Springe nei ynhâld

Konettikut

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Konettikut (steat))
Steat Konettikut
State of Connecticut
flagge wapen
Qui transtulit sustinet
(Latyn, "Dy't ferfart, hanthavenet him lykwols")
lokaasje yn de Feriene Steaten
algemien
ôfkoarting CT
lân Feriene Steaten
status (jier) steat (1788)
haadstêd Hartford
grutste stêd Bridgeport
offisjele taal Ingelsk (de facto)
sifers
ynwennertal 3.596.677 (2014)
befolkingstichtens 285,0 / km²
oerflak 14.357 km² (12,6% wetter)
bykommende ynformaasje
bynamme de Constitution State
tiidsône UTC –5
simmertiid UTC –4
webside www.ct.gov
Dizze side giet oer de Amerikaanske steat Konettikut. Foar oare betsjuttings, sjoch: Konettikut (betsjuttingsside).

Konettikut of Konnektikut (Ingelsk: Connecticut; útspr.: [kǝ'nɛtɨkǝt], likernôch "k'-net-ty-k't"), offisjeel de Steat Konettikut (Ingelsk: State of Connecticut), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. Konettikut, byneamd de Constitution State, leit yn it noardeasten, oan 'e kust fan 'e Atlantyske Oseaan, en heart ta de regio fan Nij-Ingelân. De haadstêd is Hartford, mar de grutste stêd is Bridgeport. Neffens in skatting út 2014 hie de steat doe krapoan 3,6 miljoen ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de 29e steat fan 'e Feriene Steaten is. Oangeande oerflak is Konettikut mei 14.357 km² de 48e steat, mei't inkeld Delaware en Rhode Island noch lytser binne. Konettikut stiet bekend om syn wolfeart, syn (foar Amerikaanske begripen) hege befolkingstichtens en de Universiteit fan Yale, yn New Haven.

De namme fan Konettikut komt fan quonehtacut, in Algonkwynsk wurd út 'e Mohigan-taal foar "lange rivier mei tijwurking", in ferwizing nei de rivier de Konettikut. De namme hat dus, oars as wol tocht wurdt, neat te krijen mei it Ingelske tiidwurd to connect ("ferbine"). De offisjele bynamme fan Konettikut is de Constitution State (de "Grûnwetsteat"), in oantsjutting wêrfan't de oarsprong ûnwis is, mar de steat wurdt ek wol de Nutmeg State ("Nútmuskaatsteat"), de Provisions State ("Proviandsteat") en it Land of Steady Habits ("Lân fan Fêste Gewoanten") neamd.

In hjerstlânskip yn 'e Barndoorheuvels, by Granby.

Konettikuthat in oerflak fan 14.257 km², wêrfan't 12,6% út wetter bestiet. Dêrmei is it de op twa nei lytste steat fan 'e Feriene Steaten; inkeld Rhode Island en Delaware binne noch lytser. It leit yn it noardeasten fan 'e legere 48 Feriene Steaten, en makket mei Maine, Massachusetts, Rhode Island, Nij-Hampshire en Fermont diel út fan 'e regio Nij-Ingelân. Ek wurdt it gauris mei New York en Nij-Jersey ta it Trije-steategebiet rekkene. Konettikut leit yn 'e Eastlike Tiidsône (UTC –5, simmertiid –4) en grinzget yn it easten oan Rhode Island, yn it noarden oan Massachusetts en yn it westen oan New York. Yn it suden wurdt it beswette troch de Long Island Sound, in see-earm fan 'e Atlantyske Oseaan. Oare kant dat wetter leit it eilân Long Island, dat by de steat New York heart.

De rivier de Konettikut rint fan noard nei súd troch de midden fan Konettikut hinne, om út te mûnjen yn 'e Long Island Sound. De delling fan dy rivier is it tichtstbefolke gebiet fan 'e steat. Nettsjinsteande syn lytse oerflak hat Konettikut in grut ferskaat oan lânskippen, lykas de Litchfieldheuvels yn it noardwesten, dy't in útrinner fan 'e Appalachen foarmje, en de sânstrannen fan 'e súdeastlike kust. Nettsjinsteande de (foar Amerikaanske begripen) hege befolkingstichtens, wurdt likegoed noch in oansjenlik part fan Konettikut oerdutsen troch mingd wâld, dat deunby de kust fan 'e Long Island Sound oergiet yn leafwâld en op 'e hichten fan 'e Litchfieldheuvels yn nullewâld. It heechste punt yn 'e steat is Bear Mountain, yn 'e Litchfieldheuvels, op 725 m boppe seenivo (op 'e berchskeante fan 'e Mount Frissell, wêrfan't de top oer de grins yn Massachusetts leit), en it leechste punt is de kust.

Yndianereservaten yn Konettikut.

Foar it meastepart besteane de grinzen Konettikut út rjochte linen, mar yn 'e noardlike grins, mei Massachusetts, sit de saneamde Southwick Jog of Granby Notch, in omwei dy't likernôch 4 km² yn Konettikut op snijt. De reden dêrfoar is in slepend grinskonflikt dat yn 1804 úteinlik besljochte waard mei in kompromis. De westgrins fan Konettikut, mei de steat New York, omfettet de saneamde Panhandle fan Konettikut, in lyts nei it súdwesten ta útstykjend part fan 'e steat, by de kust fan 'e Long Island Sound lâns, dat it resultaat is fan in oar grinskonflikt út 'e lette santjinde iuw. Der binne yn Konettikut twa Yndianereservaten, dy't beide yn it súdeastlike part fan 'e steat lizze. Dat binne:

It grûngebiet fan wat no Konettikut is, waard oarspronklik bewenne troch Algonkwynsktalige Yndiaanske folken, wêrûnder de Mohigan (Mohegan), Pikwot (Pequot) en Paugusset (Paugussett). De earste Jeropeeske ûntdekkingsreizger dy't de krite ferkende, wie yn 1614 de Nederlanner Adriaen Block. Koarte tiid letter sylden Steatske pelskeaplju de rivier de Konettikut op (dy't se de Versche Rivier neamden) om yn 'e neite fan wat no Hartford is, in fort te bouwen dat it Huijs van Hoop kaam te hjitten. Dat waard yn 1654 troch de WIC opjûn om't it troch de kolonisaasje fan it omlizzende gebiet troch de Ingelsen ynsletten drige te reitsjen.

Bear Mountain, it heechste punt fan Konettikut.

Om 'e Nederlânske ynfloed yn 'e regio tsjin te gean, ûntfong yn 1635 John Winthrop de Jongere, in Ingelske kolonist út 'e koloanje Massachusetts, de opdracht om in nije koloanje te stiftsjen oan 'e mûning fan 'e rivier de Konettikut. Dat waard de koloanje Saybrook, de earste fan trije ûnderskate Ingelske koloanjes dy't neitiid gearfoege wurde soene ta Konettikut. Saybrook ûntgroeide nea it stadium fan 'e koloniale foarpost, en gie yn 1644 op yn 'e mânskere koloanje Konettikut, dy't yn 1633 stifte wie. De grutste groep kolonisten fan dy lêste koloanje bestie út in kloft puriteinen, dy't yn 1636 ûnder lieding fan 'e teolooch Thomas Hooker oerkamen út Massachusetts en har te Hartford fêstigen. De trêde fan 'e trije oarspronklike koloanjes wie de koloanje New Haven, dy't yn 1638 troch John Davenport, Theophilis Eaton en oaren te New Haven stifte waard.

Mei't noch de koloanje Konettikut, noch de koloanje New Haven mei tastimming fan 'e Ingelske Kroan ta stân kommen wiene, waarden beide gebieten juridysk as ôfskate foarposten fan Massachusetts beskôge. Yn 1662 wist Winthrop, gebrûk meitsjend fan in machtsfakuum yn 'e Ingelske polityk dat feroarsake waard troch de Restauraasje fan it Hûs Stuart, fan 'e nije kening Karel II in koloniale oarkunde los te krijen dy't fan 'e koloanjes Konettikut en New Haven ien nije koloanje makke ûnder de namme fan Konettikut. Hoewol't it âlde Konettikut binnen it nije steatsferbân de boppetoan fierde oer New Haven, funksjonearren as gefolch fan 'e gearfoeging oan 1875 ta Hartford en New Haven om bar as haadstêd fan Konettikut.

In lânkaart fan 'e koloanjes Konettikut, New Haven en Saybrook.

It earste wapene konflikt mei de Yndianen wie yn Konettikut de Pikwot-Oarloch fan 1636 tsjin 'e Pikwot, dy't fuortkaam út it har ta-eigenjen fan Yndiaansk lân troch de kolonisten. Doe't de Pikwot har dêrtsjin oankanten, reägearren de kolonisten mei in oanfal op in Pikwot-doarp op Block Island. De Pikwot belegeren ein 1636 de koloanje Saybrook en diene begjin 1637 in wraam op Wethersfield. Dêrop organisearren de kolonisten in milysje dy't in Pikwot-doarp oan 'e rivier de Mystic oanfoel en útmoarde, mei 300 oant 700 Yndiaanske deaden. Nei in fjildslach yn 'e neite fan Fairfield ferlern te hawwen, moasten de Pikwot úteinlik belies jaan.

Yn it koloniale Konettikut ûntjoech him in konservative maatskiplike hegerein dy't alle dwaan en litten yn it gebiet oant de Amerikaanske Revolúsje fan 'e 1770-er jierren behearske. Yn 1701 waard yn New Haven it Yale Kolleezje stifte, dat úteinlik útgroeie soe ta de Universiteit fan Yale. Tsjintwurdich is dat mei de Universiteit fan Harvard ien fan 'e beide meast prestizjeuze universiteiten fan it westlik healrûn. De oarspronklike oarkunde fan 'e koloanje Konettikut omfieme alle lân dat nei it westen ta yn it ferlingde fan 'e steat lei oan 'e Stille Oseaan ta. Doe't de koloanje nei oanlieding dêrfan yn 1753 in njoggende county stifte, Westmoreland, dat tusken de rivieren de Susquehanna en de Delaware yn komme moast te lizzen (no foarby de westgrins fan 'e steat), late dat ta de slepende (mar net botte bloedige) Pennamityske Oarloggen mei Pennsylvania, oant Konettikut it gebiet yn 1784 ôfstie oan Pennsylvania.

New London, oan 'e súdeastkust fan Konettikut.

Under de Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch wie Konettikut ien fan 'e trettjin koloanjes dy't it tsjin 'e Britske koloniale oerheid yn 'e kant setten. Nei't yn 1774 de oarloch útbrutsen wie, rjochte Konettikut in milysje op besteande út seis rezjiminten, wêrfan't de earste ienheden yn juny fan dat jier dielnamen oan 'e Slach by Bunker Hill, yn Massachusetts. Yn 1777 lâne der in Britsk leger fan 2.000 man by Westport op 'e kust fan Konettikut, dat dêrwei it binnenlân yn marsjearre en in arsenaal fan 'e Amerikaanske rebellen by Danbury ferneatige. Op 'e weromweis nei de kust waarden de Britten lykwols opwachte troch in Amerikaansk leger ûnder David Wooster en Benedict Arnold, mei as gefolch de Slach by Ridgefield, dy't einige yn in taktyske Britske, mar in strategyske Amerikaanske oerwinning. Fan Konettikut út waarden fierders ek ferskate wramen op it troch de Britten besette Long Island dien. As antwurd dêrop fierde de Britske generaal William Tryon yn july 1779 in oanfal op 'e kust fan Konettikut út, wêrby't New Haven, Norwalk en Fairfield plondere waarden. Ek waard yn septimber 1781, nei de Slach by Groton Heights, New London plondere.

Nei't de Unôfhinklikheidsoarloch yn 1783 ôfsletten wie mei in Amerikaanske oerwinning, ratifisearre it steatskongres fan Konettikut op 9 jannewaris 1788 de Amerikaanske Grûnwet, wêrmei't it de fyfde steat fan 'e Feriene Steaten waard. Oan 'e ein fan 'e achttjinde en yn 'e earste helte fan 'e njoggentjinde iuw florearre de ekonomy fan Konettikut troch hannel en yndustry. Katoenweverijen en oare tekstylfabriken droegen dêr yn hege mjitte oan by, en ek de fiskerij wie tige wolfarrend. Yn 1786 joech de steat in diel fan syn westlike gebietsdielen op dy't bewesten Pennsylvania oan 'e súdkant fan 'e Grutte Marren leine, en dy't dêrnei ûnderdiel waarden fan it Noardwestlik Territoarium. Konettikut behold lykwols in útstrutsen gebiet oan 'e súdkant fan 'e Earymar yn wat no noardlik Ohio is, dat bekendstie as it Westlik Reservaat fan Konettikut (Connecticut Western Reserve). Dy krite waard fierhinne kolonisearre troch lju út Konettikut wei, mar waard yn 1800 oerdroegen oan 'e Amerikaanske federale oerheid. Under de Oarloch fan 1812 soarge in Britske seeblokkade foar drege tiden yn Konettikut.

De Mcdonough-mar, in opslachmar by Barkhamsted.

Under de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) focht Konettikut foar it Noarden tsjin it Suden, dat him doe ûnder de namme fan 'e Konfederearre Steaten fan Amearika besocht ôf te skieden. Hoewol't der gjin inkele oarlochshanneling út 'e Boargeroarloch op it grûngebiet fan Konettikut plakfûn, spile de steat in wichtige rol yn 'e Noardlike oarlochsynset, troch 55.000 man nei it front te stjoeren, wêrûnder twa rezjiminten fan frije swarten. Fierders levere Konettikut ek 2.250 man oan 'e Noardlike marine. Yn totaal sneuvelen yn 'e Boargeroarloch 2.088 soldaten en matroazen út Konettikut, wylst 2.801 oan sykten stoaren en nochris 689 omkamen yn 'e kriichsfinzenekampen fan it Suden.

Nei ôfrin fan 'e Boargeroarloch makke Konettikut in twadde weach fan yndustrialisaasje troch, wêrby't benammen de spoarwegen tige wichtich wiene. Under de Earste Wrâldoarloch wie Konettikut ien fan 'e grutste produsinten fan oarlochsmaterieel foar de Amerikaanske Striidkrêften. Tsjin 1918 hearde 80% fan 'e yndustry yn 'e steat ta de wapenyndustry. Dêrby moat men tinke oan 'e produksje fan fjoerwapens troch û.m. Remington Arms yn Bridgeport, de Winchester Repeating Arms Company yn New Haven en Colt's Manufacturing Company yn Hartford, mar ek oan skipswerven dêr't frachtskippen en dûkboaten foar de Amerikaanske Marine boud waarden. Nei de oarloch rjochte Frederick Rentschler yn 1925 yn Hartford Pratt & Whitney op, dat it earste bedriuw fan 'e loftfeartyndustry wie dy't neitiid sa wichtich wurde soe foar de ekonomy fan Konettikut.

De ferneamde fjoertoer Five Mile Point Lighthouse, yn 'e neite fan New Haven.

Op 21 septimber 1938 kamen der yn Konettikut hûnderten minsken om by in orkaan dy't de bynamme fan 'e Long Island Express krige. Dat wie de meast ferneatigjende orkaan út 'e skiednis fan Nij-Ingelân. Hy skearde besuden New Haven lâns, mar ferrinnewearre de hiele eastlike helte fan 'e kustline fan Konettikut, fan Saybrook oant Stonington. Under de Twadde Wrâldoarloch draaide de ekonomy fan Konettikut, troch syn wapen- en loftfeartyndustry, wer as in tierelier, en de steat produsearre 4,1% fan alle Amerikaanske oarlochsguod út dy perioade.

Nei de oarloch foelen guon fabriken om, mar dat ferlies waard goedmakke troch in útwreiding fan 'e ekonomy yn oare sektors, lykas de wegebou en de huzebou. Yn 1965 ratifisearre it steatskongres fan Konettikut de hjoeddeiske steatsgrûnwet. Yn 1974 waard de Demokrate Ella T. Grasso gûverneur fan Konettikut en dêrmei de earste froulike gûverneur fan alle Amerikaanske steaten. Op 14 desimber 2012 fûn yn Newtown it Bloedbad fan Sandy Hook plak, wêrby't in geastlik steurde man, Adam Lanza, 26 bern en dosinten deaskeat op 'e Sandy Hook Basisskoalle. Dy slachting soarge yn 'e Feriene Steaten foar in nij lanlik debat oer de rjocht op wapenbesit.

It steatskapitoal fan Konettikut, yn 'e binnenstêd fan Hartford.

Konettikut bestie foarhinne bestjoerlik út 8 countys, mar krekt as yn Rhode Island binne dy gebieten yn Konettikut as oerheidsynstânsjes opheft (hoewol't se as statistyske gebieten fuortbesteane). De steatshaadstêd, Hartford, leit yn 'e delling fan 'e rivier de Konettikut, yn 'e midden fan 'e steat, en wie foarhinne it bestjoerlik sintrum fan Hartford County. Foàr 1875 fungearren Hartford en New Haven om bar as steatshaadstêd.

Krekt as alle Amerikaanske steaten wurdt Konettikut bestjoerd troch in steatsregear mei oan it haad de gûverneur. De wetjaande macht is yn 'e hannen fan 'e Algemiene Assimblee fan Konettikut, dy't bestiet út 'e Steatssenaat mei 36 sitten en it Steatshûs fan Offurdigen mei 151 sitten. Yn 'e Amerikaanske Senaat wurdt Konettikut, lykas alle Amerikaanske steaten, fertsjintwurdige troch 2 senators. Yn it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen hat Konettikut 5 sitten.

De rjochteskoalle fan 'e Universiteit fan Yale.

It politike lânskip fan Konettikut wurdt behearske troch de beide grutte Amerikaanske politike partijen, de Demokratyske Partij en de Republikeinske Partij. Alle oare partijen spylje mar in marginale rol. Konettikut is stevich yn 'e hannen fan 'e yn ferhâlding progressivere Demokraten, en sels de Republikeinen yn 'e steat binne oer it algemien in stik minder konservatyf as harren partijgenoaten út oare dielen fan 'e Feriene Steaten. Konettikut wie yn 2008 de twadde Amerikaanske steat (nei Massachusetts), dy't it homohoulik ynfierde.

It bruto steatsprodukt fan Konettikut bedroech yn 2012 $229,3 miljard, en it bruto steatsprodukt per lid fan 'e befolking wie yn 2013 $60.847, dat it heechst fan alle Amerikaanske steaten wie. Der bestiet lykwols in grutte ynkommenskleau tusken de ûnderskate maatskiplike klassen yn Konettikut, dy't ek de grutste fan alle Amerikaanske steaten is, útsein New York. New Canaan is it meast woltierige plak yn Konettikut, mei in trochsneed ynkommen fan $85.459. De ynwenners fan Darien, Greenwich, Weston, Westport en Wilton hawwe ek in trochsneed ynkommen fan boppe de $65.000, wylst de ynwenners fan 'e steatshaadstêd Hartford it earmst binne, mei in trochsneed ynkommen fan $13.428.

It stadion de Yale Bowl ûnder in Amerikaansk fuotbalwedstryd tusken de tiims fan 'e universiteiten fan Yale en Harvard.

De ekonomy fan Konettikut moat it benammen hawwe fan 'e tsjinstesektor, en dêrbinnen is it bank- en fersekeringswêzen it wichtichst, dat yn 2009 foar 16,4% oan it bruto steatsprodukt bydroech. De fêstgoedbrâns wie datselde jiers goed foar nochris 15% fan it BSP. De yndustry leveret 11,9% fan it BSP, en is sterk talein op 'e loft- en romtefearttechnology, mei as grutste wurkjouwer de United Technologies Corporation, in dochterûndernimming fan Lockheed Martin. Fierders is Konettikut histoarysk it sintrum fan 'e Amerikaanske fjoerwapenyndustry, en noch altyd binne der fjouwer fjoerwapenprodusinten yn 'e steat fêstige: Colt, Stag, Ruger en Mossberg, dy't mei-inoar 2.000 banen hawwe.

Yn 2010 hiene likernôch 12.000 ynwenners fan Konettikut wurk yn 'e lânbou. De wichtichste agraryske produkten fan 'e steat binne fruit, grienten en oare túnbouprodukten; suvel (benammen aaien); en tabak. Oan 'e kust bestiet fierders in libbene fiskerij, dy't behalven op fiskfangst ek sterk op 'e moksel- en oestertylt talein is. Toerisme en rekreaasje smieten yn Konettikut yn 2006 $14 miljoen op. De beide Yndianereservaten fan 'e steat hawwe allebeide in eigen kasino, it Foxwoods Resort Casino, resp. Mohegan Sun, dy't sterk oan 'e ynkomsten út toerisme bydrage.

Befolkingstichtens yn Konettikut.

Neffens in offisjele rûzing troch it Amerikaanske Folkstellingsburo (op grûn fan gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010) hie Konettikut yn 2014 3.596.677 ynwenners, wat in groei fan 0,63% is yn ferhâlding ta de stân fan saken yn 2010. De befolkingstichtens bedroech yn 2014 285,0 minsken de km², wat de op trije nei heechste befolkingstichtens fan alle Amerikaanske steaten is. De grutste stêd fan 'e steat is Bridgeport, mei 147.000 ynwenners yn 2013. Oare gruttere stêden binne: New Haven (131.000), Stamford (128.000), de steatshaadstêd Hartford (125.000), Waterbury (109.000), Norwalk (88.000), Danbury (82.000), New Britain (73.000), Greenwich (62.000) en Bristol (60.000).

Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 wie de etnyske opbou fan 'e befolking fan Konettikut doe sa: 71,2% blanken; 10,1% swarten; 6,4% Latino's; 3,8% Aziaten; 0,3% Yndianen; 12,0% oaren of fan mingd etnysk komôf. Blanke ynwenners fan Konettikut komme fierhinne út Noardwest-, Midden- en Súd-Jeropa en fan 'e Britske Eilannen. De grutste oarsprongsgroepen binne: Italjanen (19,3% fan 'e totale steatsbefolking), Ieren (17,9%), Ingelsen (10,7%), Dútsers (10,4%), Poalen (8,6%), Frânsen (6,6%), Frânsk-Kanadezen (3,0%), Angelsaksyske Amerikanen (2,7%), Skotten (2,0%) en Ulstersen (1,4%).

Hartford, de haadstêd fan Konettikut.

Konettikut hat it heechste persintaasje Italjaansk-Amerikanen fan alle Amerikaanske steaten mei útsûndering fan Rhode Island. Dy groep foarmet de grutste befolkingsgroep yn it hiele westlike twatrêde part fan 'e steat. Iersk-Amerikanen binne yn 'e mearderheid yn Tolland County en New London County, wylst lju fan Frânsk-Kanadeesk komôf de mearderheid foarmje yn Windham County, de uterste noardeasthoeke fan 'e steat. Fierders omfettet Konettikut ek ien fan 'e grutste konsintraasjes fan lju fan Hongaarsk komôf, dy't benammen yn Fairfield, Stamford, Naugatuck en Bridgeport wenje.

De Latino's yn Konettikut binne foar it meastepart Portorikanen. Hja libje benammen yn 'e grutstedske gebieten fan Hartford, Bridgeport en New Haven. Konettikut hat it heechste persintaazje Portorikanen fan 'e steatsbefolking fan alle Amerikaanske steaten. Resint hawwe har ek oansjenlike mienskippen ymmigranten út Gûatemala, de Dominikaanske Republyk, Meksiko en Panama yn Konettikut nei wenjen set. It Aziatyske befolkingsdiel fan Konettikut bestiet benammen út Ynjers, Filipino's, Laotianen, Fjetnamezen, Tai en lju út Yndoneezje. Konettikut omfiemet 2 federaal erkende Yndianestammen:

De skyline fan New Haven.

Dizze stammen hawwe beide har eigen reservaat. Fierders binne der yn Konettikutek noch 5 stammen dy't erkenning fan 'e steat, mar net fan 'e federale autoriteiten hawwe. Dat binne:

Konettikut hat gjin offisjele taal dy't as sadanich by wet fêstlein is, mar yn 'e praktyk ferfollet it Ingelsk dy funksje. Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2000 wie dy taal doe foar 81,7% fan 'e befolking de memmetaal. Op it twadde plak kaam it Spaansk (8,4%), folge troch it Italjaansk (1,6%), it Frânsk (1,3%) en it Poalsk (1,2%).

Winter yn New Haven.

Op it mêd fan godstsjinst bestie yn 2015 72,5% fan 'e befolking fan Konettikut út kristenen, wêrûnder 43% roomsen, 28,5% protestanten en 1% eastersk-otterdoksen. De grutste protestantske denominaasje wie de Feriene Tsjerke fan Kristus mei krapoan 97.000 leden. Ateïsten en agnosten foarmen yn 2015 23% fan 'e befolking. Oare godstsjinsten wiene, yn folchoarder fan grutte: it joadendom (3,2%); it boedisme (1%); en it hindoeïsme en de islaam (beide 0,5%).

Konettikut hat in fochtich lânklimaat, mei waarme neare simmers en kâlde winters. Simmerdeis binne temperatueren oerdeis fan boppe de 30 °C hiel normaal, wylst it kwik by 't winter maklik sakje kin oant ûnder it friespunt, benammen yn it noardwestlike heuvellân. Rekôrtemperatueren wiene 41 °C, op 15 july 1995 yn Danbury, en –36 °C op 16 febrewaris 1943 te Coventry. Fan begjin juny oant ein novimber wurdt Konettikut geregeldwei troffen troch in orkaan dy't út it Karibysk Gebiet wei by de eastkust fan 'e Feriene Steaten lâns nei it noarden ta swingt. Hoewol't sokke waarsystemen faak al ôfswakke binne ta stoarmen as se Konettikut berikke, kinne se dochs noch in protte skea oanrjochtsje.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.


 
              Feriene Steaten
Flagge fan de Feriene Steaten
steaten
Alabama • Alaska • Arizona • Arkansas • Delaware • Fermont • Firginia • Floarida • Georgia • Hawaï • Idaho • Illinois • Indiana • Iowa • Kalifornje • Kansas • Kentucky • Kolorado • Konettikut • Louisiana • Maine • Marylân • Massachusetts • Michigan • Minnesota • Mississippy • Missoery • Montana • Nebraska • Nevada • Nij-Hampshire • New York • Nij-Jersey • Nij-Meksiko • Noard-Dakota • Noard-Karolina • Ohio • Oklahoma • Oregon • Pennsylvania • Rhode Island • Súd-Dakota • Súd-Karolina • Teksas • Tennessee • Utah • Washington • West-Firginia • Wyoming • Wiskonsin
ûnynkorporearre territoaria
Amerikaanske Famme-eilannen • Amerikaansk-Samoä • Gûam • Noardlike Marianen • Porto Riko
federaal distrikt
Distrikt Kolumbia
· · Berjocht bewurkje