Vancouver Film Studios
Vancouver Film Studios | ||
algemien | ||
nasjonaliteit | Kanadeesk | |
type | privaat | |
sektor | tillefyzje- en filmyndustry | |
fêstige yn | Vancouver (Britsk-Kolumbia) | |
oprjochte | 1998 | |
mem | McLean Group of Companies | |
offisjele webside | ||
www.vancouverfilmstudios.com | ||
kaart | ||
Lokaasje yn Vancouver.
|
De Vancouver Film Studios binne in studiokompleks yn Vancouver, yn 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia, dêr't de opnamen foar films en tillefyzjeprogramma's plakfine. It bedriuw ûntstie yn 1998 en is ûnderdiel fan 'e McLean Group of Companies.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e krite oan Boundary Road en Grandview Highway kocht de McLean Group of Companies foar it earst lân oan yn 'e iere 1980-er jierren. Doedestiden stiene dêr in kadowinkel, in matrassefabryk, in mitselderij, in kleansteamerij, in bakkerij, in elektroanikawinkel, in lifttestfasiliteit, in gruthannel yn ark en reau en in sigarettefabryk.
Yn 1987 waarden troch McLean de gebouwen fan 'e eardere Northstar International Studios oankocht, dêr't it bedriuw him foar it earst mei op it mêd fan 'e filmyndustry bejoech. Tusken 1987 en 1997 waarden mear gebouwen yn itselde gebiet oankocht en by it studiokompleks foege, dat yn 1998 weroprjochte waard ûnder de namme fan 'e Vancouver Film Studios. Dêrnei waard yn 1999 úteinset mei de bou fan nije soundstages. It earste part dêrfan kaam yn 2000 ree.
Fasiliteiten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tsjintwurdich beslane de Vancouver Film Studios mear as 12 ha grûn, mei tolve soundstages dy't fariëarje yn grutte fan 1.160 m² oant 1.960 m².
- Gebou A, wêrfan't de bou yn 2002 ree kaam, beslacht in oerflak fan 2.586 m² op in perseel fan 7.300 m²; it befettet twa soundstages, A1 en A2, dy't 1.160 m², resp. 1.400 m² mjitte, mei dêropta kantoarromte.
- Gebou B is in âlder gebou dat yn 1997 oankocht waard. Oarspronklik waarden der liften boud foar de Heede Crane Company, mar nei in ferbouwing waard it yn 2001 yn gebrûk nommen foar filmproduksje. It húsfêstet twa soundstages fan elts 1.400 m² mei dêropta kantoarromte.
- Gebou C waard yn july 2001 oplevere. Dêr is it haadkantoar fan 'e Vancouver Film Studios fêstige yn 1.550 m² oan kantoarromte.
- Gebou D wie it âldste gebou fan it bedriuw, dêr't foar 1987 de Northstar International Studios fêstige wiene. Yn 2012 waard it sloopt en yn 2013 ferriisde op it perseel it nije Gebou D, mei twa soundstages: D1 fan 1.950 m² en D2 fan 1.400 m². Dêrnjonken húsfêstet it gebou ek noch goed 200 m² oan kantoarromte.
- Gebou E is in âlder gebou dat yn 1997 oankocht waard, en dat 1.275 m² oan kantoarromte beslacht.
- Gebou F is ek in âlder gebou mei 1.230 m² oan kantoarromte en wurkplakken foar it meitsjen fan dekôrs
- Gebou G waard yn maart 2000 oplevere en stiet op it plak fan it eardere pakhûs fan Dynamex Courier. It omfettet soundstage G mei in oerflak fan 1.685 m² en dêropta nochris 960 m² oan kantoarromte.
- Gebouwen H & I steane op in perseel fan 4900 m² oan East 11th Avenue 3625, dêr't oarspronklik ien gebou stie. Dat waard yn 2002 ôfbrutsen en ferfongen troch twa soundstages fan elts 1.400 m².
- Gebou J, dat yn july 2001 ree kaam, stiet op it plak fan in earder parkearterrein fan in Costco-supermerk. It omfettet trije soundstages: J1 en J2 fan elts 1.400 m² en J3 fan 1.680 m².
- Gebou K, oan Boundary Road 2727, húsfêstet 1.120 m² oan kantoarromte en trije ûnderskate wurkplakken foar it oanmeitsjen fan dekôrs.
Produksjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Films
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In seleksje fan films dy't alteast foar in diel yn 'e Vancouver Film Studios opnommen binne:
- The Day the Earth Stood Still (2008)
- If I Stay (2014)
- Step Up: All In (2014)
- Fifty Shades of Grey (2015)
- Deadpool (2016)
- The Mountain Between Us (2017)
- The Art of Racing in the Rain (2019)
- Cold Pursuit (2019)
- Coffee & Kareem (2020)
- Swan Song (2021)
- Brazen (2022)
Tillefyzje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e Vancouver Film Studios binne ek ferskate tillefyzjesearjes opnommen, lykas Fringe (100 ôfl., 2008-2013), Bates Motel (60 ôfl., 2013-2017), Arrow (167 ôfl., 2012-2020), Siren (36 ôfl., 2018-2020), Lost in Space (28 ôfl., 2018-2021) en Motherland: Fort Salem (30 ôfl., 2020-2022).
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |