Springe nei ynhâld

De Skâns-Oostmahorn

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Eastmahoarne)
De Skâns-Oostmahorn
Flagge fan De Skâns-Oostmahorn Wapen fan De Skâns-Oostmahorn
Flagge Wapen
Lokaasje fan De Skâns-Oostmahorn
Gemeente Noardeast-Fryslân
Ynwennertal (2018) 80
Webstee Webstee Doarpsbelang Oostmahorn
Gravuere fan Gaspar Bouttats I fan de Skâns yn 1674
De haven fan De Skâns oan de Lauwersmar.
Feardaam op 'e Skâns mei de MS Esonborg (2007)
Krûdkelder yn de dyk

De Skâns-Oostmahorn (Standertfrysk: De Skâns; Nederlânsk: Oostmahorn) is in doarp dat yn de gemeente Noardeast-Fryslân leit. De Skâns-Oostmahorn leit noardlik fan Ingwierrum, eastlik fan Eanjum, westlik fan it Lauwersmar en besuden de Waadsee. Yn 2018 hie De Skâns-Oostmahorn 80 ynwenners. De doarpskearn leit op de Oostmahorn lâns de dyk.

De Skâns-Oostmahorn hat sels iuwenlang in buorskip west wat by Eanjum hearde. Sûnt 2008 is De Skâns-Oostmahorn in selsstannich doarp. It doarp hat lykwols gjin eigen postkoade: de ûndergrins foar in eigen postkoade wie yn 2008 in doarp fan 100 adressen; De Skâns-Oostmahorn hellet dat oantal net.

Sûnt 2019 leit De Skâns-Oostmahorn yn de gemeente Noardeast-Fryslân, dêrfoar lei it yn de gemeente Dongeradiel en foar 1984 lei it doarp as buorskip yn de gritenij, letter gemeente, East-Dongeradiel.

De namme Oostmahorn betsjut eastlike hoeke of kaap. De namme De Skâns soe út de Spaanske tiid komme kinne. De lettere buorskip wurdt troch de net-Friezen as Oostmahorn oantsjut, al fiele de oarspronklike ynwenners har Skânsers. By it fêststellen fan de Frysktalige doarpsnamme foar 2023 hat de gemeenteried derfoar keazen om dy twa nammen te kombinearjen. Dêrtroch leit De Skâns no op de Oostmahorn en is de offisjele namme no De Skâns-Oostmahorn.

Yn it jier 1576 seach de geus Bartold Entens kâns om dêr in fersterking op te rjochtsjen. De luitenant-steedhâlder Caspar de Robles koe dat net op him sitte litte. Der is doe swier fochten. Oan beide kanten foelen swiere ferliezen. Bartold Entes moast úteinlik de sterkte opjaan.

De kustfeart is lang útfierd troch lytse skippen. Foar de skippers wie de Noardsee te gefaarlik. Se sochten harren paad oer it Waad. Dy skippen, guon net folle grutter as skûtsjes, kamen út Hamburch, Denemarken en sels út plakken om de Eastsee hinne. De Skâns-Oostmahorn hie in feilige haven. Dêr waard faak better waar ôfwachte. Ek de Grinslanner turfskippers leinen dêr om gaadlik waar ôf te wachtsjen. Dy skippers gienen oer It Waad om tol en brêgejild yn Fryslân te besparjen.

De fiskersfloat fan de Noardfryske doarpen lei yn 'e winter ek op De Skâns-Oostmahorn.

Yn 1810 is op it plak fan de eardere skâns in nije skâns tsjin de Ingelsken boud. De yn 'e dyk boude krûdkelder is der noch. Al is dy dan ek yn 1849 bûten gebrûk rekke.

Fan 1850 ôf fear de fearboat foar Skiermûntseach út De Skâns-Oostmahorn wei. De eilanners hienen it yn it Eachstersk oer 'Aistmeherne/Aistmaherne'. Ek wie der in rêdingsstasjon fan de Ken. NZHRM. Doe't yn 1969 de Lauwerssee Lauwersmar waard, binne de fearboat en de rêdingsboat nei Lauwerseach ta gien.

De ôfsluting fan de Lauwerssee wie it begjin fan in nij tiidrek. De wurkhaven fan de Lauwersseewurken (It Boatsgat) is ree makke foar de wetterrekreaasje. Ek is der in fakânsjepark kaam bewesten De Skâns-Oostmahorn. Oan de súdkant kaam it sabeare-histoaryske fakânsjestedsje Esonstad en oan west- en súdwestside lizze twa pseudo-terpen mei fakânsjewenten ('Geuzenhoeke' en 'Smokkelaarshoeke'). Bewesten fan de 'terpen' en Esonstêd leit in ierdgaslokaasje.

Oan De Skâns-Oostmahorn bliuwt de namme fan Mees Toxopeus (1886 - 1974) ferbûn. Hy wie de skipper fan de rêdingsboaten ‘’Hilda‘’ en dêrnei fan de ‘’Insulinde’’. Hy wie in betûft seeman en hat 286 minsken rêden. Hy hie in grut tal yn- en bûtenlânske ûnderskiedings. Hy wie sawol belutsen by de bou fan de Hilda as de Insulinde.

De earste krante-ynsammelaksje is yn 1949 troch de Ljouwerter Krante nei oanlieding fan de rêding fan 26 Poalen fan it skip De Kattowice troch de Skylger rêdingsboat, begûn. Dat jier bestie de Keninklike NZHRM 125 jier. It doel wie om jild yn te sammeljen foar nije motors foar de Insulinde. De aksje is slagge, want der koe 50.000 gûne oan de rêdingsboatorganisaasje oerdroegen wurde.

Sport en rekreaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Troch dit plak rint de Europeeske wannelrûte E9, ek wol North Sea Trail of Fryske Kustpaad neamd. De E9 rint bylâns de kust fan Portegal nei de Baltyske steaten.

  • n.n. (des. 1985), "De geschiedenis van de stations Oostmahorn/Lauwersoog in vogelvlucht". De Reddingboot nr. 138. Amsterdam: KNZHRM. Siden 6931-6956.
  • Wallinga-van der Wal, E. van (2005), De Skâns. De minsken, de hûzen. Bedum: Profiel.
Noardeast-Fryslân
Stêd:
Dokkum
Doarpen en útbuorrens:
AldwâldBurdaardBlijeBoarnwertBoerumBrantgumEalsumEanjumEasternijtsjerkEastrumFeankleasterFerwertFoudgumGinnumHallumHantumHantumerútbuorrenHantumhuzenHegebeintumHolwertIeIngwierrumJannumJislumJouswierKollumKollumersweachLichtaardLytsewâldDe Lytse JouwerLjussensMarrumMitselwierMoarreModdergatMuntsjesylNesNijewierPeazensDe PompRaardReitsumDe SkânsSweagerboskTernaardDe TriemeWaaksensWânswertWarfstermûneWestergeastWetsensWierum
Buorskippen:
Ald TerpAldwâldmersylBartlehiem (foar in part) • BeintemahûsBetterwurdBoarnwerterhoekeBoarnwerthuzenBoatebuorrenBollingwierBrânbuorrenBûnte HûnDe DellenDykshoarneDokkumer Nije SilenEasterbeintumFarebuorrenFiifhuzen (Hallum)Fiifhuzen (Ternaard)FiskbuorrenFjildbuorrenGrut MidhuzenHallumerhoekeHanenburchHantumerhoekeHealweiHústernoardIesumasylJewierKeatlingwierDe KegenKletterbuorrenKollumer AldsylDe KolkKrabbuorrenLeechlânDe LeechteLyts MidhuzenLytse LeardLytse WierMeddertMûnebuorrenNijlânIt ParadyskeDe ReidswâlDe RypSânbultenSânhuzenSibrandahûsDe SkânsSkernehuzen't SkoarStienharstIt StienfekStiemTeardTeyebuorrenTergrêft (foar in part) • Ter LuneDe TibbenTilbuorrenTiltsjebuorrenTrijeboerehuzenWeardebuorrenWesterbuorrenWesternijtsjerkWieDe WygeastDe Wurden
· · Berjocht bewurkje