Springe nei ynhâld

Eastrum

Ut Wikipedy
De ferzje fan 16 mai 2023 om 20.09 troch RomkeHoekstra (oerlis | bydragen) (Ynwennertal oanpast; sjoch: Berjocht:Fryslân ynwennertallen wenplakken.)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Eastrum
Stienfabryk
Stienfabryk
Emblemen
               
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Noardeast-Fryslân
Sifers
Ynwennertal 240 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 4,26 km², wêrfan:
lân: 4 km²,14
wetter: 0,12 km²
Befolkingsticht. 42 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 19' N 6° 3' E
Offisjele webside
Webstee fan Eastrum
Kaart
Eastrum (Fryslân)
Eastrum

Eastrum is in doarp dat yn de gemeente Noardeast-Fryslân leit. Eastrum leit eastlik fan Dokkum, westlik fan Ie en besuden Mitselwier. De doarpskearn leit oan de Heechswei, Tsjerkepaed en Terpleane, op de terp fan Eastrum.

De buorskippen Tilbuorren en Lyts Midhuzen (gruttendiels) hearre ek by Eastrum.

Eastrum hat 240 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

Eastrum moat om it begjin fan ús jiertelling hinne ûntstien wêze. It doarp wurdt foar it east yn 1449 neamd doe't der oer de syl skreaun waard. Yn 1517 skreau Worp Tjaarda oer trije farianten: Aestrum, Eestrum en Oestrum. It earste diel ferwiist nei alle gedachten nei de wynrjochting en -um giet werom op 'hiem'.[3]

Eastrum hie twa opfearten: de iene gie nei de Suderie en de oare nei it Dokkumer Djip. Yn de lêste siet in slûs en it wie by ferdrach krekt fêstlein wa't wat foar it ûnderhâld betelje moast. De slûs rekke nei de oanlis fan in nije syl yn Ezumasyl (1671) yn ferfal en de skippen út Eastrum moasten sûnt troch de Suderie.

Mellemastate (Hûs fan Feije fan Heemstra)

Noardwestlik fan it doarp lei Mellemastate, dy't foar it earst yn 1511 neamd waard. De famylje Mellema is lykwols al sûnt 1422 bekend. Troch in houlik kaam de state yn 1517 yn hannen fan de Feitsma's en yn 1651 feroare it eigendom op 'e nij en gyng de state oer op Schelte fan Heemstra. De terp dêr't de stins eartiids stie is tsjintwurdich in beskermd monumint. Tsjintwurdich stiet dêr in pleats, dy't boud waard nei't yn 1963 in âldere kop-hals-romppleats ôfbaarnde. Oare states wiene de tsjin it ein fan de 18e iuw ôfbrutsen Tademastate yn 'e buorskip Tilbuorren en de oan de foet fan de terp steande Rintjemastate. De Rintjemastins waard yn 1498 troch de Saksers ynnommen wêrby't Galt Jaerla finzen nommen waard. Mooglik hat op de terp Sjukma oan de grins mei Dokkum ek in stins stien.

De 4½ meter hege doarpsterp fan Eastrum is om 1900 hinne foar in part ôfgroeven, mar it radiale karakter fan de bebouwing bleau bewarre. Oan de súdlike râne fan de doarpskearn binne yn 1957 resten fan in ûne foar it bakken fan stien fûn. Yn de terp binne yn 2006 by bouwurk fynsten (diggelguod en fjoerstien) dien út de tiid fan de Hunebêdbouwers, de saneamde trachterbekerkultuer fan likernôch 3000 foar Kristus.

Eastrum wie eartiids mei 18 stimmen de sechste yn rang yn de eardere gemeente East-Dongeradiel. East-Dongeradiel gie by de weryndieling fan 1984 op yn de gemeente Dongeradiel. Sûnt 2019 is de gemeente Dongeradiel opgien yn de gemeente Noardeast-Fryslân.

Sint-Nikolaastsjerke (Eastrum)
De Wikipedy hat ek in side Sint-Nikolaastsjerke (Eastrum).

De begjin 15e iuwske tsjerke is tsjin in 13e iuwske toer oanboud. By de bou is materiaal fan in eardere tsjerke brûkt. De tsjerke wie foar de reformaasje wijd oan Nikolaas fan Myra. De tsjerke is yn 1973 restaurearre troch ir. P. Offringa út Grins.

De preekstoel út 1762 is makke troch Tsjeard Durks. De panielen binne snien troch de stien- en byldhouwer Durk Embderveld (1722-1788) út Ljouwert.

Nijsgjirrich binne de 16e-iuwske muorreskilderings, dy't op de pleisterlaach mei brúnreade ferve oanbrocht binne. Ofbylde binne fjouwer tsjerken. It dúdlikste is dy fan de Dokkumer abdij mei de tsjintwurdige Sint-Martenstsjerke. Oer de oaren is men net hielendal wis. It kinne de tsjerken fan Kollum, Hantum of Wetsens wêze.

De tsjerke is yn eigendom oergien nei de Stifting Alde Fryske Tsjerken.

De Wikipedy hat ek in side Stienfabryk (Eastrum).
Skoarstien mei mitsele nissen

Oan it Grutdjip hat Jan Helder yn 1873 in stienfabryk stifte. De saken gienen goed en der moast útwreide wurde. De skoarstienpiip waard yn 1879 ferhege ta 35 meter. It is in punt dat opfalt yn it lânskip. Nei Helder syn ferstjerren yn 1906 wie it bedriuw bekend ûnder de namme N.V. Machinale Steenfabriek te Oostrum v/h J. Helder Pzn.

It fabryk bakte meastentiids reade parsstien. Winterdeis waarden fan klaai, dy't ûnder Hitsum wûn waard, giele stientsjes bakt.

Yn 1968 waard it stienfabryk sletten yn it ramt fan de sanearring fan de bakstienyndustry yn Nederlân en dêrnei yn de ferkeap dien. Oerbleaun is in yndustrieel monumint. De piip mei siermitselwurk, de parse-ûnen (ringûnen) en de grutte drûchskuorren steane der noch as in oantinken oan it ferline. In part fan it noch frijwat geve fabryk is ryksmonumint en wurdt beskôge as wichtich yndustrieel erfguod [4] Yn 2017 kaam der jild foarhannen foar de restauraasje fan de skoarstien, dêr't yn de simmer fan 2020 mei útein set waard. [5]

Terpleane

Eastrum hat in feriening fan Doarpsbelangen.

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 2013 2014 2015 2020
Ynwenners 199 199 205 175

De skriuwster H. Heeringa-Seepma (bekend fan 'By ús yn Eastrum, doarpsskiednis yn fûgelflecht' en de Martsje-rige) hat yn Eastrum wenne.

Grienewei, Heechswei, Mellemawei, Skoallestrjitte, Terpleane, Tichelwei, Tsjerkepaad.

  • H. Heeringa-Seepma "By ús yn Eastrum, doarpsskiednis yn fûgelflecht"

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Webstee fan Eastrum
  • De herfoarme tsjerke
  • Heeringa-Seepma, H. - By ús yn Eastrum foar elke nije ynwenner fan Eastrum.
  • Wendela Bonga, S.E. - Oer Eastrum ald en nij 1942
  • Herma M. van den Berg Noordelijk Oostergo - deel 2: De Dongeradelen
  1. https://opendata.cbs.nl/statline
  2. https://opendata.cbs.nl/statline
  3. Karel F. Gildemacher, Friese Plaatsnamen, ISBN 978 90 330 0643 2
  4. Rijksdienst voor het Cultureel Erfgoed Steenbakkerijcomplex Oostrum
  5. Omrop Fryslân (2017). Oostrum wil industrieel terrein bij steenfabriek behouden. [online] fia: Omropfryslan.nl.

Noardeast-Fryslân
Stêd:
Dokkum
Doarpen en útbuorrens:
AldwâldBurdaardBlijeBoarnwertBoerumBrantgumEalsumEanjumEasternijtsjerkEastrumFeankleasterFerwertFoudgumGinnumHallumHantumHantumerútbuorrenHantumhuzenHegebeintumHolwertIeIngwierrumJannumJislumJouswierKollumKollumersweachLichtaardLytsewâldDe Lytse JouwerLjussensMarrumMitselwierMoarreModdergatMuntsjesylNesNijewierPeazensDe PompRaardReitsumDe SkânsSweagerboskTernaardDe TriemeWaaksensWânswertWarfstermûneWestergeastWetsensWierum
Buorskippen:
Ald TerpAldwâldmersylBartlehiem (foar in part) • BeintemahûsBetterwurdBoarnwerterhoekeBoarnwerthuzenBoatebuorrenBollingwierBrânbuorrenBûnte HûnDe DellenDykshoarneDokkumer Nije SilenEasterbeintumFarebuorrenFiifhuzen (Hallum)Fiifhuzen (Ternaard)FiskbuorrenFjildbuorrenGrut MidhuzenHallumerhoekeHanenburchHantumerhoekeHealweiHústernoardIesumasylJewierKeatlingwierDe KegenKletterbuorrenKollumer AldsylDe KolkKrabbuorrenLeechlânDe LeechteLyts MidhuzenLytse LeardLytse WierMeddertMûnebuorrenNijlânIt ParadyskeDe ReidswâlDe RypSânbultenSânhuzenSibrandahûsDe SkânsSkernehuzen't SkoarStienharstIt StienfekStiemTeardTeyebuorrenTergrêft (foar in part) • Ter LuneDe TibbenTilbuorrenTiltsjebuorrenTrijeboerehuzenWeardebuorrenWesterbuorrenWesternijtsjerkWieDe WygeastDe Wurden
· · Berjocht bewurkje