Reidswâl
De Reidswâl is in buorskip yn de gemeente Dongeradiel. De Reidswâl leit eastlik fan Mitselwier oan de Suderie en de Moarster Feart. De namme komt mooglik fan 'riid', in geul mei streamend wetter dus.
Justjes westlik fan de brêge, oan de súdlike ouwer fan de Súdie lei de (Pelfinne)burch of Pelfinne, dêr't lywols fierders neat oer bekend is, dy't neffens it floreenkohier fan 1768 ta de eigners fan Roptastate hearde. Yn Mitselwier is der in strjitte nei neamd, Pelfinne.
Oan de Reidswâl stiet noch in oerbliuwsel fan in eardere bûterfabryk. Dy waard 6 juny 1888 iepene as de Coöperatieve Stoomzuivelfabriek "De Onderneming". De oannimmers Vollmer en Erich út Dokkum wiene de bouwers. Sa'n 23 boeren út Mitselwier en omkriten brochten de molke yn.
Op 9 juny 1927 is it hiele fabrykskompleks iepenbier ferkocht.