Gielbealchmarmot
gielbealchmarmot | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Marmota flaviventris | ||||||||||||
Audubon & Bachman, 1841 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De gielbealchmarmot (Latynske namme: Marmota flaviventris) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae) en it skaai fan 'e marmotten (Marmota), dat foarkomt yn it westen fan Noard-Amearika. Yn syn ferspriedingsgebiet stiet dizze soarte ek wol bekend as de rock chuck. De gielbealchmarmot waard foar it earst wittenskiplik beskreaun yn 1841, troch de biologen John James Audubon en John Bachman, en is it naust besibbe oan 'e Olympyske marmot, de grize marmot en de slim yn syn fuortbestean bedrige Vancouvereilânmarmot.
Fersprieding en biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gielbealchmarmotten komme foar yn hast de hiele westlike Feriene Steaten en súdwestlik Kanada, fan 'e Rocky Mountains oant de kust fan 'e Stille Oseaan. Se libje yn berchtmen lykas de Rocky Mountains en de Sierra Nevada, mar ek yn steppe-eftich gebiet, op berchgreiden, rotsskeanten en yn oare iepen biotopen. Soms binne se ek wol te finen oan 'e râne fan leaf- of nullewâlden. Se jouwe de foarkar oan hichten fan boppe de 2.000 m.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gielbealchmarmot hat trochinoar in kop-romplingte fan 34-50 sm, mei in sturtlingte fan 13-22 sm en in gewicht fan 1⅔-4 kg (♀) of 3-5 kg (♂). De mantsjes binne in stik swierder, mar net folle grutter as de wyfkes. It gewicht fariëarret mei de seizoenen; geandewei de simmer bouwe se in fetreserve op foar de wintersliep, sadat se tsjin 'e hjerst it swierst binne. De pels is brún, mei in wyt plak op 'e snút tusken de eagen yn, en in giele bealch, dy't har har namme besoarge hat. De earen binne lyts en rûnich, en de noas is swart.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gielbealchmarmotten binne oerdeis aktyf, en bringe in grut diel fan 'e tiid troch mei sinnebaaien en foerazjearjen. It binne omnivoaren, dy't gerzen, sieden, blêden, blommen, fruchten, ynsekten (benammen sprinkhoannen) en fûgelaaien frette. Se grave ûndergrûnske hoalen dy't se yn famyljegroepen fan 10-20 eksimplaren bewenje, en dêr't se in grut part fan 'e tiid yn trochbringe. De nêsthoalen dêr't se fan septimber oant maaie har wintersliep yn hâlde, kinne wol 7 m djip wêze. Har territoarium beslacht sa'n 2-3 ha.
De peartiid folget daliks nei de ein fan 'e wintersliep. Mantsjes hawwe gauris in harem fan 2 of 3 wyfkes, dy't oan it begjin fan 'e simmer in nêst fan 3-5 jongen smite. De helte dêrfan oerlibbet it earste jier net. De jongen berikke mei twa jier geslachtsripens. Gielbealchmarmotten kinne 15 jier âld wurde. Har natuerlike fijannen binne de wolf, ferskate soarten foksen, de prêrjewolf en de keningsearn.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gielbealchmarmot hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|