Springe nei ynhâld

Fostaborg (skip út 2018)

Ut Wikipedy
Fostaborg
algemiene ynformaasje
flagge Nederlân
thúshavenFakânsjepark Esonstêd
eignerWagenborg
oare namme(n)Esonborg (sûnt 2019)
skiednis
werfGebroeders van Enkhuizen, Makkum
kyllizzing20 july 2017
tewetterlitting2 maart 2018
yn de feart28 maart 2018
statusYn tsjinst
bysûnderheden en sifers
typeFear
lingte22 m.
breedte6 m.
djipgong1,1 m.
passazjiers48
oandriuwing2 x Yanmar 6AYM diesel, 2x 555kW
maks. faasje21,6 knopen (40 km/o)

De Fostaborg is in snelboat fan rederij Wagenborg. It skip fersoarge fan 28 maart 2018 ôf in pear moanne in sneltsjinst tusken Holwert en It Amelân. De Fostaborg die 20 minuten oer dit trajekt. Yn 2019 waard de Fostaborg omdoopt yn Esonborg en kaam te farren tusken Fakânsjepark Esonstêd en Skiermûntseach. Foar de sneltsjinst nei It Amelân waard in earder wurkskip fan Wagenborg omboud.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: