Friedrichstadt
| Friedrichstadt / Fräärstää | ||
| Lokaasje fan Friedrichstadt (read) yn de kreis Noard-Fryslân. | ||
| Symboalen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Dielsteat | ||
| Kreis | Noard-Fryslân | |
| Amt | amtsfrije stêd (bestjoerd troch it amt Nordsee-Treene) | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 2.563 (31.12.2024)[1] | |
| Oerflak | 4,02 km² | |
| Befolkingsticht. | 638 ynw./km² | |
| Hichte | 2 m | |
| Oar | ||
| Postkoade | 25840 | |
| Offisjele webside | ||
| www.friedrichstadt.de | ||
| Kaart | ||
Friedrichstadt (Noardfrysk: Fräärstää; Deensk: Frederiksstad; ; Nederlânsk: Frederikstad aan de Eider) is in plak en gemeente yn Noard-Fryslân yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. De gemeente hat 2.563 ynwenners (2024).
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oanset en stifting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Friedrichstadt waard yn 1621 stichte troch hartoch Freark III fan Sleeswyk-Gottorf (Friedrich III). Syn plan wie om syn lân it sintrum te meitsjen fan in grutte hannelsline tusken Spanje, Ruslân en East-Ynje. Om in sterke hannels- en havenstêd oan de Noardseekust te krijen, ûnthiet er godstsjinstfrijheid oan Nederlânske Remonstranten, dy't yn harren eigen heitelân ferfolge waarden. Ek krigen hja it rjocht om it Nederlânsk as offisjele bestjoerstaal te brûken.

De earste stien fan 'e planmjittige ûntwurpen stêd waard op 24 septimber 1621 lein foar in hûs fan 'e minnist en bouwmaster Willem van den Hove. De Nederlânske dykgraaf Hendrich Rautenstein boude dêrnei noch tsien huzen yn Nederlânske styl. Tsjin 1625 wie de folsleine súdlike helte fan 'e stêd mei de merk klear. De hartoch besocht ek Sefardyske (Spaanske) joaden te lûken, mar dat waard troch de Spanjerts opkeard. Earst yn 1675 lieten de earste Asjkenazyske (Dútske) joaden harren yn 'e stêd sjen.
17e en 18e iuw: Nederlânske dominânsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Troch de Tritichjierrige Kriich groeide de delsetting yn it earstoan mar stadich. Doe't de Remonstranten yn 1630 ek yn Nederlân harren leauwe wer frij útoefenje mochten, kearden in soad werom, wêrtroch't de grutte ekonomyske bloei útbleau. Dochs krige Friedrichstadt yn 1633 offisjele stedsrjochten.

Yn 'e oarloggen fan 'e 17e en 18e iuw waard it strategysk lizzende stedsje ferskate kearen troch frjemde troepen beset. Yn 1643 waarden de silen sels iepene om it hiele omlizzende lân ûnder wetter te setten fanwegen de driging fan 'e Sweden. De Nederlanners bleane lykwols oant djip yn 'e 18e iuw de wichtichste en rykste befolkingsgroep, wat ek te sjen wie oan 'e riedsprotokollen dy't folslein yn it Nederlânsk skreaun waarden. In promininte gast yn dy tiid wie de lettere Frânske boargerkening Loadewyk Filips, dy't yn 1796 op syn flecht foar de Frânske Revolúsje in pear moanne ûnder de skûlnamme "De Vries" as hûslearaar yn 'e stêd wenne.
19e iuw: Sleeswyk-Holsteinske Oarloch en Prusen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e hjerst fan 1850 waard de stêd rekke troch in grutte trageedzje yn 'e Earste Sleeswyk-Holsteinse Oarloch. Fan 29 septimber oant 4 oktober 1850 besochten Sleeswyk-Holsteinske troepen de stêd werom te feroverjen op it Deenske leger. Troch swiere bombardeminten kamen 31 ynwenners om it libben en waarden 285 huzen folslein ferneatige, wêrûnder it riedshûs, de Remonstrantske tsjerke en it stedsargyf.
Nei de Twadde Sleeswyk-Holsteinse Oarloch yn 1864 kaam de stêd ûnder Prusysk bestjoer en waard Friedrichstadt yn 1867 ûnderdiel fan 'e nije provinsje Sleeswyk-Holstein. Yn 'e twadde helte fan 'e 19e iuw folge in lytse ekonomyske opgong troch de oansluting op it spoar (oan 'e Marschbahn rjochting Hamburch en Tønder) en de bou fan in fêste brêge oer de Eider yn 1916. As gefolch dêrfan ûntstie ek wat lichte yndustry.
Sûnt de 20e iuw
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It nasjonaalsosjalisme krige yn 'e jierren 1930 ek yn Friedrichstadt foet oan 'e grûn; de NSDAP helle yn 1932 al 47,1 persint fan 'e stimmen. By de Reichspogromnacht yn novimber 1938 stutsen SA-mannen de synagoge yn 'e brân en ferskate joadske winkels en wenten. Om't de boargemaster benaud wie dat it fjoer oersloech nei oanbuorjende hûzen, joech dy opdracht oan 'e brânwar om de brân te dwêsten. Alle joadske manlju waarden arrestearre; in oantal waard nei it konsintraasjekamp Sachsenhausen brocht en oaren flechten nei Hamburch, fan wêr't hja letter wei deportearre waarden. Oan 'e eartiidske joadske mienskip dogge de synagoge, twa begraafplakken en stoffelstiennen tinken.
By de grutte gemeentlike weryndieling fan 26 april 1970 kaam Friedrichstadt by de kreis Noard-Fryslân te hearren. Sûnt 1 jannewaris 2008 is Friedrichstadt in saneamde "amtsfrije stêd", mar de bestjoerlike saken wurde útfierd troch it amt Nordsee-Treene.
Kultuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Museä
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De stêd hat twa museä:

- It museum Alte Münze (De Alde Munt) is it stedsmuseum dat is ûnderbrocht yn in âld pakhús út 1626 oan 'e grêft Mittelburggraben. It museum ynformearret oer de skiednis fan 'e ynwenners en de hannel fan Friedrichstadt sûnt de stifting. De namme komt fan it feit dat de ynwenners der op rekkenen dat harren stêd it muntrjocht krije soe, wat lykwols gjin trochgong fûn. Fanút it museum kinne besikers ek yn 'e minnistetsjerke (it Mennonitenbetsaal) sjen, dy't yn it efterste part fan it gebou is ûnderbrocht.
- It Fiifgevelhûs (Das fünfgiebelige Haus) is in bysûndere bouwurk oan 'e grêft Am Fürstenburgwall. Hjoed-de-dei is dêr in keunstgalerij mei wurken fan Noarddútske keunstners en ambachtslju ûnderbrocht.
Karakteristike gebouwen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- It Marktplatz is de sintrale merk fan Friedrichstadt. It plein wurdt omjûn troch huzen mei karakteristike trepgevels, dy't troch Nederlânske keaplju boud binne. Midden op it plein stiet de stedsboarne mei in Nijgoatyske opbou, dat yn 1879 ûntwurpen en oan 'e stêd skonken is troch Heinrich Rohardt. Op 'e foarkant steane fjouwer sprekwurden fan 'e Platdútske dichter Klaus Groth. Oan 'e merk stiet ek it nije riedhûs fan 'e stêd út 1910.

- It Paludanushûs (Paludanushaus) yn 'e Prinzessinstraße waard yn 1637 boud troch de wynhanneler Godefridus Paludanus. Tsjintwurdich docht it tsjinst as it ferieningsgebou foar de Deenske mienskip yn 'e stêd.
- Oare histoaryske huzen: Foar it Paludanushûs oer leit it Doppelgiebelhaus út 1624. Fuort foar de Remonstrantske tsjerke oer stiet it Kettererhaus út 1626–1629, dat tsjintwurdich eigendom is fan 'e Remonstrantske predikant. De namme komt fan in klokmakkersfamylje út it Swarte Wâld dy't der fan 1824 oant 1924 wenne hat. Oare monuminten binne it âlde pakhús Der schwarze Ganger yn 'e Westerhafenstraße en it Remonstrantenhaus.
- It âlde Joadske begraafplak yn it noardlike part fan 'e stêd waard yn 1677 oanlein troch de joadske mienskip. De grêfstenen steane hjoed-de-dei om in betinkingsplaat hinne opsteld.
Friedrichstadt is rûnom bekend om syn grutte tal hûsmerken yn 'e foarm fan gevelstiennen, dy't op in soad gevels yn 'e binnenstêd te finen binne. Yn it ferline hiene de huzen gjin hûsnûmers, mar hiene se yn stien útbeitele tekens. De ôfbyldings ferwize faak nei it berop of de namme fan 'e ynwenner, mar litte ek geregeldwei religieuze motiven, bisten of skippen sjen.
Tsjerken en leauwemienskippen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Troch de histoaryske godstsjinstfrijheid wie Friedrichstadt in taflechtsoarde foar ferskate religieuze mienskippen. Hja bouden harren eigen tsjerken, dy't hjoed-de-dei noch it stedsbyld bepale:

- De Remonstrantske Tsjerke (Remonstrantenkirche): Dit is de iennige remonstrantske tsjerke bûten Nederlân. It oarspronklike gebou út 1624 waard yn 1850 mei de Sleeswyk-Holsteinse Kriich troch bombardeminten folslein ferneatige. Yn 1854 waard de hjoeddeiske, karakteristike sealtsjerke op itselde plak oan 'e Prinzessinstraße weropboud.
- De Sint-Kristofoarustsjerke (St. Christopherus): Dit is de lutherske parochytsjerke fan 'e stêd, boud tusken 1643 en 1649 fuort oan 'e merk. De tsjerke is boud yn in oergongsstyl fan 'e lette renêssânse nei de iere barok. Hoewol't de measte Nederlânske stifters remonstrant of minnist wiene, foarmen de lutheranen troch de ynstream fan 'e lokale befolking al gau de grutste mienskip.
- De Minnistetsjerke (Mennonitenkirche): De minnisten hearden by de earste finansjeel krêftige ynwenners fan 'e stêd. Hja rjochten yn 1708 harren tsjerke op yn in earder pakhús oan 'e Mittelburggraben. It is in hiel ienfâldige, skjinne tsjerkeseal sûnder alter of oargel, hielendal yn 'e tradysje fan 'e minnistyske skûltsjerken.
- De Sint-Knûtstsjerke (St. Knud): Dizze roomske tsjerke waard yn 1848–1849 boud yn in ienfâldige neogoatyske styl. De roomske mienskip hie al sûnt 1624 it rjocht om harren leauwe yn Friedrichstadt yn alle frijheid út te oefenjen, wat foar dy tiid yn Noard-Europa hiel útsûnderlik wie.
- De Synagoge: De joadske mienskip boude yn 1847 in grutte synagoge oan 'e Am Kamp. Yn 'e Reichspogromnacht yn 1938 waard it ynterieur troch SA-mannen folslein fernield en yn 'e brân stutsen. Nei de Twadde Wrâldkriich is it gebou restaurearre en tsjintwurdich docht it tsjinst as in kultuersintrum en betinkingsplak.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
