Mammoth Studios

Ut Wikipedy
Mammoth Studios
algemien
nasjonaliteit Kanadeesk
type privaat
sektor tillefyzje- en filmyndustry
fêstige yn Burnaby (Britsk-Kolumbia)
oprjochte 1999
offisjele webside
mammothstudios.ca
kaart
Mammoth Studios (Vancouver)
Mammoth Studios
Lokaasje yn 'e stêdekloft fan Vancouver.

De Mammoth Studios binne in studiokompleks yn Burnaby, in foarstêd fan Vancouver, yn 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia, dêr't de opnamen foar films en tillefyzjeprogramma's plakfine. It bedriuw waard yn 1999 oprjochte en is yn it besit fan deselde eigner as de North Shore Studios yn North Vancouver.

Namme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De namme 'Mammoth Studios', dy't "Mammoetstudio's" betsjut, is wierskynlik ûntliend oan ien of alle fan 'e Hollywoodproduksjes dêr't in fiktive filmstudio mei dyselde namme yn foarkaam. De oantsjutting mammoth kin ek "tige grut" betsjutte, en sadwaande waard 'Mammoth Studios' yn 'e earste helte fan 'e tweintichste iuw yn Amerikaanske films en tillefyzjesearjes in generike namme foar in grutte filmstudio. Mammoth Studios kamen sadwaande foar yn films as Bombshell (1933), Abbott and Costello in Hollywood (1945) en Merton of the Movies (1947), en ek yn tillefyzjesearjes as The Beverly Hillbillies (1964-1971) en The Monkees (1966-1968).

Fasiliteiten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Mammoth Studios binne ferdield oer twa perselen: Main ("Haad") en North ("Noard"). Main omfiemet trije soundstages fan 11.500 , 8.500 m² en 3.400 m², mei dêropta 4.000 m² oan kantoarromte en 3.400 m² oan ûnderstypjende romte, bgl. foar wurkplakken, om dekôrs te bouwen. North hat noch twa soundstages, ien fan 1.900 m² en ien fan 1.500 m², mei dêrnjonken 2.050 m² oan wurkplakken, 1.900 m² kantoarromte en 1.200 m² berchromte.

Produksjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Films[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In seleksje fan films dy't alteast foar in diel yn 'e Mammoth Studios opnommen binne:


Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: