Springe nei ynhâld

Balk

Ut Wikipedy
Balk
De Luts mei flapbrêge
De Luts mei flapbrêge
Emblemen
               
Bestjoer
provinsje Fryslân
gemeente De Fryske Marren
Sifers
Ynwennertal 4.255 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 4,99 km², wêrfan:
lân: 3,35 km²
wetter: 1,64 km²
Befolkingsticht. 1.245 ynw. / km²
Oar
Ferkearsieren N359 N928
Postkoade 8561
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 54' NB, 5° 35' EL
Balk út de loft wei sjoen
Balk út de loft wei sjoen
Offisjele webside
Webstee Balk
Kaart
Balk (Fryslân)
Balk
Kaart
De Luts mei flapbrêge
Kaart fan Balk

Balk is in flekke dat sûnt 1 jannewaris 2014 by de gemeente De Fryske Marren heart. Foar dy tiid wie Balk it haadplak en it grutste plak fan de gemeente Gaasterlân (oant 1984) en Gaasterlân-Sleat (1984-2014). It doarp leit oan de súdwestkant fan de Sleattemer Mar.

Balk hie op 1 jannewaris 2023 4.255 ynwenners.

Alde Riedhûs ± 1785
Alde Riedshûs

Balk leit tusken Harich en Wikel. Troch de flekke streamt it rivierke De Luts. Balk soe ûntstien wêze by in balke oer it rivierke; dêrom de namme. Letter is der yn alle gefallen in brêge boud. Yn it earstoan hearde Balk by Harich. Yn 1585 waard it troch Spaanske soldaten út Grins plundere. Balk waard yn de 18e iuw woltierich troch de bûterhandel en yn alle gefallen yn de 19e iuw wie it in selsstannige flekke wurden.

Balk hie fanâlds ferskate leauwensmienskippen. Ien dêrfan wie de gemeente fan menisten yn Balk, dy't tige strang yn 'e lear wie. Yn it midden fan de 19e iuw is in grutte groep nei Amearika útwykt om har dêr yn de omkriten fan Goshen yn de steat Indiana te festigjen. In gevelstien yn Balk ferwiist noch nei dy âlde leauwensmienskip.

Oan de Wyldemerkwei wie fan 1954 oant 1969 in kamp foar de opfang fan Molukkers út Yndoneezje. Foar dy tiid wie dat in barakkekamp foar de Nederlânske Arbeidstsjinst. Wylst yn oare Molukske kampen fakentiden kristenen wennen, wie it kamp by Balk foar moslims. Likernôch 90% fan de Molukske moslims waarden oan de Wyldemerkwei opnommen. De moskee op it kamp wie de earste moskee fan Fryslân en de twadde moskee fan Nederlân. De moskee waard nei de opheffing fan it kamp ferkocht en op De Jouwer wer opboud as in loads.

Oan de wei nei Wikel is sûnt 2016 in AZC foar 500 asylsikers. It asylsikersintrum soe yn 2021 sletten wurde, mar fanwegen de grutte ynstream fan nije asylsikers hat de gemeente de bestjoersoerienkomst twa jier ferlinge.[2] Ut earder ûndersyk hie bliken dien dat der ûnfoldwaande draachflak ûnder de Balksters wie om it AZC langer iepen te hâlden.[3]

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1954 1959 1964 1969 1974 2004 2016 2017 2018 2021
Ynwenners 1477 1461 1569 1852 2429 3560 3915 4090 4205 4175
It Breahûs
Sint-Ludgerustsjerke

Bekende Balksters

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar Balk en omkriten ferskynt de Balkster Courant.

Gevels oan de Luts

Balk hat in histoaryske kearn mei in riedhûs út 1615. Oan De Luts stean in soad monumintale hals-, klok- en trepgevels mei bysûndere gevelstiennen, sierankers, ingelekopjes en sniene boppeljochten. In opfallend gebou wie de eardere feefoerfabryk De Volharding. It gebou soe ôfbrutsen en wer op 'e nij boud wurde, mar dat gyng net troch en ynstee dêrfan wurde/binne der op de frijkommende grûn hûzen boud.

Hjoed-de-dei is Balk in sintrum foar de wettersport. Oan De Luts is sylskoalle de Ulepanne mearfâldich winner fan de Nederlânske Sylskoalle Kampioenskippen. In grutte jachthaven leit oan de râne fan de Sleattemer Mar. Foar fytsers en silers fart der in tradisjoneel skûtsje as silend beurtfear tusken Heech en Balk. Yn de wintermoannen wurdt út Balk wei op de Sleattemer Mar om de Bearenburchcup syld.

De flekke en it rivierke soenen de dichter Herman Gorter, wa syn pake yn de 19e iuw meniste predikant wie yn Balk, ta syn ferneamde gedicht "Maaie" ynspirearre hawwe. Dêryn skriuwt er lykwols net fan in flekke, mar fan in stedsje; en net fan in rivierke, mar fan in wettergrêft:

Een nieuwe lente en een nieuw geluid
Ik wil dat dit lied klinkt als het gefluit
Dat ik vaak hoorde voor een zomernacht
In een oud stadje, langs de watergracht.

(In nije maitiid en in nij lûd; ik wol dat dit liet heart krekt as it fluitsjen dat ik faak hearde foar in simmernacht yn in âld stêdsje, by de wettersgrêft.)

As in oantinken stiet oan De Luts in stânbyld fan de dichter.

Iepenbier ferfier

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bus (Arriva):

Alle strjitten yn Balk.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

De Fryske Marren
Stêd:
Sleat
Doarpen en útbuorrens:
AldegeaAldehaskeAldemardumAlde OuwerBakhuzenBalkBantegeaBoarnsweachDe BroekDikenDolsterhuzenDunegeaEagmarypEalahuzenEasterseeFollegeaGoaiïngarypHarichHaskerhoarneYchtenYchtenbrêgeDe JouwerJiskenhuzenJistergeaKolderwâldeLangwarLegemarDe LemmerMurnsNijehaskeNijemardumOusterhauleOusternijegeaReahelRiisRotstergaastRotsterhauleRottumRûgehuzenSkarsterbrêgeSint-JânsgeaSint-NykSniksweachSondelTerherneTerkapleTeroeleTsjerkgaastVegelinsoardWikel
Buorskippen:
BallingboerDe BargebekDe BelsBrekkenpolderDelbuorrenFinkebuorrenFinkebuorren (Gaasterlân)FjouwerhûsFrisbuorrenHeaburgenDe HeideHústerheideDe KommisjepôleNij AmearikaDe NoedDe RylstSânbuertSkoattersyl (foar in part)SkouSpannenburchTeakesylTropherneTwahûsUnlânWesteinWesterein Harich
· · Berjocht bewurkje