Alice Eve

Ut Wikipedy
Alice Eve
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Alice Sophia Eve
nasjonaliteit Britsk
Amerikaansk
berne 6 febrewaris 1982
berteplak Londen (Ingelân)
etnisiteit Iersk
Ingelsk
Welsk
jierren aktyf 2004 – no
offisjele webside
www.aliceeve.net/

Alice Eve (folút: Alice Sophia Eve; Londen, 6 febrewaris 1982) is in Ingelsk film-, tillefyzje- en toanielaktrise. Hja is benammen bekend wurden mei har rol as doktor Carol Marcus yn 'e Star Trek-film Star Trek: Into Darkness.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Eve waard yn 1982 yn 'e Britske haadstêd Londen berne as de dochter fan 'e akteurs Trevor Eve en Sharon Maughan. Hja is fan mingd Iersk, Ingelsk en Welsk etnysk komôf. Eve genoat ûnderwiis oan efterinoar de Bedales School, de More House School en de Westminster School yn Londen. Neitiid brocht se in tuskenjier troch mei lessen oan it Beverly Hills Playhouse, in toanielskoalle yn Beverly Hills, wêrnei't se Ingelske taal- en letterkunde studearre oan it St. Catherine's College fan 'e Universiteit fan Oxford. Yn har tiid yn Oxford wie Eve lid fan in studintetoanielselskip dat foarstellings op 'e planken brocht lykas The Importance of Being Ernest, Animal Crackers en Scenes from an Execution.

Aktearkarriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 2004 ôf sette Eve útein mei in profesjonele aktearkarriêre. Se spile foar de BBC yn 'e tillefyzjefilm Hawking en dramasearjes as The Rotters' Club en Agatha Christie's Poirot. Har debút op it wite doek makke se datselde jiers yn it filmdrama Stage Beauty. Yn 2006 wie Eve te sjen yn 'e yn Yndia opnommen minysearje Losing Gemma, oer lju dy't as backpackers op fakânsje geane. Datselde jiers spile se ek yn twa filmkomeedzjes: Starter for 10 en Big Nothing. Foar dy lêste film moasten sy en har tsjinspiler Simon Pegg harrensels in Amerikaansk-Ingelsk aksint oanmjitte.

Op it toaniel wurke Eve mei oan twa stikken dy't regissearre waarden troch Trevor Nunn. Yn 2006 spile se de jonge Esme/Alice yn it stik Rock 'n' Roll, fan Tom Stoppard. Dat wie earst te sjen yn it Royal Court Theatre yn Londen, mar gie yn 2007 oersee nei Broadway. Foar har rol yn Rock 'n' Roll waard Eve nominearre foar in Whatsonstage.com Theatregoers' Choice Award yn 'e kategory bêste byrol fan in aktrise. En yn 2009 spile se Roxane yn in produksje fan Cyrano de Bergerac yn it Chichester Festival Theatre.

Yn 2010 hie Eve de froulike haadrol yn 'e Amerikaanske romantyske komeedzje She's Out of My League, wêryn't har echte âlden de rollen fan 'e âldelju fan har personaazje spilen. Datselde jiers fertolke Eve ek de rol fan Erin, it Ierske bernefamke fan Charlotte, yn 'e film Sex and the City 2. Yn 2011 hie se in weromkearende rol yn it achtste seizoen fan 'e komeedzjedramasearje Entourage. Fierders wie Eve dat jiers te sjen as Lara Tyler yn 'e romantyske komeedzje The Decoy Bride. Yn 2012 spile se de jongere ferzje út 1969 fan Agent O yn 'e science fictionkomeedzje Men in Black 3 (de âldere ferzje waard spile troch Emma Thompson).

Alice Eve yn 2010.

Eve har grutte trochbraak as aktrise kaam yn 2013, doe't se de rol fan dr. Carol Marcus fertolke yn 'e film Star Trek: Into Darkness, it twadde diel fan 'e reboot-filmsearje fan 'e Star Trek-franchise. Datselde jiers wie Eve ek te sjen yn it romantyske drama Before We Go, mei Chris Evans, dy't behalven har tsjinspiler ek de regisseur fan 'e film wie. Yn 2014 wie se sels as filmprodusinte belutsen by it meitsjen fan 'e film Death of a Farmer, en teffens spile se dat jiers harsels yn 'e komeedzjefilm Night at the Museum: Secret of the Tomb. Eve spile ek yn 'e skriller Criminal, út 2016, en fan desimber 2017 ôf yn 'e Netflix-rige Iron Fist.

Films dêr't Eve neitiid noch yn spile, wiene û.o. Untogether (2018), Bombshell (2019) en Warning (2021). Fierders hat hja meiwurke oan ferskate fideoclips, wêrûnder dy fan it nûmer Queenie Eye fan Paul McCartney (2013), en fan it nûmer Hotel Ceiling fan 'e band Rixton (2015).

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Eve hat heterogromy, in oandwaning dy't makket dat de irissen fan 'e beide eagen ferskillende kleuren hawwe. Yn har gefal is har loftereach blau en har rjochtereach grien. Hja is ek oanhelle mei ADHD, in oandwaning dy't ta it autismespektrum rekkene wurdt.

Eve hie lange tiid in relaasje mei dichter Adam O'Riordan, mei wa't se yn har studintetiid yn Oxford yn 'e kunde kommen wie. Hja makken it lykwols yn 2012 út. Op 14 augustus 2014 makke Eve har ferloving bekend mei har freontsje fan 'e middelbere skoalle, bankier Alex Cowper-Smith, dy't se kennen leard hie op 'e Westminster School. Se trouden op 31 desimber 2014, mar harren houlik einige yn 2017 yn in skieding.

Eve wennet ôfwikseljend yn Londen en Los Angeles. Se liet har op 16 novimber 2017 naturalisearje ta boarger fan 'e Feriene Steaten, mar joech har Britske nasjonaliteit net op. Sadwaande hat se sûnt in dûbele nasjonaliteit.

Filmografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Filmografy as aktrise
jier titel rol of funksje opmerkings
tillefyzje
2004 Hawking Martha Guthrie tillefyzjefilm
2005 The Rotters' Club Cicely Boyd minysearje
2005 Beethoven grevinne Giulietta Guicciardi   gastrol; ôfl. The Rebel
2005 Agatha Christie's Poirot Lenox Tamplin gastrol; ôfl. The Mystery of the Blue Train
2006 Losing Gemma Esther tillefyzjefilm
2011 Entourage Sophia weromkearende rol; 4 ôfl.
2016 Black Mirror Naomi Jayne Blestow gastrol; ôfl. Nosedive
2018 Ordeal by Innocence Gwenda Vaughan minysearje
2018 Robot Chicken Jane Porter
Alexis
as stimaktrise; gastrol; ôfl. Jew No. 1 Opens a Treasure Chest
2018 Iron Fist Mary Walker
2020 Belgravia Susan Trenchard gastrol; 1 ôfl.
? The Power Kristen weromkearende rol
films
2004 Stage Beauty juffer Frayne
2006 Starter for 10 Alice Harbinson
2006 Big Nothing Josie
2007 The Amazing Trousers Colette koarte film
2009 Crossing Over Claire Sheperd
2010 She's Out of My League Molly McCleish
2010 Sex and the City 2 Erin
2011 The Decoy Bride Lara Tyler
2012 ATM Emily Brandt
2012 The Raven Emily Hamilton
2012 Men in Black 3 de jonge spesjaal agint O
2012 Please, Alfonso Annabelle koarte film
2012 Decoding Annie Parker Louise
2013 Some Velvet Morning Velvet
2013 Star Trek: Into Darkness dr. Carol Marcus
2013 Cold Comes the Night Chloe
2014 Night at the Museum: Secret of the Tomb   harsels net fermeld op 'e ôftiteling
2014 Before We Go Brooke Dalton
2015 Dirty Weekend Natalie Hamilton
2015 Lithgow Saint Amelia Adams koarte film
2016 Criminal Marta Lynch
2016 Misconduct Charlotte
2017 Bees Make Honey Honey
2017 Please Stand By Audrey
2017 The Stolen Charlotte Lockton
2018 Untogether Irene
2018 The Con is On Jackie
2018 Replicas Mona Foster
2019 Bombshell Ainsley Earhardt
2021 Warning Claire
? The Queen Mary Anne Caulder
? The Infernal Machine plysje Laura Higgins
? Freelance ?
fideoclips
2013 Queenie Eye frou nûmer fan Paul McCartney
2015 Hotel Ceiling frou nûmer fan Rixton

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.