Kelsey Chow

Ut Wikipedy
Kelsey Chow
akteur
Kelsey Chow yn 2011.
Kelsey Chow yn 2011.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Kelsey Asbille Chow
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 9 septimber 1991
berteplak Columbia (Súd-Karolina)
etnisiteit Dútsk
Ingelsk
Sineesk
Sjeroky
jierren aktyf 2005 – no
offisjele webside
Kelsy Chow op Twitter

Kelsey Chow (útspr.: ['kɛlsi ʧa:ṷ], likernôch: "kelsy tsjau"; folút: Kelsey Asbille Chow; Columbia (Súd-Karolina), 9 septimber 1991) is in Amerikaansk toaniel-, tillefyzje- en filmaktrise, dy't ek wol wurket hat ûnder de namme Kelsey Asbille. Se waard bekend troch har rol as Mikayla yn 'e bernekomeedzjesearje Pair of Kings fan Disney. Ek wie se te sjen yn tillefyzjesearjes as One Tree Hill, Teen Wolf en Yellowstone. Op it wite doek hie se rollen yn û.m. The Amazing Spider-Man, The Wine of Summer en Wind River.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Chow waard yn 1991 berne yn Columbia, de haadstêd fan 'e Súdlike Amerikaanske steat Súd-Karolina. Hja is fan mingd komôf, mei in etnysk Sineeske heit dy't fan Taiwan komt, en in Amerikaanske mem mei Dútsk en Ingelsk bloed. Sels hâldt se út dat se oan har memmekant ek ien of inkele Yndiaanske foarâlden fan it folk fan 'e Sjeroky (Cherokee) hat, dy't ta de Eastlike Troep fan Sjeroky-Yndianen (yn Noard-Karolina) hearden. Dy stamme-organisaasje hat lykwols sein dat Chow dêr net bekend is en dat der yn 'e argiven ek gjin bewiis fûn wurde kin dat se in ôfstammelinge wêze soe. (Dêrby moat oantekene wurde dat soks ek net hoecht om wat Yndiaansk bloed te hawwen, mei't der gjin inkele ferplichting bestiet foar Yndianen om harren relaasjes en de bern dy't dêrút fuortkomme by harren stamme op te jaan, no net en yn it ferline alhielendal net.)

Yn 2010 hat Chow sein dat se wol mear floeiend wêze woe yn it sprekken fan Mandarynsk. Ek soe se wol by steat wêze wolle om tradisjonele Sineeske karakters te lêzen. Se hat in jongere broer mei wa't se twa jier skeelt, en in jongere suster mei wa't se acht jier skeelt. Se folge fuortset ûnderwiis oan 'e Hammond School yn Columbia. Yn 2011 wenne se yn Los Angeles. Yn 2017 studearre se minskerjochten oan 'e Columbia Universiteit yn New York.

Kelsey Chow mei Luke Grimes, mei wa't yn 'e neo-westernsearje Yellowstone in troud pear spilet.

Aktearkarriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't se wat ûnderfining op it mêd fan aktearjen opdien hie op it toaniel, wist Chow yn 2005, doe't se trettjin jier wie, har earste rol op 'e tillefyzje te bemachtigjen. Dat wie yn 'e searje One Tree Hill, wêryn't se oant 2009 de weromkearende rol fan Gigi Silveri fertolke. Yn 2008 hie se in gastrol yn 'e bernekomeedzjesearje The Suite Life of Zack & Cody fan it Disney Channel. Ek spile se yn 2010 de rol fan Matisse Burrows yn 'e Disney-tillefyzjefilm Den Brother. Fan 2010 oant 2013 hie se in haadrol yn 'e Disney XD-bernekomeedzjesearje Pair of Kings, wêryn't se de rol fan Mikayla Makoola fertolke.

Chow makke yn 2012 har debút op it wite doek yn 'e superheldefilm The Amazing Spider-Man, hoewol't har oanpart yn dy film net folle mear as in figuranteroltsje ynhold. Yn 2013 spile se yn 'e films Run en The Wine of Summer. Datselde jiers wurke se ek mei oan 'e fideoklip fan it nûmer Sleepwalker fan Bonnie McKee. Yn 2014 waard se cast yn 'e dramasearje Hieroglyph fan Fox, mar dy rige waard nei de pilotôflevering skrast. Wol spile se dat jiers yn 'e koarte film Found Footage. Chow wie yn 2015 mei Stefanie Scott te sjen yn 'e fideoklip fan it nûmer Girls Like Girls fan Hayley Kiyoko, en teffens yn 'e film Full of Grace en de koarte film Chicago Sanitation.

Fan 2015 oant 2016 hie Chow in weromkearende rol as Tracy Stewart yn seizoen 5 fan 'e searje Teen Wolf. Yn 2016 hie se fierders as Marissa in haadrol yn 'e rige Embeds, en yn 2017 spile se ûnder de namme Kelsey Asbille yn 'e tillefyzjefilm Brimming with Love. Under dyselde namme fertolke se datselde jiers de rol fan it Yndiaanske slachtoffer Natalie Hanson yn 'e neo-western Wind River, oer in ferkrêftings- en moardsaak yn it Wind River Yndianereservaat fan Wyoming.

Yn 2018 hie Chow in gastrol yn twa ôfleverings fan 'e searje Splitting Up Together. Datselde jiers sette se ek útein mei it spyljen fan 'e rol fan 'e Yndiaanske Monica Long Dutton yn 'e neo-westernsearje Yellowstone, mei yn 'e oare haadrollen û.o. Kevin Costner en Luke Grimes. Dêrfoar brûkte se op 'e nij de namme Kelsey Asbille. De makkers fan Wind River en Yellowstone krigen út guon hoeken krityk om't se Chow, dy't "net echt Yndiaansk" wêze soe, yn in Yndiaanske rol cast hiene. Dat se foar dy rollen har efternamme 'Chow' falle liet, sadat it liek as besocht se har Sineesk komôf te ferbergjen, makke dat allinnich mar minder. Yn 2020 hie Chow ek in weromkearende rol as Swanee Capps yn seizoen 4 fan 'e dramasearje Fargo.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Chow hat sûnt 2012 in relaasje mei de Britske akteur William Moseley.

Filmografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

N.B.: By al har rollen wurke de aktrise ûnder de namme Kelsey Chow, of it moat wêze dat it yn 'e tabel hjirûnder oars fermeld stiet.

Filmografy as aktrise
jier titel rol of funksje opmerkings
tillefyzje
2005–2009 One Tree Hill Gigi Silveri weromkearende rol; 18 ôfl.
2008 The Suite Life of Zack & Cody Dakota gastrol; ôfl. Romancing the Phone
2010 Den Brother Matisse Burrows tillefyzjefilm
2010–2013 Pair of Kings Mikayla Makoola fêste rol; 63 ôfl.
2011 Disney's Friends for Change Games    harsels dielnimster
2012 Punk'd harsels ferburgenkameraprogramma; ôfl. Lucy Hale
2014 Baby Daddy Stephanie gastrol; ôfl. An Affair Not to Remember
2014 Hieroglyph Lotus Tenry pilotôflevering fan in nea makke tillefyzjesearje
2015–2016 Teen Wolf Tracy Stewart weromkearende rol; 13 ôfl.
2016 Embeds Marissa fêste rol; 6 ôfl.
2017 Brimming with Love Allie Morgan as Kelsey Asbille; tillefyzjefilm
2018 Splitting Up Together Charlotte weromkearende rol; 2 ôfl.
2018–no Yellowstone Monica Long Dutton    as Kelsey Asbille; fêste rol; 29 ôfl.
2020 Fargo Swanee Capps as Kelsey Asbille; weromkearende rol yn seizoen 4
films
2009 My Sweet Misery eks-freondinne
2012 The Amazing Spider-Man Sally Avril op 'e ôftiteling fermeld as "Hot Girl"
2013 The Wine of Summer Brit
2013 Run Emily Baltimore
2014 Found Footage famke koarte film
2015 Full of Grace Zara
2015 Chicago Sanitation jiskefrou koarte film
2017 Wind River Natalie Hanson as Kelsey Asbille
fideoklips
2013 Sleepwalker famke nûmer fan Bonnie McKee
2015 Girls Like Girls Sonya nûmer fan Hayley Kiyoko

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.