Esonstêd (fakânsjepark)
Springe nei navigaasje
Springe nei sykjen
It fakânsjepark Esonstêd (offisjeel: Esonstad), boud tusken 2004 en 2007, leit krekt eastlik fan De Skâns. It wurdt eksploitearre troch de ynternasjonale ûndernimming Landal Green Parks. It is foar in part opset as wie it in âld fêstingstedsje. Ek binne der wenten op sabeare-terpen (Geuzenhoeke en Smokkelaarshoeke). Fierders hat it kompleks in swimbad, in boarterstún, in berneklup en horekagelegenheden.
Der is in deistige fearferbining mei Skiermûntseach dy't fersoarge wurdt troch Wagenborg Passagierdiensten mei de MS Esonborg.
Fan De Skâns (doarp) wei sjoen (2006)
Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Esonstad fan Wikimedia Commons. |