Tsjerke fan Ingwierrum

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Tsjerke anno 2010

De tsjerke fan Ingwierrum is in yn 1746 boude tsjerke yn Ingwierrum as ferfanger fan de midsiuwske tsjerke dy't om 1725 hinne ôfbrutsen is.

Neidat de âlde tsjerke ôfbrutsen wie waard yn 1746 in nije tsjerke boud troch Lieuwe Jelles. De nije tsjerke waard tsjin de besteande midsiuwske toer, dy't stean bleaun wie, oanboud. De toer komt út de 13e iuw. De tsjerke mei it tsjerkhôf der omhinne stiet op in terp. Boppe de yngong sit in stichtingsstien, wêrop it boujier 1746 neamd wurdt. Yn de tsjerke lizze noch in tal sarken út de âlde tsjerke.

Ut 1746 komt ek de troch Jurjen Stelmaker út Dokkum makke preekstoel. De preekstoel is fersierd mei symboalen foar de hoop (anker), foarsichtichheid (slang), leauwe (krús), leafde (Flamjend hert) en oerwinning (lauwerkrânse). Op de hoeken steane de fjouwer symboalen fan de evangelisten Mattheus (ingel), Marcus (liuw) Lucas (okse) en Johannes (earn). De foarm, in faas- of tulpmodel is unyk yn Fryslân.

Der binne noch twa brânskildere ramen út 1746 bewarre bleaun. De ramen binne makke troch de bruorren Ype en Jurjen Staak út Snits. Op de ramen steane ûnder mear de wapens fan de provinsje Fryslân en fan de Fryske steedhâlder Willem IV fan Oranje-Nassau.

It yn empirestyl boude oargel komt út 1820 en is makke troch de Ljouwerter firma Van Dam. Opfallend is de lege middentoer fan it fiifdielige oargel.

Tekst fan de stichtingsstien[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op de stien boppe de yngong fan de tsjerke stiet de tekst:

De gunst van armen en van rijken
Vertoonde nimmer zich so sterk
als in den bouw van deese kerk
door algemeene liefdeblijken
Toen leide Piebo Talmaas hand
den eersten steen van haare muuren
zij moet den roest des tijds verduuren
met Leeraars van gesond verstand
den 14 Juny 1746

De kommune fan Ingwierrum[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1797 waard troch tsien ynwenners fan Ingwierrum in kommune oprjochte mei it doel de pleatslike tsjerke finansjeel te stypjen. De kommune kocht lân en de opbringst kaam oan de tsjerke. Sa waard it traktemint fan de predikant betelle of oanfold. It nije oargel yn 1820 koe realisearre wurde mei bydragen fan de kommuneleden. Yn 1855 koe it oargel útwreide wurde. De tsjerkeklok koe yn 1870 oanskaft wurde. Ek soarge de kommune foar in nije klok yn 1947, omdat de âlde rôfd wie troch de Dútsers yn de Twadde Wrâldoarloch. Ferskate ûnderdielen fan it ynterieur koenen oanskaft wurde, lykas kachels, ljochtkroanen en tsjerkebanken. De kommune bestiet noch altiten. In diel fan it lân fan de kommune is ferkocht. Mei de opbringst wurdt bydroegen yn it ûnderhâld fan de tsjerke. Lid fan de kommune binne de neikomlingen fan de oarspronklike oprjochters. It lidmaatskip giet oer fan heit op de âldste soan of op de man fan de âldste dochter.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: