Penguins of Madagascar
Penguins of Medagascar | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Eric Darnell Simon J. Smith | |
produsint | Mark Swift Lara Breay Tripp Hudson | |
senario | Michael Colton John Aboud Brandon Sawyer | |
muzyk | Lorne Balfe | |
filmstudio | DreamWorks Animation PDI | |
distribúsje | 20th Century Fox | |
spilers | ||
haadrollen | Tom McGrath Chris Miller Christopher Knights Conrad Vernon | |
byrollen | John Malkovich Benedict Cumberbatch Ken Jeong | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 14 novimber 2014 | |
foarm | lange tekenfilm | |
sjenre | aventoerekomeedzje | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 92 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $132 miljoen | |
opbringst | $373,6 miljoen | |
filmsearje | ||
filmsearje | Madagascar | |
● foarich diel | Madagascar 3: Europe's Most Wanted |
- Dizze side giet oer de bioskoopfilm út 2014. Foar de tekenfilmsearje op 'e tillefyzje, sjoch: The Penguins of Madagascar.
Penguins of Madagascar is in Amerikaanske aventoerekomeedzje yn 'e foarm fan in kompjûteranimearre tekenfilm foar bern en foar folwoeksenen út 2014 ûnder rezjy fan Eric Darnell en Simon J. Smith. De haadrollen waarden ynsprutsen troch Tom McGrath, Chris Miller, Christopher Knights en Conrad Vernon. De titel betsjut "Pinguïns fan Madagaskar". De film is in spin-off fan 'e Madagascar-filmsearje, en folget as sadanich op Madagascar 3: Europe's Most Wanted, út 2012. It ferhaal folget de fjouwer fleurich sljochtsinnige pinguïns út 'e dieretún yn New York, dy't behelle reitsje yn in eigen aventoer as de boasaardige oktopus Dave de plinguïns út alle dieretunen yn 'e wrâld yn meunsters feroarje wol. Penguins of Madagascar krige oer it algemien positive oant mingde resinsjes fan 'e filmkritisy. Yn 'e bioskopen die de film it goed, mar omreden fan 'e opblaasde marketingkosten draaide it foar de produsinten dochs út op in ferlies
Plot
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Antarktika laapje trije jonge pinguïns, Skipper, Kowalski en Rico, de wetten fan 'e pinguïnmaatskippij oan harren lears om in aai te rêden dat de folwoeksen pinguïns as ferlern beskôgje. Hjitfolge fan in dokumintêremakker sûnder skrupules rêde se it aai fan in groepke seeloaihoarsen en bedarje se by fersin op in iisberch dy't noardoan driuwt. Dêr komt it rêden aai út en wurdt it kwartet sadwaande kompletearre mei it fjirde lid, Private.
Tsien jier letter, nei't de pinguïns ûntkommen binne út 'e Amerikaanske dieretún Central Park Zoo (sjoch: Madagascar), ûntsnapt binne fan Madagaskar (sjoch: Madagascar: Escape 2 Africa) en as sirkusartysten nei de Feriene Steaten weromkeard binne (sjoch: Madagascar 3: Europe's Most Wanted), beslute de pinguïns om it sirkus te ferlitten om 'e tsiende jierdei fan Private te fieren. Dat dogge se troch yn te brekken by de Amerikaanske Goudopslach yn Fort Knox, mei't dêr yn 'e kantine de iennichste snackautomaat stiet dy't noch de út produksje nommen sjips Cheezy Dibbles befettet. Nettsjinsteande alle muoite dy't Skipper, Kowalski en Rico foar him dogge, fielt Private him in bytsje it fyfde tsjil oan 'e wein, mei't de oaren yn it team fêste funksjes hawwe, wylst hy allegeduerigen omskreaun wurdt as de 'sekretarieel meiwurker' of de 'maskotte'.
De pinguïns oermasterje de bewekkers fan 'e goudopslach sûnder swierrichheden, mar yn 'e snackautomaat wurde se opwachte troch in wêzen dat harren mei automaat en al ûntfiert nei Feneesje. It docht bliken dat se it slachtoffer wurden binne fan in snoad plan fan 'e ferneamde genetikus dr. Octavius Brine, dy't syn minsklike momkape ôfsmyt om harren sjen te litten dat er eins har âlde aartsfijân is, de oktopus Dave. Dat seit de pinguïns hielendal neat, wat by Dave ta grutte argewaasje liedt. Hy leit harren út dat hy de leafling fan it publyk wie yn harren dieretún, oant sy dêr kamen, skattige pinguïns dat se binne. Dêrnei hie net ien mear oandacht foar him. Hy waard nei in oare dieretún stjoerd, dêr't er ek oan 'e kant skood waard doe't dêr pinguïns oanskaft waarden en dêrnei nei in hiele rige dieretunen en iepenbiere akwaria dêr't him hieltyd itselde ferhaal werhelle. Sûnt wrokket Dave sûnder ophâlden tsjin pinguïns, en no wol er wraak op harren nimme.
De altyd roppige Rico ferslynt de samling sniebollen fan Dave en ek in lytseftich fet mei in griene substânsje dy't Dave oantsjut as medusa-searum, foar't de pinguïns ûntsnappe. Dat liedt ta in wylde efterfolging troch de kanalen en strjitten fan Feneesje troch Dave syn oktopustrewanten. As de pinguïns úteinlik yn in dearinnende stege yn it nau dreaun reitsje, wurde se rêden troch in groep bisten fan in Arktysk elite-undercoveragintskip dat "De Noardewyn" hjit. Dat bestiet út in grize wolf, de lieder, waans namme klassifisearre is (mei as gefolch dat Skipper him de hiele fierdere film 'Klassifisearre' neamt), en trije oare leden: de sealrob Short Fuse, in iisbear dy't troch eltsenien 'korporaal' neamd wurdt, en de tsjeppe snie-ûle Eva, op wa't Kowalski fuortendaliks smoarfereale rekket. Harren misje is om bisten te helpen dy't folslein warleas binne, lykas dy skattige pinguïns, in omskriuwing dy't Skipper yn it ferkearde kielsgat sjit.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Yn it geheime haadkertier fan De Noardewyn koarret Rico it fetsje mei medusa-searum op, dat neffens Klassifisearre in soarte gif is dêr't Dave wrâlds pinguïnpopulaasje mei útrûgje wol. It liket derop dat mei it stellen fan it searum troch de pinguïns it gefaar ôfkeard is, mar dan wurdt it kommunikaasjesysteem fan De Noardwyn hackt troch Dave, dy't op fideo sjen lit dat it fetsje mar in lyts diel befette fan 'e ûnbidige hoemannichte medusa-searum dy't er al produsearre hat. Hy fertelt ek dat er fan doel is de pinguïns te ûntfieren út eltse dieretún en elts iepenbier akwarium dêr't hysels troch ôftanke wurden is. De Skipper en de pinguïns meitsje fuortendaliks plannen op Dave te dwerseidzjen, mar Klassifisearre sjocht harren net foar fol oan en beskôget harren aktiviteit as in stroffelstien foar syn eigen misje. Dêrom ferdôvet er harren mei pylkjes út in ferdôvingsgewear en ferstjoerd harren dan nei it ôfhandichste en dêrtroch feilichste diel fan 'e wrâld (dat Madagaskar blykt te wêzen).
Underweis wurde de pinguïns lykwols wekker en ûntsnappe boppe de Sahara út it rom fan in fleantúch, wêrnei't se úteinlik yn Sjanghai bedarje, dat se foar Dublin oansjogge. Dêr sjogge se op it nijs dat Dave ûnderwilens oeral op 'e wrâld de pinguïns út dieretunen en iepenbiere akwaria ûntfierd hat. Dy list bringt Rico op in idee, en hy koarret Dave syn sniebolkolleksje op, dy't bestiet út deselde stêden dy't op it nijs neamd binne, plus ien oaren: Sjanghai. Skipper beseft dat er de kâns hat om 'e pinguïns yn 'e dieretún yn Sjanghai te rêden, dat hy ferstjoert harren yn in doaze út 'Dublin' wei nei itselde plak dêr't se op dat stuit al binne, dêr't se ferrassend fluch arrivearje. Yn 'e dieretún moat Private foar ôflieding soargje wylst de oare pinguïns Dave gripe, mar troch tadwaan fan in behelpsume dieretúnmeiwurker bedarret Private yn it ferbliuw mei de pleatslike pinguïns. Dave ûntsnapt as it plan fan 'e pinguïns mislearret trochdat ek De Noardewyn arrivearret en de beide groepen inoar by fersin tsjinwurkje. De pleatslike pinguïns en Private wurde troch Dave ûntfierd.
De pinguïns kape dêrop de high tech-fleanmasine fan De Noardewyn om Dave syn ûnderseeër te efterfolgjen, wylst Klassifisearre en de oare leden fan De Noardewyn meiskuord wurde yn in fiskersboat dy't se mei in keabel mei har fleanmasine witten hawwe te ferbinen. De efterfolging einiget yn gaos as de pinguïns by fersin it selsferneatigingsmeganisme fan 'e fleanmasine aktivearje, wêrnei't dy delstoart boppe-op de fiskersboat. Nettsjinsteande dat witte de beide groepen it eilân te berikken dêr't Dave syn geheime haadkertier fêstige is, trochdat Klassifisearre de pinguïns (en dus ek Private) foarsjoen hie fan lytse ûnderhûdske stjoerderkes doe't er se mei it ferdôvingsgewear delskeat. Underwilens lit Dave op it eilân oan Private sjen dat er mei syn medusa-searum net fan doel is om 'e pinguïns te deadzjen, mar om se te transformearjen ta walchlik lilke meunsters, sadat de minsken harren nea wer 'skattich' fine sille.
Arrivearre op it eilân fan Dave krije Skipper en Klassifisearre spul oer de bêste manear om 'e finzen pinguïns te rêden. Dêrby manipulearret Klassifisearre Skipper op skamteleaze wize, mei as gefolch dat dy úteinlings ynstimt mei it plan foar in frontale oanfal dat Klassifisearre oppenearre hat. Dêrby moatte Skipper, Kowalski en Rico foar in ôfliedingsmaneuver soargje, wylst Klassifisearre en de oare leden fan De Noardewyn de ûnderseeër ynkringe en de befrijing útfiere. De rêdingsaksje rint lykwols út op in fiasko as sawol Klassifisearre en syn maten, as Skipper en de oare beide pinguïns troch de trewanten fan Dave finzennommen wurde. Neitiid test Dave syn mei medusa-searum laden 'mutaasjestriel' op Private, dy't nei in eachferblynjende flits yn it neat weiwurden liket te wêzen. Dave beslút om 'e krêft fan 'e striel tenei wat leger yn te stellen, en Skipper, Kowalski en Rico treurje om 'e dea fan harren jonge freon.
Eins blykt Private lykwols krekt op it nipperke ûntsnapt te wêzen troch syn boeiens los te meitsjen mei in opkoarre paperclip dy't er earder nei foarbyld fan Rico trochslokt hie. Hy befrijt Klassifisearre en de oare leden fan De Noardewyn yn 'e ûnderstelling dat dy him helpe sille om 'e pinguïns te befrijen, mar Klassifisearre wol dêr neat fan witte. Hy wol werom nei syn haadkertier om in nij plan te betinken en him op 'e nij te bewapenjen. Teloarsteld set Private dan allinnich ôf foar in rêdingsmisje. Underwilens hat Dave de oare pinguïns ûnderwurpen oan syn mutaasjestriel, sadat se allegearre yn walchlik útsjende meunsters feroare binne. Dave syn ûnderseeër arrivearret yn 'e haven fan New York, dêr't 'dr. Octavius Brine' de tastreamde kliber minsken ferkundiget dat er al harren ûntfierde leave pinguïns rêden en werombrocht hat. Grut is de ôfwearze en de panyk as de minsken sjogge wat Brine wier brocht hat.
De mutearre pinguïns, dy't ek geastlik net goed mear by sûpe en stút binne, efterfolgje de útnaaiende minsken. Dêrop suggerearret Dave ûnskuldichwei dat immen de ûngediertebestriding bellet, in suggestje dy't fuortendaliks opfolge wurdt. Wylst de lju fan 'e ûngediertebestriding de mutearre pinguïns opsûge yn harren weintsjes, wit Private syn trije maten wer ta besleur te bringen. Om't er sels de skattichste pinguïn fan allegear is, ferfangt er it medusa-searum as enerzjyboarne fan 'e mutaasjestriel troch himsels, wêrnei't er alle pinguïns wer weromferoarje wol. Allinne, de batterijen fan 'e ôfstânsbetsjinning fan 'e mutaasjestriel binne leech, sadat Skipper it ding net betsjinje kin. Rico wurdt nei in winkel stjoert om nije batterijen te heljen, mar rekket ôflaat trochdat der yn 'e winkel ek Cheezy Dibbles lizze, dy't wer op 'e nij yn produksje nommen binne. As Skipper en Kowalski har de trewanten fan Dave net mear fan it liif hâlde kinne, arrivearje Klassifisearre en de oare leden fan De Noardewyn, dy't harren te help komme. Rico bringt dochs noch krekt op 'e tiid de nije batterijen, sadat Skipper de mutaasjestriel oansette kin op itseldichste stuit dat Dave him foar de striel smyt. Alle pinguïns wurde dêrtroch weromferoare yn harren skattige oarspronklike foarmen.
Teffens blykt Dave troch de mutaasjestriel sa lyts makke te wêzen, dat ek hy no skattich is. Hy komt fêst te sitten yn ien fan syn eigen sniebollen, dy't Skipper oan in bern jout, dat der daliks flink mei begjint te skodzjen om it snije te litten. Underwilens hat Private de priis betelle foar de weromferoaring fan 'e pinguïns, mei't er no net mear skattich is, mar in ferwosken pearzige kleur hat en in elandgewei op 'e kop. Nettsjinsteande dat wurdt er troch alle oare pinguïns eare as de held dy't er is. Klassifisearre, dy't de pinguïns fan Madagaskar no einlings as de gelikensen fan De Noardewyn sjocht, biedt harren as beleanning foar it ôfweven mei Dave oan wat se mar wolle. De pinguïns kieze fjouwer jetpacks, sadat se fleane kinne lykas oare fûgels. Kowalski kriget dêropta in tongtút fan Eva, keken fan gleskegnuvers ôfskut troch ien fan har wite wjukken. De pinguïns fan Madagaskar fleane fuort om kaprioalen út te fieren boppe de wolkens op 'e siik nei nije aventoeren.
Yn in sêne dy't folget as de ôftiteling al begûn is, binne de pinguïns weromkeard yn it sirkus, dêr't se de skattige mûsmaky Mort as enerzjyboarne oan 'e mutaasjestriel keppele hawwe om Private wer syn gewoane skattige uterlik werom te jaan. Mort syn master, de ringsturtmaky kening Julien, hat dêr gjin beswier tsjin; krektoarsom, hy kin net wachtsje om sels de oanknop op 'e ôfstânsbetsjinning yn te drukken. It plan wurket, en Private kriget syn normale uterlik werom. De noch ûnderstboppest oan it apparaat hingjende Mort liket gjin inkele bywurking fan it proses oprûn te hawwen, ta teloarstelling fan Julien, oant er ynienen in útfal nei ûnderen docht en Julien yn ien hap mei hûd en hier ferslynt.
Rolferdieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise oarspronklike ferzje |
akteur/aktrise Nederlânsk neisyngronisearre ferzje |
Skipper | Tom McGrath | Frans Limburg |
Kowalski | Chris Miller | Marcel Jonker |
Private (Ned.: "Soldaat") | Christopher Knights | Huub Dikstaal |
Rico | Conrad Vernon | Conrad Vernon |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise oarspronklike ferzje |
akteur/aktrise Nederlânsk neisyngronisearre ferzje |
Dave de oktopus | John Malkovich | Tony Neef |
agint 'Klassifisearre' | Benedict Cumberbatch | Jon van Eerd |
Short Fuse (Ned.: "Kort Lontje") | Ken Jeong | Rolf Koster |
Eva | Annet Mahendru | Peggy Vrijens |
korporaal | Peter Stormare | Murth Mossel |
kening Julien XIII, in ringsturtmaky | Sacha Baron Cohen | John Jones |
Mort, in mûsmaky | Andy Richter | Dieter Jansen |
dokumintêremakker | Werner Herzog | Freek Vonk |
Produksje en distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Produksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De pinguïns fan Madagaskar rekken foar it earst bekend doe't se yn byrollen figurearren yn 'e film Madagascar, út 2005. Der stie al in spin-off-film mei harren yn 'e haadrol op steapel sûnt koart nei't Madagascar útkommen en in grut súkses wurden wie. Yn 't earstoan waard ornearre dat dy direkt-op-fideo útbrocht wurde soe yn 2009. Dat plan rûn lykwols fertraging op en yn maart 2011 waard troch filmstudio DreamWorks Animation bekendmakke dat de pinguïns har eigen bioskoopfilm krije soene.
Penguins of Madagascar waard regissearre troch Eric Darnell en Simon J. Smith nei in senario fan Michael Colton, John Aboud en Brandon Sawyer. As produsinten wiene Mark Swift, Lara Breay en Tripp Hudson by it projekt belutsen foar de filmstudio's DreamWorks Animation en Pacific Data Images (PDI). It wie de lêste film dy't troch PDI produsearre waard foar't dat bedriuw yn jannewaris 2015 opheft waard. Foar Penguins of Madagascar wie in budget beskikber fan $132 miljoen. De filmmuzyk waard fersoarge troch Lorne Balfe.
Distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De distribúsje fan Penguins of Madagascar waard (as iennichste film fan 'e Madagascar-franchise) fersoarge troch 20th Century Fox. De film gie op 14 novimber 2014 yn Sina yn premiêre, wêrnei't er op 26 novimber iepene yn 'e Amerikaanske bioskopen. De soundtrack waard op 25 novimber 2014 as muzykalbum útbrocht troch platemaatskippij Relativity Music Group. Penguins of Madagascar kaam op 17 maart 2015 út op dvd en blu-ray.
Untfangst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Penguins of Madagascar krige oer it algemien positive oant mingde resinsjes fan 'e filmkritisy. Sa parte Elizabeth Weitzman de film yn 'e New York Daily News 3 fan 4 stjerren ta. Hja skreau: "Tajûn, it wurdt gjin klassiker, mar in bretaal skript en gemoedlik stimaktearjen fan Benedict Cumberbatch en John Malkovich sil dizze feestdagen grif bern en folwoeksenen fermeitsje." Yn The A.V. Club joech Ignatiy Vishnevetsky de film in 8 op in skaal fan 1 oant 10. Hy skreau: "Penguins of Madagascar is drok en gauris grappich, en is karakteristyk foar de styl fan dizze franchise fan DreamWorks Animation, dy't delkomt op selsbewuste mar naïve, pratende bisten dy't bernefreonlike libbenslessen leare […]." Ben Kenigsberg fan The New York Times skreau oer Penguins of Madagascar: "It gebrek oan orizjinaliteit wurdt goedmakke troch de klearebare healwizens […]."
Net eltsenien tocht der sa oer. Lou Lumenick fan 'e New York Post joech de film mar 1 fan 4 stjerren, en skreau: "Penguins of Madagascar is in loaie, lûdroftige, oan ADHD lijende samling fan animaasjeklisjees, dêr't eltsenien boppe de fiif jier garandearre pineholle fan krije sil […]." En yn The Hollywood Reporter skreau Michael Rechshaffen: "Hoewol't der mear as genôch healwize útfallen binne om in film fan spylfilmlingte mei fol te tropjen, is al dy manyske enerzjy op 't langelêst mear fermuoiend as opfleurjend."
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Penguins of Madagascar in goedkarringspersintaazje fan 73%, basearre op 107 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] hat in heech genôch tempo en is felkleure genôch om lytse bern te fermeitsjen, mar te drok en ûnnoazel om wiere bioskoopferdivedaasje te bieden foar it hiele gesin." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Penguins of Madagascar in goedkarringspersintaazje fan 53%, basearre op 31 resinsjes.
Resultaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Opbringst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Penguins of Madagascar brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $83,4 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $290,2 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $373,6 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $132 miljoen betsjut dat in winst fan $241,6 miljoen. Der waard lykwols sa'n almeugende soad útjûn oan marketing en reklame dat DreamWorks Animation lang net út 'e kosten kaam en ein 2014 in ferlies fan $57,1 miljoen ôfskriuwe moast, dat feroarsake wie troch it (neffens de studio) "teloarstellende" resultaat fan Penguins of Madagascar en in oare tekenfilm, Mr. Peabody & Sherman.
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Penguins of Madagascar waard nominearre foar trije Annie Awards, yn 'e kategoryen bêste animearre effekten yn in animaasjefilm, bêste personaazje-animaasje yn in animaasjefilm en bêste personaazje-ûntwerp yn in animaasjefilm. De film waard ek nominearre foar de Kids' Choice Award foar favorite animaasjefilm.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Offisjele webside fan Penguins of Madagascar
- (in) Ynformaasje oer Penguins of Madagascar yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
lange films | Madagascar (2005) • Madagascar: Escape 2 Africa (2008) • Madagascar 3: Europe's Most Wanted (2012) • Penguins of Madagascar (2014) | |
koarte films | The Madagascar Penguins in a Christmas Caper (2005) • Merry Madagascar (2009) • Madly Madagascar (2013) • All Hail King Julien: New Year's Eve Countdown (2017) • All Hail King Julien: Happy Birthday to You (2017) | |
The Penguins of Madagascar (2008-2012) • All Hail King Julien (2014-2017) • Madagascar: A Little Wild (2020-20??) |
- Madagascar
- Amerikaanske aventoerekomeedzje
- Amerikaanske fantasyfilm
- Amerikaanske kompjûtertekenfilm
- Amerikaanske bernefilm
- Amerikaanske famyljefilm
- Fantasy-aventoerefilm
- Fantasykomeedzjefilm
- Ingelsktalige film
- Film fan DreamWorks Animation
- Film fan 20th Century Studios
- Film fan Eric Darnell
- Film fan Simon J. Smith
- Film út 2014
- Film oer freonskip
- Film oer pinguïns
- Film oer inketfisken
- Film oer wolven
- Film oer bearen
- Film oer bisten
- Film oer wraak
- Film oer ûntfiering
- Film oer meunsters
- Film oer in monarch