Springe nei ynhâld

Ingwierrum

Ut Wikipedy
Ingwierrum
Flagge fan Ingwierrum Wapen fan Ingwierrum
Flagge Wapen
Lokaasje fan Ingwierrum
Gemeente Noardeast-Fryslân
Ynwennertal (2021) 585
Webstee Oer it doarp
Tsjerkebuorren
Tsjerke fan Ingwierrum

Ingwierrum is in doarp dat yn de gemeente Noardeast-Fryslân leit. Ingwierrum leit noardlik fan Kollum, eastlik fan Ie en besuden Eanjum. Yn 2021 hie Ingwierrum 585 ynwenners. De doarpskearn fan it doarp leit benammen oan It Roster en Dodingawei rûn de terp fan Ingwierrum.

De buorskippen Nijlân, Mûnebuorren en Dokkumer Nije Silen hearre ek by Ingwierrum.

De ferklearring fan de namme Ingwierrum is net alhiel dúdlik. Yn 1447 waard it plak fernijd as Edygwerum, yn 1491 as Enghwerum, yn 1558 as Engwerum, yn 1573 as Engwierum en yn 1843 as Engwierum of Aengwierum. De namme soe 'wier fan de famylje Edinga of fan Ede' betsjutte kinne.

Ingwierrum is al yn de Midsiuwen ûntstien op in kwelderwâl. Yn it lânskip binne der noch parten fan in 12e iuwske dyk werom te finen.

Westlik op de terp, tsjin de dyk, lei Dodingastate; dêr stiet no in begjin 19e iuwske kop-hals-romp pleats. (Worp fan Thabor neamd in Botte Doedinga as Fetkeaper yn 1422.) De bebouwing fan it doarp stiet by de letter ta trochgeande rydwei fan Dokkum nei de Dokkumer Nijesilen ferbettere Dodingawei lâns. Benammen oan ‘e Tsjerkebuorren en de Buorren heaks dêrop, is dúdlik it profyl fan de terp te fernimmen. Tusken dizze haadstrjitten yn rinne noch inkele dwerspaden mei bebouwing. Nei de oarloch is it doarp fan it Roster ôf fierder yn súdeastlike rjochting útwreide. Eastlik fan it doarp wie by de trochgeande dyk lâns en fuort efter de seedyk al earder in losse bebouwing ûntstien.

Tsjerke en toer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke sa as dy der no stiet is fan 1746 en waard tsjin in âlde midsiuwske tsjerketoer út de 13e iuw oan boud. Nei't de âlde yn 1722 ôfbrutsen is der doe in nije tsjerke boud [1]. De finsters hawwe, no hiel seldsum, latteroasters. Miskien om de brânskildere ruten te beskermjen.

Der binne twa brânskildere ruten yn. Dy binne yn 1746 makke troch Ype Staak en Jurjen Staak út Snits. Op it iene stiet as wapen fan de skinker dat fan de Prins fan Oranje en op it oare it wapen fan Fryslân. Der omhinne steane allegoaryske frouljusfigueren. Ek doe woenen de sponsors harren namme al ferivige hawwe.

De tsjerke fan Ingwierrum hat ek noch barokke preekstoel mei de bûgde kûpe. De net sa hege toer kin út 13e iuw stamme. Yn 1746 binne de topgevels fan de toer opnij opmitsele en hat er in nij sealtek krige.[2]

It Ingwierrumer Nijlân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Nijlân (Ingwierrum).

Yn 1752 is 160 bunder kwelder wûn op de Lauwerssee troch der in dyk omhinne te lizzen.

Oerbliuwsel 12e iuwske dyk Dokkumer Grutdjip

Ingwierrum hat in feriening foar doarpsbelang en it doarpshûs De Mande. De Springplanke" is de basisskoalle fan Ingwierrum. De supermerk fan it doarp is yn 2006 sluten.

Oerbliuwsel fan de mûne fan Helder, 1981

Bekende minsken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Dobbe 2

Bakkersreed, Bûtendykswei, De Buorren, De Dobbe, De Kampen, Dodingawei, Fjellingsreed, It Roster, Lytse Wei, Mûnebuorren, Nijlân, Sylsterwei, Tempelsteed, Tsjerkepaad.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Herma M. van den Berg, Noordelijk Oostergo/De Dongeradelen/Engwierum, 1983. Side 322
  2. Herma M. van den Berg, Noordelijk Oostergo/De Dongeradelen/Engwierum, 1983. Side323.
Noardeast-Fryslân
Stêd:
Dokkum
Doarpen en útbuorrens:
AldwâldBurdaardBlijeBoarnwertBoerumBrantgumEalsumEanjumEasternijtsjerkEastrumFeankleasterFerwertFoudgumGinnumHallumHantumHantumerútbuorrenHantumhuzenHegebeintumHolwertIeIngwierrumJannumJislumJouswierKollumKollumersweachLichtaardLytsewâldDe Lytse JouwerLjussensMarrumMitselwierMoarreModdergatMuntsjesylNesNijewierPeazensDe PompRaardReitsumDe SkânsSweagerboskTernaardDe TriemeWaaksensWânswertWarfstermûneWestergeastWetsensWierum
Buorskippen:
Ald TerpAldwâldmersylBartlehiem (foar in part) • BeintemahûsBetterwurdBoarnwerterhoekeBoarnwerthuzenBoatebuorrenBollingwierBrânbuorrenBûnte HûnDe DellenDykshoarneDokkumer Nije SilenEasterbeintumFarebuorrenFiifhuzen (Hallum)Fiifhuzen (Ternaard)FiskbuorrenFjildbuorrenGrut MidhuzenHallumerhoekeHanenburchHantumerhoekeHealweiHústernoardIesumasylJewierKeatlingwierDe KegenKletterbuorrenKollumer AldsylDe KolkKrabbuorrenLeechlânDe LeechteLyts MidhuzenLytse LeardLytse WierMeddertMûnebuorrenNijlânIt ParadyskeDe ReidswâlDe RypSânbultenSânhuzenSibrandahûsDe SkânsSkernehuzen't SkoarStienharstIt StienfekStiemTeardTeyebuorrenTergrêft (foar in part) • Ter LuneDe TibbenTilbuorrenTiltsjebuorrenTrijeboerehuzenWeardebuorrenWesterbuorrenWesternijtsjerkWieDe WygeastDe Wurden
· · Berjocht bewurkje