Springe nei ynhâld

Laura Vlasblom

Ut Wikipedy
Laura Vlasblom
sjonger en/of muzikant
Laura Vlasblom (1999)
Laura Vlasblom (1999)
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 8 oktober 1968
berteplak Drachten
wurkpaad
sjongtaal Nederlânsk
jierren aktyf 1981 - no

Laura Vlasblom (Drachten, 8 oktober 1968) is in Nederlânske sjongster en stimartyst.

Tegearre mei har suster Karin Vlasblom en harren twa freondinnen Mandy Huydts en Marjon Keller song se fan 1981 oant 1985 mei yn it koar fan Kinderen voor Kinderen.

Dit befoel harren sa goed dat se yn 1986 yn in fammegroep (Frizzle Sizzle) sjongen giene. De band - ivich op bleate fuotten en yn wide jurken - die it yn it earstoan aardich en waard troch guon al sjoen as de nije Dolly Dots. Yn 1986 die it kwartet mei oan it Eurofyzjesongfestival mei it nûmer Alles heeft een ritme, dêr't se 13e mei waarden. Hjirnei makken de fammen inkele beskieden hitsjes en sleepten se de Sulveren Harp yn de wacht. De groep foel lykwols yn 1989 al út elkoar.

Laura spruts in soad stimmen yn tekenfilms yn, ûnder oaren yn Madagascar as Gloria it Nylhoars, yn Kung Fu Panda 3 as Mei Mei de reuzepanda, yn Aladdin as prinsesse Jasmine en yn The Little Mermaid as Ariel. Fierders die se de stim fan Pikkie de Akster yn Alfred J. Kwak. Ek die se yn hast elke Barbie-film de stim fan Barbie.

Ut de relaasje mei de sjonger Bastiaan Ragas hat se in soan.