Springe nei ynhâld

Bundesstraße 5

Ut Wikipedy
Bundesstraße 5

De Bundesstraße 5 is in Dútske Bundesstraße fan de Deenske grins by Süderlügum oer Hamburch en Berlyn nei de Poalske grins by Frankfurt oan de Oder. Dizze wei waard yn 'e rin fan 'e 19e iuw oanlein. It trasee tusken Berlyn en Frankfurt oan de Oder bestie al yn 1803, en yn 1830 kaam it trasee tusken Berlyn en Hamburch ree. Letter waard de wei út Hamburch wei nei it noarden ta en út Frankfurt oan de Oder ta nei it easten trochlutsen.

De eardere Reichsstraße 5 ferrûn oan 1945 fan Frankfurt (Oder) fierder yn Sileezje oer Crossen an der Oder, Grünberg in Schlesien en Breslau nei de destiidske Dútsk-Poalske grins by Beuthen.

Brêge oer de Eider by Tönning

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Sleeswyk-Holstein is de B5 ûnderdiel fan de Grüne Kustenstraße (Griene kustwei) en rint dy sa goed as bylâns de Noardseekust. De stêden Hüsem, Tönning, Friedrichstadt, Heide en Brunsbüttel wurde op dizze rûte oanmerkt as it besjen wurdige stêden. Fierders is der by Brunsbüttel in moai útsicht oer it Noard-Eastseekanaal dat dêr yn de Elbe útrint.

Meidat de B5 ek dwers roch it sintrum fan Berlyn giet, is dêr ek in soad te sjen. Bygelyks de Siegessäule en de Brandenburger Tor. Tusken dy beide is de Straße des 17. Juni ûnderdiel fan de B5. Yn it eartiidske East-Berlyn binne ûnder oare Unter den Linden en de Karl-Marx-Allee ûnderdiel fan de B5.