The Madagascar Penguins in a Christmas Caper
The Madagascar Penguins in a Christmas Caper | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Gary Trousdale | |
produsint | Teresa Cheng | |
senario | Michael Lachance | |
muzyk | James Dooley | |
filmstudio | DreamWorks Animation PDI | |
distribúsje | DreamWorks Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | Tom McGrath Christopher Knights Chris Miller John DiMaggio | |
byrollen | Elsa Gabrielli Frank Welker Bill Fagerbakke | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 7 oktober 2005 | |
foarm | koarte tekenfilm | |
sjenre | komeedzjefilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 12 minuten | |
filmsearje | ||
filmsearje | Madagascar |
The Madagascar Penguins in a Christmas Caper is in Amerikaanske koarte kompjûteranimearre komeedzjefilm út 2005 ûnder rezjy fan Gary Trousdale, mei yn 'e haadrollen de stimmen fan Tom McGrath, Christopher Knights, Chris Miller en John DiMaggio. De titel betsjut "De Pinguïns fan Madagaskar yn in Krystkaprioal". De film, dy't in spyldoer fan 12 minuten hat, makket diel út fan 'e Madagascar-franchise en is in prequel fan 'e oarspronklike film Madagascar. It ferhaal folget de fjouwer psychopatyske pinguïns by in befrijingsoperaasje nei't de jongste fan harren, Private, mei de kryst yn 'e swierrichheden rekket.
Plot
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It is kryst yn 'e Central Park Zoo yn New York en de fjouwer pinguïns Skipper, Kowalski, Rico en Private risselwearje foar in gesellige fiering ûnderinoar. Private, de nijste rekrút fan it kwartet, kriget der aan fan dat alle bisten yn 'e dieretún bliid en gelokkich binne, útsein Ted de iisbear, dy't nimmen hat om 'e kryst mei te fieren. Dat fynt er sa sneu, dat it him net los lit, ek al kriget er fan Skipper befel om der fierder net mear oer te tinken. Op krystjûn glûpt Private fuort om in krystkado foar Ted te sykjen, sadat er him wat opfleurje kin.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
It duorret in hoart ear't Skipper, Kowalski en Rico foar it ferstân krije dat Private mist, mar dan sette se ek daliks de efterfolging yn. Sa binne se der tsjûge fan hoe't Private, dy't yn in kiosk op 'e strjitte nei in gaadlik kado omsjocht, oansjoen wurdt foar in plúsjen pinguïn. Hy wurdt oankocht troch de sjegrinige dame op jierren Nana, dy't him meinimt nei har appartemint om him de oare deis oan har lytse kefferke Mr. Chew te jaan. Dat liket in alderaardichst lyts hûntsje, mar sadree't Nana har omdraaid hat, docht bliken dat er in falske lytse rotsak is.
Skipper, Kowalski en Rico kringe op ûnwierskynlike wize it appartemintekompleks binnen, wêrnei't se ynbrekke yn Nana har appartemint. Se komme krekt op 'e tiid om 'e mei in read lint omwuolle Private te rêden fan Mr. Chew. Wylst de staffe Nana foar de tillefyzje sit en neat oars heart, eskalearret efter har rêch om de konfrontaasje tusken Mr. Chew en de pinguïns ta gaos, wêrby't net inkeld de krystbeam deroan giet, mar ek it meastepart fan 'e ynboel. Nei't it kefferke op 't langelêst ferslein is, klearje de pinguïns harsels mei in steaf dynamyt dy't troch Rico ophoaste is, in wei út it appartemint. Nana, dy't troch dy knal einlings merkt dat der wat loas is, jout neitiid Mr. Chew de skuld fan 'e hiele ravaazje.
De pinguïns keare fjouweresom werom nei de Central Park Zoo, dêr't se op oanstean fan Private Ted de iisbear útnûgje om 'e kryst mei harren te fieren. Ta argewaasje fan Skipper nûget Ted op syn beurt alle oare bisten út 'e dieretún út, sadat it pinguïnferbliuw it toaniel fan in grut feest wurdt. Mei syn allen sjonge de bisten in parody op it bekende krystferske Jingle Bells.
Rolferdieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Skipper | Tom McGrath |
Private | Christopher Knights |
Kowalski | Chris Miller |
Rico | John DiMaggio |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Nana | Elsa Gabrielli |
Mr. Chew | Frank Welker |
Ted de iisbear | Bill Fagerbakke |
portier | Sean Bishop |
tillefyzjepresintator | Sean Bishop |
oare stimmen | Hope Levy Rif Hutton Richard Miro Mitch Carter Lynnanne Zager |
Produksje en distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Produksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]The Madagascar Penguins in a Christmas Caper waard regissearre troch Gary Trousdale, dy't ek û.o. de Disney-tekenfilms Beauty and the Beast en The Hunchback of Notre Dame makke hie. Hy wurke op basis fan in senario dat skreaun wie troch Michael Lachance. As produsinte wie Teresa Cheng by it projekt belutsen foar de filmstudio's DreamWorks Animation en PDI. Komponist James Dooley waard frege foar it meitsjen fan 'e filmmuzyk fan it filmke, mei't er ek alle muzyk foar de pinguïns skreaun hie yn 'e lange film Madagascar, dy't earder datselde jiers útkommen wie.
Distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De distribúsje fan The Madagascar Penguins in a Christmas Caper waard fersoarge troch DreamWorks Pictures. De film gie op 7 oktober 2005 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre, as foarfilm fan 'e lange tekenfilm Wallace & Gromit: The Curse of the Were-Rabbit. Letter waard The Madagascar Penguins in a Christmas Caper ek as bonusfilmke tafoege oan dvd-edysjes fan Madagascar, Shrek en Shrek 2, dy't allegearre op 15 novimber 2005 útkamen. Op blu-ray waard The Madagascar Penguins in a Christmas Caper foar it earst útbrocht op 23 septimber 2008 as bosusfilmke fan Madagascar.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Ynformaasje oer The Madagascar Penguins in a Christmas Caper yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
lange films | Madagascar (2005) • Madagascar: Escape 2 Africa (2008) • Madagascar 3: Europe's Most Wanted (2012) • Penguins of Madagascar (2014) | |
koarte films | The Madagascar Penguins in a Christmas Caper (2005) • Merry Madagascar (2009) • Madly Madagascar (2013) • All Hail King Julien: New Year's Eve Countdown (2017) • All Hail King Julien: Happy Birthday to You (2017) | |
The Penguins of Madagascar (2008-2012) • All Hail King Julien (2014-2017) • Madagascar: A Little Wild (2020-20??) |