De Waadsee is de skieding tusken it fêstelân en de Waadeilannen. Yn in grut part fan Fryslân beskermet de seedyk it lân tsjin it wetter. Sompen, geasten en feangebieten binne allegear ûnderdiel fan it gea, op de eilannen komme de dunen dêr noch by.
De skiednis fan Fryslân is in striid tsjin it wetter en foar de Fryske frijheid. Under Kening Redbad wie Fryslân grut en heidensk. Yn de midsiuwen wie Fryslân in kleasterlân dêr't de minsken manmachtich meidienen oan de krústochten. Nei de 16e iuw ûntjoegen de Fryske lannen har fierder los fan elkoar.
Fryslân is de namme fan in kustregio dy't sa likernôch by Alkmaar begjint en yn it Dútsk-Deenske grinsgebiet einiget. Yn de rin fan de tiid hat Fryslân syn bestjoerlike selsstannigens ferlern. Kulturele gearwurking tusken de ferskillende Fryske lannen fynt hjoed-de-dei plak by de Fryske Rie.