V for Vendetta (film)

Ut Wikipedy
V for Vendetta
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur James McTeigue
produsint Joel Silver
Grant Hill
Andy Wachowski
Larry Wachowski
senario Andy Wachowski
Larry Wachowski
basearre op de stripsearje fan Alan Moore
   en David Lloyd
kamerarezjy Adrian Biddle
muzyk Dario Marianelli
filmstudio Silver Pictures
Virtual Studios
Anarchos Productions
distribúsje Warner Bros.
spilers
haadrollen Natalie Portman
Hugo Weaving
byrollen Stephen Rea
John Hurt
Stephen Fry
Tim Pigott-Smith
skaaimerken
lân/lannen Feriene Keninkryk
Feriene Steaten
Dútslân
premiêre 11 desimber 2005
foarm langspylfilm
sjenre dystopyske politike skriller
taal Ingelsk
spyltiid 132 minuten
budget en resultaten
budget $50 miljoen
opbringst $132,5 miljoen
prizen 1 × Saturn Award

V for Vendetta is in Britsk-Amerikaansk-Dútske dystopyske politike skriller út 2005 ûnder rezjy fan James McTeigue. It is in science fiction-film ynsafier't it giet oer in takomstige totalitêre maatskippij yn Ingelân. De haadrollen waarden fertolke troch Natalie Portman en Hugo Weaving (waans gesicht de hiele film troch bedutsen bliuwt). De titel betsjut "V foar Vendetta" (vendetta is in Italjaansk wurdt foar "fete" of "wraak"). It ferhaal spilet yn in Ingelân dat in faksistyske diktatuer wurden is. Ien inkele maskere frijheidsstrider, dy't himsels "V" neamd, besiket in revolúsje te feroarsaakjen mei in rige yngewikkelde terroristyske aksjes. Evey Hammond, in jonge frou út 'e arbeidersklasse, rekket tsjin wil en tank by syn misje belutsen. V for Vendetta krige fan 'e filmkritisy foar it meastepart positive resinsjes en wie yn 'e bioskopen kommersjeel súksesfol. Portman wûn in Saturn Award foar har rol as Evey Hammond. It troch V brûkte Guy Fawkes-masker ûntjoech him troch de film ta in ikoanysk symboal foar striid tsjin tiranny en ûnrjocht.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn in neie, dystopyske takomst is Ingelân in faksistyske diktatuer wurden, regearre troch hege kânselier Adam Sutler. De befolking wurdt ûnder de tomme holden mei propaganda en ûnderdrukking troch de geheime plysje, dy't ûnder lieding stiet fan Sutler syn rjochterhân Peter Creedy, byneamd "de Finger". Eltsenien dy't troch de aartskonservative en djip religieuze Sutler as ûnwinske beskôge wurdt, lykas dissidinten, homoseksuelen, moslims en swarten, wurde "swartpûde": arrestearre en mei in swarte pûde oer de holle ôffierd. Sokken ferdwine yn in reuseftich systeem fan tichthuzen en wurde úteinlik yn 'e regel sûnder foarm fan proses eksekutearre.

Evey Hammond is in jonge frou dy't by de steatstillefyzje wurket. Har jongere bruorke is mei in jier as fjouwer omkommen doe't terroristen in oanfal mei in biologysk wapen útfierden op 'e St Mary's Skoalle. Neitiid ûntjoegen har âldelju harren ta politike dissidinten dy't swartpûde waarden doe't Evey tolve jier wie, wêrnei't se letter oan harren ein kamen yn 'e finzenis. Op 'e jûn fan 4 novimber bejout Evey har nei tsjuster noch op 'e strjitte om nei har baas, presintator Gordon Deitrich, te gean, dy't har by him thús útnûge hat foar in ôfspraakje. De tiid is har wat ûntkomd, dat de jûnsklok is al yngien, mar Evey weaget it derop. Se wurdt lykwols oanholden troch trije undercover-leden fan 'e geheime plysje, saneamde "fingermannen", dy't risselwearje om har te ferkrêftsjen.

Ear't dat barre kin, wurdt Evey rêden troch in figilante mei in gesichtsbedekkend Guy Fawkes-masker foar, dy't handich mei de fingermannen ôfweefd en dêrby ien fan harren deadocht. De figilante, dy't himsels foarsteld as "V", nûget har neitiid út om him te beselskipjen. Om't se har frijwat ferplichte fielt, giet Evey dêrop yn. V nimt har mei nei it plat dak fan in appartemintekompleks, dêr't se frij útsicht wei hawwe op it rjochtbankgebou fan 'e Old Bailey. Koart foar midsnacht nimt V troch sekuere tarieding it lûdsprekkersysteem oer dat it regear fan Sutler oeral yn Londen oanbringe litten hat. De muzyk dy't er ôfspilet, lokket gâns folk nei bûten ta. Persiis om midsnacht blaast er de Old Bailey op mei in earder oanbrochte tiidbom en in grutte hoemannichte springstof, nei eigen sizzen ta eare fan Frouwe Justitia, dy't troch hege kânselier Sutler op fakânsje stjoerd is. Evey en withoefolle oaren binne tsjûge fan 'e reuseftige ûntploffing.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

De oare deis, op 5 novimber, beare de oerheidsmedia dat de Old Bailey ynstabyl wurden wie en dêrom neffens plan en yn opdracht fan 'e oerheid sloopt wurden is. Yn it geheim is Sutler poerrazen, en hy jout Creedy en syn oare ûnderhearrigen, ûnder wa haadynspekteur Eric Finch fan 'e gewoane plysje, opdracht om 'e maskere man en it fanke dat by him wie, sa fluch mooglik op te spoaren en te swartpûdzjen. Har der folslein ûnbewust fan dat se socht wurdt, giet Evey dy deis gewoan nei har wurk. Dêr treft se lykwols op 'e nij V, dy't dy jûns, op Guy Fawkes Night (ferneamd nei de man dy't yn 1605 it Ingelske Parlemint opblaze woe), de steatstillefyzje kaapt om hiel Ingelân ta te sprekken. Hy easket de ferantwurdlikheid op foar de oanslach op 'e Old Bailey en fiteret de befolking oan om ferset te bieden tsjin Sutler-en-dy. Hy freget de minsken om stipe by it omsmiten fan 'e diktatuer oer persiis ien jier, as it wer Guy Fawkes Night is, en ûnthjit dat hysels dan it Paleis fan Westminster opblaze sil, dêr't it Britske Parlemint syn sit hat.

Bûten de studio, dêr't er himsels yn opsletten hie, wurdt V opwachte troch in grutte plysjemacht, mar op yngenieuze wize wit er te ûntkommen. As er op in hier nei it gebou ferlitten hat, wurdt er lykwols noch ûntdutsen en driget er arrestearre te wurden. Underwilens hat Evey foar it ferstân krigen dat Finch en syn brigadier Stone efter hàr oan sitte, en ek sy besiket út it studiogebou te ûntsnappen. Wannear't se sjocht dat V oppakt driget te wurden, rêdt se him troch de plysjeman dy't him ûnder skot hâldt yn 'e eagen te spuitsjen mei pepperspray. As de man yn it wylde wei om him hinne begjint te huffen, slacht er har lykwols by tafal bewusteleas. V stiet eefkes yn bestân wat er no sil, mar hy beslút dat er Evey net lizze litte kin no't se him holpen hat. Dat soe ommers har arrestaasje en mooglik har dea betsjutte, dat hy nimt har mei.

Sa bedarret Evey by V thús, dy't foar himsels in lúksueus ynrjochte wente makke hat yn 'e ôftanke metrotunnels fan Londen. Hy fertelt har dat er har no spitigernôch net mear gean litte kin, om't er net it risiko rinne kin dat se him ferriedt. Dat, se sil in jier lang by him thús te gast bliuwe moatte. Evey is der earst begryplikerwize net bliid mei dat se no de finzene fan V is, mar meitiid liket se har derby del te lizzen. Underwilens brûkt V de tagongspas fan Evey as wurknimster fan 'e steatstillefyzje om yn 'e buert te kommen by Lewis Prothero. Dat is de bekendste en ynfloedrykste propagandist fan 'e steatstillefyzje, dy't wol "de Stim fan Londen" neamd wurdt. It docht bliken dat V en Prothero inoar kenne út 'e tiid dat Prothero noch finzenisdirekteur wie. V tsjinnet Prothero mei in ynjeksjespuit fergif ta, dat er it bestjert, en lit in reade roas op syn lyk efter.

Evey beart dat se V helpe wol by syn misje en seit har assistinsje ta om syn folgjende slachtoffer, biskop Lilliman fan Londen, yn 'e fâle rinne te litten. It docht bliken dat de prelaat fan jonge famkes hâldt, en Evey ynfiltrearret syn katedraal ferklaait yn in seksy skoalfamkesunifoarmke. Se set in finster iepen om V binnen te litten, mar besiket dan om V te ferrieden troch Lilliman oer syn plannen te fertellen. Sa hopet se by it regear wer yn in goed boekje te kommen. De biskop leaut har lykwols net, en as V op it toaniel ferskynt, naait Evey út wylst V biskop Lilliman fergiftiget en in reade roas op syn lyk efterlit. Evey wit de wente fan har baas Gordon Deitrich te berikken, dy't se om help freget. Hy lit har by him ûnderdûke en bychtet op dat er eins in homoseksueel is mei alderhanne ferbeane foarwerpen yn syn besit, wêrûnder subversive keunstwurken, homo-eroatyske foto's en sels in eksimplaar fan 'e koraan.

It logo fan 'e diktatuer fan hege kânselier Sutler yn 'e film.

Haadynspekteur Finch ferdjippet him yn wat Prothero en Lilliman gemien hawwe en ûntdekt dat se yn it ferline allebeide belutsen wiene by in topgeheime finzenis, dy't Larkhill hiet: Prothero as direkteur en Lilliman as finzenispredikant. As hy en Stone fierder grave, docht bliken dat alle argyfstikken oangeande Larkhill ferneatige binne. Finch freget lykwols de gegevens fan it ynstitút by de belestingtsjinst op en ûntdekt sa dat eltsenien dy't dêr wurke, yn 'e lêste jierren fermoarde is (nei't men oannimme mei troch V), útsein inkeld in dokter Diana Stanton. Stone komt derefter dat Stanton ûnderdûkt is en har namme feroare hat: no is se Delia Surridge, nimmen oars as de patolooch-anatoom fan 'e plysje dy't de liken fan Prothero en Lilliman behannele hat. Finch en Stone hastigje harren nei it hûs fan Surridge, mar se komme te let. V is harren foar en makket Surridge nachts wekker yn har sliepkeamer. De dokter seit dat se bliid is dat it lange wachtsjen foarby is en freget oft it sinleas is om te sizzen hoe'n spyt se fan alles hat. V antwurdet dat soks nea sinleas. Surridge ûntskuldiget har foar him oer, wêrnei't se beswykt oan it gif dêr't er har al mei ynjektearre hie foar't se wekker waard. Finch en Stone treffe har dea oan, mei in reade roas oer it boarst en har deiboek út 'e tiid dat se finzenisdokter yn Larkhill wie, op it nachtkastke.

Finch lêst it deiboek en ûntdekt dat Larkhill mear in ûndersyksynstitút as in finzenis wie, dêr't politike finzenen troch Surridge/Stanton brûkt waarden om eksperiminten op te dwaan yn opdracht fan Sutler en ûnder tafersjoch fan Prothero en Lilliman. It doel wie om in deadlik en tige besmetlik firus en it faksin foar dat firus te ûntwikkeljen, sadat it as biologysk wapen brûkt wurde koe. Dat slagge Surridge, hoewol't withoefolle testpersoanen dêrfoar in freeslike dea stoaren. Lang om let hold se fiif testpersoanen oer, mar deselden yn sel I, II, III en IV kamen dochs noch om. Inkeld de man mei ûnthâldsferlies yn sel V oerlibbe, al wied er tsjin dy tiid in swier mutearre meunster wurden. Op in nacht briek der brân út yn Larkhill en de hiele finzenis baarnde út. Mar Surridge seach hoe't de man út sel V it oerlibbe hie en, lottere troch de flammen, ûntkaam. Sûnt dy deis hat se wachte oant er komme soe om har te fermoardzjen.

Finch en Stone spoare in eardere undercoveragint fan 'e oerheid op, in William Rookwood. Se moetsje him by nacht op in stil plak, dêr't er harren ferteld dat er hast tweintich jier earder belutsen wie by in trijetal oanslaggen wêrby't it firus fan Larkhill op 'e Ingelske befolking loslitten waard: op 'e St Mary's-skoalle, in wettersuveringsynstallaasje en de London Underground, it metrostelsel fan Londen. De skuld dêrfoar waard op 'e lea skood fan terroristen, dy't oppakt waarden en de deastraf krigen. De gaos en it gefoel fan ûnfeiligens dat it gefolch wie fan 'e oanslaggen waard troch Sutler en Creedy brûkt om mei harren lytse splinterpartij ûnferwachts de ferkiezings te winnen, wêrnei't se yn in posysje wiene om 'e macht nei harrensels ta te lûken en de demokrasy ôf te skaffen. Tagelyk makke it farmaseutyske bedriuw dat it faksin tsjin it "St Mary's-firus" produsearre, miljoenewinsten foar syn oandielhâlders, ûndere wa Prospero en Lilliman. Finch wol dat Rookwood dêroer in offisjele ferklearring ôfleit, mar Rookwood wegeret dat te dwaan oant Finch syn ûnderhearrigen ynset om Creedy dei en nacht yn 'e rekken te hâlden, sadat er Rookwood net swartpûdzje kin.

It docht lykwols bliken dat de man dy't Finch en Stone moete hawwe, eins V yn in momkape wie, wylst de wiere Rookwood fuort nei de oanslaggen troch Creedy út 'e wei romme is. V kringt de wente fan Creedy binnen en hat in flústere petear mei him. Dêrby fiteret er twaspjalt tusken Creedy en Sutler oan troch derop te wizen dat Sutler grif Creedy ta sûndebok meitsje sil as V yn syn opset slagget om it parlemintsgebou op te blazen. Wêrom soe Creedy oars 24 oeren deis, sân dagen yn 'e wike troch de plysje yn it each holden wurde as it net op befel fan Sutler wie? Hy stelt foar dat Creedy Sutler, dy't foar V ûnberikber is, by V bringt, wêrnei't Creedy V de skuld jaan kin foar it fermoardzjen fan 'e hege kânselier en sels de macht oernimme kin. Hy jout Creedy in stik kryt en seit dat er mar in wyt krús op syn eigen foardoar kalkje moat as er oan dat plan meiwurkje wol.

Underwilens makket Gordon Deitrich in ôflevering fan syn praatprogramma wêryn't er op satiryske en net sa subtile wize de draak stekt mei hege kânselier Sutler. Hy waant him feilich omreden fan syn grutte populariteit en syn hege sjochsifers, mar hy is mis, want Sutler is poerrazen. Nachts kringe Creedy en syn mannen de wente fan Deitrich binnen, dêr't Creedy persoanlik mei in kneppel oer de presintator gear giet. Deitrich wurdt bewusteleas slein en swartpûde. Wannear't de geheime plysje in eksimplaar fan 'e koraan yn syn hûs oantreft, wurdt er fuortendaliks stânrjochtlik eksekutearre. Wylst Creedy-en-dy it hûs binnenfalle, ûntkomt Evey troch in finster. As se fan it hiem besiket fuort te slûpen, wurdt se lykwols opmurken en finzen nommen troch in plysjeman.

Evey bedarret yn in keale, tsjustere sel yn in finzenis, dêr't har hier ôfskeard wurdt en se inkeld in smoarch en fiersten te koart finzenisjurkje kriget te dragen. Troch de isolaasje, it minne iten en de gewelddiedige deistige ferhearren hinne wurdt Evey geande holden troch de bryfkes dy't se troch in mûzegatsje yn 'e muorre ûntfangt fan Valerie Page, de frou yn 'e oanbuorjende sel, dy't finzen sit om't se in lesbiënne is. Mei't har eksekúsje har oansein is, beskriuwt Valerie yn har bryfkes, skreaun mei potlead op wc-papier, har libbensrin. Har ferhaal einiget mei it feit dat se hoop hat foar de takomst, nettsjinsteande har eigen oansteande dea. Dat helpt Evey om 'e rêch rjocht te hâlden, en hoewol't har frijheid oanbean wurdt yn ruil foar ynformaasje oer V, en ek al wurdt se martele, dochs wegeret se har meiwurking oan 'e geheime plysje. Sels as se úteinlings kieze mei tusken eksekúsje en meiwurking kiest se eksekúsje. Wannear't har sipier dêrnei de seldoar iepenstean lit, ûntdekt Evey dat se har net yn in finzenis fan 'e geheime plysje befynt, mar yn 'e wente fan V. De plysjeman dy't har opmurk en arrestearre wie V, de sipier dy't har har iten brocht wie V, de boal dy't har ûnderfrege en martele wie V, en Valerie Page, yn 'e oanbuorjende sel, dat wie V ek. Hy hat dat dien, sa leit er har út, om't se earder tsjin him sein hie dat se sa graach sûnder eangst libje wolle soe. No't se it slimste trochstien en de dea yn 'e eagen sjoen hat, is har winsk yn ferfolling gien.

Evey is poerrazen en kin V wol wat dwaan, mar as har lulkens wat saksearret, beseft se dat V har yn sekere sin in geunst dien hat, mei't se no yndie nearne mear benaud foar is. Se freget him har mei nei bûten te nimmen en hy bringt har nei it dak. It is min waar, mar yn 'e stjalprein lit Evey al har ûnderfinings fan har ôfspiele om in nije persoan te wurden. De taskôgjende V sjocht der in likenis yn mei syn eigen lottering troch fjoer yn 'e brân fan Larkhill. Hy hâldt har net langer finzen, dat se risselwearret om fuort. Mar ear't se har ôfjout, nimt V har mei nei in soarte fan kapel, dy't wijd is oan 'e neitins oan Valerie Page. V leit út dat sy wol deeglik echt wie en dat se yn Larkhill yn 'e sel njonken sines siet. Hy hat har ferhaal oan Evey trochjûn krekt sa't er it sels tweintich jier earder ûntfongen hat. Evey kriget foar it ferstân dat V wraak nimme wol foar Valerie en alle oare slachtoffers fan Larkhill, St Mary's en de hiele Sutler-diktatuer. As er har dat freget, stimt se dermei yn om foàr 5 novimber nochris del te kommen om him te moetsjen.

Underwilens rekket de relaasje tusken Sutler en Creedy almar fierder yn it neigean. Koart foar 5 novimber kalket Creedy in grut wyt krús op syn foardoar. Tagelyk lit V oeral yn Ingelân hûnderttûzenen Guy Fawkes-maskers besoargje. Dat liedt ta in grutte taname fan maskere figilantisme. Wannear't in fingerman, ien fan deselden dy't dy't in jier earder Evey tenei kamen, in maskere persoan deasjit dy't in V-symboal op in muorre fervet, blykt it te gean om in jong teenagefamke. De omwenjenden komme nei bûten ta en lynche de fingerman, wat ta noch gruttere rebûlje liedt wannear't de dieders oppakt wurde. Tsjin 'e tiid dat it 4 novimber wurdt, is it hiele lân yn opskuor.

Dy deis besiket Evey V yn syn ûndergrûnske wente, en se dûnsje mei-inoar op fersyk fan V. Dêrnei bringt er Evey nei de metrotunnels, dêr't er oer in perioade fan tsien jier de folsmiten tunnel dy't ûnder it parlemintsgebou trochrint, wer útgroeven hat. Wylst Sutler-en-dy in oanfal út 'e loft ferwachtsje en har dêr op tariede, hat V in âlde metrotrein folladen mei springstof. Der hoecht noch inkeld in hendel oerhelle te wurden om 'e trein yn beweging te bringen. V seit lykwols dat er dat net dwaan sil, om't hy by de âlde wrâld heart, dy't fan 'e jûn fuortreage wurde sil. Ynstee moat Evey mar beslisse oft se de metro op it parlemintsgebou ta stjoert. Evey, dy't fereale rekke is op V, smeekt him om syn wraakmisje oer te jaan, sadat se tegearre fuortgean kinne. Mar V wegeret. Hy jout him ôf en moetet yn in oar part fan 'e tunnels Creedy, dy't in team fan syn fertroulingen by him hat en hege kânselier Sutler mei in swarte pûde oer de holle. V jout de no snokkerjende en jammerjende Sutler in roas foar't Creedy him troch de holle sjit. Dêrnei folget in konfrontaasje tusken V en Creedy-en-dy, wêrby't V al Creedy syn mannen deadet en it haad fan 'e geheime plysje dêrnei sels de nekke brekt, nettsjinsteande it feit dat er swierferwûne rekke is. Hy hat noch genôch krêft om werom te kearen nei de metro en Evey, dêr't er yn har earms ferstjert nei't er opbychte hat dat er fan har hâldt.

Neitiid leit Evey it stoflik omskot fan V yn 'e metro, mei in bosk reade roazen deroerhinne. Op dat stuit arrivearret haadynspekteur Finch, dy't op eigen manneboet yn 'e âlde metrotunnels op 'e strún gien is om't syn ynstinkt him ynjoech dat de oanfal wolris fan ûnderen komme koe ynstee fan fan boppen. Finch hâldt Evey ûnder skot en wol har arrestearje, mar Evey is net bang foar him en leit kalm út dat it opblazen fan it parlemintsgebou nedich is om it folk hoop te jaan. Dêrop lit Finch syn pistoal sakje en lit er har de hendel oerhelje om 'e metro te starten. Wilens steane yn 'e strjitten de opskuorplysje en it leger klear om eltse foarm fan rebûlje yn bloed te smoaren. Se ferwachtsje in lyts kloftke dissidinten, mar wurde rare kjel as hûnderttûzenen boargers de strjitte opkomme, allegearre mei in Guy Fawkes-masker foar. Mei Sutler en Creedy dea is der net ien mear om befel te jaan om te sjitten, dat de legerlieding oarderet de soldaten om 'e wapens del te lizzen. Underweis nei it parlemintsgebou passearje demonstranten de dyktichtsettings sûnder dat harren in striebree yn 'e wei lein wurdt. Op feilige ôfstân sjogge se ta hoe't koart nei midsnacht op 5 novimber, krekt sa't V ûnthjitten hie, de hiele boel de loft yn giet. Finch, dy't mei Evey fan in dak ôf tasjocht, freget har nei de identiteit fan V. Sy antwurdet: "Hy wie ús allegearre."

Natalie Portman.
Hugo Weaving (waans gesicht yn 'e hiele film net te sjen is).
Stephen Rea.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

haadrollen
personaazje                                                   akteur/aktrise
Evey Hammond Natalie Portman
V Hugo Weaving


byrollen
personaazje akteur/aktrise
haadynspekteur Eric Finch Stephen Rea
hege kânselier Adam Sutler John Hurt
Gordon Deitrich Stephen Fry
Peter Creedy, "de Finger", haad fan 'e geheime plysje Tim Pigott-Smith
brigadier Stone Rupert Graves
Lewis Prothero, "de Stim fan Londen" Roger Allam
Dascombe, "de Mûle", haad propaganda Ben Miles
dokter Diana Stanton / Delia Surridge Sinéad Cusack
biskop Lilliman John Standing
Etheridge, "it Ear", haad audio-surveillânse Eddie Marsan
Hayer, "it Each", haad fideo-surveillânse Guy Henry
Valerie Page Natasha Wightman
Guy Fawkes Clive Ashborn

Produksje en distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

V for Vendetta waard regissearre troch James McTeigue nei in senario fan Andy en Larry Wachowski op basis fan 'e tsiendielige stripsearje V for Vendetta út 1988. Dy wie skreaun troch Alan Moore en foar it meastepart tekene troch David Lloyd foar útjouwerij DC Comics.

It Guy Fawkes-masker, dat yn 'e film sa'n wichtige rol spilet, hjir droegen by in demonstraasje fan anty-globalisten.

Moore wie lykwols sa teloarsteld oer eardere ferfilmings fan syn wurk (te witten: From Hell út 2001 en The League of Extraordinary Gentlemen út 2003), dat er wegere om V for Vendetta te sjen en fersocht om net op 'e ôftiteling fermeld te wurden as skriuwer fan it boarnemateriaal. Likemin woed er royaltys yn ûntfangst nimme. Hy naam sels ûntslach by DC Comics doe't de memme-ûndernimming fan DC en de distributeur fan 'e film, Warner Bros., tekst yn in parseberjocht net ynloek dy't stelde dat Moore it iens wie mei de filmadaptaasje. Lloyd, dy't de filmadaptaasje stipe, neamde it skript "hiel goed", mar murk op dat Moore pas tefreden wêze soe mei in sekuere wurd-foar-wurd- en die-foar-dieferfilming fan syn wurk.

As produsinten wiene Joel Silver, Grant Hill en de Wachowski's by it projekt belutsen foar de filmstudio's Silver Pictures, Virtual Studios en Anarchos Productions. Dêrmei wie it in Britsk-Amerikaansk-Dútske ko-produksje. Foar de film wie in budget beskikber fan $50 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Adrian Biddle, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Dario Marianelli. Foar Biddle wie V for Vendetta syn lêste film, mei't er op 7 desimber 2005, fjouwer dagen foar de premiêre, kaam te ferstjerren oan in hertoanfal.

Casting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Natalie Portman, dy't yn V for Vendetta de haadrol fan Evey Hammond spile, koe regisseur James McTeigue al in pear jier. Hja hiene inoar foar it earst met op 'e set fan 'e science fiction-film Star Wars: Episode II – Attack of the Clones (2002), wêryn't Portman de rol fan Padmé Amidala spile, wylst McTeague assistint-regisseur fan George Lucas wie. Foar V for Vendetta wurke Portman, dy't út 'e Feriene Steaten komt, mei in logopediste om harsels in oertsjûgjend Britsk-Ingelsk aksint oan te learen.

In oansjenlik part fan 'e film waard opnommen yn it filmstudiokompleks fan Studio Babelsberg yn Potsdam.

Foar de rol fan V waard earst James Purefoy cast, mar dyselde hold it foar besjoen doe't de opnamen al seis wiken oan 'e gong wiene. Der waard bekendmakke dat syn ûntslach feroarsake waard trochdat er swierrichheden hie mei it oanhâldend dragen fan in masker yn 'e film. Letter brocht Purefoy lykwols út dat it wiere probleem wie dat hy en McTeigue hiele oare ideeën hiene oer hoe't it personaazje fan V spile wurde moast. Purefoy waard ferfongen troch Hugo Weaving, dy't earder mei filmprodusint Joel Silver en de Wachowski's gearwurke hie oan 'e films fan 'e Matrix-searje.

Opnamen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De opnamen foar V for Vendetta setten begjin maart 2005 útein en duorren oant yn juny fan dat jier. De film waard foar it meastepart opnommen yn 'e soundstages fan 'e Pinewood Studios yn Buckinghamshire en fan Studio Babelsberg yn Potsdam. Trije sênes waarden op lokaasje yn Berlyn filme: de flashbacks nei de politike gearkomste fan 'e faksistyske partij fan Sutler, it besyk fan haadynspekteur Finch oan 'e ruïnes fan Larkhill, en de moeting yn 'e sliepkeamer fan biskop Lilliman. De sênes yn it ôftanke tunnelsysteem fan 'e London Underground waarden opnommen yn it Metrostasjon Aldwych, dat net mear brûkt wurdt.

De sêne oan 'e ein fan 'e film mei de maskere kliber folk en de senuweftige soldaten waard op lokaasje filme yn Londen, op it plein Trafalgar Square en yn 'e strjitten dêrwei nei it Paleis fan Westminster (sa't it Britske parlemintsgebou offisjeel hjit). Dat diel fan 'e stêd moast dêrfoar trije nachten efterinoar fan midsnacht oant 5.00 oere moarns foar alle ferkear ôfsletten wurde. Der wiene beskuldigings dat Euan, de soan fan 'e doetiidske premier Tony Blair, dy't oan 'e produksje meiwurke, dêrfoar ûnderhânsk fergunnings by syn heit regele hie. De filmmakkers ûntstrieden dat lykwols en seine dat se dy fergunnings witten hiene te besetten troch in proses fan ûnderhannelings mei fjirtjin ûnderskate Britske oerheidsynstânsjes dêr't se njoggen moannen mei besteld west hiene.

In oankundiging foar V for Vendetta op 'e gevel fan 'e Odeonbioskoop oan Leicester Square yn Londen.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan V for Vendetta waard fersoarge troch Warner Bros. De film gie op 11 desimber 2005 yn premiêre op 'e Butt-Numb-A-Thon yn Austin (Teksas), en waard dêrnei op 13 febrewaris 2006 fertoand op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn. De film iepene op 16 maart 2006 yn 'e bioskopen yn Dútslân en op 17 maart yn dy yn it Feriene Keninkryk en de Feriene Steaten. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 21 maart 2006 by platemaatskippij Astralwerks. V for Vendetta waard op 1 augustus 2006 útbrocht op dvd en ein maaie 2008 op blu-ray.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 'e filmkritisy krige V for Vendetta oer it algemien positive resinsjes. Sa joegen Roger Ebert en Richard Roeper de film yn harren filmrubryk op 'e Amerikaanske tillefyzje allebeide in tomme omheech. Ebert foege dêroan ta dat der yn V for Vendetta "hast altyd wol wat geande is dat wier ynteressant Is, sadat we útnûge wurde om it personaazje [fan V] en de plot te dekodearjen en it boadskip ta te passen wêr't dat gaadlik liket." Harry Guerin fan 'e Ierske steatsomrop RTÉ skreau dat de film "wurket as in politike skriller, [mar ek as in] aventoer en maatskiplik kommentaar". Hy konkludearre dat V for Vendetta "it fertsjinnet om sjoen te wurden troch bioskooppubliken dy't oars ien fan 'e trije of alle trije mije soene".

Ien dy't út 'e toan foel om't er hielendal neat fan 'e film hawwe moast, wie Jonathan Ross fan 'e Britske steatsomrop BBC. Hy neamde V for Vendetta "in aaklike, deprimearjende mislearring" en heakke dêroan ta dat "in cast fan opmerklike en bekende talinten, lykas John Hurt en Stephen Rea, net folle kâns hat [om syn wurk goed te dwaan] middenmank de wrakstikken fan it freeslike skript fan 'e bruorren Wachowski en yn 't bysûnder de strieminne dialooch". Dêrnjonken kaam der frijwat krityk op V for Vendetta fan aartskonservative kristlike groepen yn 'e Feriene Steaten, dy't fûnen dat de film anargisme en terrorisme ferhearlike, en, iroanysk genôch fan anargistyske groepearrings, dy't it net wurdearje koene dat de filmyndustry fan Hollywood mei harren gedachteguod oan 'e haal gie.

It Metrostasjon Aldwych, dêr't de sênes yn 'e London Underground filme waarden.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat V for Vendetta in goedkarringspersintaazje fan 73%, basearre op 258 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] is fisueel sikestûkjend en ta neitinken oansettend, en hoewol't [de] politike fisy miskien guon minsken yn it ferkearde kielsgat sjitte sil, kin it net oars of it ferhaal mei syn ymposante eleminten sil fermaak biede." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet V for Vendetta in goedkarringspersintaazje fan 62%, basearre op 39 resinsjes. Bioskooppublyk dat nei it sjen fan 'e film meidie oan in opinypeiling fan CinemaScore, joech V for Vendetta as sifer in 81/2 op in skaal fan 1 oant 10.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Opbringst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

V for Vendetta brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $70,5 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $62,0 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $132,5 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $50 miljoen betsjut dat in winst fan $82,5 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Tsjin septimber 2018 hie V for Vendetta fierders allinnich al yn 'e Feriene Steaten noch $62 miljoen opbrocht oan dvd- en blu-ray-ferkeap. Dêr kaam de merchandising noch by, want fan 'e Guy Fawkes-maskers, dy't sa prominint yn 'e film droegen wurde, waarden neitiid hûnderttûzenen fan ferkocht. It ûntjoech him troch de film ta in ikoanysk symboal foar striid tsjin tiranny en ûnrjocht.

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

V for Vendetta waard by de Saturn Awards nominearre foar prizen yn 4 kategoryen, wêrûnder bêste science fiction-film, bêste senario en bêste kostúmûntwerp. Natalie Portman wûn foar har rol as Evey Hammond de Saturn Award foar bêste aktrise. Fierders waard V for Vendetta nominearre foar 3 Satellite Awards (foar bêste artdirection/produksje-ûntwerp, bêste special effects en bêste dvd oer alles), de Hugo Award foar bêste dramatyske presintaasje (lange foarm) en de Teen Choice Awards foar favorite aksje-/aventoerefilm en favorite aktrise yn in drama-/aksje-/aventoerefilm (Natalie Portman).

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.