Springe nei ynhâld

Judith Bosch

Ut Wikipedy
Judith Bosch
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
Judith Bosch yn 1984
Judith Bosch yn 1984
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 23 july 1944
berteplak Leien
wurkpaad
wurksum as presintator
offisjele webside
IMDb-profyl

Judith Bosch (Leiden, 23 july 1944) is in eardere Nederlânske presintatrise.

Nei har stúdzje waard se yn in studintekabaret ûntdutsen troch Paul van Vliet, dy't har ien jier yn syn Pepijn-kabaret opnaam. Bosch har earste telefyzjeoptreden wie op 22 oktober 1965 yn Fanclub, in tinerpopprogramma. Tegearre mei Astrid Engels ynterviewde se ûnder oaren Adamo, Cliff Richard, Eric Clapton en Jimi Hendrix. Yn 1967 hold se op mei it programma en waard se opfolge troch Sonja Barend. It programma krige doe de namme Fenklup.

Bosch yn in fraachpetear yn Fanclub, 11 april 1967

Fan 24 oktober 1972 ôf presintearre se tegearre mei Dick Passchier hast 150 útstjoeringen fan de middelbere-skoalbernekwis Tweekamp. Oare programma's dêr't hja oan meiwurke wiene ûnder mear Zeskamp, Spel zonder grenzen en Stedenspel. Yn de jierren 1966 – 1970 wie se ek op de radio te hearren mei Kees van Maasdam mei it radioprogramma 33/45, in simmerprogramma dat hieltyd fan in oare lokaasje yn Nederlân ôf útstjoerd waard.

Yn de 21e iuw is Bosch net faak mear op telefyzje te sjen en jout se allinnich noch persoanlike mediatrainingen. Se is aktyf as frijwilliger om har kennis oer te dragen oan telefyzjemakkers yn oare lannen dêr't ferlet is fan ekspertize. Yn 2012 waard se útstjoerd nei Armenië dêr't se in telefyzjestasjon advisearre.