Springe nei ynhâld

Deadpool (film)

Ut Wikipedy
Deadpool
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Tim Miller
produsint Simon Kinberg
Ryan Reynolds
Lauren Shuler Donner
senario Rhett Reese
Paul Wernick
basearre op Deadpool fan Fabian Nicieza
en Rob Liefeld
kamerarezjy Ken Seng
muzyk Junkie XL
filmstudio 20th Century Fox
Marvel Entertainment
Kinberg Genre
The Donners' Company
TSG Entertainment
distribúsje 20th Century Fox
spilers
haadrollen Ryan Reynolds
Morena Baccarin
voice-over Ryan Reynolds
byrollen Ed Skrein
T.J. Miller
Stefan Kapičić
Gina Carano
Brianna Hildebrand
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 8 febrewaris 2016
foarm langspylfilm
sjenre superhelde-aksjekomeedzje
taal Ingelsk
spyltiid 108 minuten
budget en resultaten
budget $58 miljoen
opbringst $783,1 miljoen
prizen Saturn Award 2016
filmsearje
filmsearje Deadpool-filmsearje
● folgjend diel Deadpool 2

Deadpool is in Amerikaanske superheldefilm, aksjekomeedzje en swarte komeedzje út 2016 ûnder rezjy fan Tim Miller, mei yn 'e haadrollen Ryan Reynolds en Morena Baccarin. De film is basearre op it personaazje Deadpool, út 'e strips fan Marvel Comics. It is it earste diel út 'e Deadpool-filmsearje, en it wie teffens de achtste film út 'e bredere X-Men-searje. It ferhaal giet oer de mismakke Wade Wilson, dy't as de maskere held Deadpool jacht makket op 'e man dy't him troch yllegale eksperiminten bejeftige hat mei superkrêften. Deadpool krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en woeks yn 'e bioskopen út ta in daverjend kommersjeel súkses. Yn 2018 kaam in ferfolchfilm út, mei as titel Deadpool 2. Anno 2020 is in trêde film yn ûntwikkeling.

Wade Wilson is in ûnearfol út militêre tsjinst ûntsleine âld-kommando dy't as hierling wurket as er de prostituee Vanessa moetet. Se krije in romantyske relaasje en in jier letter jout se tawurd as hy har in houliksoansyk docht. Koarte tiid letter wurdt by Wilson terminale kanker fêststeld, en hy ferlit Vanessa sûnder warskôging, sadat se net tsjûge hoecht te wêzen fan syn ôftakeling en ferstjerren.

In mysterieuze rekruteur nimt kontakt mei Wilson op, en biedt him in eksperimintele behanneling fan syn kanker oan. Begryplikerwize hat er dêr wol belangstelling foar, mar as er op it foarstel yngiet, wurdt er by Ajax en Angel Dust brocht, dy't him ynjektearje mei in searum dat ûntwurpen is om genetyske mutaasjes yn him wekker te meitsjen. Se ûnderwerpe Wilson dagenlang oan martelpraktiken om't pine en ekstreme stress helpe kinne by it aktivearjen fan hokfoar ressessive mutaasjes oft er ek mar oer beskikt. Dat is lykwols om 'e nocht.

As Wilson ûntdekt dat Ajax eins Francis hjit, en dat mei de gek beslacht, reägearret Ajax troch him foar it wykein efter te litten yn in dekompresjekeamer dêr't er om it hoartsje op 'e râne fan 'e ferstikking brocht wurdt. Dêrtroch wurde einlings syn mutaasjes aktivearre, wêrûnder in boppeminsklik selsgenêzingsfermogen, dat de kanker ta in minimum werombringt en syn sitewaasje stabilisearret. In bywurking is lykwols dat it proses Wilson slim mismakket, en oer syn hiele lichem brânwûne-eftige groeden efterlit. Hy ûntsnapt út 'e dekompresjekeamer en falt Ajax oan, mar as dy him wysmakket dat er de mismakkings genêze kin, lit Wilson him gean. Dêrop oermasteret Ajax Wilson en lit him efter om te krepearjen yn it yn 'e brân rekke laboratoarium.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Wilson oerlibbet de brân lykwols en siket Vanessa op, mar hy doar him net oan har bekend te meitsjen út eangst oer har reäksje op syn mismakke uterlik. Ynstee giet er yn 'e kost by in âldere bline swarte frou dy't Bline Al neamd wurdt. Nei oerlis mei syn bêste freon Weasel beslút er om Ajax op te spoaren om 'e genêzing fan syn groeden ôf te twingen. Dêrfoar nimt er it uterlik fan in maskere figilante oan. Hy neamt himsels 'Deadpool' om't Weasel him útkeazen hie yn in dead pool (wêrby't men, by wize fan weddenskip, út in groepke lju de persoan kiest wêrfan't men tinkt dat dy it earst fan al dy lju stjerre sil).

Deadpool set mei syn syktocht útein mei it finzennimmen, ûnderfreegjen en fermoardzjen fan 'e iene nei de oare fan Ajax syn trewanten, oant úteinlik ien fan harren fertelt wêr't er de man fine kin. Hy ûnderskept Ajax en in konfoai wapene lju op in autosnelwei en bringt se allegear om útsein Ajax sels, fan wa't er de ûnthjitten genêzing fan syn groeiden opeasket. De X-Man-superheld Colossus en syn stazjêre Negasonic Teenage Warhead ûnderbrekke Deadpool lykwols. Colossus wol dat Deadpool syn libben betteret en him by de X-Men oanslút. Ajax makket fan 'e ôflieding gebrûk om te ûntsnappen. Hy bejout him nei de kroech fan Weasel, dêr't er it bestean fan Vanessa gewaarwurdt. Neitiid ûntfiert Ajax Vanessa en nimt har mei nei in skipstsjerkhôf, dêr't er har finzen hâldt op in foar de sloop opjûn skip.

Deadpool bepraat Colossus en Negasonic om him te helpen by it rêden fan Vanessa. Se kringe it skipstsjerkhôf binnen en Colossus en Negasonic bine dêr de striid oan mei Star Dust en ferskaten fan har trewanten, wylst Deadpool himsels in paad klearret nei Ajax. Under it gefjocht fernielt Negasonic by fersin de masinery dy't it skip rjochtop hâldt. Deadpool beskermet Vanessa tsjin it omfallende skip, wylst Colossus Negasonic en Angel Dust yn feilichheid bringt. Ajax falt Deadpool oan, mar wurdt oermastere. Under druk set, jout er ta dat der hielendal gjin genêzing foar it mismakke uterlik fan Deadpool is. Nettsjinsteande de smeekbea fan Colossus om dat net te dwaan, makket Deadpool Ajax dêrnei dea, hoewol't er ûnthjit dat er war dwaan sil om tenei syn libben te betterjen. Hoewol't Vanessa lulk op Deadpool is om't er har ferlitten hat, kinne syn groeden har neat skele en fermoedsoenje se harren mei-inoar.

Ryan Reynolds.
Morena Baccarin.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Wade Wilson / Deadpool Ryan Reynolds
Vanessa Morena Baccarin


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Francis Freeman / Ajax Ed Skrein
Weasel T.J. Miller
Angel Dust Gina Carano
Negasonic Teenage Warhead Brianna Hildebrand
Colossus Stefan Kapičić (as stimakteur)
Bline Al Leslie Uggams
Dopinder Karan Soni
Bob, agint fan Hydra Rob Hayter (cameo)
rekruteur foar Ajax Jed Rees
oankundiger yn in stripklub Stan Lee (cameo)
klant yn Weasels bar Rob Liefeld (cameo)

Deadpool waard regissearre troch Tim Miller nei in senario fan Rhett Reese en Paul Wernick, dat basearre wie op it personaazje Deadpool, fan Fabian Nicieza en Rob Liefeld, út 'e strips fan Mavel Comics. As produsinten wiene Simon Kinberg, haadrolspiler Ryan Reynolds en Lauren Shuler Donner by it projekt belutsen, foar de filmstudio's 20th Century Fox, Marvel Entertainment, Kinberg Genre, The Donners' Company en TSG Entertainment. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Ken Seng, wylst de filmmuzyk fersoarge waard troch de Nederlânske live-dj Junkie XL (Tom Holkenborg). Der wie foar de film in budget fan $58 miljoen beskikber. De opnamen fan Deadpool setten op 23 maart 2015 útein op lokaasje yn it Kanadeeske Vancouver ûnder de wurktitel Wham! De binnendoarsênes waarden opnommen yn 'e Vancouver Film Studios. De lêste opnamedei foel op 29 maaie.

De distribúsje fan Deadpool waard fersoarge troch 20th Century Fox. De film gie op 8 febrewaris 2016 yn premiêre yn it Grand Rex yn Parys, en iepene op 9 febrewaris yn 'e bioskopen yn Hongkong. Yn 'e Feriene Steaten draaide de film fan 12 febrewaris ôf yn 'e bioskopen. Deadpool kaam op 26 april 2016 beskikber as digitale download en waard op 10 maaie fan dat jier útbrocht op dvd en blu-ray. De soundtrack waard digitaal frijjûn op 12 febrewaris 2016, en waard op 4 maart útbrocht op cd troch platemaatskippij Milan Records.

Ryan Reynolds yn syn Deadpool-pak op 'e filmset yn Vancouver.

Deadpool krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie de film in heech goedkarringspersintaazje fan 85%, basearre op 336 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, omskriuwt Deadpool as "Fluch, grappich en freugdefol flokkend en skellend", en stelt fierder: "[De film], dy't de fjirde wand oan gruzeleminten slacht, hellet de fêste formule fan superheldefilms ûnderút, mei ûnbidich fermaaklike – en beslist famylje-ûnfreonlike – resultaten." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Deadpool in goedkarringspersintaazje fan 65%, basearre op 49 resinsjes.

Deadpool brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $363,1 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $420 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst fan 'e film dêrmei út op in daverjende $783,1 miljoen. Ofset tsjin in budget fan $58 miljoen late dat ta in winst fan $725,1 miljoen, al moasten dêr de marketingkosten noch wol fan ôf. It wie dêrmei de meast opbringende X-Men-film en de op acht nei meast opbringende film fan 2016. It Amerikaanske tydskrift Deadline Hollywood berekkene de netto winst fan Deadpool op $322 miljoen.

Deadpool ûntfong in grut tal prizen en nominaasjes, net inkeld foar de film as gehiel, mar ek foar de prestaasjes fan 'e cast (benammen Ryan Reynolds) en op ferskate technyske mêden. De film waard nominearre foar û.o. 2 Golden Globes, 3 Saturn Awards (wêrfan't er 1 wûn), 4 Critics' Choice Movie Awards (wêrfan't er 2 wûn), 5 Britske Empire Awards, 1 Hugo Award, 8 MTV Movie Awards (wêrfan't er 2 wûn), 4 People's Choice Awards (wêrfan't er 2 wûn), en 6 Teen Choice Awards (wêrfan't er 2 wûn). Nei de nominaasje foar de Golden Globes en de Critics' Choice Movie Awards waard Deadpool sjoen as in serieuze kânshawwer foar de Oscars, en doe't de film foar dy prizen gjin inkele nominaasje yn 'e wacht sleepte, waard dat rûnom beskôge as in sneue behanneling en in befêstiging fan 'e foarynnommenens tsjin superheldefilms fan 'e Academy of Motion Picture Arts and Sciences, dy't de Oscars útrikt.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

X-Men (filmsearje)
X-Men (2000) • X2 (2003) • X-Men: The Last Stand (2006) • X-Men Origins: Wolverine (2009) • X-Men: First Class (2011) • The Wolverine (2013) • X-Men: Days of Future Past (2014) • Deadpool (2016) • X-Men: Apocalypse (2016) • Logan (2017) • Deadpool 2 (2018) • Dark Phoenix (2019) • The New Mutants (2020)