Springe nei ynhâld

Rocky Mountains

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Rotsberchte)
Rocky Mountains
  berchtme
De Mount Elbert yn Colorado, it heechste punt fan 'e Rocky Mountains.
De Mount Elbert yn Colorado, it heechste punt fan 'e Rocky Mountains.
geografy
diel fan Noardamerikaanske Kordillera
regio westlik Noard-Amearika
lân Kanada
Feriene Steaten
sifers
oerflak 777.000 km² (inge definysje)
lingte 4.828 km (inge definysje)
breedte 650 km
heechste punt Mount Elbert
hichte 4.401 m
geology
yndieling heechberchtme
âldens 80 – 55 miljoen jr
stiensoarte metamorf stiente, stjurrings-
stiente
, sedimintêr stiente
kaart
De Mount Elbert yn Colorado, it heechste punt fan 'e Rocky Mountains.
De lokaasje fan 'e Rocky Mountains yn Noard-Amearika, neffens de inge, Kanadeeske definysje. (Neffens de bredere, Amerikaanske definysje rinne se troch oant de kust fan 'e Beringsee yn Alaska.)

De Rocky Mountains of koartwei de Rockies, yn âldere teksten ek wol oerset as it Rotsberchtme, binne in berchtme yn it westen fan Noard-Amearika, dat it wichtichste ûnderdiel foarmet fan 'e Noardamerikaanske Kordillera. It is it grutste berchtme fan it hiele wrâlddiel, dat him útstrekt fan noardlik Britsk-Kolumbia of Alaska yn it noarden (der binne ferskillende definysjes) oant Nij-Meksiko yn it suden. It hat in lingte fan mear as 4.800 km. It heechste punt is de Mount Elbert yn Colorado, mei in hichte fan 4.401 m. De Rocky Mountains binne 80–55 miljoen jier âld en wurde ûnderskaat fan 'e berchtmen dy't fierder nei it westen ta lizze, lykas de Cascades, de Sierra Nevada en it Pasifysk Kustberchtme. It berchtme stiet bekend om syn natoerskientme, dramatyske fiergesichten en wintersportfasiliteiten.

De namme Rocky Mountains, oftewol Rotsberchtme, is eins in lienfertaling fan it oarspronklike toponym yn 'e Algonkwynske talen fan Noard-Amearika, spesifyk it Kry (Cree): ᐊᓯᐣᐘᑎ, Asin-wati, wat "Rotsige Berch" betsjut. De earste fermelding fan 'e namme Rocky Mountains, sij it yn it Frânsk as Montagnes de Roche, wie yn it deiboek fan 'e Frânsk-Kanadeeske coureur des bois Jacques Legardeur de Saint-Pierre, út 1752.

De Morainemar en de Delling fan 'e Tsien Toppen yn it Nasjonaal Park Banff, by Banff (Alberta).

De Rocky Mountains lizze yn it westlike part fan Noard-Amearika, dêr't se rûchwei yn noard-súdrjochting rinne (om sekuer te wêzen: út it noarden wei nei it eastsúdeasten). Yn 'e mande mei û.o. de Eastlike Sierra Madre yn Meksiko meitsje se diel út fan it Laramide Berchtmekeatling, de eastlikste berchrige fan 'e Noardamerikaanske Kordillera. Der besteane twa definysjes oer wêr't de noardlike útein fan 'e Rocky Mountains is: ien dy't yn Kanada brûkt wurdt en ien dy't yn 'e Feriene Steaten foar master opslacht. As men de inge, Kanadeeske definysje oanhâldt ynstee fan 'e bredere Amerikaanske, hawwe de Rocky Mountains in lingte fan 4.828 km fan noard nei súd. Op it breedste punt mjit it berchtme 650 km fan east nei west. It heechste punt is de Mount Elbert, yn 'e Amerikaanske steat Colorado, mei in hichte fan 4.401 m boppe seenivo. De heechste top yn 'e Kanadeeske Rocky Mountains is de Mount Robson, dy't 3.954 m heech is.

Noardlike útein

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens de inge, Kanadeeske definysje begjinne de Rocky Mountains yn it noarden fan 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia by de boarne fan 'e rivier de Liard, deunby de grins mei de Noardwestlike Territoaria. Neffens Amerikaanske definysje leit it begjin fan 'e Rocky Mountains lykwols deunby de kust fan 'e Beringsee yn noardlik Alaska. It noardlikste diel fan it berchtme wurdt neffens dy opfetting foarme troch it Brooksberchtme, dat it Binnenlân fan Alaska skiedt fan 'e Noarderbedelte. Wichtige dielberchtmen fan it Brooksberchtme binne it De Longberchtme oan 'e westlike útein, dat ôfrint yn 'e rjochting fan 'e Beringstrjitte, en it Britske Berchtme en it Richardsonberchtme oan 'e eastlike útein, yn it noardlike Yukonterritoarium fan Kanada. Yn it easten giet it Brooksberchtme oer yn it Mackenzieberchtme, dat mei it Backboneberchtme en it Loganberchtme troch de Yukon ôfbûcht nei it súdeasten en dêrby de súdwestlike hoeke fan 'e Noardwestlike Territoaria meipakt.

De Mount Robson yn Britsk-Kolumbia.

Rocky Mountains yn Kanada

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it noarden fan Britsk-Kolumbia sit it Mackenzieberchtme fêst oan 'e noardlike útein fan it Muskwaberchtme. Dat is ien fan 'e trije dielen dêr't de Kanadeeske Rocky Mountains (rekkene neffens de Kanadeeske definysje) yn ferparte binne, te witten fan noard nei súd: it Muskwaberchtme, it Hartberchtme en it Kontinintaal Berchtme. De earste beide berchtmen foarmje tegearre de Noardlike Rocky Mountains. Fan 'e noardeastpunt fan Britsk-Kolumbia folgje de Rocky Mountains yn in frij rjochte line yn eastsúdeastlike rjochting de grins fan Britsk-Kolumbia (yn it westen) mei de provinsje Alberta (yn it easten) oant se de noardgrins fan 'e Feriene Steaten berikke.

Yn Kanada foarmje de Rocky Mountains de skieding tusken it Binnenlânsk Plato yn it westen en de taiga yn it easten. Oan 'e eastkant, yn Alberta, binne fan noard nei súd it Clarkberchtme, it Kananaskisberchtme en it Livingstonberchtme dielberchtmen fan 'e Rocky Mountains.

Yn eastlik-sintraal Britsk-Kolumbia leit oan 'e westkant fan 'e Rocky Mountains it Columbiaberchtme, dêr't de rivier de Columbia ûntspringt. Dat wurdt yn Kanada offisjeel (troch de Geological Survey of Canada) sjoen as in berchtme dat los stiet fan 'e Rocky Mountains en ynstee ta it Nevadaberchtmekeatling heart, de middelste berchtmerige fan 'e Noardamerikaanske Kordillera. De westgrins fan 'e Rocky Mountains soe dan by de Rocky-Mountainstrôch lizze, in djippe delling dy't fan noardwest nei súdeast troch de bergen rint, yn it noardlike diel ynsnien troch de rivier de Fraser, dy't nei it noardwesten streamt, en yn it súdlike diel troch de Columbia, dy't nei it súdeasten streamt. Yn 'e Feriene Steaten wurdt it Columbiaberchtme (troch de Geological Society of America) lykwols as ûnderdiel fan 'e Rocky Mountains beskôge.

Skyen yn 'e Rocky Mountains by Aspen yn Colorado.

Dielberchtmen fan it Columbiaberchtme binne it Caribooberchtme (dat soms as diel fan it Binnenlânsk Plato sjoen wurdt), it Selkirkberchtme, it Purcellberchtme, it Monasheeberchtme en it Lewisberchtme. Bewesten it Columbiaberchtme lizze trije heuvelrêgen of leechberchtmen dy't in oergong foarmje tusken de eigentlike bergen en it Binnenlânsk Plato. Dêrby giet it om it Quesnelheechlân, it Shuswapheechlân en it Okanaganheechlân. Soms wurde dy ta it Columbiaberchtme rekkene, mar formeel hearre se ta it Binnenlânsk Plato.

Rocky Mountains yn 'e Feriene Steaten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten folgje de Rocky Mountains in noard-súdrjochting en omfetsje se dielen fan 'e steaten Washington, Idaho, Montana, Wyoming, Colorado, Utah en Nij-Meksiko. Fan Colorado ôf nei it suden ta foarmet it berchtme de Súdlike Rocky Mountains. It berchtme is yn 'e legere 48 steaten de skieding tusken de Grutte Flakten yn it easten en, oan 'e westkant, it Columbiaplato yn it noardwesten en de woastinen fan 'e Grutte Dobbe yn it súdwesten. It Salishberchtme en it Cabinetberchtme fan noardlik Idaho en noardwestlik Montana, besuden de rivier de Kootenay, wurde yn 'e Feriene Steaten ek ta de Rocky Mountains rekkene, mar yn Kanada ta it Columbiaberchtme.

It Tetonberchtme yn Wyoming.

Dielberchtmen oan 'e eastkant fan 'e Rocky Mountains binne yn 'e legere 48 steaten û.o. it Absarokaberchtme, it Beartoothberchtme, it Big Beltberchtme, it Little Beltberchtme, it Crazyberchtme, it Flatheadberchtme en it Bearpawberchtme yn Montana, it Big Hornberchtme, it Gallatinberchtme, it Wind Riverberchtme en it Laramieberchtme yn Wyoming, it Medicine Bowberchtme yn Wyoming en Colorado, it Frontberchtme yn Colorado en it Sangre de Christoberchtme yn súdlik Colorado en noardlik Nij-Meksiko.

Foarbylden fan dielberchtmen oan 'e westkant binne it Kettle Riverberchtme yn noardeastlik Washington, it Bitterrootberchtme en it Beaverheadberchtme op 'e grins fan Idaho en Montana, it Sawtoothberchtme, it Clearwaterberchtme, it Salmon Riverberchtme, it Lemhiberchtme en it Pioneerberchtme yn Idaho, it Snake Riverberchtme yn Idaho en Wyoming, it Wasatchberchme yn Utah en it San Juanberchtme yn Colorado en Nij-Meksiko.

Sinrale berchrêgen fan 'e súdlike Rocky Mountains binne û.o. it Tetonberchtme yn Idaho en Wyoming, it Gros Ventreberchtme en it Wyomingberchtme yn Wyoming, it Uintaberchtme yn Utah en Wyoming, it La Salberchtme oan 'e grins fan Utah en Colorado, en it Abajoberchtme en Henryberchtme yn súdeastlik Utah. De súdlike útein fan 'e Rocky Mountains wurdt foarme troch it Santa Feberchtme fan noardlik Nij-Meksiko, dêr't de rivier de Pecos ûntspringt.

De súdlike útein fan 'e Rocky Mountains: it Santa Feberchtme yn Nij-Meksiko.

De Rocky Mountains foarmje de wetterskieding tusken de Atlantyske Oseaan en de Noardlike Iissee oan 'e iene kant en de Stille Oseaan oan 'e oare kant. Dat wol sizze dat rivieren dy't dêrwei nei it easten of noarden streame, útmûnje yn 'e Atlantyske Oseaan (of de Golf fan Meksiko dy't in rânesee fan 'e Atlantyske Oseaan is) of de Noardlike Iissee, wylst rivieren dy't út 'e Rocky Mountains nei it westen ta streame, útmûnje yn 'e Stille Oseaan.

De grutste en wichtichste rivier dy't út 'e Rocky Mountains wei nei it easten ta streamt, is de Missouri. Oare wichtige rivieren dy't dy kant út streame, binne de Peace, Athabasca, Bow, Elbow en Saskatchewan yn Kanada en de Yellowstone, Bighorn, Noardlike Platte, Súdlike Platte, Arkansas, Canadian, Pecos en Rio Grande yn 'e Feriene Steaten. De Liard en de Fort Nelson binne foarbylden fan rivieren dy't út 'e Rocky Mountains wei noardoan streame nei de Noardlike Iissee.

De grutste en wichtichste rivieren yn 'e westkant fan 'e Rocky Mountains binne de Fraser yn Kanada en de Columbia en de Colorado yn 'e Feriene Steaten. Oare wichtige rivieren oan dy kant fan it berchtme binne de Kechika yn Kanada en de Snake, de Kootenay en de Salmon yn 'e Feriene Steaten.

De Jacksongletsjer yn Montana.

It stiente fan 'e Rocky Mountains waard foarme lang foar't de bergen troch tektoanyske krêften opriisden. It âldste stiente fan it berchtme is metamorf stiente út it Prekambrium, dat de kearn fan it Noardamerikaanske kontinint foarmet. Der is ek Prekambysk sedimintêr argillyt, dat 1,7 miljard jier âld is. Yn it Paleosoïkum lei it westen fan Noard-Amearika op 'e boaiem fan in ûndjippe see, dy't in kilometers tsjûke laach fan kalkstien en dolomyt ôfsette.

Yn 'e súdlike Rocky Mountains, yn it hjoeddeistige Colorado, waard dat oerâlde stiente likernôch 300 miljoen jier lyn, yn it geologysk tiidrek fan it Pennsylvanyn, út 'e bân skuord troch berchtmefoarming. By dat proses waarden de foarrinners fan 'e Rocky Mountains staljûn, besteande út Prekambrysk metamorf stiente dat omheech treaun waard troch de lagen kalkstien dy't deroerhinne kommen wiene te lizzen. Dy bergen erodearren yn it lette Paleosoïkum en it iere Mesosoïkum, sadat der grutte ôfsettings sedimintêr stiente efterbleaune.

Yn it Mississippyn, likernôch 350 miljoen jier lyn, begûnen terreinen te botsen mei de westlike râne fan Noard-Amearika, mei as gefolch dat de Antler-orogeneze ûntstie. Oer in perioade fan sa'n 270 miljoen jier wiene dy botsingen beheind ta de râne fan 'e Noardamerikaanske plaat, fier bewesten de Rocky Mountains. Pas 80 miljoen jier lyn berikten de effekten de kontreien fan 'e Rocky Mountains.

De hjoeddeistige Rocky Mountains ûntstiene by de Laramide orogeneze tusken 80 en 55 miljoen jier lyn yn it lette Kryt en it iere Paleogeen. Yn it noarden fan 'e Rocky Mountains waarden de bergen foarme trochdat de foarrinners fan 'e Rocky Mountains dêr út it westen wei oer it Kanadeesk Skyld treaun waard, mei as gefolch dat der troch opheaping fan stiente bergen opriisden.

Kantele platen sedimintêr stiente yn it Steatspark Roxborough yn Colorado.

Fierder nei it suden ta soene de súdlike Rocky Mountains skoan ris foarme wêze kinne troch in ûngewoane subduksje doe't de Farallonplaat ûnder in stompe hoeke ûnder de Noardamerikaanske plaat doek. Dy stompe hoeke skode de fokus fan it ranen fan it ûnderdutsen stiente yn 'e ierdkearn folle fierder nei it easten ta op, by de westkust wei, as de normale 300–500 km. Saakkundigen binne fan tinken dat de stompe hoeke fan 'e subdusearjende tektoanyske plaat de wriuwing en oare foarmen fan ynteraksje mei de tsjûke kontinintale massa dêrboppe fergrutte. Ynoarme oerskowings steapelen laach op laach, sadat de bûtengewoan brede en hege foarm fan 'e súdlik Rocky Mountains skepen waard.

De hjoeddeistige súdlike Rocky Mountains waarden omheech twongen troch de lagen fan Pennsylvanine en Permyske sedintêre restanten fan 'e foarrinners fan 'e Rocky Mountains hinne. Sokke sedimintêre restanten waarden by dat proses by de flanken fan it nije bechtme lâns faak ûnder steile hoeken kantele. Se binne no sichtber op in grut tal plakken yn 'e Rocky Mountains, wêrûnder de Dakota Hogback, in sânstienformaasje út it iere Kryt dy't de eastrâne fan 'e hjoeddeistige berchrige beseamet.

Fuort nei de Laramide orogeneze, omtrint 55 miljoen jier lyn, wiene de Rocky Mountains lykas it hjoeddeistige Tibet: in heech plato, dat nei alle gedachten likernôch 6.000 m boppe seenivo lei. Yn 'e tsientallen miljoenen jierren dêrnei hat it berchtme sterk bleatstien oan eroazje troch wyn, wetter en gletsjers. Dêrby waard de toplaach fan it plato hielendal fuortsliten, wylst ek de dellingen tusken de bergen en berchmassiven útsliten waarden. Op dy wize ûntstie it lânskip fan 'e Rocky Mountains sa't dat der hjoed oan 'e dei hinne leit.

Yndiaanske ruïnes yn it Nasjonaal Park Mesa Verde yn Colorado.

Doe't de iiskape him oan 'e ein fan 'e lêste iistiid, sa'n 10.000 jier lyn, weromloek út 'e Rocky Mountains, fêstigen har de earste minsken yn it berchtme. Dat wiene Paleo-Yndianen, dy't de no útstoarne Amerikaanske mammoet en oerbizon bejagen. Krekt as de lettere Yndiaanske folken wiene de Paleo-Yndianen nei alle wierskyn semy-nomadysk, mei't se de winter trochrochten op 'e Grutte Flakten oan 'e eastkant of op it Columbiaplato oan 'e westkant fan 'e bergen, wylst se by 't maityd foar it simmerhealjier wer nei de bergen ferfearen om yn 'e dellings te jeien en yn 'e beken te fiskjen. Yn Colorado bouden se op 'e berchrêch dy't de wetterskieding tusken east en west foarmet stiennen muorren om wyld tsjin te kearen by driuwjachten. Dy muorren hearre ta de âldste minsklike bouwurken yn Noard-Amearika en datearje fan 5.800–5.400 jier lyn.

Yn it histoaryske tiidrek waarden de Rocky Mountains yn Kanada bewenne troch Noardatapaskyske folken, lykas de Dûnneza (Dunneza of Beaver), de Sekany (Sekany) en de Sarsy (Sarcee of Tsuu T’ina), de Sûaanske Stony (Stoney) en de Kûtenai (Kootenai), dy't in isolearre taal sprekke. Yn 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten wiene de Rocky Mountains it heitelân fan 'e Keur d'Alêne (Coeur d'Alene), Kalispel, Plathollen (Flathead), Krieën (Crow), Noardlike Sjosjoanen (Northern Shoshone), Eastlike Sjosjoanen (Eastern Shoshone), Bannok (Bannock), Swartfuotten (Blackfeet), Noardlike Sjajinnen (Northern Cheyenne), Noardlike Arapaho (Northern Arapaho), Jût (Ute) en Apachen (Apache).

De earste Jeropeeske ûntdekkingsreizger dy't de Rocky Mountains oandie, wie de Spanjert Francisco Vázquez de Coronado. Dyselde joech yn 1540 lieding oan in ekspedysje dy't út it suden wei it berchtme ynteach. Yn 1610 stiften de Spanjert de stêd Santa Fe yn wat no Nij-Meksiko is, oan 'e foet fan 'e súdlike útein fan 'e Rocky Mountains. De Jeropeänen hiene in ekstreem grutte ynfloed op 'e ûnderskate Yndiaanske kultueren fan it berchtme troch de yntroduksje fan it hynder, metalen ark en reau, fjoerwapens en, net te ferjitten, besmetlike sykten dêr't de lânseigen befolking fan 'e Amearika's gjin ymmuniteit tsjin hie. Guon Yndiaanske stammen waarden troch sokke sykten folslein útrûge, wylst de yntroduksje fan it hynder en fan fjoerwapens it foar oaren, lykas de Sjajinnen en de Arapaho, mooglik makke om út it easten wei op te tsjen en in eigen wengebiet te feroverjen dat heal op 'e Grutte Flakten en heal yn 'e Rocky Mountains lei.

Alexander Mackenzie wie yn 1793 de earste Jeropeaan dy't de Rocky Mountains oerstiek.

Yn 1739 ûntdieken de Frânsk-Kanadeeske coureurs des bois Pierre en Paul Mallet, dy't foar de lukrative pelshannel almar djipper it binnenlân fan Noard-Amearika ynkrongen, by de boarne fan 'e rivier de Platte in reuseftich berchtme dat troch de Yndianen it "Rotsberchtme" neamd waard. Troch harren ferslach hearden de Noardjeropeeske lannen dy't oan 'e eastkust fan Noard-Amearika koloanjes stifte hiene, foar it earst fan it bestean fan 'e Rocky Mountains. De Britske ûntdekkingsreizger Alexander Mackenzie wie yn 1793 de earste Jeropeaan dy't de Rocky Mountains oerstiek om oer lân de kust fan 'e Stille Oseaan te berikken. Yn 18041806 wie de ferneamde Ekspedysje fan Lewis en Clark de earste wittenskiplike ekspedysje dy't (û.m.) in diel fan 'e Rocky Mountains ferkende, en dêrby preservearre eksimplaren fan bisten en planten sammele om mei werom te nimmen foar bestudearring troch de Westerske wittenskip.

Yn 1799 fêstige de Noardwestlike Kompanjy de hannelspost Rocky Mountain House yn it foarlân fan it berchtme yn wat no Alberta is. De konkurrinten fan 'e Hudsonbaaikompanjy stiften doe gau Action House, net fier dêr fanôf. Dy beide hannelsposten fungearren de folgjende desennia as bases foar Jeropeeske hannelsaktiviteiten yn 'e noardlike Rocky Mountains, benammen op it mêd fan 'e pelshannel. De hannelskompanjyen finansierden ek de fierdere ferkenning fan it berchtme, yn 'e hoop lukrative hannelsmooglikheden te ûntdekken. Yn dat ramt moatte fral de ekspedysjes fan David Thompson neamde wurde, dy't de rivier de Columbia hielendal nei syn mûning folge, op 'e grins fan wat no de Amerikaanske steaten Washington en Oregon binne.

By de Anglo-Amerikaanske Konvinsje fan 1818 besleaten de Feriene Steaten en it Feriene Keninkryk dat de 49e breedtegraad tenei de grins wêze soe fan 'e Mar fan 'e Wâlden ôf (yn wat letter Minnesota wurde soe) oant de "Stienbergen" ta. Ek waard besletten ta wat wol omskreaun is as in "mienskiplike besetting" fan 'e lannen bewesten de Rocky Mountains, it saneamde Oregonterritoarium. Ta dat gebiet hearde net inkeld de hjoeddeistige steat Oregon, mar ek de steaten Washington en Idaho en de Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia. Nettsjinsteande it mienskiplike bestjoer waard it Oregonterritoarium yn 'e 1820-er en 1830-er jierren dominearre troch de Britske Hudsonbaaikompanjy, dêr't de Noardwestlike Kompanjy tsjin dy tiid yn opgien wie.

Winter yn it Nasjonaal Park Yellowstone.

Lang om let rekken Feriene Keninkryk en de Feriene Steaten der deilis oer wa't it foar it sizzen hie yn it Oregonterritoarium. Uteinlings wist men it skeel op te lossen mei it yn 1846 ta stân kommen Ferdrach fan Oregon. Dêrby't waard fêststeld dat de grins oer de 49e breedtegraad ek yn en bewesten de Rocky Mountains trochlutsen wurde soe. Alles noardlik dêrfan gie nei it Feriene Keninkryk, wylst alle lân besuden dy line oan 'e Feriene Steaten kaam.

Fan likernôch 1842 ôf brocht it ferneamde Oregon Trail, in rûte oer de prêrjes en troch de bergen en woastinen yn it binnenlân fan Noard-Amearika, in oanhâldende tafloed fan kolonisten út it eastlike part fan 'e Feriene Steaten oer de Rocky Mountains hinne. Guon fan harren setten har nei wenjen as boer yn Oregon of Kalifornje. De yn 'e eastlike Feriene Steaten om harren leauwe ferfolge mormoanen teagen ûnder lieding fan 'e profeet Brigham Young oer de bergen om har yn wat letter Utah waard, oan 'e Grutte Sâltmar, nei wenjen te setten. Tusken 1848 en 1854 wiene der ûnder de Kalifornyske Goudkoarts ek tsientûzenen dy't as goudsiker nei Kalifornje ôfreizgen. Fan 1858 oant 1864 wiene der goudkoartsen ferskate dielen fan 'e Rocky Mountains sels, wêrfan't de Goudkoarts fan 'e Fraser yn Britsk-Kolumbia yn 1858 ien fan 'e grutsten wie.

Yn 1869 waard it Earste Transkontinintale Spoar foltôge, dat in spoarweiferbining tusken de eastkust en de westkust fan 'e Feriene Steaten skoep, dwers troch de Rocky Mountains hinne. Yn Kanada kaam de Kanadeeske Pasifyske Spoarline úteinlings yn 1885 ree. Yn 1872 waard de noardwestlike hoeke fan Wyoming útroppen ta it Nasjonaal Park Yellowstone, it alderearste nasjonaal park fan 'e wrâld.

In boarstasjon dêr't nei ierdoalje boarre wurdt yn it Wind Riverberchtme fan Wyoming.

De ekonomy fan 'e Rocky Mountains stipet tsjintwurdich noch altyd foar in grut part op mynbou. Der wurde dylchstoffen wûn lykas koper, sulver, goud, lead, wolfram, sink, stienkoal, ierdgas, ierdoalje en molybdenum. Dat is net allegearre posityf, want it berchtme leit besiedde mei útdiene en dêrom ferlitten minen mei bergen slakken en oar soarten ôffal dy't it miljeu fersmoargje.

In oare grutte pylder fan 'e ekonomy fan 'e Rocky Mountains is it toerisme. Minsken komme fan hein en fier nei de bergen ta om 'e natoerskientme te sjen, bgl. yn beskerme natoergebieten lykas de nasjonale parken Yellowstone, Glacier, Grand Teton, Rocky Mountain en Great Sand Dunes yn 'e Feriene Steaten en Banff, Jasper, Kootenay, Waterton Lakes en Yoho yn Kanada. Toeristen komme ek yn 'e Rocky Mountains foar wintersportfakânsjes, benammen om te skyen. Fral Aspen, yn Colorado, en Lake Louise en Banff yn Alberta steane wiid en siid bekend as wintersportoard. Yn deselde kontreien kin men simmerdeis faak ek op sportfakânsje om te mountainbiken of te kuierjen.

De Rocky Mountains binne in tinbefolke gebiet, mei in trochsneed befolkingstichtens fan 4 minsken de km² en amper stêden mei mear 50.000 ynwenners. Fierwei it grutste plak yn it berchtme is Denver, yn Colorado, dat in befolking hat fan krapoan 650.000 ynwenners, of 2,6 miljoen minsken foar de hiele stêdekloft. Tusken 1950 en 1990 naam de befolking fral yn it súdlike part fan 'e Rocky Mountains gâns ta: yn Montana mei 35% en yn Utah en Colorado mei 150%. Yn Jackson (Wyoming) bedroech de befolkingstaname yn dyselde perioade sels 260% (fan 1.244 oant 4.472 ynwenners).

De ferneamde geiser Old Faithful, ien fan 'e wichtichste toeristyske attraksjes fan it Nasjonaal Park Yellowstone.

Floara en Fauna

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De beamgrins fariëarret yn 'e Rocky Mountains yn hichte fan omtint 3.700 m oan 'e súdlike útein yn Nij-Meksiko oant 760 m yn it noarden fan Britsk-Kolumbia. Dêrboppe is noch in fegetaasjesône mei alpine toendra foar't der hielendal gjin planten mear groeie. Under de beamgrins komme yn it berchtme bosken foar dy't yn it suden opmakke binne út 'e pinjondin, de ponderosadin en jeneverbeibeammen of út iken fermingd mei dinnen, en yn it noarden út 'e douglasspjirre, de westlike hemlockspjirre, de draaidin en de Amerikaanske esp of út sulverspjirren fermingd mei spjirren. Oan 'e eastkant fan it berchme giet de begroeiïng ûnder de 550 m oer yn prêrje mei heech gers mar sûnder beammen.

De Rocky Mountains binne in wichtich biotoop foar in grut diel fan 'e fauna fan Noard-Amearika. Men kin dan tinke oan sûchdieren lykas de grize wolf, de prêrjewolf, de reade foks, de grizzlybear, de Amerikaanske swarte bear, de poema, de reade lynks, de Kanadeeske lynks, de Amerikaanske bizon, de eland, de wapity, it mûldierhart, it wytsturthart, de gaffelantilope, de sniegeit, it grouhoarnskiep, it dallskiep, de waskbear, de Kanadeeske bever, de oerzon, de warch, de fiskmarter, de Amerikaanske marter, de Pasifyske marter, de rivierotter, de Amerikaanske harmeling, de Amerikaanske nerts, de wezeling, de langsturtwezeling, it streekte stjonkdier, de Amerikaanske hazze, de prêrjehazze, de swartsturthazze, de gielbealchmarmot, de Rocky-Mountainsprêrjehûn, de wytsturtprêrjehûn, de muskusrôt, de berchgoffer, it Amerikaansk read iikhoarntsje, it wytsturtiikhoarntsje, it Kanadeesk fleanend iikhoarntsje, it goudmantelgrûniikhoarntsje, it lyts wangpûdiikhoarntsje, de westlike greidwrotmûs, de richardsonwrotmûs, de langsturtwrotmûs en de hartemûs.

Wapitys yn it Nasjonaal Park Banff yn Alberta.

Foarbylden fan fûgels dy't yn 'e Rocky Mountains foarkomme, binne de trompetswan, de wite pilekaan, de Kanadeeske kraanfûgel, de iisdûker, de blauwe sniehin, de bosksniehin, de stikelsturthin, de wytsturtsniehin, de sljochtfalk, de keningsearn, de fiskearn, de Amerikaanske see-earn en de Amerikaanske oehoe. Foarbylden fan amfibyen en reptilen binne de noardlike podde, de aalsthagedis, de prêrjerattelslange en de gewoane hoasbânslange. Foarbylden fan fisken dy't yn 'e rivieren yn 'e Rocky Mountains libje, binne de readkielforel en de wite steur.

De Rocky Mountains hawwe foar it meastepart in heechberchtmeklimaat, dat oan 'e rânen, op 'e legere hichten, oergiet yn in lânklimaat. Temperatueren ferskille nei hichte. De delslach rint útinoar fan mar 250 mm yn 'e súdlike dellings yn Nij-Meksiko en Utah oant wol 1.500 mm op 'e berchtoppen yn 'e noardlike Rocky Mountains fan Kanada.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.