Springe nei ynhâld

Jon Bernthal

Ut Wikipedy
Jon Bernthal
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte nammeJonathan Edward Bernthal
nasjonaliteit Amerikaansk
berne20 septimber 1976
berteplakWashington, D.C.
etnisiteit Joadsk
jierren aktyf1994 – no
offisjele webside
Jon Bernthal op Twitter

Jon Bernthal (folút: Jonathan Edward Bernthal; Washington, D.C., 20 septimber 1976) is in Amerikaansk toaniel-, tillefyzje- en filmakteur, dy't syn karriêre yn 'e 1990-er jierren úteinsette mei lytse roltsjes yn toanielstikken. Fan 2002 ôf wied er ek op 'e tillefyzje en it wite doek te sjen. Bernthal briek yn 2010 troch mei syn rol as Shane Walsh yn 'e sombysearje The Walking Dead. Neitiid spile er yn films as The Wolf of Wall Street, Fury, Sicario, The Accountant, Wind River en Widows. Yn 2015 waard Bernthal cast yn 'e rol fan 'e superheld The Punisher, dy't er spile yn 'e tillefyzjesearjes Daredevil en The Punisher.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bernthal waard yn 1976 berne yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C., as de soan fan Eric Lawrence "Rick" Bernthal, in abbekaat en foarsitter fan The Humane Society of the United States (de Amerikaanske bistebeskerming), en dy syn frou Joan Lurie Marx. Hy is sawol fan heite- as fan memmekant fan etnysk Joadsk komôf. Syn pake oan heitekant wie musikus en heechlearaar Murray Bernthal. Jon Bernthal hat twa bruorren, Nicholas, in ortopedist en heechlearaar oan 'e Universiteit fan Kalifornje, Los Angeles (UCLA), en Thomas, in tillefyzjeprodusint dy't foarhinne foar it nijsprogramma fan 'e stjoerder NBC wurke. Adam Schlesinger, lietsjeskriuwer en basgitarist fan 'e band Fountains of Wayne, is in folle neef fan Bernthal.

Jon Bernthal groeide op yn it plak Cabin John, yn Marylân, in foarstêd fan Washington, D.C. Hy folge dêr middelber ûnderwiis oan 'e Sidwell Friends School, dêr't er nei eigen sizzen bekend stie as ûnrêststoker. Nei't er yn 1995 foar syn eineksamens slagge wie, learde Bernthal troch oan it Skidmore Kolleezje yn Saratoga Springs, yn 'e steat New York. Syn oplieding dêre makke er lykwols net ôf. Op advys fan Alma Becker, syn dosinte aktearjen op Skidmore, skreau Bernthal him ynstee yn oan it Teäter foar de Keunsten yn 'e Russyske haadstêd Moskou. Under syn ferbliuw yn Ruslân spile er profesjoneel honkbal. Yn Ruslân waard Bernthal ûntdutsen troch de útfierend direkteur fan it Ynstitút foar Foardere Teätertraining fan 'e Universiteit fan Harvard. Dy helle him werom nei de Feriene Steaten, dêr't er in nije oplieding begûn oan it Amerikaansk Rippertwaarteäter yn Cambridge yn Massachusetts. Bernthal studearre dêr ôf yn 2002, wêrnei't er nei New York-Stêd ferfear om in karriêre op te bouwen.

Aktearkarriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bernthal hie syn earste beteljende roltsje as akteur yn 1994 yn it toanielstik Scenes from the New World. Neitiid fertolke er rollen yn ferskate toanielstikken, wêrûnder dy fan Molière yn Cher Molière (1999), dy fan Sancho Panza yn Man of La Mancha (2000), en dy fan Lodovico yn Shakespeare syn Otello (2001). Nei 2002 soed er noch yn mear as tritich oare toanielstikken spylje, sawol ferspraat troch de Feriene Steaten ("regionaal", yn it Amerikaanske teäterjargon) as off-Broadway.

Nei't er him yn 2002 yn New York fêstige hie, makke Bernthal datselde jiers noch syn debút op it wite doek mei in lyts roltsje yn Mary/Mary. Syn oare iere filmrollen, yn Tony n' Tina's Wedding (2004) en Revenge of the Middle-Aged Woman (2004), hiene ek net folle om 'e hakken. Yn deselde tiid wie Bernthal ek yn in stikmannich gastrollen yn tillefyzjesearjes te sjen, te begjinnen mei in ôflevering út 2002 fan 'e plysjesearje Law & Order: Criminal Intent. Ek spile er yn ôfleverings fan û.m. de plysjesearjes Without a Trace, CSI: Miami en Law & Order: Special Victims Unit, it rjochtbankdrama Boston Legal en de komeedzjesearje How I Met Your Mother.

Bernthal ferfear yn 2006 nei Los Angeles. Dêr bemachtige er syn earste fêste rol yn in tillefyzjesearje, nammentlik dy fan Duncan Carmello yn 'e rige The Class, dy't lykwols yn 2007 stopset waard. In oare fêste rol hie Bernthal fan 2009 oant 2010 as Raymond Gardener yn 'e searje Eastwick. Ek spile er yn deselde snuorje yn in gastrol yn 'e searjes Numb3rs en The Pacific. Fierders wied er te sjen yn films as World Trade Center (2006) fan regisseur Oliver Stone, Day Zero (2007), en as maffiabaas Al Capone yn 'e komeedzjefilm Night at the Museum: Battle of the Smithsonian (2009).

Jon Bernthal (m.) yn april 2016 op 'e Emerald City Comic Con.

De trochbraak kaam foar Bernthal yn 2010, doe't er cast waard yn 'e rol fan Shane Walsh, yn 'e sombysearje The Walking Dead, dy't basearre wie op 'e striprige mei deselde namme. Hy fertolke dy rol oant er de searje yn 2012 ferliet, hoewol't er yn 2018 nochris weromkearde. Bernthal waard foar de rol fan Shane Walsh nominearre foar in Scream Award yn 'e kategory 'trochbraakoptreden fan in akteur'. Neitiid hied er in gastrol yn Harry's Law en wied er as stimakteur belutsen by de produksje fan twa ôfleverings fan 'e animaasjesearje Robot Chicken. Yn 2013 hie Bernthal de haadrol fan Joe Teague yn Mob City, in plysjesearje oer in resjersjeur yn it korrupte Los Angeles fan 'e 1940-er jierren, mar dy rige waard nei ien seizoen al stopsetten.

Op it wite doek wie Bernthal yn 2010 te sjen yn 'e skriller The Ghost Writer, fan regisseur Roman Polanski. Yn 2011 hie Bernthal in rol yn 'e toanielpremiêre fan 'e swarte komeedzje Small Engine Repair, dêr't er fan alle kanten lof foar taswaaid krige en ek foar nominearre waard foar in Ovation Award. Doe't it toanielstik nei de premiêre fierder gie yn it off-Broadway MCC Theater yn New York, moast Bernthal fanwegen filmferplichtings ferstek gean litte, en waard er ferfongen troch James Badge Dale. Bernthal spile neitiid yn 'e films Rampart (2011), mei Woody Harrelson, it misdiedrame Snitch (2013), mei Dwayne Johnson (The Rock) en Susan Sarandon, en de sportkomeedzje Grudge Match (2013), mei Robert De Niro, Sylvester Stallone en Kim Basinger. Ek yn 2013 wie Bernthal yn 'e rol fan Brad Bodnick te sjen yn 'e mannichfâld bekroande film The Wolf of Wall Street, fan regisseur Martin Scorsese, mei Leonardo DiCaprio, Margot Robbie en Matthew McConaughey. Hy en de rest fan 'e akteurs waarden nominearre foar ferskate prizen yn 'e kategory bêste cast.

Lettere jierren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2014 spile Bernthal de Suderling Grady "Coon-Ass" Travis yn Fury, in oarlochsfilm oer in Amerikaanske tankbemanning yn 'e Twadde Wrâldoarloch, mei Brad Pitt en Shia Labeouf. Dat jiers wurke Bernthal as stimakteur ek mei oan it fideospultsje Call of Duty: Advanced Warfare. Yn 2015 wied er te sjen yn it aksjedrama Sicario, fan regisseur Denis Villeneuve, nei in senario fan Taylor Sheridan. Dy film waard troch de filmkritisy loovjend ûntfongen en wûn ferskate prizen. Fierders spile Bernthal dat jiers ek yn We Are Your Friends en Me and Earl and the Dying Girl, in film dy't de sjuerypriis foar bêste dramafilm wûn op it Sundance Filmfestival.

Op 'e tillefyzje wie Bernthal yn 2015 te sjen yn 'e minysearje Show Me a Hero, as NAACP-abbekaat Michael H. Sussman. Yn 2015 waard er cast yn 'e rol fan 'e superheld Frank Castle oftewol The Punisher yn seizoen 2 fan 'e Netflix-rige Daredevil. De kritisy wiene tige loovjend oer syn werjefte fan 'e rol. Fan 2017 oant en mei 2019 spile Bernthal sadwaande de haadrol yn syn eigen spin-offsearje, mei de titel The Punisher. Foar dy rol waard er twaris (yn 2018 en 2019) nominearre foar in Saturn Award. Fierders hie Bernthal yn 2018 en 2019 ek in gastrol yn 'e websearje Unbreakable Kimmy Schmidt.

Underwilens wie Bernthal yn 2016 op it wite doek te sjen yn 'e skriller The Accountant, mei Ben Affleck en John Lithgow. Yn 2017 hied er in byrol as de fermoarde freon fan in ferkrêfte en fermoarde jonge Yndiaanske frou (spile troch Kelsey Chow) yn 'e neo-western Wind River, regissearre troch Taylor Sheridan. Datselde jiers spile Bernthal ek yn 'e misdiekomeedzje Baby Driver en it finzenisdrama Shot Caller. Dêropta wied er dat jiers te sjen as in dôfstomme man yn 'e aksjeskriller Pilgrimage, dy't spilet yn it trettjinde-iuwske Ierlân. Om't Bernthal in metoade-akteur is dy't op 'e filmset ek bûten de opnamen om it leafst in character bliuwt, resultearre dat deryn dat er de earste pear wiken fan it opnameproses net mei de cast en crew prate woe. It smiet lykwols in aktearprestaasje op dêr't de filmkritisy allinne mar lof foar hiene.

Jon Bernthal yn 2017 op 'e San Diego Comic-Con.

Yn 'e film Sweet Virginia, ek út 2017, spile Bernthal in hiel oare rol, fan in sêftmoedige moteleigner dy't oanhelle is mei de sykte fan Parkinson, mar op 'e nij krige er foar syn aktearjen fan alle kanten lof taswaaid. Hy hie ek yn 'e biografyske film First Man spylje sillen, mar dat moast er ôfsizze doe't syn dochter yn it sikehûs rekke. Yn 2018 wied er te sjen yn 'e heistfilm Widows, fan Steve McQueen. Fierders spile Bernthal yn 2019 mei yn 'e ûnôfhinklike aventoerefilm The Peanut Butter Falcon en hied er de rol fan autofabrikant Lee Iacocca yn 'e film Ford v Ferrari. Fierders liende er dat jiers syn stim oan en spile er mei motion capturetechnyk de rol fan majoar Cole D. Walker yn 'e fideospultsjes Tom Clancy's Ghost Recon Wildlands en Tom Clancy's Ghost Recon Breakpoint. De film The Many Saints of Newark, in prequelfilm fan 'e misdiesearje The Sopranos, wêryn't Bernthal de rol fan Johnny Soprano spilet, is ein 2019 yn 'e postproduksjefaze en sil yn 'e rin fan 2020 útkomme.

Bernthal troude op 25 septimber 2010 yn Potomac, yn 'e Amerikaanske steat Marylân, mei Erin Angle, in polyklinysk ferpleechkundige spesjalisearre yn 'e behanneling fan slimme ferwûnings. Hja is de omkesizzer fan showwrakselder Kurt Angle. Alma Becker, Bernthal syn âlde akteardosinte, wie dejinge dy't him en syn frou troude. De Bernthals wenje (anno 2018) yn it Kalifornyske Ojai. Se hawwe trije bern: Henry (2011), Billy (2013) en Adeline (2015).

Yn 'e mande mei syn broer Nicholas fiert Bernthal it behear oer de non-profitorganisaasje Drops Fill Buckets, dêr't se goede doelen mei ûnderstypje. Fierders set er him o sa yn foar de akseptaasje fan pitbullterriërs en is er wurdfierder foar de Animal Farm Foundation, in organisaasje dy't sokke hûnen rêdt en de gelikense behanneling fan pitbullterriërs oanfiterje wol. Bernthal hat sels trije pitbullterriërs, dy't him gauris beselskipje nei de filmset. Twa fan syn hûnen, Boss en Venice, hiene lytse roltsjes yn 'e film Rampart, út 2012.

Filmografy as akteur
jiertitelrol of funksjeopmerkings
tillefyzje
2002Law & Order: Criminal IntentLane Ruddockgastrol; ôfl. Malignant
2004Without a TraceAlex Genyagastrol; ôfl. Bait
2004Dr. VegasGreggastrol; ôfl. Dead Man, Live Bet
2004Boston LegalMichael Sheagastrol; ôfl. Questionable Characters
2005Jonny ZeroBrett Parishgastrol; ôfl. I Did It All for the Nooky
2005CSI: MiamiHarry Klugmanweromkearende rol; 2 ôfl.
2005Law & Order: Special Victims UnitSherm Hempellgastrol; ôfl. Goliath
2005How I Met Your MotherCarlosgastrol; ôfl. Purple Giraffe
2006–2007The ClassDuncan Carmellofêste rol; 19 ôfl.
2009–2010EastwickRaymond Gardenerfêste rol; 12 ôfl.
2010Numb3rsMike Nashgastrol; ôfl. Growin' Up
2010The PacificManuel Rodriguezgastrol; 2 ôfl.
2010–2012 & 2018The Walking DeadShane Walshfêste rol; 20 ôfl.
nom. Scream Award foar bêste manlike trochbraakoptreden
2012Harry's LawLucas Trassinogastrol; ôfl. The Whole Truth
2012Robot ChickenHawkeyeas stimakteur; gastrol; 1 ôfl.
2013Mob Cityresjersjeur Joe Teagueweromkearende rol; 6 ôfl.
2015Show Me a HeroMichael H. Sussmanweromkearende rol; 4 ôfl.
2015 & 2018SuperMansionRat-A-Pultas stimakteur; weromkearende rol; 4 ôfl.
2016DaredevilPunisher (Frank Castle)weromkearende rol; 12 ôfl.
2017Robot ChickenShane Walshas stimakteur; gastrol; 1 ôfl.
2017–2019The PunisherPunisher (Frank Castle)haadrol; 26 ôfl.
nom. Saturn Award foar bêste akteur op 'e tillefyzje
nom. Saturn Award foar bêste akteur yn streaming media
2018–2019Unbreakable Kimmy SchmidtIlanweromkearende rol; 2 ôfl.
20??We Own This CityWayne Jenkinsfêste rol
films
2002Mary/MaryManny
2004Tony n' Tina's WeddingDominic Fabrizzi
2004Revenge of the Middle-Aged Womanman yn kantoar
2006World Trade CenterChristopher Amoroso
2007The Air I Breatheynterviewer
2007Day ZeroJames Dixon
2008Bar StarzDonnie Pitron
2008A Line in the SandBanzai
2009Night at the Museum: Battle of the SmithsonianAl Capone
2010The Ghost WriterRick Ricardelli
2010Date Nightjongeman
2011RampartDan Morone
2013SnitchDaniel James
2013Grudge MatchB.J. Rose
2013The Wolf of Wall StreetBrad Bodnicknom. Critics' Choice Movie Award foar bêste cast
2014Furysoldaat Grady "Coon-Ass" Travis
2015Me and Earl and the Dying GirlMcCarthy
2015SicarioTed
2015We Are Your FriendsPaige Morrell
2016Justice League vs. Teen TitansTrigonas stimakteur
2016The AccountantBraxton Wolff
2016The EscapeHoltkoarte film
2017Wind RiverMatt Rayburn
2017Baby DriverGriff
2017Sweet VirginiaSam
2017Pilgrimagede Dôfstomme
2017Shot CallerFrank
2018WidowsFlorek Gunner
2019The Peanut Butter FalconMark
2019Ford v FerrariLee Iacocca
2020Viena and the FantomesMonroe
2021Those Who Wish Me Deadsheriff Ethan Sawyer
2021The Many Saints of NewarkJohnny Soprano
2021King RichardRick Macci
20??Sharp Stick?ek útfierend produsint
20??Small Engine RepairTerrance Swainoek filmprodusint
fideospultsjes
2003ManhuntCerberusneimakke likenis
2014Call of Duty: Advanced Warfarekorporaal Jim Deckeras stimakteur; spylber personaazje yn modus Exo Zombies
2017Tom Clancy's Ghost Recon Wildlandsmajoar Cole D. Walkeras stimakteur; ek motion-capture
2019Tom Clancy's Ghost Recon Breakpointluitenant-kolonel Cole D. Walkeras stimakteur; ek motion-capture

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.