Springe nei ynhâld

Irony

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Iroanysk)

Fan irony (fan Grykske εἰρωνεία (eirooneia) = sabeare ûnwittendheid) is sprake as der wat oars sein wurdt as wat der bedoeld wurdt. Dêrom is irony faak allinnich werkenber foar in oefene of ynwijde fersteander. Om it ferskil tusken dat wat sein wurdt en dat wat bedoeld wurdt út te drukken, kin de irony gebrûk meitsje fan ferskeidene oare stylfiguren, sa as sarkasme en it understatement. Mei gesichtsútdrukkings en yntonaasje kin de brûker fan irony ekstra hints jaan dat syn útspraak net letterlik opfette wurde moat.

Yn it Frânsk wurdt irony wol ris 'l'arme du faible' ('it wapen fan de swakke') nemeamd, omdat it de swakke mooglik makket om syn miening te jaan sûnder dat dat foar elkenien oerdúdlik en dêrmei gefaarlik is.

Irony yn de literatuer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Irony is net bûn oan tiid as streaming. In klassyk-Grykske tonielskriuwer as Aristophanes brûkte faak ferskillende foarmen fan spot, dêrûnder irony; yn it midsiuwske hikkeldicht Reynaert de Vos wurdt ek in soad gebrûk makke fan irony yn al har gradaasjes.