Dick Passchier

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Dick Passchier
Mikrofono.svg tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
Dick Passchier yn 1980
Dick Passchier yn 1980
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Flag of the Netherlands.svg Nederlânsk
berne 16 maart 1933
berteplak Doardt
stoarn 29 septimber 2017 (84 jier)
stjerplak Kollum
etnisiteit Flag of the Netherlands.svg Nederlânsk
wurkpaad
wurksum as presintator, kwismaster
medium tillefyzje, radio
wurksum by NCRV
bekend fan Spel zonder grenzen
Tweekamp
Zeskamp
Stedenspel
Koninginnedagdefilé
jierren aktyf 1965-1994
offisjele webside
IMDb-profyl

Dick Passchier (Doardt, 16 maart 1933 - Kollum, 29 septimber 2017) wie in Nederlânsk presintator, fral bekend fan de grutte spulprogramma's dy't er tegearre mei Judith Bosch en Barend Barendse yn de jierren santich foar de NCRV presintearre: Spel zonder grenzen, Tweekamp, Zeskamp en Stedenspel. Teffens wie er kommintator by de tillefyzje-útstjoerings fan it Keninginnedeidefilee yn de regearperioade fan Keninginne Juliana fan 1973 oant 1981. Teffens wie er in tal jierren foarsitter fan de fuotbalklup FC Dordrecht. Njonken dat presintearre er fan 1976 ôf oan de Mini-voetbalshow en wie er oant en mei 2006 presintator by de jierlikske flagjesdei in Skeveningen. Itselde die er yn de jierren tachtich fan de 20e iuw by it Fruitkorso yn it Gelderske Tiel.

Njonken syn radio- en telefyzjewurk hie Passchier, tegearre mei de frou, tritich jier lang twa winkels yn Easterske koado-artikelen en meubels yn Zwijndrecht. Teffens wie er foarsitter fan FC Dordrecht.[1].

Passchier ferdwûn ein jierren tachtich fan tillefyzje en ferhuze letter nei Noarwegen. Ut en troch wie er korrespondint yn it radioprogramma Met het Oog op Morgen en Wereldnet (VPRO). Yn 2004 kaam er werom yn Nederlân. Hy wenne lange jierren yn Ingwierrum.

Passchier kaam hommels te ferstjerren yn 2017 yn syn wenplak Kollum; hy waard 84 jier.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Oud-presentator Dick Passchier overleden, Frysk Deiblêd 3 oktober 2017, s. 4
  2. Oud-presentator Dick Passchier (84) overleden RTL nieuws, 2 oktober 2017