Witness (film út 1985)
Witness | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Peter Weir | |
produsint | Edward S. Feldman | |
senario | Earl W. Wallace William Kelley | |
kamerarezjy | John Seale | |
muzyk | Maurice Jarre | |
filmstudio | Edward S. Feldman Productions | |
distribúsje | Paramount Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | Harrison Ford Kelly McGillis | |
byrollen | Jan Rubeš Lukas Haas Alexander Godunov Danny Glover Josef Sommer | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 7 febrewaris 1985 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | romantyske skriller | |
taal | Ingelsk en Dútsk | |
spyltiid | 112 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $12 miljoen | |
opbringst | $116,1 miljoen | |
prizen | 2× Oscar 1× BAFTA |
Witness is in Amerikaanske romantyske skriller en plysjefilm út 1985 ûnder rezjy fan Peter Weir, mei yn 'e haadrollen Harrison Ford en Kelly McGillis. De titel betsjut "Tsjûge". It ferhaal giet oer resjersjeur John Book fan 'e plysje yn Philadelphia, dy't in moard ûndersiket wêrby't de iennichste tsjûge in achtjierrich Amish-jonkje is. As bliken docht dat de dieders korrupte plysjeminsken binne, soarget Book dat alle spoaren dy't nei it jonkje liede, útwiske wurde. Dêrnei wurdt er troch omstannichheden twongen om sels by de Amish ûnder te dûken. Wylst er by harren tahâldt, rekket er fereale op 'e mem fan it jonkje, in jonge widdo. Witness krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie yn 'e bioskopen in grut kommersjeel súkses. De film waard nominearre foar 8 Oscars (2 wûn), 6 Golden Globes (0 wûn) en 7 BAFTA's (1 wûn).
Plot
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1984 komt op it plattelân fan Lancaster County, yn 'e Amerikaanske steat Pennsylvania, in Amish-mienskip gear foar de útfeart fan 'e melkfeehâlder Jacob Lapp. Dyselde wie net âld, noch mar om 'e tritich hinne, en hy lit in widdo nei, Rachel, en in achtjierrige soan, Samuel. Dy beiden wenje by syn heit yn, de âlde Eli Lapp. Fuort nei de begraffenis al lit de noch net troude buorman, Daniel Hochleitner, op subtile wize syn belangstelling blike foar Rachel, en letter begjint er har neffens de wizânsjes fan 'e Amish it hof te meitsjen. Nei ferrin fan tiid giet Rachel mei Samuel op reis foar in besite oan har suster, dy't yn Baltimore wennet. Se geane earst mei de trein nei Philadelphia, dêr't se oerstappe moatte. Wylst se yn it 30th Street Station yn Philadelphia op 'e oanslutende trein sitte te wachtsjen, moat Samuel pisje, dat hy giet nei it iepenbier toilet. Dêr is er tsjûge fan 'e brute moard op in plysjeman dy't undercover wurket troch twa oare mannen. Samuel kriget ien fan 'e dieders goed te sjen, en wit sels mar nauwerneed oan in trochsiking fan 'e toiletromte troch de moardners te ûntkommen.
Resjersjeur John Book fan it Philadelphia Police Department en syn partner, resjersjeur Elton Carter, wurde op 'e saak set. Book ûnderfreget de skrutene Samuel, dy't oanjout dat de iene dieder, dy't er sjoen hat, in mânske negroïde man wie. Book nimt Samuel en syn mem mei de stêd yn om in gaadlike fertochte oan 'e jonge sjen te litten, mar dy skodhollet fan nee. Tsjin dy tiid is it al let, en om foar te kommen dat syn iennichste tsjûge stil weiwurde sil, bringt Book Samuel en Rachel foar de nacht ûnder by syn suster Elaine. De oare moarns lit er de jonge op it plysjeburo it iene nei it oare boek mei foto's fan mooglike dieders sjen, mar de man dy't Samuel sjoen hat, sit der net tusken. As Book tillefoan kriget en Samuel wat op eigen manneboet omstipt op it plysjeburo, sjocht er yn in trofeekaste in útknipt krante-artikel hingjen oer ynspekteur James McFee fan 'e ôfdieling narkotika, dy't in priis yn ûntfangst nimt. Op 'e bygeande foto ken Samuel McFee werom as de moardner dy't er sjoen hat.
As de jonge McFee oanwiist foar Book, nimt dy de saak heech op. Hy docht ûndersyk nei McFee en ûntdekt dat dyselde inkele jierren earder ferantwurdlik wie foar de ynbeslachname fan in grutte lading rottekrûddjoere gemikaliën foar it oanmeitsjen fan amfetamine. It bewiismateriaal is lykwols spoarleas ferdwûn út 'e opslachromte op it plysjeburo. Book ornearret dat McFee de boel efteroer drukt hat om it foar grou jild ferpatsen oan drugsdealers, en dat de undercoverplysje dy't yn it spoarstasjon fermoarde is, boppe wetter helle hie wat McFee en syn hantlangers útheefd hiene. Hy giet mei syn ûntdekkings en fermoedens nei kommissaris Paul Schaeffer ta, syn âlde mentor, dy't him mei klam oanrikkemandearret om it spul sa stil mooglik te hâlden, sadat McFee der gjin lucht fan kriget. Underwilens sille se yn it djipste geheim in ûndersyk nei de korrupte plysjeman iepenje. Dyselde jûns, as er thúskomt, wurdt Book yn 'e parkearkelder fan syn appartemintekompleks opwachte troch McFee, dy't him besiket dea te sjitten. Book wit de oanfaller op 'e flecht te jeien, mar wurdt yn 'e side rekke troch in kûgel en bliuwt ferwûne efter.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Mei't inkeld Schaeffer op 'e hichte wie fan syn ûntdekkings, kriget Book foar it ferstân dat Schaeffer mei McFee ûnder ien tekken skûlet en McFee op him ôfstjoerd hat. Hy beseft dat Samuel en syn mem, dy't noch altyd by Elaine útfanhûzje, ek yn gefaar binne, dat hy bejout him hookstrooks nei harren ta. Wylst Rachel en Samuel har mei tûzen hasten ree meitsje om fuort, ferberget Book syn eigen auto yn Elaine har garaazje. Hy skillet Carter op en freget him mei klam om alle papierwurk oangeande Rachel en Samuel dyselde jûns noch te ferneatigjen, wat Carter docht. Sels set Book mei Rachel en Samuel yn Elaine har âld brik fan in auto ôf nei Lancaster County om harren thús te bringen. Dat slagget, mar as er allinnich wer ôfsette sil, rekket er bewusteleas troch bloedferlies en riidt er de dowetil om.
Rachel en har skoanheit Eli skuorre him út 'e auto om him te fersoargjen, wêrby't Book eefkes by besleur komt. Hy drukt harren op it hert om him net nei it sikehûs te bringen en der likemin in dokter by te heljen, mei't syn skotwûne dan oanjûn wurde moat. Dêrtroch soene de korrupte plysjes him fine kinne, en as se him fine, fine se Samuel ek. Dat, Eli en Rachel bêdzje him yn 'e útfanhûzerskeamer en helje Stoltzfus derby, in foaroanman fan 'e Amish-mienskip dy't weet hat fan tradisjonele genêswizen. Stoltzfus stelt fêst dat de kûgel der by Book oan 'e rjochterside fan foarren ta'n yn en fan efteren wer ta'n út gien is, en dat der gjin organen rekke binne. De wûne is lykwols troch gebrek oan direkte fersoarging ûntstutsen rekke. Hy jout Rachel it resept fan in húsmiddeltsje dêr't se de wûne mei deppe moat en seit tsjin Eli dat er de âldsten fan 'e Amish-mienskip oer dizze ûntwikkelings ynljochtsje moat. Book komt foarearst net wer by en rekket djip wei yn 'e koarts. Hy slacht alderhanne rou praat út as er oan it dwyljen giet, mar Rachel ferpleecht him en wykt de hiele nacht net fan syn side. De oare deis, as Book wer bykomt, blykt der in espel burdige keardels om syn bêd hinne te stean. It binne de Amish-âldsten, dy't beslisse dat Book, de omstannichheden yn acht nommen, foarearst by Eli en Rachel bliuwe mei.
Under de fersoarging fan Rachel betteret Book neitiid stadichoan op. As er fan bêd ôf komt, hoewol't Stoltzfus sein hat dat er dêr noch in skoftke mei wachtsje moat, jout Rachel him in pak klean dat fan har man Jacob silger west hat. De Amish-dracht hâldt de Amish net foar de gek, mar wol de bûtensteanders, dy't fanwegen har Ingelske taal troch de Amish "Ingelsen" neamd wurde. Book giet mei Eli nei it doarp Strasburg, dêr't er út in tillefoansel wei Carter opskillet. Dyselde seit dat er út noch yn net weromkomme moat, om't Schaeffer en McFee him as fertochte oanmurken hawwe yn in korrupsjesaak. Carter is bang dat se Book deasjitte sille sadree't se him sjogge. Om't de âld auto fan Elaine nei de oanriding mei de dowetil net mear starte wol, sit der foar Book neat oars op as om foarearst ûnder te dûken by de Amish, dy't eltse foarm fan moderne technology ôfwize en datoangeande noch yn 'e njoggentjinde iuw libje.
Underwilens besiket Schaeffer út te finen wêr't Book himsels ferside brocht hat. It is him wol dúdlik dat er by it Amish-gesin fan 'e jonge tsjûge ûnderdûkt is, mar syn iennichste oanknopingspunt is datoangeande de efternamme fan 'e húshâlding, Lapp. De sheriff fan Lancaster County ynformearret him dat der allinne yn syn county al sa'n 14.000 Amish wenje, fan wa't hast de helte fan Lapp hjit. Om't se gjin tillefoan hawwe, soed er, om Book te finen, dus by al dy lju delgean moatte, en dêr hat er gjin mankrêft foar. Mei't de Amish fierders ek amper kontakt mei de bûtenwrâld ûnderhâlde en in tige sletten mienskip binne, dy't de wetten fan 'e Feriene Steaten net erkent, kriget Schaeffer gjin foet oan 'e grûn.
Geandewei begjint Book op te gean yn 'e mienskip. As Eli him mei de auto fan Elaine omprutsen sjocht, seit er dat er, as er dêr genôch foar opbettere is, ek wol kij melke kin. Dat de oare moarns wurdt Book om healwei fizen fan bêd bonsjoerd om te melken. It gefal wol dat er foarôfgeande oan syn karriêre by de plysje in skoftke timmerman west hat, en as Eli dat ûntdekt, jout er Book tagong ta syn wurkplak en alle ark en reau. Book makket in knikkertljedder foar Samuel en begjint oan 'e reparaasje fan 'e dowetil. As der op in pleats deunby in skuorre boud wurde moat, wat foar de Amish in mienskipsbarren is, wurdt Book omreden fan syn timmermansfeardichheden meifrege. Hy hat aardichheid oan it wurk en helpt mei om inkeld mei brute krêft en njoggentjinde-iuwsk ark yn ien dei tiid in skuorre te setten. De Amish binne ûnder de yndruk fan syn wurk en begjinne him te akseptearjen.
Book en Rachel begjinne harren sterk ta-inoar oanlutsen te fielen op in romantyske wize. Yn 'e kekene Amish-mienskip uterje se dat benammen mei blikken. Rachel har oanbidder Daniel Hochleitner is him bewust fan 'e groeiende bân tusken Book en Rachel. Dat liedt ta in wat dûbelsinnige ûnderlinge relaasje tusken de beide mannen, om't Daniel Book oan 'e iene kant as persoan wol lije mei, wylst er him tagelyk as rivaal sjocht. De jûns let nei de skuorrebou wasket Rachel harsels mei ûntbleate boppelichem. Book sjocht dat troch in iepensteande doar en Rachel wurdt gewaar dat se begluorke wurdt en draait har om sûnder har boarsten te bedekken: in dúdlike útnûging. Nettsjinsteande in suver fielbere seksuele spanning, keare se har allebeide úteinlik faninoar ôf. De oare deis seit Book tsjin Rachel dat, hiene se de leafde bedreaun, dat betsjutte soe dat hy bliuwe of sy fuortgean moast.
Op in dei giet Book wer mei Eli nei Strasburg, dêr't er yn 'e tillefoansel Carter besiket op te skiljen om te fernimmen nei de stân fan saken. It docht lykwols bliken dat Carter dea is, "omkommen by de útoefining fan syn berop", sa wurdt Book trochdien. Hy begrypt dat Schaeffer en McFee syn partner fermoarde hawwe. Breinroer skillet er Schaeffer thús op, sadat dy it tillefoantsje net neilûke kin, en warskôget him dat er efter him oan komt. As er mei Eli neitiid wer nei de pleats giet, is der in ferkearsopstopping om't in pear jonge ûnfatsoenen de hynder-en-wein fan Daniel Hochleitner, dy't foar Eli sines riidt, hohâlde litte om wat wille te hawwen yn it neidiel fan 'e Amish. Ien fan 'e jongfeinten besmodzget it gesicht fan Daniel mei in iisko, feilich yn syn witten dat de Amish pasifisten binne dy't sa'n fernedering sûnder wjerakseljen ûndergean moatte. Book is lykwols net yn it humeur om sok getreiter oer syn kant gean te litten, en slacht de iiskodepper in brutsen noas, wylst er syn maat ek pear opstoppers ferkeapet. De doarpsbewenners sprekke der skande fan, mei't sok wangedrach de toeristen ferjeie soe. Wylst Book mei Eli fuortriidt, makket ien fan harren de sheriff der opmerksum op, dy't it nijs trochspilet oan Schaeffer.
Werom op 'e pleats begjint Book te risselwearjen om fuort. As Rachel dat foar it ferstân kriget, siket se him jûns op as er foar hûs de reparearre dowetil wer te plak set, wêrnei't se inoar hertstochtlik tútsje. De oare moarns ier, as Eli en Book noch oan it melken binne, arrivearje Schaeffer, McFee en in trêde korrupte plysjeman, Ferguson, byneamd Fergie, by de Lapp-pleats. Se kringe de huzinge binnen en nimme Rachel yn gizeling. As Eli út 'e skuorre komt en de mei ôfseage jachtgewearen bewapene bûtensteanders sjocht, is syn earste ympuls om in warskôging oan Book te roppen foar't er delslein wurdt. McFee en Fergie geane de skuorre en it bûthús yn om Book te sykjen. Underwilens hjit Book Samuel, dy't by him is, om sa hurd as er kin troch de fjilden nei de Hochleitner-pleats te draven. Mar as Samuel healwei is en gewearsskotten op 'e Lapp-pleats heart, keart er om en giet er yn 'e hûs, dêr't de troch Schaeffer bewekke Eli en Rachel him sjogge, mar Schaeffer net.
De skotten komme fan McFee en Fergie, dy't efter Book oansitte, mar hieltyd krekt te let binne om him dea te sjitten. Book lokket Fergie in silo yn, dêr't er him ferstikt troch de silo fan boppen iepen te setten, sadat der tonnen maïs omleech komme. Neitiid giet er sels de silo yn en grabbelet er yn it maïs nei it gewear fan Fergie. Dat fynt er krekt op 'e tiid om 'e tahastige McFee dermei dea te sjitten. As Schaeffer lykwols Rachel as libben skyld brûkt en har in pistoal tsjin 'e holle oan set, lit Book it bútmakke gewear falle. Schaeffer risselwearret om Book dea te sjitten, mar Eli hat ûnderwilens mei gebearten oan Samuel dúdlik makke dat er de liedklok fan 'e pleats liede moat, en op it ûnophâldlik kloklet komme de Hochleitners en Amish út 'e fiere omkriten ôf, dy't gearkloftsje op it hiem fan 'e Lapps. Schaeffer wie fan doel om Book, Rachel, Eli en Samuel dea te meitsjen, sadat alle tsjûgen opromme wêze soene, mar mei safolle nije tsjûgen beseft er dat it spul út is. Hy jout him oer en lit him troch Book arrestearje.
Letter, as de ôfwurking fan it plak delikt berêden en de rêst werkeard is, nimt Book ôfskie fan Rachel en Samuel om ôf te setten mei Elaine har auto, dy't reparearre is. As er ynstapt, ropt Eli him ta: "Wês foarsichtich dêrsanne tusken al dy Ingelsen!" Book glimket, wiuwt en riidt fuort. In foege hûndert meter de dyk del komt er Daniel Hochleitner tsjin, dy't op besite sil by de Lapps. Book hâldt ho en út 'e fierte wie is te sjen dat de mannen in pear wurden wikselje foar't se allebeide har eigen wei geane, mar wat der sein wurdt, bliuwt geheim.
Rolferdieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
resjersjeur John Book | Harrison Ford |
Rachel Lapp | Kelly McGillis |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Eli Lapp | Jan Rubeš |
Samuel Lapp | Lukas Haas |
Daniel Hochleitner | Alexander Godunov |
ynspekteur James McFee | Danny Glover |
kommissaris Paul Schaeffer | Josef Sommer |
resjersjeur Elton Carter | Brent Jennings |
Elaine Book | Patti LuPone |
resjersjeur Leon "Fergie" Ferguson | Angus MacInnes |
Stoltzfus | Frederick Rolf |
frou Schaeffer | Marian Swan |
ûnfatsoenlike jongfeint #1 | Michael Levering |
ûnfatsoenlike jongfeint #2 | Anthony Dean Rubeš |
ûnfatsoenlike jongfaam | Cara Gallianza |
sheriff | Ed Crowley |
âldman yn doarp | William Francis |
âldere toeriste | Sylvia Kauders |
Candy Schaeffer | Maria Bradley |
T-Bone | Rozwill Young |
Moses Hochleitner | Viggo Mortensen |
biskop Tchantz | John Garson |
frou Yoder | Beverly May |
resjersjeur Ian Zenovich | Timothy Carhart |
resjersjeur Sykes | Richard Chaves |
Harry | Robert Earl Jones |
Produksje en distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foarskiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Witness wie it projekt fan filmprodusint Edward S. Feldman, dy't begjin 1980-er jierren in kontrakt fan 'earste ynsjen' hie mei filmstudio 20th Century Fox. Sadwaande krige er in 1983 as earste it senario ûnder eagen foar Witness, dat doe noch de titel Called Home hie ("Nei Hûs Roppen", wat de Amish-oantsjutting foar "ferstoarn" is). It skript wie skreaun troch Earl W. Wallace en William Kelley, dy't har derfoar ynspirearje litten hiene troch in senario dat se yn 'e iere 1970-er jierren skreaun hiene foar de westernsearje Gunsmoke. Dat eardere skript wie dan wer basearre op in idee fan romanskriuwster Pamela Wallace.
It senario sa't Feldman dat yn 1983 ûnder eagen krige, telde 182 siden, wat delkaam op in film mei in spyldoer fan trije oeren. Feldman hie niget oan it útgongspunt en miende dat it in goede film wurde koe, mar net mei it skript sa't it wie. Dat wie fierstente lang en nei syn miening tefolle wijd oan 'e tradysjes fan 'e Amish, sadat de skrilleraspekten ferwettere rekken. Dat, Feldman bea de beide senarioskriuwers $25.000 foar in opsje fan ien jier op 'e filmrjochten en it skriuwen fan in nije, ferkoarte ferzje fan it skript. As de film makke waard, soe dêr noch $225.000 by komme. Wallace en Kelley giene dêrmei akkoart en begûnen in oansjenlik diel fan it senario fuort te skrassen.
Neitiid bea Feldman de nije ferzje fan skript foar finansiering fan 'e ferfilming oan by 20th Century Fox, mar Joe Wizan, dy't dêr it haad produksje wie, wiisde it ôf mei de útlis dat Fox gjin "plattelânsfilms" makke. Dêrop stjoerde Feldman it senario ta oan akteur Harrison Ford, dy't doe, koart nei it útkommen fan it ôfslutende diel fan 'e oarspronklike Star Wars-trilogy, ien fan 'e grutste nammen fan Hollywood wie. De ympressario fan Ford, Phil Gersh, naam fjouwer dagen letter mei Feldman kontakt op om te sizzen dat syn kliïnt ree wie om by it krúske te tekenjen foar dizze film. Feldman, dy't der wis fan wie dat dy tasizzing fan in grutte filmstjer de miening fan Fox feroarje soe, gie fannijs nei de studio ta, dêr't him lykwols dúdlik makke waard dat it neat útmakke wa't er foar de haadrol wist te bestrûpen salang't syn projekt in "plattelânsfilm" wie. Dat, Feldman gie mei it senario te suteljen by de oare grutte filmstudio's yn Hollywood, dêr't er lang om let byt krige by Paramount Pictures.
Produksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Feldman hie de Austraaljer Peter Weir yn gedachten as regisseur, mar dy wie op dat stuit dwaande mei de preproduksje fan The Mosquito Coast en moast dêrom nee ferkeapje. John Badham, dy't Feldman syn twadde kar wie, die it projekt ôf as "in plysjefilm dêr't ienentweintich fan yn in snies geane", wylst oaren mei wa't Feldman kontakt opnaam, likemin belangstelling hiene of har foar de neie takomst al fêstlein hiene foar oare projekten. Doe krige de studio de finansiering foar The Mosquito Coast net rûn en bliek Weir dochs noch frij te wêzen om Witness te regissearjen, wat syn earste Amerikaanske film waard.
Witness waard makke troch Feldman syn eigen produksjemaatskippij Edward S. Feldman Productions. Foar de film wie in budget beskikber fan $12 miljoen, dat foar it meastepart fan Paramount kaam. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan John Seale, en de oangripende filmmuzyk waard fersoarge troch Maurice Jarre.
Casting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Harrison Ford hie him al fêstlein foar de rol fan resjersjeur John Book foar't dúdlik wie oft Witness eins wol makke wurde soe. Yn 'e wiken direkt foarôfgeande oan 'e film rûn er mei op 'e ôfdieling Moardsaken fan it Philadelphia Police Department, dêr't er himsels wichtige details eigen makke oangeande plysjeprosedueres. De rol fan Rachel Lapp wie folle dreger te casten, en nei't withoefolle gadingmaksters dy't net foldiene de revu passearre wiene, liet regisseur Peter Weir de moedfearren hingje en sloech er foar om oars mar ris yn Itaalje om in froulike haadpersoan te sjen, mei't er de yndruk hie dat Italjaanske aktrises "frouliker" wêze soene. Wylst hy en Feldman audysjebannen út Itaalje oan it besjen wiene, kaam Kelly McGillis om audysje te dwaan. Sadree't se har kapke opset en de mûle iependien hie, wist Weir dat er syn froulike haadpersoan fûn hie.
Lynne Littman wie ien fan 'e regisseurs dy't Feldman oansocht hie doe't Weir yn 't earstoan ûnbeskikber wie, en hoewol't hja der úteinlik foar keas om 'e film net te regissearjen, rikkemandearre se wol Lukas Haas oan foar de rol fan Samuel Lapp. Littman hie Haas nammentlik koartby regissearre yn Testament. Alexander Godunov, dy't de rol fan Daniel Hochleitner spile, wie in âlde freon fan castingdirector Dianne Crittenden. Hoewol't er noch nea aktearre hie, tocht sy dat syn persoanlikheid perfekt wêze soe foar de rol, en nei't Weir de man met hie, wied er it dêrmei iens.
In tige lyts roltsje yn Witness waard taparte oan Viggo Mortensen, dy't desennia letter wrâldferneamd wurde soe mei rollen as Aragorn yn 'e Lord of the Rings-filmtrilogy en Tony Lip yn Green Book. Yn Witness spile er Moses Hochleitner, de jongere broer fan Daniel, en is er mar in pear tellen yn byld mei wolteld ien regel dialooch. Hy waard cast om't Weir fûn dat er "it goede soarte gesicht" hie foar in Amish-man. Mortensen wie yn 1984 krekt úteinset mei syn karriêre as akteur en Witness wie syn earste film. Hy moast der in oare rol as soldaat yn in Shakespeare in the Park-produksje fan Hindrik V foar ôfsizze. Letter soed er sizze dat er him tanksij syn tige positive ûnderfinings op 'e set fan Witness mear op in filmkarriêre talein hie.
Opnamen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De opnamen foar Witness fûnen plak yn 'e simmer fan 1984. Der waard haast efter set om't der doe in staking drige fan it Directors Guild of America, it ynfloedrike Amerikaanske fakbûn fan regisseurs, dat de hiele produksje lamlein hawwe soe. De opnamen waarden foltôge krekt foàr de datum fan 'e oankundige staking, dy't lykwols úteinlik net trochgie.
Foar Witness waard filme op lokaasje yn Philadelphia en yn Intercourse, Lancaster, Strasburg en Parkesburg yn Lancaster County yn 'e Amerikaanske steat Pennsylvania. De pleatslike Amish woene wol as timmerlju en oare ambachtslju meiwurkje oan 'e produksje, mar allinne bûten byld. In protte fan 'e figuranten dy't yn 'e film Amish spylje, binne sadwaande eins pleatslike minnisten, dy't min ofte mear itselde leauwe oanhingje, mar mei har tiid meigien binne en har oan 'e moderne wrâld oanpast hawwe.
Aktrise Kelly McGillis wie foarôfgeande oan 'e opnamen as tarieding op har rol in skoft yntrokken by in Amish-widdo mei sân bern om 'e útspraak fan it Pennsylvaansk te learen, it dialekt fan 'e Pennsylvaniadútsers, dêr't sawol de Amish as de pleatslike minnisten ta hearre. Yn 'e film is dat lykwols mar inkele kearen te hearren. Sa seit in man tsjin Book, as it wurk oan 'e skuorre klear is dêr't Book oan meiwurke hat: "Du huschd hott gschofft. Sell waar guud!" ("Do hast hurd bealge. Dat wie goed!"). Mar ornaris sprekke de 'Amish' yn 'e film ynstee Heechdútsk, de Dútske standerttaal, dy't troch Pennsylvaniadútsers yn it echt mar komselden brûkt wurdt.
De sêne mei de bou fan 'e skuorre wie yn it senario mar ien koarte alineä, mar Weir fûn dat it wichtich wie om dat gearwurkjende aspekt fan 'e Amish-mienskip wat mear te beljochtsjen. De sêne waard yn ien dei filme, wêrby't eins echt in skuorre boud waard, sij it mei tusken de opnommen stikjes troch de ynset fan swier materieel om 'e boel foarút te helpen. By de sêne yn 'e maïssilo waard der echt maïs op in omstrompeljende stuntman falle litten, dy't lykwols tarist wie mei in dûkmasker foar djipseedûken, ferbûn mei soerstofflessen ûnder it it maïs.
Weir en kameraregisseur John Seale hiene foarôfgeande oan 'e opnamen nei in tentoanstelling fan it wurk fan 'e Nederlânske keunstskilder Johannes Vermeer yn it Philadelphia Museum of Art west, en brûkten de skilderijen dy't se sjoen hiene letter as ynspiraasje foar de beljochting by de opnamen, wat benammen goed te sjen is yn 'e sêne wêryn't de ferwûne Book troch Rachel ferpleegd wurdt en de sêne wêryn't Rachel harsels stiet te waskjen. Healwei de opnamen waard de titel fan 'e film feroare fan Called Home yn Witness, benammen om't de marketingôfdieling fan Paramount fûn dat de oarspronklike titel ferlet hie fan te folle útlis om 'e film effisjint oan 'e man bringe te kinnen.
Distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De distribúsje fan Witness waard fersoarge troch Paramount Pictures. De film gie op 7 febrewaris 1985 yn it Fulton Opera House yn Lancaster (Pennsylvania) yn premiêre, en iepene de deis dêrop yn 'e Amerikaanske bioskopen. Witness wie letter dat jier bûten de kompetysje om ek te sjen op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes.
Untfangst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Troch filmkritisy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 'e filmkritisy krige Witness oer it algemien positive resinsjes. Sa omskreau it tydskrift Time Out de film as "oangripend", "fol mei prachtige bylden" en "lokkigernôch ûntdien fan in ienfâldige moraal". De Radio Times neamde de film "foar in part in leafdesferhaal en foar in part in skriller, mar fral in bestudearring fan in botsing fan kultueren – it is krekt as is de wrâld fan Dirty Harry ynienen in skilderij fan Breughel binnen stroffele." En Halliwell's Film Guide keas Witness út as ien fan mar twa films út 1985 dy't de folle 4 fan 4 stjerren taparte krigen. De film waard dêrby omskreaun as "ien fan dy gelokkige films dy't op alle fronten goed út 'e ferve komme en sjen litte dat der noch faklju yn Hollywood omrinne."
Yn 'e Chicago Sun-Times wie de foaroansteande filmkritikus Roger Ebert djip fan Witness ûnder de yndruk. Hy joech de film ek 4 fan 4 stjerren en skreau: "[Y]n it foarste plak [is it] in besieljend en oangripend leafdesferhaal. Oard is it in film oer de karren dy't we meitsje yn it libben en dy't oare minsken foar ús meitsje. Pas dêrnei is it in skriller – ien dêr't Alfred Hitchcock grutsk op wêze meien hie as er him makke hie." Nei't er him beklage hie oer it filmoanbod fan 'e lêste tiid, heakke Ebert deroan ta: "[…] Witness arrivearret as in frisse nije dei. It is in film oer folwoeksenen dy't mei weardichheid libje en fan wa't de kar dy't se meitsje der foar harsels ta docht. En it is ek in ferhipt goede skriller."
It tydskrift Variety skreau dat Witness "bytiden in mei soarch yn byld brocht, oangripend ferhaal [is] oer in ûnmooglike leafde beheind troch de fassinearjende Amish-mienskip. Te faak, lykwols, wurdt dy brekbere românse ferplettere troch in folslein absurde sjitpartij, krekt as jit men in fluts ketchup oer in delikaat Pennsylvaniadútsk miel." Ien dy't noch folle minder fan 'e film hawwe moast, wie Vincent Canby, dy't foar The New York Times wurke. Hy skreau: "[Witness] is net hiel freeslik, mar der is ek net folle oan. It is in moaie film om nei te sjen en der sitte in stikmannich goede aktearprestaasjes yn, mar der is wat wurchmeitsjends oan it kreaze balansearjen fan tsjinstelde manearen en wearden."
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Witness in tige heech goedkarringspersintaazje fan 93%, basearre op 41 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, omskriuwt de film as: "In hearlik fermaaklike skriller yn in ûngewoane setting, wêryn't Harrison Ford in ferrassend emosjonele en sympatike aktearprestaasje leveret." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Witness in goedkarringspersintaazje fan 76%, basearre op 14 resinsjes.
Troch de Amish-mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Amish wiene minder oer Witness te sprekken as de measte lju. Yn in ferklearring dy't útbrocht waard fia in abbekatekantoar dat de belangen behertige fan 'e Amish-mienskip yn Lancaster County, waard útholden dat de ôfskildering fan 'e Amish yn 'e film net sekuer wie. Ek mank filmkritisy en filmhistoarisy waard diskusjearre oer de portrettearring fan 'e Amish yn Witness. Party fûnen dat de Amish troch de film eksploitearre waarden foar kommersjeel gewin. Oaren wiene fan miening dat it tsjûge fan in gebrek oan respekt foar de leauwensoertsjûgings fan 'e Amish om harren mienskip as dekôr te brûken foar in film dêr't grou geweld yn brûkt wurdt. Wer oaren murken op dat de Amish yn 'e film eins tige posityf foar it fuotljocht brocht wurde.
De Amish sels, dy't graach wolle dat bûtensteanders har gewurde litte, lieken der benammen oer yn te sitten dat de populariteit fan Witness ta in fierdere taname fan it toerisme yn harren wenkrite liede soe. Sa't it personaazje Rachel Lapp iroanysk genôch ek al yn 'e film neamt, gie soks mank mei it oanstoarjen, hinderlik folgjen en sûnder tastimming fotografearjen fan Amish en it ûnrjochtlik betrêdzjen fan it hiem fan Amish-pleatsen. As reäksje op harren soargen stimde Dick Thornburgh, de gûverneur fan Pennsylvania dy't oan 'e ein fan 'e ôftiteling fan Witness troch de makkers fan 'e film betanke wurdt foar syn meiwurking, dermei yn om tenei Amish-mienskippen net mear oan te priizgjen as gaadlike lokaasjes foar it opnimmen fan films.
Tematyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn syn boek The Amish in the American Imagination, út 2001, skreau sosjolooch David Weaver-Zercher dat Witness foar it meastepart oer de botsing tusken tsjinstelde kultueren giet, wat ek in tema is dat geregeldwei yn oare films fan regisseur Peter Weir weromkomt, lykas The Last Wave (1977) en The Year of Living Dangerously (1982). Weaver-Zercher murk ek op dat by it konflikt yn 'e film tusken Amish en bûtensteanders de Amish yn in tige posityf ljocht pleatst wurde, wylst de film teffens tsjinnet as in "ferlossingsferhaal" foar resjersjeur John Book, dy't in nij gefoel foar minsklikheid opdocht ûnder syn 'ballingskip' mank de Amish.
Resultaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Opbringst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Witness brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $68,7 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $47,4 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $116,1 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $12 miljoen betsjut dat in winst fan $104,1 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Witness wie in saneamde sleeperhit, dy't yn 't earstoan net folle publyk loek, en him pas ta in kaskreaker ûntpopte yn 'e fyfde wike dat er yn 'e bioskopen draaide.
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1986 waard Witness by de Oscars nonimearre foar prizen yn 8 kategoryen, wêrûnder bêste film, bêste regisseur, bêste akteur (Harrison Ford), bêste kamerarezjy, bêste orizjinele filmmuzyk en bêste artdirection. De film wûn 2 Oscars, foar bêste orizjinele senario (Earl W. Wallace en William Kelley) en bêste filmmontaazje (Thom Noble). By de Golden Globes waard Witness datselde jiers nominearre yn 6 kategoryen: bêste dramafilm, bêste regisseur, bêste akteur (Ford), bêste byrol fan in aktrise (Kelly McGillis), bêste senario en bêste orizjinele filmmuzyk. Alle prizen giene lykwols nei oare gadingmakkers.
By de BAFTA's, de wichtichste Britske filmprizen, waard Witness nominearre foar 7 prizen, wêrûnder bêste film, bêste akteur (Ford), bêste aktrise (McGillis), bêste orizjinele senario, bêste kamerarezjy en bêste filmmontaazje. De film wûn ien BAFTA, foar bêste filmmuzyk (Maurice Jarre). It senario fan Wallace en Kelley wûn fierders de Writers Guild of America Award foar bêste orizjinele skript, wylst de filmmuzyk fan Jarre nominearre waard foar in Grammy Award foar bêste soundtrack.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, Sources en Further Reading, op dizze side. |
- Amerikaanske romantyske dramafilm
- Amerikaanske skrillerfilm
- Amerikaanske plysjefilm
- Romantyske skrillerfilm
- Ingelsktalige film
- Dútsktalige film
- Film fan Paramount Pictures
- Film fan Peter Weir
- Film út 1985
- Film oer Amish
- Film oer in Amerikaanske plysjetsjinst
- Film oer in plysjeman
- Film oer in boer
- Film oer moard
- Film oer korrupsje
- Film oer in bern
- Film oer in ûnmooglike leafde
- Film oer seksualiteit
- Film oer melkfeehâlderij