Süderlügum
| Süderlügum / Läigem | ||
| Lokaasje gemeente Süderlügum (read) yn Noard-Fryslân. | ||
| Symboal | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Dielsteat | ||
| Kreis | Noard-Fryslân | |
| Amt | Südtondern | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 2.308 (31.12.2024)[1] | |
| Oerflak | 26,59 km² | |
| Befolkingsticht. | 87 ynw./km² | |
| Hichte | 14 m | |
| Oar | ||
| Stifting | 1 april 1934 | |
| Postkoade | 25923 | |
| Offisjele webside | ||
| www.suedluegum.de | ||
| Kaart | ||
Süderlügum (Noardfrysk; Läigem; Deensk: Sønder Løgum) is in plak en gemeente yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein yn 'e kreis Noard-Fryslân. Süderlügum makket diel út fan it amt Südtondern en hat 2.308 ynwenners (2024).
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ta de gemeente hearre njonken it haadplak ek de doarpen en buorskippen Horsberg (Deensk: Horsbjerg), Süderlügum-Feld (Deensk: Sønder Løgum Mark), it Süderlügumer Forst (Deensk: Sønder Løgum Skov) en it doarp Wimmersbüll (Noardfrysk: Wimersböl; Deensk: Vimmersbøl). Wimmersbüll is in stasjonsdoarp oan it spoar tusken Niebüll en Tønder (de Marschbahn).

It gebiet is agrarysk en wurdt ek skaaimerke troch in soad sândunen, heide- en feangrûnen. Eastlik fan it plak lizze de natuergebieten de Süderlügumer Binnendünen (Deensk: Sønder Løgum Klit) en de Schansmoor (Deensk: Svanemose) en Kranichmoor (Deensk: Tranemose). Nei it súdoasten ta lizze de Süderberge (Deensk: Sønderpolde). De namme fan it plak Horsberg (ôflaat fan it Aldnoarske hross en hors) ferwiist nei it feit dat it gebiet yn it ferline foaral brûkt waard as greide foar hynders.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It plak waard yn 1462 foar it earst neamd. De plaknamme ferwiist nei it Alddeenske løgh of it Aldnoarske lǫgr, wat 'waskwetter' betsjut. Yn 'e midsiuwen rûn de kustline fuort westlik fan it plak. Süderlügum hie in oerweldigjend Deenske befolking; in ûndersyk nei de nammen fan 'e ynwenners om it jier 1500 hinne wiisde út dat mar 7 fan 'e 70 nammen Frysk wiene.
By de opdieling fan 'e hartochdommen yn 1544 foel it plak ûnder it part fan hartoch Hans de Aldere. Nei syn ferstjerren yn 1580 bleau it by de werferdieling ûnder it bestjoer fan 'e hartoch. Yn 1721 kaam it plak ûnder de Deenske kroan.

De tsjerke fan Süderlügum waard yn 1240 foar it earst neamd. Yn 1864 hie it plak in tsjerke, in pastorije, in skoalle, in earmhûs, in bierbrouwerij, in postkantoarke, fjouwer weardshûzen en in wynmûne. Oant 1882 waarden de tsjerketsjinsten yn Süderlügum noch yn it Deensk hâlden en de taal op skoalle wie oant 1864 ek Deensk.
Tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Marijetsjerke waard yn 1200 op in sânbult út de iistiid boud en yn 1500 fergrutte. It romaanske balkeplafond waard doe ferfongen troch in goatysk ferwulft, dy't doe beskildere waarden mar net foltôge troch it oanbrekken fan 'e reformaasje. Yn dy tiid waard ek de earste klokketoer boud.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
