Night at the Museum (franchise)

Ut Wikipedy
Night at the Museum
betinker Milan Trenc
eigner 20th Century Fox
lân Feriene Steaten
begjinjier 1993
films
langspylfilms live action:
Night at the Museum
Night at the Museum: Battle
   of the Smithsonian

Night at the Museum: Secret
   of the Tomb

animaasje:
Night at the Museum:
   Kahmurah Rises Again
teäter
toanielstikken Night at the Museum
literatuer
romans The Night at the Museum
Another Night at the Museum
muzyk
soundtracks Night at the Museum
Night at the Museum: Battle
   of the Smithsonian

Night at the Museum: Secret
   of the Tomb

Night at the Museum is in Amerikaanske mediafranchise fan it fantasysjenre oer it Amerikaansk Natoerhistoarysk Museum yn New York, dêr't de tentoanstelde saken nachts ta libben komme. De franchise is basearre op it berneboek The Night at the Museum fan 'e Kroätyske yllustrator Milan Trenc, út 1993, en waard wrâldwiid popularisearre troch de film Night at the Museum, út 2006, mei Ben Stiller yn 'e haadrol as folle pleage nachtwachter. De franchise is eigendom fan 'e filmstudio 20th Century Fox, dat in dochterûndernimming fan Disney is.

Boeken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Night at the Museum[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Night at the Museum ("De Nacht yn it Museum") is in 32 bledsiden tellend Ingelsktalich berne- en printeboek fan 'e Kroätyske yllustrator Milan Trenc mei it ISBN 0 81 20 64 003. It waard yn 1993 útjûn troch Barron's Educational Series. The Night at the Museum giet oer Hector, de nije nachtwachter yn it Amerikaansk Natoerhistoarysk Museum yn New York, dy't ûntdekt dat nei tsjuster de dinosaurusskeletten yn it museum ta libben komme, en dat it syn taak net is om 'e ynhâld fan it museum te befeiligjen tsjin 'e bûtenwrâld, mar om 'e bûtenwrâld te befeiligjen tsjin 'e ynhâld fan it museum. (Yn 'e werútjefte fan 2007 waard yn dit boek nachtwachter Hector omneamd ta Larry, sa't er yn 'e films ek hjit.)

Night at the Museum: The Junior Novelization[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei it súkses fan 'e film Night at the Museum, út 2006, ferskynde datselde jiers noch in 'ferboeking' fan 'e film, dy't ek sjoen wurde kin as in útwreiding fan it berneboek. It resultaat wie de roman foar jongfolwoeksenen Night at the Museum: The Junior Novelization, mei 128 bledsiden, skrean troch Leslie Goldman (ISBN 0 76 41 35 767).

Another Night at the Museum[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Another Night at the Museum (ISBN 978-0 80 50 89 486) is in twadde Ingelsktalich berne- en printeboek fan Milan Trenc, dat it ferfolch is op syn The Night at the Museum. It ferskynde yn 2013 by útjouwerij Christy Ottaviano Books. It telt 32 bledsiden en giet wer oer Larry, de nije nachtwachter fan it Amerikaansk Natoerhistoarysk Museum, dy't ek op syn twadde nacht yn it museum wer te meitsjen kriget mei ta libben kommende museumstikken.

Films[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Night at the Museum[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Wikipedy hat ek in side Night at the Museum (film).

Yn Night at the Museum wurdt Larry Daley (Ben Stiller), in skieden heit fan in jonge soan, oannommen as de nije nachtwachter yn it Amerikaansk Natoerhistoarysk Museum yn New York. Hy ûntdekt dat de útstalde besjensweardichheden yn it museum nei tsjuster ta libben komme troch de wurking fan 'e Tafel fan Ahkmenrah, in magysk artefakt út 'e Egyptyske Aldheid. Wylst Larry yn 'e kunde komt mei waaksen bylden fan û.o. presidint Theodore Roosevelt (Robin Williams) en de Yndiaanske gids Sacajawea (Mizuo Peck) en mei ûnderling oarlogjende minitueren út 'e Romeinske Tiid en it Wylde Westen, hat syn foargonger as nachtwachter C.J. Fredericks (Dick Van Dyke) snoade plannen om misbrûk te meitsjen fan Larry syn gebrek oan ûnderfining.

Night at the Museum waard regissearre troch Shawn Levy nei in senario fan Thomas Lennon en Robert Ben Garant. De film gie op 17 desimber 2006 yn premiêre, en brocht $575,5 miljoen op tsjin in budget fan $110 miljoen.

Night at the Museum: Battle of the Smithsonian[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Wikipedy hat ek in side Night at the Museum: Battle of the Smithsonian.

Yn Night at the Museum: Battle of the Smithsonian binne de besjensweardichheden út it Amerikaansk Natoerhistoarysk Museum foar it meastepart opslein yn 'e Federale Argiven fan it Smithsonian Ynstitút yn Washington, D.C., om't se yn it museum ferfongen binne troch holografyske ynformaasjeapparaten. Ald-nachtwachter Larry Daley (Ben Stiller) wurdt troch syn freonen opskille as de boasaardige farao Kahmunrah (Hank Azaria) de Tafel fan Ahkmenrah brûke wol om 'e wrâld te feroverjen, en Ivan de Ferskriklike (Christopher Guest), Napoleon Bonaparte (Alain Chabat) en Al Capone (Jon Bernthal) ynset om dat mooglik te meitsjen. Mei help fan û.o. Theodore Roosevelt (Robin Williams), Sacajawea (Mizuo Peck), Amelia Earhart (Amy Adams) en de miniatueren Jedediah (Owen Wilson) en Octavius (Steve Coogan) moat Larry de plannen fan Kahmunrah sjen te dwerseidzjen.

Night at the Museum: Battle of the Smithsonian waard ek regissearre troch Shawn Levy nei in senario fan Thomas Lennon en Robert Ben Garant. De film gie op 22 maaie 2009 yn premiêre, en brocht $413,1 miljoen op tsjin in budget fan $150 miljoen.

Night at the Museum: Secret of the Tomb[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Wikipedy hat ek in side Night at the Museum: Secret of the Tomb.

Yn Night at the Museum: Secret of the Tomb is Larry Daley (Ben Stiller) al wer jierren nachtwachter yn it Amerikaansk Natoerhistoarysk Museum yn New York. De útstalde besjensweardichheden binne syn bêste freonen wurden, en de skrik slacht Larry dan ek om it hert as bliken docht dat de magy fan 'e Tafel fan Ahkmenrah begjint te haperjen. Om 'e krêften fan 'e Tafel te fernijen, moat Larry de farao Ahkmenrah (Rami Malek) mei sarkofaach en al meinimme nei it Britsk Museum yn Londen, dêr't syn âlden Merenkahre (Ben Kingsley) en Sjepseheret (Anjali Jay) har befine. Theodore Roosevelt (Robin Williams), Sacajawea (Mizuo Peck), Jedediah (Owen Wilson), Octavius (Steve Coogan) en ferskate oaren reizgje as fersteklingen mei.

Night at the Museum: Secret of the Tomb waard fannijs regissearre troch Shawn Levy nei in senario fan David Guion en Michael Handelman. De film gie op 11 desimber 2014 yn premiêre, en brocht $363,2 miljoen op tsjin in budget fan $127 miljoen.

Tekenfilms[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Night of the Museum: Kahmunrah Rises Again[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Wikipedy hat ek in side Night of the Museum: Kahmunrah Rises Again.

Night of the Museum: Kahmunrah Rises Again is in lange tekenfilm, dy't oer Nick Daley (Joshua Bassett) giet, de soan fan Larry (Zachary Levi). Hy folget yn syn heite fuotstappen troch nachtwachter te wurden yn it Amerikaansk Natoerhistoarysk Museum. De earste jûns makket er daliks al de flater om 'e boasaardige farao Kahmunrah (Joseph Kamal) frij te litten. Hy wit dyselde lykwols te ferslaan mei de help fan 'e ta libben kommen bylden fan Theodore Roosevelt (Thomas Lennon), Sacajawea (Kieran Sequoia), Jeanne d'Arc (Alice Isaaz), Attila de Hun (Alexander Salamat) en de Neändertaler Laaa (Zachary Levi), de miniatueren fan Jedediah de cowboy (Steve Zahn) en Octavius de Romeinske sintuerion (Jack Whitehall), en it opsette kapusynaapke Dexter.

Nei't healwei de 2010-er jierren 20th Century Fox oernommen wie troch The Walt Disney Company, waard besletten om in reboot fan Night at the Museum te meitsjen yn 'e foarm fan in kompjûteranimearre tekenfilm. Dit projekt waard yn augustus 2019 oankundige troch Bob Iger, de algemien direkteur fan Disney. Night of the Museum: Kahmunrah Rises Again waard op 9 desimber 2022 eksklusyf fia de streamingtsjinst Disney+ útbrocht.

Musical[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 2 april 2020 makke komponist Alan Menken bekend dat er wurke oan in toanieladaptaasje fan Night at the Museum. It stik, dat de foarm fan in musical krije moat, wie neffens regisseur Shawn Levy mids septimber 2020 al "oardel jier" ûnderweis. It hie lykwols slimme fertraging oprûn troch de koroanapandemy, mei't alle oerlis fia byldbeljen plakfine moast.

Muzyk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De folgjende soundtrackalbums ferskynden yn it ramt fan 'e Night at the Museum-franchise:

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Night at the Museum (filmsearje)
Night at the Museum (2006) • Night at the Museum: Battle of the Smithsonian (2009) • Night at the Museum: Secret of the Tomb (2014) • Night at the Museum: Kahmunrah Rises Again (2022)