Night at the Museum (film)

Ut Wikipedy
Night at the Museum
Filmklapper.png film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
Night-at-the-museum-logo.svg
makkers
regisseur Shawn Levy
produsint Shawn Levy
Chris Columbus
Michael Barnathan
senario Thomas Lennon
Robert Ben Garant
basearre op The Night at the Museum
   fan Milan Trenc
kamerarezjy Guillermo Navarro
muzyk Alan Silvestri
filmstudio 20th Century Fox
1492 Pictures
Ingenious Film Partners
21 Laps Entertainment
distribúsje 20th Century Fox
spilers
haadrollen Ben Stiller
byrollen Robin Williams
Owen Wilson
Steve Coogan
Dick van Dyke
Carla Gugino
Mizuo Peck
skaaimerken
lân/lannen Flag of the United States.svg Feriene Steaten
Flag of the United Kingdom.svg Feriene Keninkryk
premiêre 17 desimber 2006
foarm langspylfilm
sjenre fantasykomeedzjefilm
taal Ingelsk
spyltiid 104 minuten
budget en resultaten
budget $110 miljoen
opbringst $574,5 miljoen
filmsearje
filmsearje Night at the Museum
● folgjend diel Night at the Museum: Battle
   of the Smithsonian

Night at the Museum is in Amerikaansk-Britske fantasykomeedzje en famyljefilm út 2006 ûnder rezjy fan Shawn Levy. De haadrol waard fertolke troch Ben Stiller, mei Robin Williams, Owen Wilson, Steve Coogan, Dick van Dyke, Carla Gugino en Mizuo Peck yn 'e wichtichste byrollen. De titel betsjut "Nacht yn it Museum". De film waard basearre op it berneboek mei likernôch deselde titel fan Milan Trenc, en foarmet it earste diel fan 'e filmtrilogy Night at the Museum. It ferhaal folget Larry Daley, de nije nachtwachter yn it Amerikaansk Natoerhistoarysk Museum yn New York, dy't ûntdekt dat by nacht alle útstalde besjensweardichheden yn it museum ta libben komme troch de wurking fan de Tafel fan Ahkmenrah, in magysk artefakt út 'e Egyptyske Aldheid. Night at the Museum krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy, mar wie in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. Yn 2009 kaam in ferfolchfilm út, mei de titel Night at the Museum: Battle of the Smithsonian.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

New Yorker Larry Daley is ien fan tolve ambachten en trettjin ûngelokken. Hy ferhuzet sa faak en feroaret sa geregeldwei fan baan, dat syn eks-frou Erica op 't lêst tsjin him seit dat harren tsienjierrige soan Nick yn 'e wykeinen mar net mear by him wenje moat, om't de ynstabiliteit fan Larry syn bestean net goed foar him is. Hoewol't de jonge it net sa tsjin him seit, makket Larry út syn praat op dat er mear opsjocht by syn styfheit Don as by Larry. Dat set Larry oan om einlings in stabile baan te sykjen. It arbeidsburo stjoert him op sollisitaasjepetear nei it Amerikaansk Natoerhistoarysk Museum. Dêr fertelt de âlde nachtwachter Cecil Fredericks him dat it needlijende museum derfoar keazen hat om himsels en twa oare nachtwachters op jierren, Reginald en Gus, ôf te tankjen en te ferfangen troch ien jongere nachtwachter: Larry.

Nettsjinsteande Larry syn problematyske wurkskiednis wurdt er troch it museum oannommen. Cecil jout him in steapeltsje hânskreaune papierren mei ynstruksjes en lit him dan oan syn lot oer, mar net foar't er him warskôge hat dat it net inkeld syn taak is om neat it museum yn te litten, mar fral ek om neat it museum út te litten. Larry nimt syn nije baan net al te earnstich en dodzet dy nachts by de baalje yn 'e lobby fuort. As er wekker wurdt, ûntdekt er dat ûnderwilens alle útstalde besjensweardichheden yn it museum ta libben kommen binne, wêrûnder in boartlik skelet fan in Tyrannosaurus rex, dat him hâldt en draacht as wie it in hûn, eat dat Larry pas útfynt nei't it ding him de stupen op it liif jage hat.

Oare museumbewenners mei wa't Larry yn 'e kunde komt, binne it ûndogenske opsette kapusynaapke Dexter, dat him syn ynstruksjes ûntstelt; de rivalisearjende miniatuerbeskavings fan it Wylde Westen en it Romeinske Ryk, oanfierd troch de cowboy Jedediah en de senturion Octavius; it gefaarlike waaksen byld fan Attila de Hun, dy't Larry de lidden út 'e lea skuorre wol; in moai (reuseftige stiennene kop) fan Peaske-eilân, dy't obsedearre is troch it kôgjen fan kaugom; it brûnzen stânbyld fan Kristoffel Kolumbus; in polyuretanen byld fan 'e Yndiaanske gids Sacajawea; en it waaksen byld fan 'e Amerikaanske presidint Theodore Roosevelt. Dy lêste leit Larry út dat sûnt yn 1952 de magyske goudene tafel fan 'e Egyptyske farao Ahkmenrah yn it museum brocht is, de hiele ynboel nachts ta libben komt. As besjensweardichheden út it museum lykwols noch bûten de muorren fan it museum binne as de sinne opkomt, falle se yn stof útinoar. Roosevelt seit ta Larry diskear helpe te sillen om regaad te meitsjen yn 'e gaos dy't er troch syn ûntwittendheid ûntstean litten hat, mar tenei moat er himsels rêde.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

De oare moarns tsjinnet Larry syn ûntslach yn om't er net sit te wachtsjen op in baan dy't libbensbedriigjend is. Foar de treppens fan it museum treft er lykwols Nick, dy't ûnderweis is nei skoalle. De jonge is sa entûsjast dat syn heit yn it museum wurket, dat er suver net wachtsje oant er Larry ris oan it wurk sjen kin. Nei dy moeting beseft Larry dat er der net foar wei kin, dat hy giet wer nei Cecil om syn ûntslach werom te nimmen. Hy freget Cecil om nije ynstruksjes, mar de âldman riedt him oan om ynstee ris wat skiednisboeken iepen te slaan en oer de besjensweardichheden yn it museum te learen; dêr sil er perfoarst mear oan hawwe. De basis foar syn nije kennis ûntlient Larry letter dy moarn as er in rûnlieding folget dy't troch de oantreklike museumgids Rebecca Hutman oan in klasse skoalbern jûn wurdt. As er mei har oan 'e praat rekket, fertelt se him dat se in proefskrift oer Sacajawea skriuwt mar it gefoel hat dat se út 'e skiednisboeken net genôch helje kin om har ûnderwerp wier te begripen. Neitiid set Larry nei de bibleteek ta, dêr't er de rest fan syn frije tiid middenmank de skiednisboeken trochbringt.

Dy nachts brûkt Larry wat er oer de besjenweardichheden leard hat om it spul better ûnder kontrôle te hâlden. Sa hat er kaugom meinommen foar de moai, in radiografysk bestjoerbere auto dêr't de Tyrannosaurus rex efteroan jeie kin en boartersguodkaaien om troch Dexter stelle te litten, sadat er net wer sûnder syn echte kaaien komt te sitten. De boel rint lykwols op 'e nij yn it hûndert as Larry syn gûcheldertrúks de byleauwige Attila de Hun allinne mar lulker meitsje, en Dexter him dochs noch te fiter hat en mei syn stellen kaaien alle opsette bisten frijlit. De Neändertalers, dy't oanhâldend besykje om fjoer te meitsjen en dy't Larry dêrom in oanstekker jûn hat, sette harsels dêrmei yn 'e brân. Nei't Larry it fjoer mei in brânblusser útmakke hat (mei as gefolch dat de hiele Neändertalerfoarstelling fol skom leit, ûntkomt boppedat ien fan 'e Neändertalers troch in finster dat troch Dexter iepenset is. Larry ûntdekt dat te let, en as er by sinne-opgong bûtendoar komt, feroaret de Neändertaler foar syn eagen yn in bultsje stof.

De oare moarns is de knoffelige Britske konservator McPhee, dy't de deistige lieding oer it museum hat, poer as er de gaos yn 'e Neändertalerfoarstelling sjocht. Krekt as Nick mei in pear skoallefreontsjes de lobby fan it museum ynkomt, jout McPhee syn heit dien. Teloarsteld en fernedere jout Nick him ôf, sûnder dat Larry sels mar troch hat dat er der wie. Neitiid freget en kriget Larry fan McPhee noch in lêste kâns. As er fan syn eks-frou heart wat der mei Nick oan 'e hân is, set er nei har hûs ta. Hy fertelt Nick oer wat der nachts yn it museum bart en ûnthjit him om him dy jûns mei nei syn wurk te nimmen. Letter biedt er museumgids Rebecca in moeting mei Sacajawea oan, mar sy mient dat er de gek mei har hat, en rint lulk fuort.

As Larry en Nick dy nachts yn it museum binne, komme de besjensweardichheden net ta libben. Nick mient dat syn heit him foarliigd hat, mar as se yn 'e kelder fan it gebou leven gewaarwurde, ûntdekke se Cecil, Gus en Reginald, dy't de Tafel fan Ahkmenrah en alle oare goudene foarwerpen út it museum oan it stellen binne. Se hawwe ien fan 'e panielen fan 'e tafel iepenklapt, sadat de magy net wurket. Larry en Nick stelle de tafel werom en as Nick it paniel tichtklapt, komt, lykas oare nachten, it hiele museum ta libben, krekt sa't syn heit sein hie. Wylst Nick útnaait mei de Tafel fan Ahkmenrah, fertelt Cecil oan Larry dat de magy fan it artefakt ek nije fitaliteit oan 'e trije âlde nachtwachters jout. Sy binne net fan doel om dat op te jaan, dat doe't dúdlik waard dat se ûntslein wurde soene, binne se begûn mei plannen meitsjen foar in ynbraak. Se binne fan doel om safolle kostberheden te stellen dat se earne yn it bûtenlân fan in soargeleaze âlde dei genietsje kinne. En se wolle Larry foar de dieverij opdraaie litte.

Nei in efterfolging troch it museum slút Cecil Larry en Nick op yn Egyptyske seal en nimt de Tafel fan Ahkmenrah werom. Larry lit de mummy fan 'e jonge farao foar it earst yn mear as fyftich jier út syn sarkofaach. Ahkmenrah blykt goed Ingelsk te sprekken om't er jierrenlang tentoansteld is oan 'e Universiteit fan Cambridge. Hy helpt Larry en Nick om te ûntsnappen troch ien fan 'e fiif meter hege jakhalzebylden dy't syn sarkofaach bewekje, opdracht te jaan it traaljestek foar de yngong fan 'e seal wei te skoppen. As se trijeresom yn 'e lobby fan it museum komme, treffe se dêr alle oare besjensweardichheden yn ûnderling gefjocht oan. Attila de Hun komt mei syn mannen wer efter Larry oan, mar Larry begrypt no dat de kriichshear as bern in psychologysk trauma trochmakke hat dat syn moardsuchtigens ferklearret. Nei't er him helpt it trauma te ferwurkjen, docht bliken dat Attila eins bêst in aardige keardel is. Mei help fan 'e moai wit Larry de oandacht fan alle oare besjensweardichheden te lûken, dy't er yn in fjurrige taspraak opropt om op te hâlden mei harren rûzjesykjen en ynstee gear te wurkjen. Want no't Cecil mei de Tafel fan Ahkmenrah útpykt is, stiet it fuortbestean fan har allegear op it spul. Op dy wize wit er harren meiwurking te krijen.

Attila de Hun en syn mannen witte Gus op te spoaren en finzen te nimmen, wylst Kristoffel Kolumbus mei help fan 'e Neändertalers Reginald yn 'e hechten set. Cecil sil mei syn bestelbuske útnaaie, mar Jedediah en Octavius hawwe mei de oare miniatueren út it Wylde Westen en de Romeinske Tiid de luchtbannen leechrinne litten. Dêrop ûntkomt Cecil mei in postkoets, wêrby't er op in hier nei Sacajawea oerriidt. Theodore Roosevelt, dy't al mear as fyftich jier temûk fereale op har is, triuwt har lykwols krekt op 'e tiid oan 'e kant. Hy wurdt dêrtroch sels oerriden, sadat syn torso fan syn skonken skaat wurde. Underwilens efterfolgje Larry, Nick, Ahkmenrah, Jedediah, Octavius en de Tyrannosaurus rex de postkoets fan Cecil troch Central Park, oant se him úteinlik ynhelje en de Tafel fan Ahkmenrah weromstelle.

Jedediah en Octavius, dy't yn 'e radiografysk bestjoerbere auto ride, krije by de efterfolging in ûngemak, mar oerlibje dat. De beide dielen fan Roosevelt kinne, om't er fan waaks is, troch Sacajawea maklik wer oaninoar plakt wurde troch hjitte waaks út in brânende kjers yn syn 'wûne' drippe te litten. Larry skillet Rebecca op en hjit har om yn it museum te kommen; as se dêr arrivearret, is se ferbjustere dat alles dat er har earder dy dei ferteld hie, wier is. Larry bringt har yn 'e kunde mei Sacajawea, mei wa't se neitiid oerenlang praat.

De oare deis binne der op alle tillefyzjestjoerders nijsferslaggen oer it Amerikaansk Natoerhistoarysk Museum. Sa binne der yn it park foar it museum poatôfdrukken fan in Tyrannosaurus rex yn 'e snie fûn, wylst der grotskilderings fan Neändertalers yn it metrostasjon by it museum oantroffen binne. McPhee ûntslacht Larry no foargoed en nimt syn kaaien en bûslampe yn, wêrnei't er him nei bûten ta begeliede sil. As se yn 'e lobby komme, stiet de hiele romte lykwols smoarfol minsken dy't troch alle berjochtjouwing yn 'e nijsbulletêns entûsjast wurden binne om it museum besykjen. Nei't er it hear eekes oereage hat, jout McPhee sûnder wat te sizzen de kaaien en bûslampe werom oan Larry, dy't se ek sûnder wat te sizzen oannimt.

Dy jûns fiere de besjenweardichheden feest yn it museum. Underwilens hawwe se yn oerlis mei Larry besletten om Cecil, Gus en Reginald net by de plysje oan te jaan om't dat útlis ferget dy't nimmen leauwe soe. Dat ynstee moatte de trije mannen yn it museum oan it wurk as skjinmakkers.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
nachtwachter Larry Daley Ben Stiller


byrollen
personaazje akteur/aktrise
it waaksen byld fan presidint Theodore Roosevelt Robin Williams
Jedediah, in miniatuer fan in cowboy Owen Wilson
Octavius, in miniatuer fan in Romeinske senturion Steve Coogan
nachtwachter Cecil Fredericks Dick van Dyke
museumgids Rebecca Hutman Carla Gugino
it polyuretanen byld fan Sacajawea Mizuo Peck
nachtwachter Reginald Bill Cobbs
nachtwachter Gus Mickey Rooney
Nick Daley, Larry syn soan Jake Cherry
konservator McPhee Ricky Gervais
it waaksen byld fan Attila de Hun Patrick Gallagher
de mummy fan farao Ahkmenrah Rami Malek
it brûnzen byld fan Kristoffel Kolumbus Pierfrancesco Favino
Erica Daley, Larry syn eks-frou Kim Raver
Don, Erica har ferloofde Paul Rudd
Debbie Anne Meara
it waaksen byld fan in Neändertaler #1 Kerry van der Griend
it waaksen byld fan in Neändertaler #2 Dan Rizzuto
it waaksen byld fan in Neändertaler #3 Matthew Harrison
it waaksen byld fan in Neändertaler #4 Jody Racicot
it waaksen byld fan Meriwether Lewis Martin Christopher
it waaksen byld fan William Clark Martin Sims
it waaksen byld fan in Hunske kriger #1 Randy Lee
it waaksen byld fan in Hunske kriger #2 Darryl Quon
it waaksen byld fan in Hunske kriger #3 Gerald Wong
it waaksen byld fan in Hunske kriger #4 Paul Chih-Ping-Cheng
stim fan 'e moai fan Peaske-eilân Brad Garrett
Dexter, in opset kapusynaapke Crystal the Monkey

Produksje en distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Night at the Museum waard regissearre troch Shawn Levy nei in senario fan Thomas Lennon en Robert Ben Garant. Dat wie basearre op it berneboek The Night at the Museum, fan 'e Kroätysk-Amerikaanske yllustrator Milan Trenc út 1993. As produsinten wiene Shawn Levy, Chris Columbus en Michael Barnathan by it projekt belutsen foar de filmstudio's 20th Century Fox, 1492 Pictures, Ingenious Film Partners en 21 Laps Entertainment. De film wie dêrmei in Amerikaansk-Britske ko-produksje, dêr't in budget foar beskikber wie fan $110 miljoen.

De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Guillermo Navarro, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Alan Silvestri. De opnamen fûnen foar it meastepart plak yn Burnaby, in foarstêd fan Vancouver yn 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia. Dêr waard yn in studio it ynterieur fan it Amerikaansk Natoerhistoarysk Museum yn New York neiboud. It echte museum waard inkeld brûkt foar inkele eksterne shots.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan Night at the Museum waard fersoarge troch 20th Century Fox. De film gie op 17 desimber 2006 yn New York yn premiêre, wêrnei't er op 22 desimber yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten iepene en op 26 desimber yn dy yn it Feriene Keninkryk. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 19 desimber by platemaatskippij Varèse Sarabande. Night at the Museum waard op 23 april 2007 útbrocht op dvd en blu-ray.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 'e filmkritisy krige Night at the Museum mingde resinsjes. Sa skreau Justin Chang yn it tydskrift Variety: "Dit balstjurrige en ekstravagante barren yn 'e styl fan Jumanji is in galery fan special effects op 'e siik nei in ferhaal; selden hat sa'n protte produksjewearde sa bytsje opbrocht op it mêd fan ynteresse by it publyk." Mar yn 'e Seattle Post-Intelligencer skreau William Arnold dat de film "besiket om it gesinspublyk te ymponearjen en yn ferfiering te bringen mei alle pracht en preal fan 'e minsklike en natuerlike histoarje, en dat is in ferrassend weardige ambysje foar in Hollywood-komeedzje."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Night at the Museum in ûndergemiddeld goedkarringspersintaazje fan 43%, basearre op 138 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Aldelju kinne dit in aventoer smoarfol spektakel neame of in oerflakkich en flau special effects-feest, ôfhinklik fan 'e fraach oft se [de film] op itselde nivo omearmje sille as harren bern." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Night at the Museum in goedkarringspersintaazje fan 48%, basearre op 28 resinsjes.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Opbringst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Night at the Museum brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $250,9 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $323,6 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $574,5 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $110 miljoen betsjut dat in winst fan $464,5 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie de film in grut kommersjeel súkses en de op fjouwer nei meast opbringende film fan 2006.

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Night at the Museum waard nominearre foar in Saturn Award foar bêste fantasyfilm, in Kids' Choice Award foar favorite film, in MTV Movie Award foar bêste komyske optreden (foar Ben Stiller), twa Teen Choice Awards foar favorite komeedzjefilm en favorite akteur yn in komeedzjefilm (Ben Stiller) en in Young Artist Award foar bêste optreden fan in jonge akteur (10 jier of jonger) yn in spylfilm (Jake Cherry).

Ferfolchfilms[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It súkses fan Night at the Museum late ta it ûntstean fan 'e mediafranchise Night at the Museum. Der waarden twa ferfolchfilms makke: Night at the Museum: Battle of the Smithsonian (2009) en Night at the Museum: Secret of the Tomb (2014). Yn augustus 2019 kundige The Walt Disney Company oan dat der in kompjûteranimearre remake fan Night at the Museum yn 'e maak wie foar harren nije streamingtsjinst Disney+.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.