Mystic (rivier yn Massachusetts)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Mystic (rivier))
Streamgebiet fan de Mystic

De rivier Mystic (Ingelsk: Mystic River) is in rivier yn de Feriene Steaten yn de steat Massachusetts. De rivier is 10 km lang en rint foar in part parallel oan de ûnderrin fan de rivier de Charles. It streamgebiet beslacht 197 km².

De namme is ôflaat fan it Wampanoagwurd muhs-uhtuq, dat "grutte rivier" betsjut. De rivier streamt fan it Lower Mystic Lake troch de regio Boston en de delsettingen Arlington, Medford, Somerville, Everett, Charlestown, Chelsea en East-Boston. De Mystic mûnet yn de haven fan Boston út.