Panhandle fan Konettikut

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
De Panhandle fan Konettikut (ljochtgiel) yn Konettikut (rôzich).

De Panhandle fan Konettikut (Ingelsk: Connecticut Panhandle), letterlik it "panhânsel" fan Konettikut, is in lyts diel fan 'e Amerikaanske steat Konettikut dat útstiket nei it súdwesten ta. Dizze krite leit ynklamme tusken de buorsteat New York yn it súdwesten, westen en noarden, de rest fan Konettikut yn it noardeasten en de Long Island Sound, in see-earm fan 'e Atlantyske Oseaan, yn it súdeasten. De Panhandle fan Konettikut beslacht in oerflak fan 249 km² en hat 224.000 ynwenners, wat delkomt op in befolkingstichtens fan 899,6 minsken de km². It grutste plak yn 'e krite is Stamford, mei 128.000 ynwenners.

De Panhandle fan Konettikut omfiemet de stêden Darien, Greenwich, New Canaan en Stamford, en dêropta dielen fan Norwalk en Wilton. It is it meast wolfarrende diel fan Konettikut, mei ûnreplik goed dat ta it djoerste yn 'e hiele Feriene Steaten heart. It gebiet makke fan âlds bestjoerlik diel út fan Fairfield County, mar tsjintswurdich binne countys binne yn Konettikut ôfskaft as bestjoerslaach en fungearje se inkeld noch as statistysk gebiet.

Oarspronklik wie de grins fan Konettikut mei New York in rjochte line fan noard nei súd, mar oan 'e ein fan 'e santjinde iuw joech New York syn oanspraken op it gebiet dat de Panhandle fan Konettikut wurde soe op, om't dy krite kolonisearre wie troch lju út Konettikut, en de ynwenners sadwaande by by Konettikut hearre woene. Yn ruil dêrfoar krige New York in gebiet fan gelikense grutte werom, besteande út in trijehoekige 'dûk' yn 'e grins fuort benoarden de Panhandle mei dêropta in stripe lân by de rest fan 'e grins lâns oan Massachusetts ta (dy krite stiet bekend as de Oblong, de "Rjochthoeke"). Tagelyk joech Konettikut syn oanspraken op Rye (New York) op. In ferdrach mei boppeneamde gebietsôfspraken waard op 28 novimber 1683 ûndertekene troch fertsjintwurdigers fan wat doe noch de Ingelske koloanjes New York en Konettikut wiene.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.