Springe nei ynhâld

The Mandalorian

Ut Wikipedy
The Mandalorian
tillefyzjesearje
makkers
ûntwikkele troch Jon Favreau
produsint John Bartnicki
útfierend
   produsint
Jon Favreau
Dave Filoni
Kathleen Kennedy
Colin Wilson
Rick Famuyiwa (seiz. 3)
basearre op de Star Wars-trilogy
   fan George Lucas
kamerarezjy Greig Fraser
Baz Idoine
Matthew Jensen
David Klein
muzyk Ludwig Göransson
Joseph Shirley (fan seiz. 3 ôf)
tillefyzjestudio Lucasfilm
Fairview Entertainment
Golem Creations
distribúsje Disney Platform Distribution
spilers
haadrollen Pedro Pascal
Giancarlo Esposito
Carl Weathers
Omid Abtahi
skaaimerken
foarm live-action-ferfolchsearje
sjenre science fiction, fantasy, aksje,
aventoer, romtewestern
seizoenen 4
jierren 2019 – no
tal ôfl. 32
spyltiid (ôfl.) 30-50 min.
lân/lannen Feriene Steaten
taal Ingelsk (ek ferskate fiktive talen)
prizen 14 × Emmy Award
1 × Saturn Award
1 × SAG Award
webside disneyplusoriginals.disney. com/show/the-mandalorian
besibbe searjes The Book of Boba Fett
Ahsoka
Star Wars: Skeleton Crew

The Mandalorian is in Amerikaanske tillefyzjesearje dy't yn 2019 úteinsette en ûnderdiel útmakket fan 'e Star Wars-franchise. De searje heart ta de sjenres fan science fiction, fantasy, aksje en aventoer en it wurdt ek wol omskreaun as in romtewestern: in searje yn in science fiction-setting mar mei alle skaaimerken fan in westernsearje. The Mandalorian grypt benammen werom op 'e oarspronklike Star Wars-trilogy fan George Lucas. It wie de earste live-actionsearje fan 'e Star Wars-franchise. Yn 'e ynterne gronology fan Star Wars spilet The Mandalorian fiif jier nei de foarfallen yn 'e film Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi.

De titel ferwiist nei de haadpersoan, dy't in Mandaloriaan is en lange tiid sa neamd wurdt foar't syn namme úteinlik bekend makke wurdt. Hy is in ienlike preemjejager dy't ynhierd wurdt om it Krêftgefoelige bern Grogu te finen en oer te leverjen oan syn opdrachtjouwer. Ynstee naait er mei it bern út om it te beskermjen. The Mandalorian waard troch de tillefyzjekritisy mei tige positive resinsjes ûntfongen en hat anno 2023 fjirtjin Emmys, in Saturn Award en in Screen Actors Guild Award wûn. Ferskate ûnderling ferbûne spin-offsearjes binne út The Mandalorian fuortkommen: The Book of Boba Fett, Ahsoka en Star Wars: Skeleton Crew.

Star Wars-betinker George Lucas sette yn 2009 al útein mei de ûntwikkeling fan in live-actiontillefyzjesearje yn it ramt fan syn mediafranchise, dy't Star Wars: Underworld komme moast te hjitten. Dat projekt rûn lykwols op 'e non om't it de finansjele middels fan syn filmstudio Lucasfilm te boppe bliek te gean. Yn oktober 2012 ferkocht er Lucasfilm oan The Walt Disney Company. Yn jannewaris 2013 begûn Disney, dat jild by 't folop hat, mei de earste tarieding foar in eigen live-action-Star Wars-searje. Yn novimber 2017 waard dat troch Bob Iger, de algemien direkteur fan Disney, buorkundich makke. Jon Favreau waard yn maart 2018 yn it projekt behelle om it fierder te ûntwikkeljen. Yn oktober 2018 waard bekendmakke dat de titel The Mandalorian wêze soe.

The Mandalorian waard ûntwikkele troch Jon Favreau op basis fan 'e oarspronklike Star Wars-trilogy fan George Lucas. John Bartnicki wie as tillefyzjeprodusint by it projekt belutsen foar Lucasfilm, Fairview Entertainment en Golem Creations. Yn 'e mande mei Dave Filoni, Kathleen Kennedy en Colin Wilson hie Favreau as útfierend produsint it tafersjoch oer de hiele produksje. Foar it trêde seizoen joech Rick Famuyiwa him by dat kwartet.

De opnamen foar The Mandalorian fûnen plak op 'e MBS Media Campus yn Manhattan Beach (Kalifornje). De kamerarezjy waard fersoarge troch Greig Fraser, Baz Idoine, Matthew Jensen en David Klein. Special effects-bedriuw Industrial Light & Magic ûntwikkele de StageCraft-technology foar de searje, wêrby't firtuele filmsets brûkt wurde tsjin 'e eftergrûn fan in fideowand fan 360° om 'e setting fan 'e searje te kreëarjen. Dyselde technyk is sûnt ek ynset by de opnamen fan films en oare tillefyzjesearjes.

De titelmuzyk en de soundtrack fan The Mandalorian wiene it wurk fan 'e Sweedske komponist Ludwig Göransson. Yn seizoen 3 krige er fersterking fan Joseph Shirley. De distribúsje fan The Mandalorian waard fersoarge troch Disney Platform Distribution. De searje waard, fan novimber 2019 ôf, útslutend beskikber makke fia Disney+, de eigen streamingtsjinst fan Disney. Anno 2023 rint The Mandalorian trije seizoenen; de ûntwikkeling fan in fjirde seizoen waard yn maaie 2022 befêstige. Elts seizoen bestiet út 8 ôfleverings fan 30 oant 50 minuten it stik.

Utgongspunt fan 'e plot

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fiif jier nei de dea fan keizer Palpatine en de ynstoarting fan it Galaktysk Keizerryk (sjoch: Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi) hearsket der noch altyd gaos yn grutte dielen fan it Stjerrestelsel. De troch de foaroanlju fan it Rebelleferbûn oprjochte Nije Republyk is noch net sterk genôch om oeral syn gesach jilde te litten en de restanten fan it Keizerryk fjochtsje om te oerlibjen. Tsjin dy eftergrûn folget The Mandalorian yn 'e wetteleaze Bûtenrâne fan it Stjerrestelsel in ienlike Mandaloriaanske preemjejager, dy't lange tiid inkeld bekendstiet as 'de Mandaloriaan' (Pedro Pascal). Yn 'e ôflevering Chapter 8: Redemption blykt er Din Djarin te hjitten.

Fia Greef Karga (Carl Weathers), de lieder fan it Preemjejagersgilde, akseptearret Djarin in opdracht fan in rike mar mysterieuze man, dy't inkeld bekend is as 'de Kliïnt' (Werner Herzog), om in 'bedriuwsmiddel' op te spoaren en by him ôf te leverjen. It wurdt al mei gauwens dúdlik dat de Kliïnt de restanten fan it Keizerryk fertsjintwurdiget. It 'bedriuwsmiddel' blykt in bern te wêzen fan itselde (net by namme neamde) ras fan bûtenierdske wêzens as de Jedi-master Yoda. It jonkje (David Acord) stiet lange tiid bekend as "it Bern" (hoewol't fans him al rillegau "Baby Yoda" doopten). Yn Chapter 13: The Jedi (de fyfde ôflevering fan it twadde seizoen) wurdt bekendmakke dat syn namme Grogu is.

Yn Chapter 2: The Child rêdt it Bern it libben fan Djarin troch it gebrûk fan de Krêft. Nettsjinsteande dat hâldt de preemjejager him oan 'e ôfspraken dy't fêstlein binne yn syn kontrakt en leveret er it Bern yn Chapter 3: The Sin ôf by de Kliïnt. Neitiid betinkt er him lykwols. Hy keart werom nei de basis fan 'e Kliïnt, rêdt it Bern en naait mei him út. Op 'e flecht foar sawol it Preemjejagersgilde fan Greef Karga as de restanten fan it Keizerryk û.l.f. moff Gideon (Giancarlo Esposito), beneamt Djarin himsels ta de offisjeuze fâd fan it Bern. Neitiid wurket er as hierling om him en syn beskermeling itende te hâlden.

Dêrby moetsje se û.o. Ugnaught-bouboer Kuiil (Nick Nolte), de preemjejager-androïde IG-11 (Taika Waititi), de hiermoardneresse Fennec Shand (Ming-Na Wen), de hierling Migs Mayfeld (Bill Burr), de monteur Peli Motto (Amy Sedaris), de âld-kommando fan it Rebelleferbûn Cara Dune (Gina Carano), de marshal fan in lyts plak op 'e planeet Tatooine Cobb Vanth (Timothy Olyphant), in pear X-wjukjagerpiloaten fan 'e Nije Republyk (Dave Filoni en Paul Sun-Hyung Lee), de liedster fan in Mandaloriaanske sekte (Emily Swallow), de Jedi-ridder Ahsoka Tano (Rosario Dawson), de deawaande preemjejager Boba Fett (Temuera Morrison) en de eardere hearskeresse oer de planeet Mandalore Bo-Katan Kryze (Katee Sackhoff).

Pedro Pascal.
Giancarlo Esposito.
Omid Abtahi.
Werner Herzog.

(Sjoch foar in yngeandere beskriuwing fan 'e ûntwikkelings yn 'e searje it artikel oer Din Djarin.)

personaazje akteur/aktrise
de Mandaloriaan / Din Djarin Pedro Pascal
Grogu David Acord (stim, mei lûdseffekten)
ferskate poppespilers (fysyk)

Weromkearende byrollen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Taika Waititi.
Gina Carano.
Amy Sedaris.
Katee Sackhoff.
Rosario Dawson.
personaazje            akteur/aktrise
yntrodusearre yn seizoen 1
moff Gideon Giancarlo Esposito
Greef Karga Carl Weathers
dr. Pershing Omid Abtahi
de Kliïnt Werner Herzog
Kuiil Nick Nolte (stim)
Misty Rosas (fysyk)
IG-11 Taika Waititi (stim)
Cara Dune Gina Carano
de Wapensmid Emily Swallow
Peli Motto Amy Sedaris
Boba Fett Temuera Morrison
de Kikkertfrouwe Dee Bradley Baker (stim)
Misty Rosas (fysyk)
Fennec Shand Ming-Na Wen
Mythrol Horatio Sanz
yntrodusearre yn seizoen 2
Bo-Katan Kryze Katee Sackhoff
Koska Reeves Mercedes Varnado
Carson Teva Paul Sun-Hyung Lee
personaazje        akteur/aktrise
yntrodusearre yn seizoen 1
Toro Calican Jake Cannavale
Ranzar Malk Mark Boone Junior
Migs Mayfeld Bill Burr
Xi'an Natalia Tena
Burg Clancy Brown
Q9-0 Richard Ayoade (stim)
Qin Ismael Cruz Córdova
Paz Vizsla Jon Favreau (stim)
Tait Fletcher (fysyk)
Omera Julia Jones
Winta Isla Farris
Caben Asif Ali
Stoke Eugene Cordero
Riot Mar Rio Hackford
Davan Matt Lanter
Trapper Wolf Dave Filoni
Jib Dodger Rick Famuyiwa
Sash Ketter Deborah Chow
yntrodusearre yn seizoen 2
Gor Koresh John Leguizamo (stim)
Cobb Vanth Timothy Olyphant
Axe Woves Simon Kassianides
Keizerlik kaptein Titus Welliver
Lang Michael Biehn
Ahsoka Tano Rosario Dawson
Morgan Elsbeth Diana Lee Inosanto
Luke Skywalker Mark Hamill
gûverneur Wing Wing Tao Chao
Valin Hess Richard Brake
Bib Fortuna Matthew Wood
seizoen tal ôfl. rûn fan rûn oant netwurk
1 8 12 novimber 2019 27 desimber 2019 Disney+
2 8 30 oktober 2020 18 desimber 2020
3 8 1 maart 2023 19 april 2023
4 8 noch net bekend noch net bekend

Untfangst en resultaat

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Mandalorian krige oer it algemien tige positive resinsjes fan 'e tillefyzjekritisy. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat it earste seizoen fan 'e searje in goedkarringspersintaazje fan 93%, basearre op 338 ûnderskate resinsjes. Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet it earste seizoen in goedkarringspersintaazje fan 70%, basearre op 29 resinsjes. It twadde seizoen hat op Rotten Tomatoes in goedkarringspersintaazje fan 93% op basis fan 450 resinsjes, wylst it op Metacritic in goedkarringspersintaazje hellet fan 76% op basis fan 14 resinsjes.

Anno 2023 is The Mandalorian mar leafst 39 kear nominearre foar in Emmy Award, de wichtichste Amerikaanske priis op it mêd fan tillefyzje. Dêrfan hat de searje 14 kear wûn, allegearre yn 'e technyske kategoryen: twa kear elts foar bêste kamerarezjy, bêste muzykkomposysje, bêste lûdsmixing, bêste special effects en bêste stuntkoördinaasje en ien kear elts foar bêste produksje-ûntwerp, bêste lûdsmontaazje, bêste stunt en bêste protetyske fisazjy. The Mandalorian wûn fierders yn 2021 de Saturn Award foar bêste tillefyzjepresintaasje fan minder as 10 ôfleverings en de Screen Actors Guild Award foar bêste optreden fan in groep stuntlju yn in tillefyzjesearje.

Spin-off-searjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ut The Mandalorian binne ferskate spin-off-tillefyzjesearjes fuortkommen. The Book of Boba Fett, wêrfan't it earste seizoen yn desimber 2021 útbrocht waard, folget de personaazjes fan 'e preemjejager Boba Fett en de hiermoardneresse Fennec Shand by harren krewearjen om it misdiesyndikaat fan Jabba de Hutt oer te nimmen. Twa oare searjes, Ahsoka (oer de Jedi-ridder Ahsoka Tano) en it coming-of-ageferhaal Star Wars: Skeleton Crew, wurde yn 2023 ferwachte. In fjirde spin-off-searje, Rangers of the New Republic, waard yn desimber 2020 oankundige, mar dêrfan binne de opnamen anno febrewaris 2023 noch net begûn.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
Star Wars
 
filmsearje
 Skywalker Saga Episode IV: A New Hope (1977) • Episode V: The Empire Strikes Back (1980) • Episode VI: Return of the Jedi (1983) • Episode I: The Phantom Menace (1999) • Episode II: Attack of the Clones (2002) • Episode III: Revenge of the Sith (2005) • Episode VII: The Force Awakens (2015) • Episode VIII: The Last Jedi (2017) • Episode IX: The Rise of Skywalker (2019)
 oare Star Wars-films Star Wars Holiday Special (1978) • Caravan of Courage: An Ewok Adventure (1984) • Ewoks: The Battle for Endor (1985) • The Clone Wars (2008) • Rogue One (2016) • Solo (2018)
 
tillefyzjesearjes
 live-actionsearjes The Mandalorian (2019–20??) • The Book of Boba Fett (2021–20??) • Obi-Wan Kenobi (2022) • Andor (2022–2024) • Ahsoka (2023) • Skeleton Crew (2023–20??) • The Acolyte (2024)
 tekenfilmsearjes          Droids (1985–1986) • Ewoks (1985–1986) • Clone Wars (2003–2005) • The Clone Wars (2008–2020) • Rebels (2014–2018) • Blips (2017) • Forces of Destiny (2017–2018) • Galaxy of Adventures (2018–2020) • Resistance (2018–2020) • Roll Out (2019–2020) • Galaxy of Creatures (2021) • Visions (2021) • The Bad Batch (2021–20??) • Galactic Pals (2022) • Tales of the Jedi (2022)