Central Park Zoo

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Central Park Zoo
It sintrum fan 'e Central Park Zoo.
It sintrum fan 'e Central Park Zoo.
algemien
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
type privaat
sektor dieretún
fêstige yn New York (New York)
oprjochte 1864
eigener Gemeente New York
offisjele webside
centralparkzoo.com

De Central Park Zoo is in Amerikaanske dieretún yn New York, dy't de súdeastlike hoeke beslacht fan it bekende park Central Park yn 'e borough Manhattan. De dieretún is eigendom fan 'e Gemeente New York en wurdt eksploitearre troch de Wildlife Conservation Society (WCS). Dy organisaasje hat ek noch trije oare dieretunen en in iepenbier akwarium yn New York ûnder behear, allegear mei akkreditaasje fan 'e Feriening fan Dieretunen en Akwaria (AZA). De Central Park Zoo waard yn 1864 oprjochte as in menazjery en ûntjoech him yn 1934 ta in echte dieretún. Nei in fiifjierrige renovaasje wie de Central Park Zoo yn 1988 alhiel oan 'e moderne tiid oanpast.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Central Park Zoo makke gjin diel út fan it oarspronklike plan foar de oanlis fan Central Park fan Frederick Law Olmsted en Calvert Vaux, mar groeide ynstee yn 'e súdeastlike hoeke fan dat park spontaan troch ferskate skinkings fan eksoatyske húsdieren en oare bisten. It earste bist, in bearejong, waard yn 1859 fêstbûn oan in beam yn it park efterlitten troch syn eigner, en itselde barde it jiers dêrop mei in aapke. De bisten waarden neitiid yn 'e Central Park Mall holden en waarden populêr by de besikers, dy't meitiid op eigen inisjatyf bisten oan 'e samling begûnen ta te foegjen, wêrûnder kraanfûgels, in pau en goudfisken. Tsjin 1862 waarden 60 acres (24 ha) fan it park bestimd foar de oanlis fan in "soölogyske en botanyske tún". Yn 1964 waard dy dieretún formeel oprjochte troch de gemeenteried fan New York, wêrmei't it de twadde dieretún yn oerheidsbesit yn 'e Feriene Steaten wie nei de Philadelphia Zoo, dy't yn 1859 oprjochte wie.

In iisbear swimt ûnder wetter yn syn ferbliuw yn 'e Central Park Zoo.

De ierste foarm fan 'e Central Park Zoo wie eins gjin dieretún yn 'e moderne sin fan dat wurd, mar mear in menazjery, dêr't bisten yn koaien holden waarden ta niget fan 'e besikers, sûnder dat der folle om behoeften fan 'e bisten sels tocht waard. It gebiet dat foar de Central Park Zoo bestimd wie, bliek al gau oan 'e lytse kant te wêzen. Yn 1874 hellen James Gordon Bennett jr., de eigner fan 'e krante de New York Herald, en ferskaten fan syn sjoernalisten in hoax út wêrby't se in serieus lykjend artikel ôfprinten oer in grutskalige útbraak fan gefaarlike bisten út 'e Central Park Zoo, mei hielendal ûnderoan de fermelding dat it berjocht "fansels" hielendal út 'e tomme sûgd wie. Doe't dat ta grutte opskuor yn Manhattan late, bewearden Bennett-en-dy dat se mei it artikel de oandacht fêstigje wollen hiene op 'e ûntarikkende feilichheidsmaatregels yn 'e dieretún.

Tsjin 'e 1890-er jierren groeide de rop om 'e dieretún te ferpleatsen nei in plak dêr't mear romte wie, mar dêr kante him de befolking fan Manhattan tsjin oan, mei't de dieretún mank it earmere befolkingsdiel tige populêr wie. De oplossing dêr't de gemeenteried mei kaam, wie de oprjochting fan in twadde dieretún op in plak mei mear romte, dy't njonken de Central Park Zoo bestean koe. Dat waard de Bronx Zoo yn 'e borough The Bronx. Oan it begjin fan 'e tweintichste iuw rekke de Central Park Zoo troch ferwaarleazging fertutearze. Ek mei de bisten yn 'e ynstelling rekke it yn 'e nederklits, om't men bisten fan alle soarten akseptearre, ek as se siik wiene, mar feterinêre soarch wie der mar kwealk.

In bûtenferbliuw yn 'e 'Tuskenbeiden Sône' fan 'e Central Park Zoo.

Yn 1919 waarden der inkele fernijings yn 'e dieretún oanbrocht. Yn 1932 waarden de 22 oanwêzige koaien lykwols omskreaun as "gammel en optillend fan 'e rotten", wylst de houten skuorkes tige brângefaarlik wiene en de stekken sa ûntarikkend dat der 24 oeren deis in bewekker by it liuweferbliuw op wacht stean moast om útbrekken fan 'e grutte katten foar te kommen. Nei't er yn jannewaris 1934 boargemaster fan New York wurden wie, stelde Fiorello La Guardia Robert Moses oan as haad fan it Departemint fan Parken. Dyselde sette útein mei in grut renovaasjeprojekt foar alle dieretunen, swimbaden, boarterstunen en parken yn New York by wize fan wurkferskaffing foar it grutte tal wurkleazen yn 'e stêd yn 'e jierren fan 'e Grutte Depresje. It renovaasjeplan foar de Central Park Zoo, oankundige yn maart 1934, wie opsteld troch Aymar Embury II. De âlde menazjery waard dêrby eins hielendal platgoaid en fan 'e grûn ôf wer op 'e nij opboud as in (foar dy tiid) moderne dieretún. De kosten bedroegen $411.000. De weriepening fan 'e Central Park Zoo waard op 2 desimber 1934 holden.

Yn juny 1960 skonken senator Herbert Lehman en syn frou Edith $500.000 oan 'e Central Park Zoo, dêr't fuort benoarden de besteande dieretún in nije bernebuorkerij fan oanlein waard. Dy gie op 27 juny 1961 iepen. Ein 1960-er en begjin 1970-er jierren waarden twa metrolinen fan 'e New York City Subway rjocht ûnder de dieretún troch oanlein. Tsjin 'e midden fan 'e 1970-er jierren wie de Cental Park Zoo al wer tige fertutearze rekke troch efterstallich ûnderhâld, en bisterjochtegroepen spanden rjochtsaken oan tsjin 'e gemeente om 'e sluting fan 'e Central Park Zoo en de Prospect Park Zoo ôf te twingen, sadat de bisten dêrwei oerbrocht wurde koene nei gruttere dieretunen, lykas de Bronx Zoo en de Queens Zoo.

De seeliuwepoel yn 'e Central Park Zoo.

Yn april 1980 sleat it gemeentebestjoer fan New York, û.l.f. boargemaster Ed Koch, in oerienkomst mei de New York Zoological Society (yn 1993 omneamd ta de Wildlife Conservation Society, WCS), wêrby't it behear fan 'e Central Park Zoo, de Prospect Park Zoo en de Queens Zoo foar fyftich jier oan 'e WCS oerdroegen waard. De WCS makke hast mei de heechnedige renovaasje fan 'e Central Park Zoo. De bisten waarden fan novimber 1982 ôf oerbrocht nei oare dieretunen, wêrnei't de dieretún ein 1983 tichtgie om folslein ferboud te wurden foar $35 miljoen (hoewol't it oarspronklike budget $8,3 miljoen bedroegen hie). Pas op 8 augustus 1988 gie de Central Park Zoo wer iepen. Nei berjochten fan ferwaarleazging fan 'e bisten waard de dieretún yn 1991 op 'e nij sletten, wêrnei't in nije renovaasje folge dy't duorre oant septimber 1997.

Yndieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Anno 2016 omfette de Central Park Zoo 1.487 bisten fan 163 ferskillende soarten. De eigentlike dieretún is opdield yn trije gebieten, dy't de tropen, de tuskenbeiden klimaatsônes en de poalstreken foarstelle. De 'Tropen' omfetsje in neibearing fan in tropysk reinwâld mei twa ferdjippings, dêr't û.m. flearhûnen, flearmûzen, slangen, apen, makys, piranja's, lânskylpodden en in grut tal ferskillende soarten fûgels libje. Yn 'e 'Tuskenbeiden Sône' binne û.m. reade panda's, kraanfûgels, Japanske makaken en sniepanters te sjen. De "Poalstreken" omfetsje in protte ferskillende soarten pinguïns, en fierders tûfseepappegaaien, gewoane seehûnen en iisbearen. Benoarden de eigentlike dieretún leit de bernebuorkerij, dêr't û.m. geiten, skiep, bargen, alpaka's, Patagoanyske mara's en de iennichste ko yn Manhattan holden wurde.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, Bibliography en Further Reading, op dizze side.