Madagascar (film út 2005)

Ut Wikipedy
Madagascar
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Eric Darnell
Tom McGrath
produsint Mireille Soria
senario Mark Burton
Billy Frolick
Eric Darnell
Tom McGrath
muzyk Hans Zimmer
filmstudio DreamWorks Animation
PDI
distribúsje DreamWorks Pictures
spilers
haadrollen Ben Stiller
Chris Rock
David Schwimmer
Jada Pinkett Smith
byrollen Sacha Baron Cohen
Tom McGrath
Cedric the Entertainer
Andy Richter
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 25 maaie 2005
foarm lange tekenfilm
sjenre aventoerekomeedzje
taal Ingelsk
spyltiid 86 minuten
budget en resultaten
budget $75 miljoen
opbringst $532,7 miljoen
filmsearje
filmsearje Madagascar
● folgjend diel Madagascar: Escape 2 Africa

Madagascar is in Amerikaanske aventoerekomeedzje yn 'e foarm fan in kompjûteranimearre tekenfilm foar bern en foar folwoeksenen út 2005 ûnder rezjy fan Eric Darnell en Tom McGrath. De haadrollen waarden ynsprutsen troch Ben Stiller, Chris Rock, David Schwimmer en Jada Pinkett Smith. De titel ferwiist nei Madagaskar. It ferhaal giet oer fjouwer bisten út in dieretún yn New York, dy't ûnferwachts strâne reitsje op Madagaskar en leare moatte om yn it wyld te oerlibjen. Madagascar krige fan 'e filmkritisy mar tuskenbeiden resinsjes, mar groeide yn 'e bioskopen út ta in reuseftich kommersjeel súkses. Dêrtroch ûntstie de mediafranchise Madagascar. In ferfolchfilm, Madagascar: Escape 2 Africa, kaam út yn 2008.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e Central Park Zoo yn New York fiert Marty de sebra syn tsiende jierdei. Hy fielt him lykwols deprimearre, mei't er skjin syn nocht hat fan 'e deistige rûtine yn 'e dieretún. In petear mei de fjouwer psychopatyske pinguïns (Skipper, Kowalski, Rico en Private), dy't it har yn 'e holle helle hawwe om út 'e dieretún te ûntsnappen om werom te kearen nei in frij libben yn Antarktika, makket yn Marty ek in langstme nei de wyldernis wekker. Syn bêste freonen Alex de liuw, Melman de sjiraffe en Gloria it nylhoars begripe lykwols net wat him besielt. Sy genietsje eltse dei wer mei folle teugen fan harren luzelibbentsje yn 'e dieretún.

Dy nachts naait Marty út mei de bedoeling om 'e trein te nimmen nei Connecticut, dêr't de deunstbye wyldernis te finen is. As Alex, Melman en Gloria har bewust wurde fan syn ôfwêzigens, sitte se o sa oer him yn noed. Se besluten him efternei te setten om him syn nuvere opstigings te ûntpraten. Troch it gat dat Gloria yn 'e muorre om 'e dieretún makket, ûntsnappe ek twa sjimpansees, Mason en de dôfstomme Phil. De pinguïns binne al earder op eigen manneboet útpykt. It docht bliken dat in sebra yn New York fernuvere blikken fan foarbygongers opropt, mar net folle mear as dat. Foar in liuw yn 'e metro riidt lykwols de hiele plysje út. Yn Grand Central Terminal helje Alex, Melman en Gloria Marty yn, mar as it besykjen fan Alex om mei de arrivearjende plysje te kommunisearjen ynterpretearre wurdt as in teken fan agresje, wurdt er delsketten mei in ferdôvingsgewear. Ek Marty, Melman, Gloria, de sjimpansees en de pinguïns wurde fongen.

Under druk fan bisterjochte-aktivisten beslút de dieretún de bisten werom te stjoeren nei Afrika. Alex wurdt wekker yn in kiste oan board fan in frachtskip dat, ta syn ôfgriis, ûnderweis is nei Kenia. Ek de oare bisten binne oan board, mar as de pinguïns trochkrije dat de reis nei Afrika giet ynstee fan nei Antarktika, ûntsnappe se út harren kiste en kape se it frachtskip. As se sûnder earne rekken mei te hâlden it roer omgoaie om nei Antarktika te farren, komt it skip sa skean yn it wetter te lizzen, dat de kisten mei de oare bisten oerboard glydzje. Alex, Marty, Melman en Gloria spiele oan op 'e kust fan Madagaskar

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

De dieretúnbisten besykje harrensels der earst noch fan te oertsjûgjen dat se arrivearre binne yn 'e San Diego Zoo, mar as se yn it oerwâld in grutte kloft makys treffe, ûntdekke se wêr't se echt bedarre binne. Alex jout Marty de skuld fan 'e swierrichheden dêr't se yn telâne kommen binne, en besiket mei sinjaalfjurren en oare tekens help te krijen om werom te kommen nei de beskaafde wrâld. Foar Marty, oan 'e oare kant, is de wyldernis wat er altyd al socht. Gloria en Melman binne it mei Alex iens dat it Marty syn skuld is dat se op Madagaskar bedarre binne, mar se fine ek dat it gjin sin hat om dêrop om te stinnen en dat se der mar it bêste fan meitsje moatte. Se hawwe wol wat maklik praten, want as herbivoaren is der yn it oerwâld foar harren mear as genôch te iten, wylst Alex as karnivoar honger lije moat as er syn freonen of de makys net fersline wol.

Underwilens hat kening Julien XIII, de selsútroppen 'master fan 'e makys', in narsistyske ringsturtmaky dy't de oare makys op 'e iene of oare wize sa gek krigen hat dat se him as lieder akseptearje, it plan opfetten om 'e dieretúnbisten op Madagaskar te hâlden. Alex hat nammentlik by fersin de gemiene fossa's ferdreaun dy't jacht meitsje op 'e makys. Julien syn seremoanjemaster Maurice, in fingerdier, warskôget noch dat er it net op Alex stean hat en freget him ôf wêrom't de fossa's bang foar him wêze soene as dêr gjin reden ta is, mar Julien wegeret nei him te harkjen.

Uteinlik ferjout Alex syn freon Marty, mar tsjin dy tiid is er sa roppich dat er syn freonen as byfstikken begjint te sjen. Op in stuit ferliest er sa syn selsbehearsking dat er Marty yn 'e kont byt. Alex skammet him dêr djip foar, en dat wurdt noch helte minder as kening Julien, dy't beseft dat Maurice gelyk hie, him nei de oare kant fan it eilân ferballet om mank de fossa's te libjen. As er sjocht hoe min oft it Alex yn it wyld fergiet, kriget Marty foar it earst spyt fan syn beslút om út te brekken út 'e dieretún.

Underwilens binne de pinguïns mei it frachtskip nei Antarktika reizge, mar ienris dêr oankommen, docht bliken dat it harren dêr te kâld wie. Sadwaande keare se om en farre werom nei Madagaskar, dêr't se it skip oan 'e grûn sette by it strân. Marty beseft dat se no in kâns hawwe om werom te gean nei New York, dat hy hastiget him nei de oare kant fan it eilân om Alex op te heljen, dêrby de warskôgings fan Melman en Gloria yn 'e wyn slaand. As Marty syn freon fynt, is Alex sa úthongere dat er himsels net mear yn 'e buert fan Marty fertrout. Marty wurdt oanfallen troch in grutte kloft fossa's, mar Gloria, Melman en de pinguïns komme him te help. Der komme lykwols almar mear fossa's op it gefjocht ôf, en úteinlik driigje se allegear opfretten te wurden. Se wurde rêden troch Alex, dy't syn rôfdierynstinkt oerwint om syn freonen te helpen. Hy jaget de fossa's foargoed op 'e flecht, wêrnei't de pinguïns yn see fisk foar him fange om syn honger te stiljen.

Neitiid organisearje de makys in grut ôfskiedsfeest foar't Alex, Marty, Melman en Gloria oan board fan it frachtskip geane om ôf te setten nei hûs. De sinnebaaiende pinguïns beslute om harren mar net te fertellen dat it skip gjin brânstof mear hat.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ben Stiller.
Chris Rock.
David Schwimmer.
Jada Pinkett Smith.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
oarspronklike ferzje
akteur/aktrise Nederlânsk
neisyngronisearre ferzje
Alex de liuw Ben Stiller Hans Somers
Marty de sebra Chris Rock Rogier Komproe
Melman de sjiraffe David Schwimmer Fred Butter
Gloria it nylhoars Jada Pinkett Smith Laura Vlasblom


byrollen
personaazje akteur/aktrise
oarspronklike ferzje
akteur/aktrise Nederlânsk
neisyngronisearre ferzje
kening Julien XIII, in ringsturtmaky Sacha Baron Cohen John Jones
Skipper, de lieder fan 'e pinguïns Tom McGrath Frans Limburg
Maurice, in fingerdier Cedric the Entertainer Murth Mossel
Mort, in mûsmaky Andy Richter Dieter Jansen
Kowalski, in pinguïn Chris Miller Paul Klooté
Rico, in pinguïn Jeffrey Katzenberg Bart Bosch
Private (Ned.: "Junior"), in pinguïn Christopher Knights Huub Dikstaal
Mason, in sjimpansee Conrad Vernon Victor van Swaay
Nana, in âldere New Yorkske frou Elisa Gabrielli Nelly Frijda
plysjehynder David Cowgill
plysjeman Stephen Apostolina
Ted, in gouden healmaky Conrad Vernon
in fossa Eric Darnell
in fossa Tom McGrath
ûnbeskaat dieretúnbist dat net yn byld komt Bob Saget (cameo)
Hector, in maky Eric Darnell
Pancho, in kroanmaky David P. Smith
Abner, in maky Jeffrey Katzenberg
Becca in moarmaky David P. Smith
Horst, in maky Eric Darnell
Timo, in tenrek Chris Miller

Produksje en distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Madagascar waard regissearre Eric Darnell en Tom McGrath nei in senario fan Mark Burton, Billy Frolick en harrensels. As produsinte wie Mireille Soria by it projekt belutsen foar filmstudio's DreamWorks Animation en PDI. De filmmontaazje wie yn 'e hannen fan Clare de Chenu, Mark A. Hester en H. Lee Peterson. Der wie in budget fan $75 miljoen foar de film beskikber. De filmmuzyk waard fersoarge troch komponist Hans Zimmer, dy't lieten oan 'e soundtrack tafoege fan û.o. Earth, Wind & Fire, Vangelis, de Bee Gees en Louis Armstrong.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan Madagascar waard fersoarge troch DreamWorks Pictures. De film gie op 25 maaie 2005 yn premiêre yn 'e Filipinen, en pas twa dagen letter, op 27 maaie, yn 'e Feriene Steaten. It album mei de soundtrack waard op 26 maaie publisearre troch platemaatskippij Geffen Records. Op 15 novimber 2005 kaam Madagascar út as VHS-keapfideo en dvd. De dvd-edysje omfieme ek de koarte krystfilm The Madagascar Penguins in a Christmas Caper. Op 23 septimber 2008 waard de film foar it earst útbrocht op blu-ray.

Boerd fan 'e wyldwetterrit Madagascar: A Crate Adventure yn it ferdivedaasjepark Universal Studios Singapore yn Singapoer.

De distribúsjerjochten op Madagascar waarden yn 2014 troch produsint DreamWorks Animation (in bedriuw dat gjin direkte bannen mear hat mei DreamWorks Pictures) weromkocht fan Paramount Pictures, de studio dy't eigner wie fan 'e fûnskatalogus fan DreamWorks Pictures fan 2005 en earder. Se waarden dêrnei oerdroegen oan 20th Century Fox, foar't se yn 2018 by Universal Pictures bedarren.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Madagascar krige mar lauwe resinsjes fan 'e filmkritisy. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Madagascar in midsmjittich goedkarringspersintaazje fan 55%, basearre op 187 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Hoewol't it ferhaal op plakken problematysk is en de humor foar in folwoeksen publyk faak it doel mist, hat [de film] yndrukwekkende animaasje en genôch piid en sjarme om bern fermakke te hâlden." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Madagascar in goedkarringspersintaazje fan 57 basearre op 36 resinsjes.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Opbringst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Madagascar brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $193,6 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $339,1 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $532,7 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $75 miljoen betsjut dat in winst fan $457,7 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Madagascar yn 'e bioskopen in reuseftich kommersjeel súkses.

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Madagascar wûn de Nickelodeon Kids' Choice Award yn 'e kategory favorite animaasjefilm. De film waard ek nominearre foar njoggen Annie Awards, mar wist dêrfan net ien te winnen.

Mediafranchise[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Wikipedy hat ek in side Madagascar (franchise).

It ûnbidige súkses fan Madagascar late ta it ûntstean fan in mediafranchise om 'e film hinne. In ferfolchfilm, Madagascar: Escape 2 Africa, waard yn 2008 útbrocht, en in trêde diel, Madagascar 3: Europe's Most Wanted, kaam yn 2012 út. De pinguïns krigen yn 2014 harren eigen spin-off-film mei Penguins of Madagascar. Fierders waarden der oant 2021 in tillefyzjespecial, twa koarte films, trije tillefyzjesearjes en ferskate fideospultsjes yn it ramt fan Madagascar makke.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
Madagascar
 
filmsearje
lange films Madagascar (2005) • Madagascar: Escape 2 Africa (2008) • Madagascar 3: Europe's Most Wanted (2012) • Penguins of Madagascar (2014)
koarte films The Madagascar Penguins in a Christmas Caper (2005) • Merry Madagascar (2009) • Madly Madagascar (2013) • All Hail King Julien: New Year's Eve Countdown (2017) • All Hail King Julien: Happy Birthday to You (2017)
 
tillefyzjesearjes
The Penguins of Madagascar (2008-2012) • All Hail King Julien (2014-2017) • Madagascar: A Little Wild (2020-20??)