Miranda van Kralingen

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Liliane Miranda Nicolette (Miranda) van Kralingen (Oosterbeek, 5 jannewaris 1960) is in Nederlânske operasjongster.

Se studearre oan it konservatoarium yn De Haach en waard operasjongster. Van Kralingen is in suster fan aktrise Will van Kralingen († 2012). Harren âlden binne Willem Frederik van Kralingen (1923-2004), learaar Frânsk, en Johanna Gozina Breimer (1924). Se hat noch twa susters, Mieke en Hansje. Miranda van Kralingen is troud mei de altfioelist Tjitte de Vries. Se wenje yn Ingwierrum.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Miranda slagge mei lof foar har eineksamen oan it Sweelinck Konservatoarium yn Amsterdam en studearre by Ank Reinders. Folge in masterclass by Elisabeth Schwartzkopf yn it Amsterdamske Konsertgebou en song de Fjouwer letzte Lieder van Richard Strauss by it slotkonsert fan de kategory ‘Jong Nederlands Talent’ dat útstjoerd waard op radio en telefyzje.
Hja hie by ferskate Operahuzen û.o. de rol fan Mimì yn La Bohème, Donna Anna yn Don Giovanni, La Contessa Almaviva yn Mozarts Le Nozze di Figaro, Elisabetta yn Verdi’s Don Carlo, Hanna Glawari yn Lehárs Die lustige Witwe, de titelrol yn Janáceks Katya Kabanová, Ellen Orford yn Brittens Peter Grimes, Leonore yn Beethovens Fidelio, Die Marschallin yn Der Rosenkavalier, Die lustige Witwe, Agathe yn Der Freischütz in haadrol yn de wrâldpremiêre fan Rosa, a horse drama fan Louis Andriessen by de Nederlânske Opera Die Freundin yn Von heute auf Morgen fan Arnold Schönberg en folle mear.

Yn binnen- én bûtenlân wurdt hja de 'sjongende aktrise' neamd en de ferneamde regisseur Harry Kupfer noadige har dêrom út by de Komische Oper Berlijn, dêr't se ûnder oare song: Fewronia yn Die Legende von der unsichtbaren Stadt Kitesch (Rimsky-Korsakov), Donna Anna (Don Giovanni) en Gräfin (Le Nozze di Figaro) en Leonore yn Beethovens Fidelio by de fiering ta eare fan it fyftichjierrich bestean fan de Komische Oper. Se song ûnder mear yn Berlyn, Parys, Bilbao, Basel en Amsterdam mar ek yn Austraalje en Sina.
Miranda van Kralingen jout ek workshops en masterclasses en joech mei ûnder oare pianiste Tan Crone duo-lessen foar sang en piano op it Orlando Festival yn Rolduc te Kerkrade. Ek op it mêd fan keamermuzyk en yn it teäter is Miranda van Kralingen aktyf.

Miranda van Kralingen trede faker op foar it Keninklik Hûs. Op 2 febrewaris 2002 song se it Ave Maria fan Schubert by de trouwerij fan prins Willem-Alexander en prinses Máxima yn de Nije Tsjerke fan Amsterdam.

Yn Fryslân wurke Van Kralingen mei oan Opus Exit en Katarsis fan Gerrit Breteler.

Fan septimber 2010 ôf presintearret hja foar de Tros op radio fjouwer (sneintemiddei fan 12.15 - 14.00) it programma 'Verzoek op vier'.

Miranda van Kralingen wie fan 2004-2016 artistyk lieder en yntendant fan Opera Zuid.

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar har rol as Bianca Castafiore yn de musical Kuifje waard se yn Belgje en Nederlân nominearre foar bêste froulike haadrol fanwege har komysk talint. Ut hannen fan José Carreras krige Miranda van Kralingen de nei him neamde Diamond Tulip Award foar har fokale prestaasjes yn binnen en bûtenlân.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: