Douwe Kalma

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "D. Kalma")
Gean nei: navigaasje, sykje
Douwe Kalma, jierren 1930

Douwe Kalma (3 april 1896, Boksum - 18 oktober 1953, Ljouwert) wie in Frysk skriuwer, dichter en oersetter. Hy wie de soan fan 'e boer Petrus Douwes Kalma en dy syn frou Sytske Schukking. Hy ferlear syn heit al yn 1907, en wenne neitiid mei syn mem efterinoar yn Boksum, Wurdum, Dearsum en Raerd. Hy wie in skoft lang lieder fan 'e Jongfryske Beweging en syn ynbring hat fan grutte ynfloed west op de ûntwikkeling fan de Fryske literatuer. Yn 1943 waard oan him de Harmen Sytstra-priis takend, dy't troch it nasjonaal-sosjalistyske Departemint fan Folksfoarljochting en Keunsten ynsteld wie. Hy stjoerde de priis lykwols werom, omdat er der bewust fan waard dat dy him nei de oarloch net yn tank ôfnommen wurde soe. Syn libben is ien fan 'e histoaryske ûnderwerpen dy't beljochte wurde yn 'e Kanon fan Fryslân.

Ynhâld

Eftergrûn [bewurkje seksje]

Wykein leden fan de Jongfryske Mienskip oan 'e Snitser Mar; oan 'e wâl û.o. Douwe Kalma (mei hoed) en Tsjisse de Jager (yn bûsgroentsje mei pet op)

Kalma hie fan syn achttjinde libbensjier ôf al dúdlik foar eagen hoe't Fryslân him posysjonearje moatte soe yn de wrâld. Kalma stribbe nei in ientalich Frysk Fryslân binnen Europa. Yn de earste helt fan de njoggentjinde ieu waard yn Fryslân in nasjonalistyske beweging opset, dy't him fral rjochte soe op it gebrûk fan de eigen taal, it Frysk. Ynearsten naam de hege boargerij dêryn it inisjatyf, mar yn de twadde helte fan de njoggentjinde ieu waarden sjoernalisten, ûnderwizers en it ambachtsfolk út de lytse boargerij dy't de inisjatyfnimmers wiene. Hja organisearren har yn it Frysk Selskip (1844).

Foar harren wie literatuer it middel om it Frysk te konservearjen. Tagelyk makke hja gebrûk fan harren macht, troch gewoane Friezen - it folk - ferskate boargerlike deugden by te bringen, wêrûnder iver, reedlikens en dissipline. Harren liederskip wurdt dan ek wol oantsjutten as folksskriuwerij. Tsjin dy streaming sette Kalma him ôf.

Hy besocht de ferkalke Fryske beweging te herfoarmjen en die dat op ferskate wizen, begjinnend troch oare literêre idealen te uterjen. Op it Snitser gymnasium, dêr't er fan 1908 oant 1914 nei skoalle gie, krige er troch de lessen fan Pieter Sipma in grutte leafde foar de Tachtigers. Ynspirearre troch ûnder oare dy Tachtigers, begûn er gedichten te skriuwen dêr't er syn eigen gefoelslibben yn ta útdrukking brocht. Syn favorite foarm wie it klassike sonnet.

Nei syn eineksamen begûn Kalma mei teology te studearjen yn Grins, mar trochdat er tefolle mei it Frysk dwaande wie, moast er nei in jier de stúdzje wer ôfbrekke. Hy gie dêrnei yn militêre tsjinst en hâlde him in stikmannich jierren allinne mar dwaande mei literatuer. Fan 1927 oant 1931 studearre er yn Grins Ingelske taal- en letterkunde. Dêrnei wie er fan 1931 oant 1942 learaar Ingelsk yn Eindhoven.

Underwilens waard Kalma in ynspirearjend idoal. Yn in lyts skoftke tiid wist er grutte groepen jongerein oan him te binen, yn it troch him oprjochte Jongfryske Mienskip (1915). De Fryske beweging waard dêrmei in jongereinbeweging dêr't ek foar froulju in rol yn weilein wie, wat oars alhiel yn oerienstimming is mei de groei fan de jongereinkultuer yn de rest fan de wrâld.

Tekenjend foar de groep wie harren oriïntaasje. Under it motto ‘Fryslân en de wrâld’ sette Kalma Fryslân del as ûnderdiel fan in Noardseekultuer. Fryslân soe in brêgefunksje ferfolje moatte tusken de besibbe Ingelske en de Skandinavyske kultueren. Yn dizze tiid organisearre de Jongfryske Mienskip alle jierren simmerkampen, dy’t op in waadeilân hâlden waarden. Dat wie in nij fenomeen foar dy tiid. Op dy kampen liezen de Jongfriezen allerhanne heechsteande ynternasjonale literatuer. Dêr spilen hja ek toanielstikken dy’t Kalma skreaun hie – gauris keningsdrama’s – en songen lieten dy’t spesjaal foar de gelegenheid skreaun wiene.

Kalma, dy’t frijwat maklik spul krige, wie better yn it betinken fan plannen as yn it trochsetten en foltôgjen derfan. Dochs is de list mei inisjativen dy't er, mei syn Jongfryske Mienskip, iepentearde, lang. Hy wie bygelyks de earste persoan dy't in offisjeel Frysktalich literêr tydskrift opsette: Frisia (1917). As mei-oprjochter fan de Afûk (Algemiene Fryske Underwiiskommisje, op dit stuit fêstige yn Ljouwert) en as skriuwer fan boeken en tydskriften oer taalbefoardering en taalsuveringsboekjes, holp er de Fryske skriuwtaal fierder út te bouwen. Hy besocht de Fryske taal mear yn it leger ûnderwiis en heger ûnderwiis te ferwurkjen. Ek skreau er de earste Frysktalige dissertaasje (1938) [1], dat oer de dichter Gysbert Japiks gie. Ek sette er de hiele Shakespeare yn it Frysk oer en skreau as earste in Fryske literatuerskiednis dy’t wat omfang hie. Kalma makke ek oersettings fan it wurk fan Percy Bysshe Shelley: Adonéïs (1916), Alastor (1918, mei Rinke Tolman), letter soene Kening Finn (1937) en De Pearel (1938) folgje.

Al dy inisjativen, ek troch oaren fierd droegen, wiene foar it súkses fan de Fryske taal en literatuer tige wichtich. Foar al dy ynspannings stiet oer dat de idele Kalma út polityk perspektyf wei in swalker en in rûzjemakker wie. Syn anty-Hollânske sentiminten waarden troch in mannichien stipe en oernommen, en joegen sa in rjochting oan de Fryske beweging. Uteinlik late dat ta in oarloch. Kalma sleat him yn it ynterbellum hieltyd wer by oare partijen oan, om úteinlik yn 1940, te einigjen by de faksistyske Fryske Folkspartij en mei te dwaan oan it wurk fan Stichting Saxo-Frisia. Teffens wie Kalma ien fan de leden fan in Fryske Ried dy't fanwege dy stifting oprjochte waard. Nei de oarloch waard er as kollaborateur suvere. [2][3][4][5][6]

Douwe Kalma ferstoar yn 1953 by in auto-ûngemak.

Wurk [bewurkje seksje]

In kar út syn wurk:

Eigen wurk [bewurkje seksje]

  • 1915: De Jongfryske biweging
  • 1916: Fryslân en de Wrâld
  • 1918: Ut Stiltme en Stoarm (sonnetten)
  • 1920: Kening Aldgillis (toaniel)
  • 1921: Noarderljocht (toaniel)
  • 1922: Jongfryske Sangen
  • 1927: Dage: Fersen I
  • 1935: Skiednis fen Fryslân (3e printinge 1965)
  • 1936: Sangen: Fersen II
  • 1938: Gysbert Japiks: In Stúdzje yn Dichterskip (proefskrift)
  • 1944: De Lytse Mienskip: Fersen fen Oantinken (2e printinge 1954)
  • 1949-1952: Keningen fan Fryslân (toaniel)
  • 1952: Fokke Hoara (toaniel)
  • 1996: Samle fersen

Oersettings [bewurkje seksje]

Keppeling om utens [bewurkje seksje]

Boarnen, noaten en referinsjes [bewurkje seksje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Kalma syn promotor wie J. M. N. Kapteyn
  2. Jelle Krol, ‘Ynlieding’, yn: Douwe Kalma. Samle Fersen. Jelle Krol ed. (Ljouwert 1996) 11-67
  3. Johan Frieswijk, Geschiedschrijving als wapen in ‘de Fries-nationale strijd’ (1915-1945) (s.l. [1994]).
  4. G.R. Zondergeld, De Friese beweging in het tijdvak der beide wereldoorlogen (Ljouwert 1978).
  5. Antiqbook.com: Douwe Kalma
  6. Douwe Kalma (1896-1953). Gearstald troch Jelle Krol e.o. Skriuwers yn byld nr. 5 (1996)