Springe nei ynhâld

Night at the Museum: Secret of the Tomb

Ut Wikipedy
Night at the Museum:
Secret of the Tomb
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Shawn Levy
produsint Shawn Levy
Chris Columbus
Mark Radcliffe
senario Mark Friedman
David Guion
Michael Handelman
kamerarezjy Guillermo Navarro
muzyk Alan Silvestri
filmstudio 1492 Pictures
21 Laps Entertainment
TSG Entertainment
distribúsje 20th Century Fox
spilers
haadrollen Ben Stiller
Robin Williams
byrollen Skyler Gisondo
Dan Stevens
Owen Wilson
Steve Coogan
Mizuo Peck
Ben Kingsley
Rami Malek
Patrick Gallagher
Rebel Wilson
Ricky Gervais
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 11 desimber 2014
foarm langspylfilm
sjenre fantasykomeedzjefilm
taal Ingelsk
spyltiid 97 minuten
budget en resultaten
budget $127 miljoen
opbringst $363,2 miljoen
filmsearje
filmsearje Night at the Museum
● foarich diel Night at the Museum: Battle
   of the Smithsonian
● folgjend diel Night at the Museum:
   Kahmunrah Rises Again

Night at the Museum: Secret of the Tomb is in Amerikaanske fantasykomeedzjefilm út 2014 ûnder rezjy fan Shawn Levy, mei yn 'e haadrollen Ben Stiller en Robin Williams. De titel betsjut "Nacht yn it Museum: It Geheim fan 'e Tombe". De film is it trêde en ôfslutende diel fan 'e Night at the Museum-filmtrilogy, en folget as sadanich op Night at the Museum, út 2006, en Night at the Museum: Battle of the Smithsonian, út 2009.

De plot ferfettet it ferhaal fan nachtwachter Larry Daley, dy't befreone rekke is mei de besjensweardichheden út it Amerikaansk Natoerhistoarysk Museum yn New York, dy't nachts op magyske wize ta libben komme. As it Tablet fan Ahkmenrah, dat ferantwurdlik is foar de magy, net mear goed funksjonearret, moat Larry nei it Britsk Museum yn Londen ta om help te freegjen oan 'e mummy fan farao Merenkahre, dy't it tablet yn 'e Egyptyske Aldheid meitsje litten hat.

Night at the Museum: Secret of the Tomb krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes, mar wie kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen. De film is opdroegen oan 'e neitins fan akteurs Robin Williams en Mickey Rooney, dy't allebeide ferstoaren nei't de opnamen dien wiene, mar foar't de film útkaam. Yn Night at the Museum-franchise gie nei Night at the Museum: Secret of the Tomb troch mei in reboot yn 'e foarm fan Night at the Museum: Kahmunrah Rises Again, in animaasjefilm fan Disney dy't yn 2022 útkaam.

Yn 1938 siket in mienskiplike Britsk-Amerikaanske argeologyske ekspedysje yn Egypte nei de grêftombe fan farao Ahkmenrah. De syktocht stiet ûnder lieding fan egyptologen Robert Fredericks, dy't foar it Amerikaansk Natoerhistoarysk Museum yn New York wurket, en Archibald Stanley fan it Britsk Museum yn Londen. By harren is ek de tsienjierrige C.J. Fredericks, de soan fan Robert, dy't by ûngelok troch it dak fan 'e ûndergrûnske tombe sakket as er weromrint nei syn heite auto. Dêr ûntdekt er it Tablet fan Ahkmenrah. Wylst de leden fan 'e ekspedysje úteinsette om 'e artefakten út 'e tombe feilich te stellen foar't de sânstoarm, dy't op kommendeweis is, de hiele tombe fol sân blaast, wurde se troch in pleatslike bewenner warskôge dat se it Tablet fan Ahkmenrah gewurde litte moatte, om't oars "de ein komme sil". De warskôging is oan dôvemansearen rjochte en de hiele tombe wurdt leechhelle. It Tablet fan Ahkmenrah en de mummy fan 'e farao bedarje yn it Amerikaansk Natoerhistoarysk Museum, wylst de mummys fan syn âldelju, farao Merenkahre en dy syn oarehelte, keninginne Shepseheret, nei it Britsk Museum geane.

Seisensantich jier letter, yn 2014, is Larry Daley nei syn eardere aventoeren (sjoch: Night at the Museum en Night at the Museum: Battle of the Smithsonian) noch altyd nachtwachter yn it Amerikaansk Natoerhistoarysk Museum, dêr't troch de magy fan it Tablet fan Ahkmenrah eltse nacht de museumstikken ta libben komme. Mei't hy de iennichste is dy't wit hoe't dat sit, is er ek it haad fan it nachtprogramma. Oaren, de museumlieding ynbegrepen, binne derfan oertsjûge dat de bewegende en pratende museumstikken aktivearre wurde troch yngewikkelde animatroanyske technology. It museum blykt in nij waaksen byld fan in Neändertaler yn 'e útstalling pleatst te hawwen, dat sprekkend op Larry liket. De nije Neändertaler hjit Laaa en identifisearret Larry, ta dy syn skrik, as heit.

As Larry in spektakelshow foar in publyk fan pommeranten tariedt ta gelegenheid fan 'e weriepening fan it ferboude Hayden Planetarium, in ûnderdiel fan it museum, wiist de mummy fan Ahkmenrah him derop dat it Tablet oantaast liket te wurden troch in nuveraardige soarte korroazje. Ahkmenrah hat sels gjin idee wat der oan 'e hân is, om't it tablet eins fan syn heit Merenkahre wie, dy't alle kennis dêroer strang geheim hold. Larry seit ta dêr de oare moarns daliks nei sjen te sillen. De spektakelshow rint lykwols út op in fiasko as de wurking tan it Tablet fan Ahkmenrah troch de korroazje beynfloede wurdt, mei as gefolch dat de museumstikken de behearsking oer harrensels ferlieze en de gasten de stupen op it liif jeie. Nei't er op 't langelêst eltsenien kalmearre hat, giet Larry nei hûs ta, dêr't er syn teenagesoan Nick trappearret op it jaan fan in feest foar al syn feonen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Om út te finen wat der mis is mei it Tablet fan Ahkmenrah, bejout Larry him de oare moarns nei it argyf fan it museum, dêr't er alles lêst wat der oer it artefakt bekend is. Hy fynt in foto fan 'e leden fan 'e ekspedysje út 1938, dêr't ek de jonge C.J. Fredericks op stiet. De argivaris identifisearre C.J. as Cecil Fredericks, dy't foàr Larry nachtwachter yn it museum wie. Dat, Larry siket Cecil op, dy't him fertelt oer de profesije fan 'e Egyptyske doarpeling dat "de ein komme sil". De beide mannen beseffe no dat de doarpeling it net oer de ein fan 'e wrâld hie, sa't doe tocht waard, mar oer de ein fan 'e magy fan it tablet. Fan Cecil komt Larry oan 'e weet dat de mummy fan Merenkahre yn it Britske Museum bedarre is. Dêrom bepraat er dr. McPhee, de haadkonservator fan it Amerikaansk Natoerhistoarysk Museum, dy't omreden fan it debakel mei de spektakelshow dien krigen hat, om kontakt op te nimmen mei it Britsk Museum, syn ûntslach te ferswijen en te beävensearjen dat Larry mei de it tablet en de mummy fan Ahkmenrah nei Londen kin om Merenkahre om rie te freegjen.

Dyselde deis noch, foar't it tablet fierder oantaast reitsje kin en ek foar't der in opfolger foar McPhee oansteld wurde kin dy't der in stokje foar stekt, reizget Larry ôf nei Londen mei de mummy en it tablet. Hy nimt ek syn soan Nick mei, dy't net los fertroud is, it stikeme feest fan justerjûn yn acht nommen. Oankommen by it Britsk Museum moatte se earst de praatske nachtwachter Tilly om 'e tún liede. As se dêrnei de ferrifeljend romme kiste iependogge, blike ta ferrassing en ek wol wat argewaasje fan Larry behalven de mummy fan Akhmenrah ek de waaksen bylden fan presidint Theodore Roosevelt, Attila de Hun en Laaa, it polyuretanen byld fan Sacajawea, de minatueren fan Jedediah de cowboy en Octavius de Romeinske sinturion en it opsette kapusynaapke Dexter meikommen te wêzen. Larry bepraat Laaa mei muoite fan 'e needsaak om 'e yngong fan it museum te bewekjen en nimt de rest fan 'e groep mei op 'e siik nei de egyptologyske ôfdieling.

De oanwêzigens fan it Tablet fan Ahkmenrah soarget der lykwols foar dat no de besjensweardichheden yn it Britsk Museum ta libben komme. As Larry-en-dy oanfallen wurdt troch it skelet fan in Triceratops-dinosaurus, wurde se rêden troch it waaksen byld fan Lancelot, de ridder fan 'e Rûne Tafel fan kening Arthur. Dyselde stiet derop om mei, om't it, njonken syn kweeste nei de Hillige Graal, ek syn ridderplicht is om minsken te helpen. By it gefjocht mei de Triceratops binne Jedediah en Octavius yn in fentilaasjeskacht rûgele, en Larry stjoert Dexter efter harren oan mei Nick syn mobile tillefoan op 'e rêch bûn. Se bedarje yn in skaalmodel fan 'e Romeinske stêd Pompeii, dêr't se op in hier nei omkomme by de útbarsting fan in lytse Fesuvius. Se wurde lykwols rêden troch Dexter, dy't harren behelpsum ûnderpisset.

Underwilens reitsje de oaren yn 'e tibetologyske ôfdieling slaande deilis mei it stânbyld fan in xiangliu, in Sineeske mearkoppige reuzeslange, dy't úteinlik troch Larry ferslein wurdt troch in AED te brûken. Geandewei de reis troch it museum begjinne de Amerikaanske museumstikken lykwols almar mear negative bywurkings te ûnderfinen fan 'e oantaasting fan it tablet, lykas ferstiivjende earms en it ferlies fan ûnthâld. As se einlings de egyptologyske ôfdieling berikke, wurdt Ahkmenrah dêre weriene mei syn heit Merenkahre en syn mem Shepseheret. Merenkahre, dy't mei tsjinnichheid de geheimen fan it tablet priisjout, ynformearret Larry dat de magy fan it artefakt fan Chonsû komt, de Egyptyske god fan 'e moanne. De korroazje wurdt feroarsake trochdat it te lang gjin moanneljocht opfongen hat. Larry moat it gau-gau nei bûten ta bringe, want as de korroazje it hiele tablet bedekt, is it foargoed dien mei de magy.

Dat, Larry sjocht dat er fuortkomt, mar ûnderweis nei de haadyngong fan it museum wurdt er oerfallen troch Lancelot, dy't himsels wysmakke hat dat it tablet de Hillige Graal is dêr't er al sa lang nei siket. Hy ûntstelt Larry it artefakt en ûntsnapt te hynder út it museum om triomfantlik werom te kearen nei Camelot, it kastiel fan kening Arthur. Larry wol de efterfolging ynsette, mar wurdt opholden troch Tilly de nachtwachter, dy't wekker wurden is fan alle trelit. Se slút him en Laaa op yn in kofjekeamer fan it personiel, mar se ûntkomme en Larry giet mei syn freonen dochs noch efter Lancelot oan, wylst Laaa efterbliuwt om Tilly te bewekjen, dy't no op har beurt opsletten is. Wylst de oaren fuort binne, begjinne Tilly en Laaa harren seksueel ta-inoar oantrokken te fielen.

Yn it moderne Londen rekket Lancelot al rillegau paadbjuster, oant er in grut gebou sjocht mei yn koweletters "CAMELOT" op 'e gevel. It docht bliken dat it in teäter is dêr't de musical Camelot opfierd wurdt, mei yn 'e haadrollen Hugh Jackman as kening Arthur en Alice Eve as keninginne Guinevere. Lancelot besiket de "Hillige Graal" oan "kening Arthur" te jaan, en Hugh Jackman moat prate as Brugman om him oan it ferstân te krijen dat dit in toanielstik is en dat Camelot, kening Arthur, Guinevere en Lancelot in leginde foarmje dy't nea echt bestien hat. Lancelot sit der raar ta as er dat einlings begrypt. Larry-en-dy helje him by en efterfolgje him nei it dak fan it teäter, dêr't de korroazje it hiele tablet oerdekt, mei as gefolch dat Roosevelt en Attilla wer yn waaks feroarje, Sacajawea, Jedediah en Octavius yn metaal, Dexter yn in dead bist en Ahkmenrah yn in tûzenen jierren âlde mummy. Inkeld Lancelot bliuwt ridlik ûnskeind om't dit de earste nacht is dat er ta libben komt en "nijbernen" neffens Merenkahre altyd sterker binne.

Larry praat op Lancelot yn en fertelt him dat er de njoggen bewegende dielen fan it tablet deselde kant út sette moat, sadat it moanneljocht de magy werombringe kin. Oars sille de museumstikken wier stjerre, en Lancelot úteinlik ek. Hy seit tsjin Lancelot dat hoewol't Camelot net echt is, Lancelot sels dat no troch de wurking fan it tablet wol is, en dat er no in echt libben libje kin. As er einlings en te'n lêsten foar it ferstân kriget dat it tablet net de Hillige Graal is, jout Lancelot it werom en Larry draait de dielen gelyk. It blykt noch krekt op 'e tiid te wêzen, en it ljocht fan 'e moanne driuwt de korroazje werom, sadat de magy rêden is. Alle museumstikken komme wer ta libben. Mei-inoar keare se werom nei it Britsk Museum.

Larry risselwearret om mei de Amerikaanske museumstikken halje-trawalje werom te gean nei New York, sadat se dêr yn it Amerikaansk Natoerhistoarysk Museum noch foar de pleatslike moarnsdage arrivearje sille. De Amerikaanske museumstikken hawwe lykwols ûnderwilens de koppen byinoar stutsen, en mei Theodore Roosevelt as wurdfierder fertelle se Larry dat se unanym besletten hawwe dat Ahkmenrah en it tablet yn Londen bliuwe moatte, sadat de jonge farao by syn âldelju wêze kin. Dat betsjut dat se sels nei thúskomst yn New York nea wer ta libben komme sille, mar dêr hawwe se frede mei. Ahkmenrah en Merenkahre betankje Larry foar syn help by it werienjen fan harren famylje, en Merenkahre ûnthjit Larry dat er him nei syn dea balsemje en mummifisearje litte sil troch syn organen derút te heljen en yn aparte fazen te bewarjen. Larry hellet Laaa by Tilly wei en ûnthjit har dat har saaie baan fan moarn ôf oan in hiel stik ynteressanter wurde sil.

Neitiid bringt Larry de Amerikaanske museumstikken werom nei it Amerikaansk Natoerhistoarysk Museum. Hy bringt in pear mominten mei elts fan harren troch om foargoed ôfskie te nimmen, foar't it ljocht wurdt en de magy ferdwynt. Dêrnei ferlit er it museum foar de lêste kear en soarget dat haadkonservator McPhee syn baan werom kriget troch sels de skuld op him te nimmen foar it fiasko by de iepening fan it Hayden Plantetarium.

Trije jier letter komt Tilly mei in tydlike eksposysje fan museumstikken fan it Britsk Museum nei it Amerikaansk Natoerhistoarysk Museum ta. Ien fan 'e tydlik útliende stikken is it Tablet fan Ahkmenrah. Yn it kantoar fan McPhee langet Tilly it tablet oer oan McPhee, dy't noch altyd net echt alles leaut dat Larry him ferteld hat. As Tilly him lykwols sjen lit hoe't it tablet wurket, is it bestean fan magy ek foar him net mear te ûntstriden. It museum komt dy jûns by it fallen fan it tsjuster wer as fan âlds ta libben, en de museumstikken bouwe in grut feest, dêr't Tilly weriene wurdt mei Laaa. Larry, dy't no in baan as learaar hat, sjocht ta fan oare kant strjitte en glimket foar't er trochrint.

Ben Stiller.
Robin Williams.
Mizuo Peck.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise     
Larry Daley Ben Stiller
it waaksen byld fan presidint Theodore Roosevelt Robin Williams


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Nick Daley Skyler Gisondo
it waaksen byld fan sir Lancelot Dan Stevens
Jedediah, in miniatuer fan in cowboy Owen Wilson
Octavius, in miniatuer fan in Romeinske sinturion Steve Coogan
it polyuretanen byld fan Sacajawea Mizuo Peck
de mummy fan farao Merenkahre Ben Kingsley
de mummy fan farao Ahkmenrah Rami Malek
it waaksen byld fan Attila de Hun Patrick Gallagher
Tilly, in nachtwachter yn it Britsk Museum Rebel Wilson
konservator McPhee fan it Amerikaansk Natoerhistoarysk Museum Ricky Gervais
de mummy fan keninginne Shepseheret Anjali Jay
Laaa, it waaksen byld fan in Neändertaler Ben Stiller
Madeline Phelps, foarsitter fan it bestjoer fan it Am. Natoerhist. Museum Rachael Harris
himsels Hugh Jackman
harsels Alice Eve
Tibetaanske garuda Robin Williams (allinne stim)
âld-nachtwachter Cecil Fredericks Dick Van Dyke (cameo)
de jonge Cecil Fredericks Percy Hynes White
argeolooch Robert Fredericks Brennan Elliott
argeolooch Archibald Stanley Matt Frewer
argivaris Rose Andrea Martin
de moai fan Peaske-eilân Brad Garrett (allinne stim)
âld-nachtwachter Gus Mickey Rooney (cameo)
âld-nachtwachter Reginald Bill Cobbs (cameo)
Dexter, in opset kapusynaapke Crystal the Monkey

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Night at the Museum: Secret of the Tomb waard regissearre troch Shawn Levy nei in senario fan Mark Friedman, David Guion en Michael Handelman. As produsinten wiene Levy, Chris Columbus en Mark Radcliffe by it projekt belutsen foar de filmstudio's 1492 Pictures, 21 Laps Entertainment en TSG Entertainment. Foar de film wie in budget beskikber fan $127 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Guillermo Navarro, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Alan Silvestri.

De opnamen foar Night at the Museum: Secret of the Tomb setten op 27 jannewaris 2014 útein en duorren oant yn maaie fan dat jier. It meastepart fan 'e sênes waard filme yn 'e Vancouver Film Studios yn it Kanadeeske Vancouver en yn 'e Mammoth Studios yn Burnaby, in foarstêd fan Vancouver. Party bûtendoarbylden waarden opnommen op 'e strjitte foar it Amerikaansk Natoerhistoarysk Museum yn New York, by it Britsk Museum yn Londen en op inkele oare lokaasjes yn 'e Britske haadstêd.

De distribúsje fan Night at the Museum: Secret of the Tomb waard fersoarge troch 20th Century Fox. De film gie op 11 desimber 2014 yn New York yn premiêre, en iepene dêrnei op 19 desimber yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 6 jannewaris 2015 by platemaatskippij Varèse Sarabande. Night at the Museum: Secret of the Tomb waard op 10 maart 2015 útbrocht op dvd en blu-ray.

Fan 'e filmkritisy krige Night at the Museum: Secret of the Tomb mingde resinsjes. Scott Foundas fan it tydskrift Variety wie posityf oer de film en hie fral lof foar it kamerawurk fan sinematograaf Guillermo Navarro. Yn The Village Voice, in krante út New York, skreau Stephanie Zacharek dat "it trêde diel […] wolris it bêste wêze koe, en sels de oer it algemien te oerdreaun aktearjende Ben Stiller […] is maklik te duldzjen." Claudia Puig fan USA Today parte de film 21/2 fan 4 stjerren ta. Se skreau: "Wylst de foargeande films healwiis en forsearre oanfielden, docht dit útstapke luchtiger oan, mear om fan te genietsjen en minder as is it der oan it hier byskuord." Joe McGovern fan it blêd Entertainment Weekly joech Night at the Museum: Secret of the Tomb in 8 op in skaal fan 1 oant 10, en skreau: "[De film] is eins wol fermaaklik," wat neffens him "net yn it lêste plak" te tankjen wie oan "de lju dy't derút sjogge as hiene se in protte wille by de produksje."

Peter Bradshaw fan 'e Britske krante The Guardian joech Night at the Museum: Secret of the Tomb 3 fan 5 stjerren en omskreau de film as in "fermaaklik surreälistyske, mearke-eftige fantasyfilm." Syn kollega Robbie Collin fan The Daily Telegraph parte de film ek 3 fan 5 stjerren ta. Neffens him ferskeat de film lykwols in protte fan syn krûd mei de prolooch mei de argeologyske opgraving yn 1938 yn Egypte. Hy skreau dat it "dreech is om net teloarsteld te wêzen as de plot weromskoot nei de tsjinstwurdige tiid […]".

Ignatiy Vishnevetsky fan The A.V. Club wie lau oer Night at the Museum: Secret of the Tomb, dy't neffens him foltroppe wie mei "flauwe grappen, ferwizings nei de popkultuer en bânfoarmingsmominten tusken heit en soan. Mei oare wurden: it is krekt it soarte film wêrfan't men net hoecht te ferwachtsjen dat er djipper op syn bizarre subteksten yngiet. Mar wat soe it in film west hawwe as er dat wol die." In foarbyld fan in resinsint dy't net folle fan Night at the Museum: Secret of the Tomb hawwe moast, wie Michael Rechtshaffen, dy't de film yn The Hollywood Reporter omskreau as "rynkrank". Neffens him "slagget it [de film] net om it komysk pontinsjeel" fan 'e "ferhuzing oer de grutte plasse nei it achtenearre Britsk Museum" wier te meitsjen. Noch planuter wie Richard Roeper fan 'e Chicago Sun-Times, dy't Night at the Museum: Secret of the Tomb yn syn resinsje hielendal ôfrinne liet en de film mar 1/2 fan 4 stjerren joech, û.m. om't er de dialooch "sentiminteel en faak pynlik ûngrappich" fûn en de special effects "sa min, dat se wol út 'e 1980-er jierren lykje te kommen".

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Night at the Museum: Secret of the Tomb in tuskenbeiden goedkarringspersintaazje fan 47%, basearre op 104 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Hoewol't de film syn mominten wol hat, is Night at the Museum: Secret of the Tomb in minder as ynspirearre ôfskie fan 'e trilogy." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Night at the Museum: Secret of the Tomb in goedkarringspersintaazje fan 47%, basearre op 33 resinsjes.

Night at the Museum: Secret of the Tomb brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $113,7 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $249,5 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $363,2 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $127 miljoen betsjut dat in winst fan $236,2 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Yn Noard-Amearika ûnderfûn Night at the Museum: Secret of the Tomb yn 'e bioskopen konkurrinsje fan The Hobbit: The Battle of the Five Armies en Penguins of Madagascar, dy't tagelyk draaiden.

Night at the Museum: Secret of the Tomb wûn de Kids' Choice Award yn 'e kategory favorite filmakteur (Ben Stiller). De film waard ek nominearre foar de Teen Choice Awards foar favorite komeedzjefilm en favorite komeedzjefilmakteur (Stiller).

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Night at the Museum (filmsearje)
Night at the Museum (2006) • Night at the Museum: Battle of the Smithsonian (2009) • Night at the Museum: Secret of the Tomb (2014) • Night at the Museum: Kahmunrah Rises Again (2022)