Springe nei ynhâld

Tönning

Ut Wikipedy
Tönning / Taning
Lokaasje fan Tönning (read) yn Noard-Fryslân.
Lokaasje fan Tönning (read) yn Noard-Fryslân.
Symboal
Bestjoer
Lânflagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Sleeswyk-Holstein
KreisNoard-Fryslân
StatusAmtsfrije stêd
Sifers
Ynwennertal4.775 (31.12.2025)[1]
Oerflak44,43 km²
Befolkingsticht.107 ynw./km²
Hichte2 m
Oar
Postkoade25832
Offisjele webside
www.toenning.de
Kaart
Tönning (Sleeswyk-Holstein)
Tönning

Tönning (Noardfrysk: Taning; Deensk: Tønning; Nederdútsk: Tönn, Tönnen en Tünn) is in lytse stêd en gemeente yn 'e kreis Noard-Fryslân yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. Tönning hat 4.775 ynwenners (2025).

By de gemeente Tönning hearre ek de Ortsteile Kating, Katingsiel, Olversum en Groß Olversum.

Tönning leit oan 'e noardlike igge fan 'e Eider en likernôch acht kilometer fan syn mûning yn 'e Noardsee.

Laurentiustsjerke.

Tönning waard foar it earst yn it jier 1187 neamd. Om dy tiid hinne waard ek de earste stien lein foar de Sint-Laurentiustsjerke. Yn 1414 waard Tönning troch de bewenners fan 'e boerrepublyk Dithmarschen platbaarnd. Hartoch Adolf fan Sleeswyk-Holstein-Gottorf liet om 1580 hinne it kastiel fan Tönning bouwe. Tönning groeide doe út ta in wichtige hannelstêd mei in haven dêr't tsiis, fee en in soad oare saken oerslein waarden. Yn 1590 folge de ferliening fan stedsrjochten.

Om 1644 hinne fersterke hartoch Freark III de stêd ta in festing mei sân bastions. Tönning wie dêrnei yn steat om de oanfallen fan 'e Deenske keningen Freark III en kening Freark IV te wjerstean. Neidat it de Denen slagge om yn 1714 de festing yn te nimmen, lieten hja de festingwurken mei it kastiel fan Tönning ûntmantelje.

It grutte pakhûs fan Tönning.

It pakhûs fan Tönning waard yn 1783 boud, tagelyk mei de foltôgig fan it Eiderkanaal dat de Noardsee mei de Eastsee ferbûn. Yn dy tiid wie dat ien fan 'e grutste pakhûzen oan 'e kust. In selde pakhûs stiet hjoed-de-dei noch jimmeroan oan 'e kust fan 'e Eastsee yn Kiel-Holtenau. Tönning makke yn 'e tiid fan Napoleon noch in nije bloei mei troch de Britske blokkade fan 'e Elbe. Om't Tönning doe yn it neutrale Denemark lei, waard in soad hannel yn Tönning oerslein en dêrnei oer it lân fierder ferfierd.

Mei de oanlis fan wat letter it Kielkanaal hjitte soe, ferlear de stêd syn status as hannelshaven. Allinnich fiskers leinen sûnt noch yn 'e haven oan. Mei de bou fan 'e Eiderdaam yn 1972 ferhûzen ek de fiskerboaten dêrhinne.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De stêd leit oan 'e Eider, net fier fan it Eidersperrwerk. Yn 'e âlde binnenstêd binne noch klok- en trepgevels út de 17e en 18e iuw te sjen dy't Nederlânske ynfloeden ha.

Oan it merkplein stiet de protestantske Sint-Laurentiustsjerke, wêrfan't de noardlike muorre noch út de 12e iuw stammet. De barokke toerspits waard tusken 1703 en 1706 boud. De preekstoel, yn 1703 fike en boud troch H. Röhlke, is in geskink fan 'e famylje fan 'e keunstskilder Jürgen Ovens; hy stiet sels, tegearre mei de Hillige Famylje, op it epitaaf ôfbylde.

De boarne op 'e merk is ien fan 'e seldsume boarnen yn Sleeswyk-Holstein.

Fan it eardere slot is allinnich it park bewarre bleaun.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Stêden en gemeenten yn 'e Kreis Noard-Fryslân
Achtrup · Ahrenshöft · Ahrenviöl · Ahrenviölfeld · Alkersum · Almdorf · Arlewatt · Aventoft · Bargum · Behrendorf · Bohmstedt · Bondelum · Bordelum · Borgsum · Bosbüll · Braderup · Bramstedtlund · Bredstedt · Breklum · Dagebüll · Drage · Drelsdorf · Dunsum · Elisabeth-Sophien-Koog · Ellhöft · Emmelsbüll-Horsbüll · Enge-Sande · Fresendelf · Friedrich-Wilhelm-Lübke-Koog · Friedrichstadt · Galmsbüll · Garding · Garding, Kirchspiel · Goldebek · Goldelund · Gröde · Grothusenkoog · Haselund · Hattstedt · Hattstedtermarsch · Högel · Holm · Hooge · Hörnum (Sylt) · Horstedt · Hude · Humptrup · Husum (haadstêd) · Immenstedt · Joldelund · Kampen (Sylt) · Karlum · Katharinenheerd · Klanxbüll · Klixbüll · Koldenbüttel · Kolkerheide · Kotzenbüll · Ladelund · Langeneß · Langenhorn · Leck · Lexgaard · List · Löwenstedt · Lütjenholm · Midlum · Mildstedt · Nebel · Neukirchen · Nieblum · Niebüll · Norddorf auf Amrum · Norderfriedrichskoog · Nordstrand · Norstedt · Ockholm · Oevenum · Oldenswort · Oldersbek · Olderup · Oldsum · Ostenfeld (Husum) · Oster-Ohrstedt · Osterhever · Pellworm · Poppenbüll · Ramstedt · Rantrum · Reußenköge · Risum-Lindholm · Rodenäs · Sankt Peter-Ording · Schwabstedt · Schwesing · Seeth · Simonsberg · Sollwitt · Sönnebüll · Sprakebüll · Stadum · Stedesand · Struckum · Süderende · Süderhöft · Süderlügum · Südermarsch · Sylt · Tating · Tetenbüll · Tinningstedt · Tönning · Tümlauer-Koog · Uelvesbüll · Uphusum · Utersum · Viöl · Vollerwiek · Vollstedt · Welt · Wenningstedt-Braderup (Sylt) · Wester-Ohrstedt · Westerhever · Westre · Winnert · Wisch · Witsum · Wittbek · Wittdün auf Amrum · Witzwort · Wobbenbüll · Wrixum · Wyk auf Föhr
· · Berjocht bewurkje