All Hail King Julien

Ut Wikipedy
All Hail King Julien
tillefyzjesearje
makkers
betocht troch Tom McGrath
Eric Darnell
útfierend
   produsint
Mitch Watson
Bret Haaland
tillefyzjestudio DreamWorks Animation TV
spilers
haadrollen Danny Jacobs
Kevin Michael Richardson
Andy Richter
India de Beaufort
skaaimerken
foarm tekenfilmsearje
sjenre komeedzjesearje foar bern
seizoenen 6
jierren 20142017
tal ôfl. 78
spyltiid (ôfl.) 22 min.
lân/lannen Feriene Steaten
taal Ingelsk
prizen 7 × Emmy Award
webside www.dreamworkstv.com/shows/all-hail-king-julien
besibbe searjes The Penguins of Madagascar
Madagascar: A Little Wild

All Hail King Julien (yn Nederlân útstjoerd as Lang Leve Koning Julien) is súksesfolle Amerikaanske kompjûteranimearre tekenfilmsearje foar bern, dy't seis seizoenen rûn, fan 2014 oant en mei 2017. It wie (nei The Penguins of Madagascar) de twadde searje dy't basearre waard op 'e mediafranchise Madagascar. All Hail King Julien is in fantasy-aventoeresearje dy't draait om 'e aventoeren fan 'e narsistyske ringsturtmaky kening Julien XIII, dy't oer de makys fan Madagaskar regearret. De searje waard iepenbier makke fia de streamingtsjinst Netflix. Hy krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e tillefyzjekritisy en wûn sân Emmy Awards.

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

All Hail King Julien waard yn maart 2014 oankundige as ûnderdiel fan in oerienkomst dy't tekenfilmstudio DreamWorks Animation sletten hie mei streamingtsjinst Netflix. Dêrby lei DreamWorks himsels kontraktueel fêst om mear as 300 oeren oan eksklusive programmearring foar Netflix te produsearjen. All Hail King Julien wie de twadde searje dy't basearre waard op 'e Madagascar-franchise, nei The Penguins of Madagascar, út 2008-2012. Mei't All Hail King Julien spilet foarôfgeande oan 'e foarfallen yn 'e earste film Madagascar, foarmet de searje eins in prequel fan 'e rest fan 'e mediafranchise.

In ôfbydling fan kening Julien XIII.

De searje waard makke troch útfierende produsinten Mitch Watson en Bret Haaland op basis fan personaazjes dy't betocht wiene troch Tom McGrath en Eric Darnell. All Hail King Julien rûn seis seizoenen, fan desimber 2014 oant desimber 2017. Yn totaal waarden der 78 ôfleverings makke mei in spyldoer fan 22 minuten. Dy waarden allegear publisearre fia Netflix. Foar de Nederlânske tillefyzje (útstjoerd troch Nickelodeon) waard de searje yn it Nederlânsk neisyngronisearre mei de stimmen fan û.o. Louis van Beek, Jerrel Houtsnee, Thijs van Aken, Renée van Wegberg en Rosalie de Jong.

Utgongspunt fan 'e plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

All Hail King Julien spilet yn 'e wyldernis fan Madagaskar foarôfgeande oan 'e foarfallen yn 'e film Madagascar (2005). De ringsturtmaky kening Julien XII (yn 'e searje fierder ornaris "omke-kening Julien" neamd) is de tige strange, mar ek tige leffe hearsker oer alle makys. As him foarsein wurdt dat er ferslynd wurde sil troch de fossa's, beslút er troansôfstân te dwaan en yn ballingskip te gean om it libben derôf te rêden. Yn syn plak komt syn omkesizzer op 'e troan as Julien XIII. De nije kening is in narsistysk leafhawwer fan willemeitsjen, dy't syn hiele libben lang noch net folle út 'e wei set hat, en no hat er in hiel keninkryk om mei om te boartsjen.

Kening Julien XIII wurdt bystien troch syn trouwe en folle pleage adviseur, it fingerdier Maurice, en ek troch syn liifwacht, de froulike kroanmaky Clover. Ek de mûsmaky Mort is oanhâldend yn syn gefolch oanwêzich. Mort is de grutste fan fan kening Julien, en hâldt in ferskriklik soad fan him, mar yrritearret him ek sûnder ophâlden. Fjouweresom reitsje se fersyld fan alderhanne aventoeren en swierrichheden. Underwilens besiket de slûchslimme omke-kening Julien hieltyd op 'e nij kening te wurden, wylst der ek oare bedrigings foar it bewâld fan Julien XIII binne, lykas de sljochtsinnige fanaloka Karl en Clover har boasaardige twillingsuster Crimson.

Oan 'e ein fan it fjirde seizoen wurdt kening Julien ôfset en twongen om yn ballingskip te gean troch kening Koto en syn leger. It fyfde seizoen hjit dêrom: All Hail King Julien: Exiled ("ferballe"). Oan 'e ein fan it fyfde seizoen wit Julien lykwols Koto te ferslaan en syn keninkryk werom te winnen. It sechsde en lêste seizoen fynt plak nei't mei Koto ôfweefd is. Dêryn beslute smjunten as Karl en omke-kening Julien úteinlik har ferkeardens ôf te swarren en in nij libben te begjinnen. Oan 'e ein fan it sechsde seizoen arrivearje Alex de liuw en syn freonen op Madagaskar, sadat de searje oanslút by de earste Madagascar-film. Krekt op dat stuit giet Clover, in nij personaazje dat yn All Hail King Julien yntrodusearre waard, fuort op houliksreis mei har brêgeman Sage Moondancer, sadat alle losse eintsje kreas ôftriedde binne.

Koarte films[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op basis fan All Hail King Julien waarden yn 2017 twa (tige) koarte films makke, dy't los steane fan 'e searje. All Hail King Julien: Happy Birthday to You! is in filmke mei it tema 'jierdei', en All Hail King Julien: New Year's Eve Countdown hat as tema 'âld en nij'.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Haadrollen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

personaazje akteur/aktrise
oarspronklike ferzje
akteur/aktrise Nederlânsk
neisyngronisearre ferzje
kening Julien XIII, in ringsturtmaky Danny Jacobs Louis van Beek
Maurice, in fingerdier Kevin Michael Richardson Jerrel Houtsnee
Mort, in mûsmaky Andy Richter Thijs van Aken
Clover, in kroanmaky India de Beaufort Renée van Wegberg/Lotte Horlings/Rosalie de Jong

Weromkearende byrollen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

personaazje akteur/aktrise
oarspronklike ferzje
akteur/aktrise Nederlânsk
neisyngronisearre ferzje
Karl, in fanaloka Dwight Schultz Victor van Swaay
kening Julien XII ("omke-kening Julien"), in ringsturtmaky Henry Winkler Johnny Kraaijkamp jr./Huub Dikstaal
Timo, in tenrek David Krumholtz Ewout Eggink
Masikura, in kameleön Debra Wilson Johanne Telesford
Mary-Anne, in fossa Debra Wilson Jannemien Cnossen
Crimson, de suster fan Clover, in kroanmaky India de Beaufort Renée van Wegberg/Rosalie de Jong
Ted, in gouden healmaky Andy Richter Sander van der Poel/Huub Dikstaal
Sage Moondancer, in indry Jeff Bennett Lucas Dietens
Xixi, in toekan Betsy Sodaro Donna Vrijhof/Daphne Flint
Dorothy, in mangoestmaky Sarah Thyre Marjolein Algera/Jantine van den Bosch
Horst, in blau-eachmaky Jeff Bennett Ad Knippels/Florus van Rooijen
Dr. S, in keningskobra Jeff Bennett Ruud Drupsteen
kening Koto, in indry Maurice LaMarche Simon Zwiers

Seizoenen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

seizoen tal ôfl. rûn fan rûn oant streamingtsjinst
1 10 5 19 desimber 2014 26 desimber 2014 Netflix
5 3 april 2015 10 april 2015
2 16 16 oktober 2015 30 oktober 2015
3 13 17 juny 2016 24 juny 2016
4 13 11 novimber 2016 25 novimber 2016
5 (Exiled) 13 12 maaie 2017 19 maaie 2017
6 13 1 desimber 2017 1 desimber 2017

Untfangst en resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

All Hail King Julien krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e tillefyzjekritisy, dy't benammen lof hiene foar de kulturele relevânsje fan 'e searje. Ek waard it wurk fan 'e stimakteurs priizge. Neffens Robert Lloyd fan 'e Los Angeles Times wie All Hail King Julien "slagge op it mêd fan styl, senario, timing en stimaktearjen ynstee fan it tal yndividuele hierren dy't tekene binne yn in pels."

De searje waard yn totaal 19 kear nominearre foar in Emmy Award, de wichtichste Amerikaanske priis foar tillefyzje. Dêrfan wûn All Hail King Julien 7 Emmys: yn 2015 foar bêste animearre berneprogramma, bêste stimakteur yn animearre programma (Danny Jacobs as kening Julien) en bêste casting foar in animearre searje of tillefyzjespecial; yn 2016 foar bêste senario yn in animearre programma en bêste orizjinele liet (True Bromance); en yn 2017 foar bêste lûdsmontaazje en bêste lûdsmixing. Yn 2017 waard All Hail King Julien ek nominearre foar in Annie Award.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
Madagascar
 
filmsearje
lange films Madagascar (2005) • Madagascar: Escape 2 Africa (2008) • Madagascar 3: Europe's Most Wanted (2012) • Penguins of Madagascar (2014)
koarte films The Madagascar Penguins in a Christmas Caper (2005) • Merry Madagascar (2009) • Madly Madagascar (2013) • All Hail King Julien: New Year's Eve Countdown (2017) • All Hail King Julien: Happy Birthday to You (2017)
 
tillefyzjesearjes
The Penguins of Madagascar (2008-2012) • All Hail King Julien (2014-2017) • Madagascar: A Little Wild (2020-20??)