The Tomorrow War

Ut Wikipedy
The Tomorrow War
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Chris McKay
produsint David Ellison
Dana Goldberg
Don Granger
Jules Daly
David S. Goyer
Adam Kolbrenner
senario Zach Dean
kamerarezjy Larry Fong
muzyk Lorne Balfe
filmstudio Skydance Media
Paramount Pictures
New Republic Pictures
distribúsje Amazon Studios
spilers
haadrollen Chris Pratt
Yvonne Strahovski
byrollen Betty Gilpin
Sam Richardson
Edwin Hodge
J.K. Simmons
Ryan Kiera Armstrong
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 2 july 2021 (streaming)
foarm langspylfilm
sjenre science fiction-oarlochsfilm
taal Ingelsk
spyltiid 138 minuten
budget en resultaten
budget $200 miljoen
opbringst $19,2 miljoen (yn Sina)

The Tomorrow War is in Amerikaanske apokalyptyske science fiction-oarlochsfilm út 2021 ûnder rezjy fan Chris McKay, mei yn 'e haadrollen Chris Pratt en Yvonne Strahovski. De titel betsjut "De Moarnoarloch" of "De Oarloch fan Moarn". It ferhaal giet oer oer in feteraan fan 'e Irakoarloch dy't yn 'e mande mei in leger oare soldaten út it hjoed nei de takomst stjoerd wurdt om te fjochtsjen tsjin in bûtenierdske ynvaazje fan 'e Ierde. The Tomorrow War hie oarspronklik troch filmstudio Paramount Pictures yn 'e bioskopen útbrocht wurde sillen, mar dat plan rûn op 'e non troch de koroanafiruspandemy. De filmdistribúsjerjochten waarden úteinlik oankocht troch Amazon, dat de film útbrocht fia de streamingtsjinst Prime Video. Fan 'e filmkritisy krige The Tomorrow War mingde resinsjes. Hoewol't de film inkeld yn Sina yn 'e bioskoop kaam en troch bioskoopfertoanings lang net út 'e kosten kaam, wie The Tomorrow War in grut streamingsúkses. In ferfolchfilm is anno 2023 yn preproduksje.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dan Forester is in biologylearaar oan in middelbere skoalle yn 'e Feriene Steaten, dy't yn 'e Irakoarloch tsjinne hat as kommando yn it Amerikaanske Leger. Syn dream is lykwols om baanbrekkend wittenskiplik wurk te dwaan yn in foaroansteand laboratoarium. Yn 2022 wurdt er ôfwiisd foar syn safolste sollisitaasje, wat him te lider slein efterlit. Dyselde deis wurdt it WK fuotbal 2022 fersteurd as ûnder in wedstryd midden op it fjild in gat yn it luchtliddige ferskynt, dêr't in groep militêren út stapt. It binne soldaten dy't út 2051 weromreizge binne yn 'e tiid. Harren lieder, luitenant Hart, makket bekend dat yn novimber 2048 in ras fan meunsterlike bûtenierdske wêzens lânje sil yn noardlik Sibearje. Dy Wytpjukken (ferneamd nei de wite organyske pjukken dy't se ôfsjitte út harren tentakels) sille yn 'e trije jier dêrnei it measte libben op 'e Ierde útrûgje. Tsjin 'e tiid dat wittenskippers in manear útfine foar tiidreizgjen, om help út it ferline te krijen, binne der op 'e hiele wrâld noch mar 500.000 minsken oer. Hart en de oaren smeke de wrâld om soldaten nei de takomst te stjoeren om 'e opmars fan 'e Wytpjukken tsjin te kearen foar't it te let is.

Yn reäksje op dizze bedriging fan it fuortbestean fan 'e minskheid wurde alle ûnderlinge konflikten dy't yn 2022 besteane, oan kant reage. Yn in mienriedigens dy't sûnder presedint is, beslute de lannen fan 'e wrâld in tsjinstplicht yn te fieren om soldaten nei de takomst te stjoeren troch de JumpLink, in rudimintêr wjirmgat dat de wittenskippers út 'e takomst foarme hawwe foar it tiidreizgjen, mar dat inkeld de jierren 2022 en 2051 ferbine kin. Eltse tsjinstplichtige kriget in bân om 'e earm dy't syn lichemsfunksjes mjit. Hy of sy moat sân dagen lang fjochtsje yn 'e takomst, wêrnei't se automatysk weromsûgd wurde troch de JumpLink as de earmbân har noch as libben registrearret. Wannear't de sân dagen fan 'e earste groep tsjinstplichtigen foarby is, docht bliken dat 95% fan harren sneuvele binne. Wylst de regearings fan 'e wrâld almar mear minsken yn 'e ferhakseler fan 'e 'oarloch fan moarn' stopje, ûntjout him yn 2022 in wrâldwide protestbeweging tsjin 'e tsjinstplicht dy't úthâldt dat it net de oarloch is fan 'e minsken fan no en dat de minsken fan dan it sels mar útsykje moatte. Dat liedt ta opskuor yn 'e strjitten en maatskiplike gaos.

Lang om let wurdt wurdt ek Forester oproppen foar de tsjinstplicht. As er him bejout nei wat er tinkt dat in tsjinstkeuring is, wurdt him daliks de op sjirurgyske wize fêstsette earmbân oandien. Der wurdt him oansein dat de earmbân behalven syn lichemsfunksjes ek syn geografyske lokaasje trochjout, sadat útnaaien gjin sin hat. Forester syn frou, Emmy, trunet him oan om nei syn fan him ferfrjemde heit te gean, Dan Forester sr., in traumatisearre feteraan fan 'e Fjetnamoarloch dy't in ekspêr op it mêd fan alderhanne technology en wapenreau is. Dyselde sil grif rie witte mei de earmbân. Forester lit him beprate en set nei syn heit ta, dy't seit dat er him yndie fan 'e earmbân ôfhelpe kin. Ear't dat bart, krije de beide mannen lykwols wurden oer âldsear, spesifyk dat Forester sr. nei syn weromkear út Fjetnam syn húshâlding yn 'e steek litten hat en dat Forester jr. sûnder heit oprgroeid is. De rûzje rint sa heech op dat Forester de help fan syn heit net mear oannimme wol en sûnder wat bedijd te hawwen op hûs oan giet om ôfskie te nimmen fan Emmy en harren njoggenjierrige dochterke Muri.

Forester meldt him foar syn tsjinstplicht op in JumpLink-basis, dêr't er yn 'e kunde komt mei ferskate oare rekruten, ûnder wa wittenskipper Charlie dy't yn in laboratoarium wurket, húsfrou Nora, de obese Cowan, en frijwilliger Dorian, foar wa't dit al de trêde wike yn 'e takomst wurdt. Harren ienheid fan in pear hûndert man wurdt nei it takomstige Miami Beach stjoerd en sil dêr in pear meter boppe de grûn materialisearje. Der giet lykwols wat goed mis en se materialisearje heech yn 'e loft, tusken de wolkens. De measte leden fan 'e ienheid falle te pletter, mar Forester en in stik as fyftjin oaren komme yn in swimbad op it dak fan in wolkekliuwer del en oerlibje de fal. By dy groep hearre ek Charlie, Nora, Cowan en Dorian.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Oer de radio siket harren kommandant kontakt mei de oerlibbenen. It docht bliken dat Forester fan harren de heechste rang en de measte ûnderfining hat, dat hy kriget de lieding taparte. De kommandant jout him opdracht om it personiel fan in troch de Wytpjukken besingele laboratoarium te rêden, foar't de loftmacht it hiele sintrum fan Miami Beach plat goait om't it folslein troch de Wytpjukken ûnder de foet rûn is. Forester-en-dy witte it laboratoarium te berikken, dêr't se lykwols al it personiel dea oantreffe, mei't it gebou al yn 'e hannen fan 'e Wytpjukken is. Yn opdracht fan 'e kommandant sammelje se de ûndersyksgegevens dêr't men yn it laboratoarium mei dwaande wie. Dêrnei fjochtsje se har in paad nei bûten ta, mar wannear't Cowan benefter bliuwt, lit Forester de hiele groep hohâlde. De Wytpjukken drige harren ûnder de foet te rinnen, en de ferwûne Cowan en Nora biede oan om 'e meunsters tsjin te kearen sadat de oaren ûntkomme kinne. It opûnthâld blykt lykwols fatale gefolgen te hawwen as it bombardemint fan 'e loftmacht begjint en de measten fan Forester syn ienheid omkomme.

Forester rekket bewusteleas en wurdt letter wekker op in legerbasis yn Puerto Plata, yn 'e Dominikaanske Republyk. Behalven hysels hawwe inkeld Charlie en Dorian it bombardemint oerlibbe. It docht bliken dat de kommandant mei wa't er oer de radio hieltyd kontakt hie, syn eigen dochter Muri is, no in 38-jierrige kolonel yn it Amerikaanske Leger, dy't tagelyk as molekulêr biologe nei in fergif siket om 'e Wytpjukken mei út te rûgjen. Se fertelt har heit dat se in gif ûntwikkele hat dat de mantsjes, de darren, deadet, mar net de wyfkes, de keninginnen, wa har wil de mantsjes útfiere. Se nimt Forester mei nei in plak deunby, dêr't it leger in keninginne isolearre hat en dwaande is mei har te fangen. Dat slagget mei gâns muoite en neitiid docht bliken dat de mantsjes de rop in keninginne tsientallen kilometers fier hearre kinne, sadat se út alle rjochtings op har ôf komme. De helikopter mei de koai mei de keninginne deryn wit krekt op 'e tiid fuort te kommen, mar Forester en Muri binne de iennichste oerlibbenen fan 'e soldaten op 'e grûn.

Muri fertelt har heit dat se nei har njoggende net folle kontakt mear mei him hân hat. Nei't er fan it ferfoljen fan syn tsjinstplicht út 'e takomst weromkearde, wied er ôfhâldich, en doe't it him mar net slagge en fyn in baan yn in laboratoarium, rekke er alhiel desyllúzjonearre. Doe't se tolve jier wie, gied er by Muri har mem wei, en dêrnei ferdwûn er út harren libbens. Doe't se sechstjin wie, kaam der in tillefoantsje dat er in auto-ûngemak hân hie en op stjerren lei yn it sikehûs. Muri en har mem wiene derby doe't er ferstoar sûnder noch wer by bewustwêzen kommen te wêzen. Dy ûntboezeming treft Forester hurd, en hy beseft dat er eins net safolle ferskilt fan 'e heit tsjin wa't er noch altyd wrokket.

Nei't se mei de fongen Wytpjukkeninginne yn 'e Golf fan Meksiko op in fortifisearre boarplatfoarm mei in JumpLink-fasiliteit arrivearre binne, slagget it Muri om, mei it bloed dat se de keninginne ôfnimt, in fergif te ûntwikkeljen dat ek deadlik is foar de keninginnen. It probleem is lykwols dat dat yn 'e 2051 net op grutte skaal produsearre wurde kin om't de helpboarnen dy't dêrfoar nedich binne, lykas fabriken, troch de Wytpjukken ferwoastge binne of har bûten it berik fan 'e minsken befine. Muri jout dêrom it reägearbuiske mei it meunster fan it fergif oan Forester, waans wike yn 'e takomst sa goed as om is. Wannear't er werom giet nei it ferline, kin er it gif dêr produsearje litte, sadat de minskheid it fuortendaliks ynsette kinne yn 2048, as de Wytpjukken op 'e Ierde arrivearje. Forester is it dêr net mei iens, mei't dat betsjutte soe dat er de Muri út 2051 oan har lot oerlitte soe. Ynstee wol er weromkomme nei 2051 mei in grutte foarrie fan it gif om Muri en de oare oerlibjende minsken út 'e takomst te rêden.

Dat plan wurdt lykwols dwerseide wannear't de Wytpjukkeninginne bykomt út har ferdôving en op har skreauwen tûzenen mantsjes ôfkomme, dy't ek poerbêste swimmers blike te wêzen. It boareilân wurdt mei gauwens ûnder de foet rûn en de mantsjes brekke de keninginne los. By in konfrontaasje mei de keninginne rekket Muri swierferwûne. Se seit tsjin Forester hoe moai se it fûn om har heit nochris mei te meitsjen sa't er oarspronklik wie, doe't se in lyts famke wie. Fuort letter wurdt se troch de keninginne meisleept, de troch ferpuozze ierdoalje baarnende see yn. Forester springt har efternei, mar wurdt krekt op dat stuit troch syn earmbân en de JumpLink weromskuord nei syn eigen tiid. Hy komt wer by yn in opfangfasiliteit fan it Amerikaanske Leger foar militêren dy't weromkeard binne út 'e takomst. Dêr sjocht er Charlie en Dorian werom, dy't har sân dagen yn 'e takomst ek oerlibbe hawwe. Forester hat it reägearbuiske noch yn 'e hân, mar as er syn oerhearrigen besiket út te lizzen wat dêr yn sit, kriget er te hearren dat de JumpLink it net mear docht, wat betsjut dat it kontakt mei de takomst ferlern gien is en dat de oarloch tsjin 'e Wytpjukken definityf ferlern is. Forester jout de reägearbuis mei it fergif oan luitenant Hart, de liedster fan 'e soldaten út 'e takomst dy't no strâne rekke binne yn it ferline.

Forester giet nei hûs, dêr't er Muri weromsjocht as njoggenjierrich famke en him foarnimt om nea te dwaan wat er oars blykber dien hie: syn gesin yn 'e steek litte. Oer syn ûnderfinings yn 'e takomst fertelt er inkeld syn frou Emmy. Se riddenearje dat de minskheid mei it fergif klear stean moat as de Wytpjukken yn 2048 op 'e Ierde oankomme, mar it is ûndúdlik wêr dat krekt barre sil. Sibearje is in ûnbidich grut gebiet dat tige tinbefolke is. De ierste waarnimmings wiene op 'e eilannegroep Noardlân, foar de Sibearyske kust yn 'e Noardlike Iissee, mar der binne nea gjin romteskippen oantroffen dêr't de bûtenierdske wêzens mei arrivearre binne. Emmy stelt dat de Wytpjukken skoan in pear jier earder yn Sibearje lâne wêze kinne sûnder dat se opmurken binne. Dat betsjut dat it lâningsplak wol hiel earne oars wêze kin.

Forester belûkt Charlie en Dorian by syn speurtocht. Charlie hat syn sân dagen yn 'e takomst oerlibbe troch him te ferskûljen en wol syn eigenwearde weromwinne. Dorian hat in terminale foarm fan kanker en wol sels bepale hoe't er stjert, wat ek de reden wie dat er sa faak nei de takomst weromgien is. Dorian hat as oarlochssûvenir in klau fan in deade Wytpjuk meinommen út 'e takomst, en Charlie ûndersiket it sedimint dat yn it holle part fan 'e klau sit. Dat blykt fulkanyske jiske te wêzen dyt net út Sibearje komt, mar út Mantsjoerije of Koreä.

De amateur-fulkanolooch Martin, in learling yn Forester syn biologyklasse, ornearret dat soks inkeld komme kin fan 'e útbarsting fan 'e Paektu, yn it jier 946, dy't sedimint út Koreä fersprate oer hiel Noard-Aazje. Forester-en-dy brekke har de holle deroer om te begripen wêrom't in Wytpjuk djip genôch grave soe dat er sok sedimint yn 'e klau krije soe, oant se einlings beseffe dat de Wytpjuk net omleech groef, mar omheech. Dat betsjut dat de Wytpjukken al op 'e Ierde arrivearre wiene foar't de útbarsting fan 'e Paektu plakfûn en dat se mear as tûzen jier lang ferburgen bleaun binne ûnder de grûn. Forester giet mei syn teory nei it Amerikaanske Leger, mar dêr wol men net nei him harkje. It idee dat de minskheid oer tritich jier útstjerre sil, hat foar ûnbidige maatskiplike dusoarder soarge en teffens foar oanboazjende ynternasjonale spannings. Forester kriget te hearren dat it noch mar de fraach is oft de Wytpjukken oer tritich jier wol immen hawwe sille om mei te fjochtsjen, mei't it samar sa wêze kinne soe dat de minskheid himsels tsjin dy tiid al útrûge hat.

Dêrop stalt Forester in misje gear om temûk Ruslân binnen te kringen en op eigen manneboet op 'e siik te gean nei de Wytpjukken. Behalven Charlie en Dorian rekrutearret er dêrfoar luitenant Hart en de oare strâne soldaten út 'e takomst, dy't ûnderwilens it fergif fan Muri op grutte skaal produsearje litten hawwe. Om yn Sibearje te kommen, hawwe se fierders noch ferlet fan in piloat en in fleanmasine, dat Forester set wer nei syn heit ta, dy't syn help taseit. Yn in stellen transportfleantúch dat syn heit yn 'e hangaar stean hie om ûnderhâld oan te ferrjochtsjen, fleane se oer de Noardpoal en ûnder de radar nei Sibearje, dêr't se lânje op Noardlân by de Akademy fan Wittenskippengletsjer. Dat is in gletsjer dy't oer tritich jier troch klimaatferoaring sa goed as fuortteid wêze sil.

Mei springstof ferskaffe se har in wei nei it binnenste fan 'e gletsjer, dêr't se djip yn it iis in reuseftich delstoart bûtenierdsk romteskip ûntdekke. Se kringe it skip binnen en fine yn 'e cockpit de stoflike omskotten fan 'e bemanning, dy't bestie út twafuottige bûtenierdske wêzens fan in reptylske soarte. De iennichsten dy't oan board fan it skip noch libje, binne de Wytpjukken, dy't finzen sitte yn in soarte fan biologyske kokons dêr't se yn stasis holden wurde. Forester-en-dy begripe no dat de Wytpjukken in biologysk wapen wiene, dat troch de reptylske bûtenierdske wêzens nei in planeet ferfierd waard om op los te litten en de lânseigen populaasje út te rûgjen, nei alle gedachten sadat de reptilen de lege planeet neitiid kolonisearje koene. Wannear't se de earste kloft Wytpjukken mei it fergif ynjektearje, blykt it guod goed te wurkjen, mar yn har deadsstriid meitsje de ynjektearre Wytpjukken de oaren wekker, dy't ûntsnappe út har kokons. Ferskaten ferlitte it skip en wurde yn 'e iisgrot delmeand troch Forester sr. en Charlie. Forester ûntkomt út it bûtenierdske romteskip krekt foar't Dorian en luitenant Hart en har soldaten it hiele skip opblaze.

Werom op 'e gletsjer fynt Forester syn heit en Charlie werom, dy't efter ien Wytpjuk oan sitte dy't ûntkommen is: in keninginne. Se efterfolgje it meunster troch de snie en lokje it úteinlik yn in mûklaach. Der folget in fûleindich gefjocht, wêrby't Forester de keninginne lang om let ynjektearje kin mei it fergif. Wittende dat de takomstige oarloch no nea barre sil, keare Forester, syn heit en Charlie werom nei de Feriene Steaten, dêr't se op it nijs hearre dat it Amerikaanske Leger de ferantwurdlikheid opeasket foar de súksesfolle misje nei Noardlân. Forester komt wer thús en, no't er begrypt dat eltsenien in twadde kâns krije moat, nimt er syn heit mei om foar it earst mei Muri yn 'e kunde te kommen.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Chris Pratt.
Yvonne Strahovski.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise       
Dan Forester jr. Chris Pratt
kolonel Muri Forester Yvonne Strahovski


byrollen
personaazje                akteur/aktrise
Emmy Forester Betty Gilpin
Dan Forester sr. J.K. Simmons
Charlie Sam Richardson
Dorian Edwin Hodge
Muri Forester (9 jier) Ryan Kiera Armstrong
luitenant Hart Jasmine Mathews
majoar Greenwood Keith Powers
Nora Mary Lynn Rajskub
Cowan Mike Mitchell
Martin Seth Schenall

Produksje en distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Tomorrow War wie al inkele jierren yn preproduksje by filmstudio Skydance Media doe't senarioskriuwer Zach Dean by it projekt belutsen waard, dy't it úteinlike skript skreau. De wurktitel fan 'e film wie Ghost Draft. The Tomorrow War waard regissearre troch Chris McKay. As produsinten wiene David Ellison, Dana Goldberg, Don Granger, Jules Daly, David S. Goyer en Adam Kolbrenner yn 'e produksje behelle foar de filmstudio's Skydance Media, Paramount Pictures, New Republic Pictures. Foar de film wie in mânsk budget beskikber fan $200 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Larry Fong, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Lorne Balfe.

Regisseur Chris McKay.

Opnamen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De opnamen foar The Tomorrow War setten op 1 septimber 2019 útein en duorren oant en mei 12 jannewaris 2020. Der waard filme yn it histoaryske stedsje Lincolnton, yn 'e Amerikaanske steat Georgia, en yn 'e krite fan Graves Mountain. De gefjochtssênes yn in takomstich Miami waarden opnommen yn it sintrum fan Atlanta en yn Buckhead (Georgia), wêrby't yn 'e postproduksje troch tafoeging fan special effects de apokalyptyske setting neibeard waard. De sênes op 'e Akademy fan Wittenskippengletsjer op Noardlân waarden op lokaasje filme op 'e Vatnajökull, in gletsjer op Iislân. Regisseur Chris McKay wie nammentlik bang dat de film der te stilearre útsjen soe as de gletsjersênes foar in greenscreen yn in soundstage opnommen wurde soene.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan The Tomorrow War soe oarspronklik fersoarge wurde troch Paramount Pictures mei de bedoeling om 'e film wrâldwiid yn 'e bioskopen draaie te litten. Troch de lockdowns yn it ramt fan 'e koroanafiruspandemy waard de premiêre fan The Tomorrow War lykwols sân moanne útsteld, wêrnei't Top Gun: Maverick op 'e prikte datum útkaam. Yn april 2021, mei noch gjin folsleine publykstalitting yn 'e bioskopen yn sicht, ferkocht Paramount de distribúsjerjochten op The Tomorrow War foar de priis fan $200 miljoen (persiis it produksjebudget fan 'e film) oan Amazon. Dat brocht de film op 2 july 2021 út fia de eigen streamingtsjinst, Amazon Prime. Op 3 septimber 2021 gie The Tomorrow War wol yn premiêre yn 'e Sineeske bioskopen, mar dat wie it iennichste lân dêr't de film yn 'e bioskoop draaide. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 2 july 2021 by platemaatskippij Milan Records.

De Vatnajökull, in gletsjer yn Iislân, giet yn 'e film troch foar de Akademy fan Wittenskippengletsjer op Noardlân, in eilannegroep yn 'e Noardlike Iissee foar de noardkust fan Sibearje.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 'e filmkritisy krige The Tomorrow War mingde resinsjes. Der wie lof foar it ynnovative útgongspunt, de aksjesênes en it aktearjen fan 'e cast (benammen wat Chris Pratt en Sam Richardson oanbelange), mar der wie ek in protte krityk op 'e klisjeemjittige útwurking. Ferskate resinsinten ferlieken The Tomorrow War negatyf mei soartgelikense films, lykas Independence Day (1996), Starship Troopers (1997) en Edge of Tomorrow (2014). Sa joech Richard Roeper fan 'e Chicago Sun-Times de film 2 fan 4 stjerren en skreau: "The Tomorrow War fertsjintwurdiget in oprjocht besykjen om wat nijs ta te foegjen oan it tiidreis-aksjesjenre, mar dizze film is in fehikel út 2021 dat makke is út ûnderdielen út 'e 2010-er, 1990-er en 1980-er jierren."

Yn 'e San Francisco Chronicle priizge Mick LaSalle de bylden, it ferhaal en de aksjesênes fan The Tomorrow War. Hy konkludearre: "As it derop oankomt, is it gewoan in hiel goede meunsterfilm. Likegoed sit der in sprankje skientme yn." David Ehrlich fan IndieWire parte de film in 6 ta op in skaal fan 1 oant 10. Hy lei út: "Dat wol net sizze dat The Tomorrow War in minne film is – it beskikt oer in fernimstich útgongspunt, in poerbêste byrol fan Sam Richardson en in ûngewoan goed definiëarre gefoel foar geografyske posysje foar sa'n dizenige special effects-grimelgrammel. […] Mar nettsjinsteande al dy priislike attributen wurdt dit smaakleaze ûnding fan in film kastrearre troch syn eigen wegering om it publyk kjel te meitsjen troch wat ûnferwachts te dwaan." Neffens John Defore fan The Hollywood Reporter miste The Tomorrow War "dat iene ding dat de film in kaskreaker yn 'e bioskopen makke hawwe soe". Hy heakke dêroanta dat it as streaming media fia Amazon Prime bêst fermaaklik wie om te sjen.

Leah Greenblatt fan it tydskrift Entertainment Weekly murk op: "Op 't langelêst lost de ferhaalline op yn ûnskerp yn byld brocht sentimint en in slotakkoard yn in snieïnge setting mei in útfiering dy't sa oerdúdlik bespotlik is dat in Bond-smjunt út 'e 1970-er jierren wol kâns hat en win in rjochtsaak foar ynbrek op auteursrjochten (hoewol't it boadskip oer klimaatferoaring op glûpske wize hout snijt). Oant dy tiid is it lykwols hast genôch om te sjen hoe't Pratt & Co. omdrave en tsjininoar eamelje en harsels mei har wapens in paad klearje troch de ferline takomsten fan moarn." Yn 'e Britske krante The Observer skreau Wendy Ide: "It ûntwerp fan 'e meunsters is earsteklas – de bûtenierdske wêzens binne úthongere, wetterfluch en tarist mei in pear deadstentakels. En Pratt, en yn 't bysûnder Betty Gilpin as syn frou, leverje ynnimlike, ûnderleine aktearprestaasjes ôf. Mar it senario is in obees, bombidich ding dat teminsten 30 minuten langer is as it wêze moatten hie."

Yn 'e Los Angeles Times skreau Robert Daniels dat The Tomorrow War eins in aksjefilm út 'e 1990-er jierren wêze woe, "doe't bioskoopaventoeren noch alles foar eltsenien wêze koene". Christy Lemire fan 'e webside RogerEbert.com joech de film 11/2 fan 4 stjerren. Hja woe hawwe: "It sabeare orizjinele skript fan Zach Dean biedt frijwol neat dat ynnovatyf of ynspirearre is." Op it Amerikaanske tillefyzjenetwurk ABC hie Peter Travers krityk op wat er neamde "it klisjeemjittige ferhaal, de gimmick-eftige special effects en de ûntliende ynspiraasje". Hy konkludearre: "The Tomorrow War sit syn eigen sturt efternei en hâldt dat in ferpletterjend werheljende 140 minuten lang fol om in ein te berikken dat men út 'e romte wei oankommen sjen kinnen hie. […] Der sit gjin swymke moarn oan in recycle soadsje dat alles ynset op juster."

Lincolnton, yn 'e Amerikaanske steat Georgia, wie ien fan 'e opnamelokaasjes foar The Tomorrow War.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat The Tomorrow War in midsmjittich goedkarringspersintaazje fan 52%, basearre op 207 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Chris Pratt is feardich yn syn bestjoeren fan dit science fiction-fehikel, ek al sil The Tomorrow War de sjoggers nei alle gedachten net folle langer bybliuwe as hjoed." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet The Tomorrow War in goedkarringspersintaazje fan 45%, basearre op 35 resinsjes.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Opbringst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Tomorrow War brocht yn 'e bioskopen yn 'e Sina $19,2 miljoen op. Sina wie it iennichste lân dêr't de film yn 'e bioskoop draaide fanwegen de beheinings dy't yn it ramt fan 'e koroanafiruspandemy yn oare lannen en territoaria oan bioskoopbesyk oplein wiene. Ofset tsjin it budget fan $200 miljoen soe The Tomorrow War in ferlies fan $188 miljoen hân hawwe, plus de marketingkosten. Mar produsint Paramount Pictures sliet de film yn april 2021 oan Amazon foar de priis fan $200 miljoen, sadat de produksjekosten fuortendaliks al weromwûn wiene. Op streamingtsjinst Amazon Prime die The Tomorrow War it boppedat poerbêst en waard de film yn 'e earste tritich dagen fan beskikberens foar streaming al sjoen troch 5,2 miljoen húshâldings.

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Tomorrow War waard nominearre foar de Satellite Award foar bêste special effects, de Annie Award foar bêste personaazje-animaasje yn in live-actionfilm en de People's Choice Awards foar favorite film, favorite aksjefilm, favorite akteur (Chris Pratt) en favorite akteur yn in aksjefilm (Chris Pratt).

Ferfolchfilm[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Koart nei't The Tomorrow War fia Amazon Prime beskikber kommen wie foar streamen, liek it der al op dat de film in grut súkses waard. Amazon en filmstudio Skydance Media begûnen sadwaande al op 8 july 2021 ferkennende petearen oer in mooglike ferfolchfilm, dy't diskear eksklusyf foar streamingtsjinst Amazon Prime makke wurde sil. Nei ferwachting soe it grutste part fan 'e cast út 'e orizjinele film yn in ferfolch weromkeare. Anno 2023 ferkeart de ferfolchfilm noch yn 'e preproduksjefaze.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.