it Iepenbier Ministearje yn Ljouwert, foar de noardlike resjerzje yn Grins en it lanlik parket yn Rotterdam. By justysje hat Brouwer tal fan grutte saken meimakke, lykas de moardsaak-Baflo wêrby't in plysjeman ombrocht waard en de ûntfiering fan de 11-jierrige Lusanne van der Gun fan Aldeberkeap. De saak dy't Brouwer nei eigen sizzen benammen bybliuwe sil, is de moard op de Marianne Vaatstra fan De Westereen. Sy waard op 1 mei 1999 ombrocht yn in greide by Feankleaster. Brouwer wie yn de earste jierren parse-offisier.[2]

Boargemaster Achtkarspelen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't Gerben Gerbrandy yn 2018 bekend makke op te hâlden as boargemaster fan Achtkarspelen, skreau de gemeente in iepen sollisitaasje út. Brouwer wie ien fan de persoanen dy't dêrop reagearre. Dat Brouwer sollisitearre, hie te krijen mei de profylskets. "Doe't ik dy seach, de skets fan de Ried en dy fan de ynwenners fan Achtkarspelen, doe tocht ik: ja, dit moat wêze. Se beskreaune in Fryske boargemaster mei bining, dy't tusken de minsken stiet."[3]

Brouwer wennet net yn de gemeente, mar wol flakby: yn Eastermar yn 'e gemeente Tytsjerksteradiel.

Brouwer kundige yn 2024 syn fertrek oan as boargemaster fan Achtkarspelen. Op 30 jannewaris 2025 waard Brouwer opfolge troch Jouke Douwe de Vries. Sûnt 1 april 2025 is Brouwer strafrjochter yn Ljouwert.[4]

Njonkenfunksjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oebele Brouwer sit yn de advysried fan de Afûk[5], is foarsitter fan de sylried fan de SKS[6] en gastdosint oan de plysje-akademy.[7]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Wegener Sleeswijk, R.S. & Oldersma, L. (1999). Rechterlijk Friesland 1811-1999. Naamlijst leden rechterlijke macht, leden openbaar ministerie en griffiers, side 68. Uitgeverij Verloren, Hilversum. ISBN 9065500774.
  2. Oebele Brouwer by ôfskied fan justysje: "Ekskús yn Vaatstrasaak hie passend west", Omrop Fryslân, 30 jannewaris 2019.
  3. Wâldpyk-boargemaster Brouwer kin dalik wer op 'e fyts nei it wurk, Omrop Fryslân, 13 desimber 2018.
  4. RTV Noardeast Fryslân, 28 jannewaris 2025.
  5. Ferbine en diele. Beliedsplan Afûk 2016-2020, Afûk, 2016.
  6. Uitspraak Zeilraad aangaande hoger beroep, SKS, 13 augustus 2018.
  7. Raad Achtkarspelen beveelt Oebele Brouwer aan als nieuwe burgemeester, Achtkarspelen, 13 desimber 2018.