Westerbuorren (Kollumerlân)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

De Westerbuorren is in buorskip by it doarp Westergeast. It leit benoarden it doarp, by de Wâlddyk. De namme komt ek foar as Wester Buiren. Op ien fan de kaarten út 1700 stiet by de gebouwen 'Idema' en Klein Idema' oanjûn.

Westerbourren hat in úthôf fan it Norbertynske kleaster De Oliifberch yn Feankleaster west. Dat kleaster wie ynearsten in dûbelkleaster foar sawol manlju as froulju. Mar op 'en doer binne de manlju nei it úthôf yn Westergeast ferhuze. Op de kadastrale kaart stiet it noch as It Konvint oanjûn. Hjirfoar wurde ek de nammen Borch en Monckehuys brûkt.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen