Springe nei ynhâld

The Man with the Golden Gun (film)

Ut Wikipedy
The Man with the Golden Gun
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Guy Hamilton
produsint Harry Saltzman
Albert R. Broccoli
senario Richard Maibaum
Tom Mankiewicz
basearre op de roman fan Ian Fleming
kamerarezjy Ted Moore
Oswald Morris
muzyk John Barry
filmstudio Eon Productions
distribúsje United Artists
spilers
haadrollen Roger Moore
Christopher Lee
Britt Ekland
byrollen Hervé Villechaize
Soon-Taik Oh
Maud Adams
Clifton James
Richard Loo
skaaimerken
lân/lannen Feriene Keninkryk
Feriene Steaten
premiêre 19 desimber 1974
foarm langspylfilm
sjenre spionaazjeskriller
taal Ingelsk
spyltiid 125 minuten
budget en resultaten
budget $7& miljoen
opbringst $97,6 miljoen
filmsearje
filmsearje James Bond
● foarich diel Live and Let Die
● folgjend diel The Spy Who Loved Me

The Man with the Golden Gun is in Britsk-Amerikaanske spionaazjeskriller út 1974 ûnder rezjy fan Guy Hamilton, mei yn 'e haadrollen Roger Moore as geheim agint James Bond, Christopher Lee as de smjunt Francisco Scaramanga en Britt Ekland as Bond girl Mary Goodnight. De titel betsjut "De Man mei it Goudene Pistoal", en ferwiist nei Scaramanga, dy't echt in pistoal makke fan goud hat. De film is basearre op 'e yn 1965 postúm útbrochte roman mei deselde namme fan Ian Fleming.

It ferhaal folget Bond as er besiket de Solex Agitator yn 'e hannen te krijen, in apparaat wêrmei't sinneljocht omset wurde kin yn enerzjy. Hy ûntdekt by tafal dat de beruchte hiermoardner Scaramanga behelle is yn 'e dieverij fan dat ding. Scaramanga is in glûpske tsjinstanner mei fierhinne deselde feardichheden as Bond sels, en Bond hat der sadwaande klauwen oan om him de baas te wurden.

The Man with the Golden Gun wie it njoggende diel út James Bond-filmsearje en folge as sadanich op Live and Let Die. De film lit dúdlik syn tiidgeast sjen, mei't er makke waard tsjin 'e eftergrûn fan 'e Oaljekrisis fan 1973, doe't alternative enerzjyboarnen ynienen nedich achte waarden. Yn 'e film komt ek de mids 1970-er jierren heechtij fierende raazje foar Easterske fjochtsport oan bod, mei ferskate kung fu-sênes en in fierhinne East- en Súdeastaziatyske setting. Fan 'e filmkritisy krige The Man with the Golden Gun mingde resinsjes, hoewol't de film yn 'e bioskopen in kommersjeel súkses wie. In folgjend diel yn 'e filmsearje, The Spy Who Love Me, kaam út yn 1977.

Yn Londen wurdt in gouden kûgel, mei "007" deryn gravearre, besoarge by de Britske ynljochtingetsjinst MI6. Men ornearret dat dy stjoerd is troch de beruchte mar mysterieuze hiermoardner Francisco Scaramanga, fan wa't nimmen wit hoe't er derút sjocht, mar dy't altyd goudene kûgels brûkt om syn doelwiten út 'e wei te romjen. De kûgel wurdt opfet as in oankundiging dat Scaramanga fan doel is om geheim agint 007, James Bond, te fermoardzjen. M, it haad fan MI6, beslút Bond dêrop te ûntheffen fan 'e saak dêr't er oan wurket, it opspoaren fan 'e wittenskipper Gibson, dy't de Solex Agitator útfûn hat. Dat is in krúsjaal ûnderdiel fan in apparaat wêrmei't sinneljocht omset wurde kin yn enerzjy.

Bond wurdt formeel mei ferlof stjoerd om 'e folgjende set fan Scaramanga ôf te wachtsjen, mar yn bedutsen termen kriget er fan M tastimming om sels efter de hiermoardner oan te gean. Dêrmei begjint er, troch juffer Moneypenny, de sekretaresse fan M, te rieplachtsjen oer de details fan 'e moard op Fairbanks, in oare agint fan MI6. Fan dyselse wurdt fermoede dat er út 'e wei romme is Scaramanga, hoewol't de kûgel nea fûn is. Op basis fan 'e ynformaasje fan Moneypenny reizget Bond ôf nei de Libaneeske haadstêd Beirût, dêr't er de búkdûnseresse Saïda opsiket, yn wa har selskip Fairbanks ferkearde doe't er deasketten waard. It docht bliken dat sy nei de moard de gouden kûgel fûn hat. Nei't er dy har, mei muoite, ûntfytmanne hat, kin Q, de kertiermaster fan MI6, Bond nei ûndersyk fertelle dat de kûgel makke is troch Lazar, in Makaneeske wapensmid yn 'e Portegeeske koloanje Makau.

Yn Makau wit Bond Lazar oan 'e praat te krijen, sadat er in nije foarried gouden kûgels folgje kin, dy't yn in kasino oppikt wurde troch de Andrea Anders, de mêtresse fan Scaramanga. Bond folget har nei de Britske kroankoloanje Hongkong, dêr't er fersterking kriget fan in oare geheim agint fan MI6, de tsjeppe Mary Goodnight. Yn it Peninsula Hotel kringt er Anders har hotelkeamer binnen en mishannelet har oant se him fertelt hoe't Scaramanga derút sjocht en wat er fan doel is. Op har oanwizings set Bond dy jûns nei de Bottoms Up Club, in ferneamde stripklub, dêr't er Scaramanga op 'e strjitte opwachtet. Dyselde leit dêr lykwols ek foar de doar op 'e loer, en hoewol't er der alle kâns ta hat, sjit er net Bond dea, mar in oare man, dy't ta Bond syn ûntsteltenis de wittenskipper Gibson blykt te wêzen dêr't er sels in skoft efteroan sitten hat. Nick Nack, de mei dwerchgroei oanhelle assistint fan Scaramanga, bûsehifket de Solex Agitator fan it lyk foar't immen it troch hat.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Bond, dy't syn pistoal lutsen hie doe't njonken him in man delsketten waard, wurdt arrestearre troch ynspekteur Hip fan 'e Hongkongske plysje. Mar ynstee dat er nei in plysjeburo brocht wurdt, nimt Hip him mei nei it skipswrak fan 'e RMS Queen Elizabeth yn 'e haven fan Hongkong, dat it pleatslike haadkertier fan MI6 blykt te wêzen. Sawol M as Q is dêr oanwêzich. Bond kriget opdracht om gear te wurkjen mei Hip om 'e Solex Agitator werom te stellen.

Bond riddenearret út dat Scaramanga yn opdracht fan Hai Fat wurkje moat, in Taisk sakeman en krimineel fan etnysk Sineesk komôf foar wa't Gibson wurke foar't er fermoarde waard. It tinken is dat Gibson útnaaid wie mei de Solex Agitator en dat Hai Fat him troch Scaramanga ombringe litten hat om it apparaat werom te krijen. Bond is der ûnderwilens fan oertsjûge rekke dat hysels nea it doelwyt fan Scaramanga west hat, sadat er him wer wat frijer doar te bewegen. Hy reizget mei Mary Goodnight en Hip, dy't dêr famylje wenjen hat, nei de Taiske haadstêd Bangkok ta, dêr't er de swierbewekke filla fan Hai Fat binnenkringt troch himsels foar te dwaan as Scaramanga. Dêrby fertrout er derop dat Hai Fat de hiermoardner ek nea met hat. Hai Fat nûget Bond út om dy jûns werom te kommen foar in diner, mar sûnder dat Bond it wit rint syn plan yn it hûndert as bliken docht dat Scaramanga op dat stuit yn 'e filla fan Hai Fat ferbliuwt, en dat Bond dus hielendal nimmen foar it lapke holden hat.

As er dy jûns weromkomt by de filla fan Hai Fat, wurdt Bond oanfallen troch Nick Nack en in pear mânske trewanten. Hy wurdt bewusteleas slein, mar as Nick Nack him fermoardzje sil, hâldt Hai Fat him tsjin, dy't dat hjir yn syn wente net hawwe wol. Ynstee wurdt Bond oerbrocht nei in fjochtsportskoalle, dêr't de learlingen duëls oant de dea útfjochtsje en ynstruksje krije om Bond út 'e wei te romjen. Mei help fan Hip en dy syn karatefjochtsjende omkesizzers wit er de learlingen fan him ôf te slaan, wêrnei't er oer de rivier útpykt yn in motorisearre sampan. Dêrby wurdt er sjoen troch in Amerikaanske toerist: nimmen oars as sheriff J.W. Pepper, mei wa't Bond earder gedoente hân hat yn Louisiana (sjoch: Live and Let Die). Underwilens wurdt Hai Fat deasketten troch Scaramanga, dy't dêrnei syn sakeryk en plannen foar de ferkeap oan 'e heechste bieder fan 'e Solex Agitator oernimt.

Nachts yn syn hotelkeamer, as Bond krekt op bêd sil mei Mary Goodnight, wurdt er ûnderbrutsen troch Andrea Anders. Sy fertelt dat sy dejinge is dy't de goudene kûgel nei Londen stjoerd hat. Se wol fan Scaramanga ôf, mar is derfan oertsjûge dat er har deameitsje sil as se it gewoan mei him útmakket. Dêrom hat se Bond yn 'e saak behelle, mei't hy de iennichste man is dy't tsjin Scaramanga opwoeksen is. Bond giet mei har op bêd wylst Mary Goodnight yn 'e kleankast ferburgen sit, en praat mei har ôf dat er mei Scaramanga ôfweve sil as sy him de Solex Agitator taspilet.

De oare deis, by in muay thai-bokswedstryd dêr't Anders it apparaatsje oan him oerdrage sil, nimt Bond njonken har plak. As hja net op syn fragen reägearret, mar inkeld stilwei foarút stoarret, ûntdekt er dat se deasketten is mei in kûgel troch it hert. Scaramanga giet njonken him sitten en stelt himsels oan Bond foar. Hoewol't Bond fan efteren ûnder skot holden wurdt troch Nick Nack, wit er de Solex Agitator, dy't op 'e flier fallen is, oan Hip ta te spyljen sûnder dat syn beide fijannen it merke. Hip jout it ding troch oan Goodnight. Mar as sy letter Nick Nack rinnen sjocht, folget se him nei Scaramanga syn auto, in AMC Matador. Wylst se dêr in stjoerderke yn 'e kofferbak besiket oan te bringen, sadat se de auto folgje kinne, wurdt se troch Scaramanga trappearre en sels yn 'e kofferbak smiten, mei Solex Agitator en al.

Fia in portofoan stelt Goodnight Bond op 'e hichte fan har swierrichheden, wêrnei't dy in reade AMC Hornet út 'e showroom fan in garaazje stelt, mei in potinsjele klant der noch yn: op 'e nij sheriff J.W.Pepper. Mei de entûsjaste oanfitering fan Pepper set Bond de efterfolging yn. Nei in lange en wylde rit komt dêr in ein oan as Scaramanga syn auto omfoarmet ta in fleantúch en fuortfljocht. Troch it stjoerderke fan Goodnight kin Q lykwols de geheime basis fan Scaramanga opspoare, in eilantsje foar de kust fan 'e Folksrepublyk Sina. Bond fljocht dêr yn in wetterfleantúch hinne, mar Scaramanga blykt him al ferwachte te hawwen. Hy nimt Bond mei foar in rûnlieding troch syn sinne-enerzjysintrale, wêrfan't er de technology foar safolle mooglik jild ferkeapje wol. By wize fan demonstraasje brûkt er in kanon mei in troch sinne-enerzjy opwekke laserstriel om Bond syn fleanmasine te ferneatigjen.

Nei't se dinearre hawwe mei Mary Goodnight, dy't troch Scaramanga op it eilantsje fêstholden wurdt, daget Scaramanga Bond út ta in formeel duël mei pistoalen op it strân. De mannen geane mei de rêch nei inoar ta stean en dogge op Nick Nack syn sizzen elts tweintich passen útinoar, mar as Bond him dan wer omdraait, is Scaramanga poater. Bond giet nei de hiermoardner op jacht yn syn eigen wente en bedarret yn 'e kelder yn in mei gniisspegels en oar merkegereid tarist diel fan it hûs. Nei dêr lang omdoarme te hawwen, ferslacht en deadet er Scaramanga úteinlik troch it plak yn te nimmen fan in etalaazjepop dy't tarist is mei in likenis fan Bond syn eigen gesicht.

Underwilens hat Kra, it haad befeiliging fan Scaramanga, ûnfoege bedoelings mei Mary Goodnight, mar hja slacht him del en smyt him yn ien fan 'e fetten floeibere helium fan 'e sinne-enerzjysintrale. Troch syn lichemswaarmte giet de temperatuer yn it kuolsysteem fan it fabryk sadanich omheech, dat der in keatlingreäksje ûntstiet dy't ûntsjinkearber liede sil ta de totale ferneatiging fan 'e hiele ynstallaasje. Bond wit noch krekt op 'e tiid de Solex Agitator te pakken te krijen en mei Goodnight it gebou te ûntflechtsjen foar't it by in ûntploffing de loft yn giet. Se ûntkomme fan it eilân mei Scaramanga syn motorisearre jonk, mar as se oan board mei-inoar op bêd sille, wurde se oanfallen troch Nick Nack, dy't as ferstekling mei fart. Bond wit de dwerch te oermasterjen en hyst him finzen yn in koer heech yn 'e mêst. Hy nimt Goodnight wer mei op bêd, mar diskear wurde se ûnderbrutsen troch in tillefoantsje fan M. Dy wol Goodnight te wurd, en Bond seit dat er har roppe sil. As it te lang duorret begjint M sels te roppen fan "Goodnight! Goodnight!" Bond pakt de tillefoan wer op en winsket M ek goedenacht ("Goodnight, sir.") foar't er de hoarn op 'e heak smyt.

Roger Moore.
Christopher Lee.
Britt Ekland.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
MI6-agint James Bond Roger Moore
Francisco Scaramanga Christopher Lee
Mary Goodnight Britt Ekland


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Nick Nack Hervé Villechaize
ynspekteur Hip Soon-Taik Oh
Andrea Anders Maud Adams
sheriff J.W. Pepper Clifton James
Hai Fat Richard Loo
M, haad fan MI6 Bernard Lee
Q, kertiermaster fan MI6 Desmond Llewelyn
juffer Moneypenny Lois Maxwell
Lazar Marne Maitland
búkdûnseresse Saïda Carmen du Sautoy
Rodney Marc Lawrence
Colthorpe James Cossins
Chula Chan Yiu Lam
Kra Sonny Caldinez

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It wie oarspronklik de bedoeling dat The Man with the Golden Gun as sechsde diel fan 'e James Bond-filmsearje makke wurde soe, wêrfoar't de opnamen yn 1968 plakfûnen. Der wiene al ôfspraken mei Roger Moore makke oer syn spyljen fan 'e haadrol. As setting foar in grut part fan 'e film wie lykwols Kambodja útkeazen, en dêr koe doe net filme wurde omreden fan 'e Samlaut-opstân. Sadwaande waard yn 1968 ynstee On Her Majesty's Secret Service opnommen, mei George Lazenby yn 'e rol fan James Bond.

It skipswrak fan 'e Seawise University, earder bekend as de RMS Queen Elizabeth, yn 'e haven fan Hongkong (foto út 1972).

Nei On Her Majesty's Secret Service wie, sa fertelde filmprodusint Harry Saltzman by in fraachpetear, òf The Man with the Golden Gun, òf Diamonds Are Forever oan 'e beurt. Der waard keazen foar dy lêste film, wêrfoar't Sean Connery weromkearde yn 'e rol fan Bond. Dêrnei waard Live and Let Die makke, de earste Bond-film mei Roger Moore yn 'e haadrol. Pas dêrnei koe einlings The Man with the Golden Gun makke wurde.

De film waard regissearre troch Guy Hamilton, dy't earder al trije oare Bond-films makke hie. The Man with the Golden Gun wie syn lêste. Hy wurke nei in senario fan Richard Maibaum en Tom Mankiewicz op basis fan 'e roman The Man with the Golden Gun. Dat wie it lêste diel út 'e oarspronklike James Bond-romansearje fan Ian Fleming, mei't de skriuwer yn 1964 hommels kommen wie te ferstjerren. It boek ferskynde postúm yn 1965 en wie wol ôf, mar eins noch net alhiel klear om útjûn te wurden.

It ferhaal út 'e roman spile fierhinne op Jamaika, mar dat wie in lokaasje dy't de filmmakkers al earder brûkt hiene foar in Bond-film, dat men woe leaver in oare eksoatyske setting hawwe. It Midden-Easten en Noard-Fjetnam waarden yn omtinken nommen, mar nei't produksje-ûntwerper Peter Murton yn in tydskrift foto's sjoen hie fan 'e Baai fan Phuket, yn Tailân, foel de kar op dat lân. Doe't produsint Albert R. Broccoli by in besyk oan Hongkong it skipswrak fan 'e RMS Queen Elizabeth yn 'e haven lizzen seach, krige er it idee om dat te brûken foar it pleatslik haadkertier fan MI6.

It poddestoelfoarmige eilantsje Ko Tapu, no bekend as it "James Bondeilân", dêr't Scaramanga yn 'e film syn sinnespegel opsteld hat.

As produsinten wiene Harry Saltzman en Albert R. Broccoli by it projekt belutsen foar harren filmstudio Eon Productions. Mei't de finansiering ek diskear wer fan 'e Amerikaanske studio United Artists kaam, wie The Man with the Golden Gun in Britsk-Amerikaanske ko-produksje. Foar de film wie in budget beskikber fan $7 miljoen.

De film markearre de lêste kear dat Saltzman en Broccoli gearwurken oan in film: in oanboazjende rûzje tusken beide mannen soarge derfoar dat Saltzman neitiid syn oandiel fan 50% yn Danjaq, de memme-ûndernimming fan Eon, ferkocht oan United Artists. Troch de juridyske tûkelteammen dy't dat meibrocht, soe de folgjende Bond-film, The Spy Who Loved Me, pas yn 1977 útkomme, twa jier letter as eins de bedoeling wie.

De kamerarezjy fan The Man with the Golden Gun wie yn 'e hannen fan Ted Moore. Doe't dy ûnder de opnamen siik rekke, waard Oswald Morris oansocht om syn wurk oer te nimmen. Dyselde hie dêr eins gjin earen nei, mei't er minne ûnderfinings hie mei it oernimmen fan it heal ôfmakke wurk fan oaren, mar Broccoli wist him te bepraten. De filmmuzyk fan The Man with the Golden Gun waard fersoarge troch John Barry, wylst de titelsong The Man with the Golden Gun songen waard troch de Skotske sjongster Lulu.

De opnamen foar The Man with the Golden Gun setten op 18 april 1974 útein en duorren oant yn augustus fan dat jier, hoewol't al op 6 novimber 1973 begûn wie mei inkele lytse opnamen foarôf. Der waard op lokaasje filme yn Hongkong, Makau en Tailân, wylst de binnendoarsênes opnommen waarden yn 'e Pinewood Studios yn it Ingelske Buckinghamshire. Yn Tailân waard filme yn Bangkok, Thonburi, de provinsjes Phuket en Phang Nga en op it eilân Khao Phing Kan. Dat eilân gie troch foar de geheime basis fan Scaramanga yn Sina, wylst de sinnespegel opsteld stie op it eilantsje Ko Tapu, dat no rûnom bekend stiet as it "James Bondeilân". De Hong Kong Dragon Garden yn Hongkong gie troch foar de filla fan Hai Fat yn Bangkok. De sêne yn it kasino yn Makau waard dêr ek echt opnommen, mar de sêne yn Beirût waard filme yn 'e Pinewood Studios.

De AMC Hornet wêryn't Bond en sheriff J.W. Pepper de efterfolging ynsette op Scaramanga en wêrmei't se de koarketrekkersprong oer it kanaal meitsje.

The Man with the Golden Gun waard sponsore troch de Amerikaanske autofabrikant American Motors Company (AMC), en dêrom waarden twa modellen fan dat merk yn 'e film opsichtich yn byld brocht. De fleanende auto fan Scaramanga wie in AMC Matador, dy't doe krekt útbrocht wie (hoewol net om mei te fleanen, fansels). Mei de wjukken wie de auto 9.15 m lang, 12.80 m breed en 3.08 m heech. In stuntman ried him yn it plak fan akteur Christopher Lee nei de lâningsbaan. De auto koe net echt fleane, dat foar de flecht waard in oant yn detail neimakke skaalmodel fan 1 m lang brûkt, dat boud wie troch special effects-technikus John Stears.

It oare model auto fan AMC wie de AMC Hornet dy't Bond út 'e showroom stelt om 'e efterfolging op Scaramanga yn te setten. Dêrmei springt er op in stuit oer in kanaal hinne, fan 'e iene útein fan in stikkene brêge nei de oare, wylst er yn 'e loft in draai fan 360° om syn lingte-as makket (in saneamde koarketrekkerssprong). Mei de eagen fan no liket dat in letter tafoege special effect, mar yn in tiid dat special effects noch mar yn 'e berneskuon stiene, moasten sokke stunts echt útfierd wurde, en dat wie diskear ek sa. Dejinge dy't de sprong makke, wie stuntman Loren "Bumps" Willert, dy't it by de earste take fuortendaliks goed die. De produsinten wiene sa opluchte, dat se him mei-iens in bonus fan $30.000 joegen. Yn 'e film wurdt de stunt yn slowmotion sjen litten, om't er oars net te folgjen is, en komponist John Barry foege der in ferskowend fluitsjend lûd oan ta. Dat helpt net om 'e sprong der reälistysker útsjen te litten. Fral it fluitsjend lûd kaam in protte krityk op, en Barry hie der nei eigen sizzen letter spyt fan dat er it tafoege hie. De koarketrekkersprong helle it Guinness Book of World Records as de earste "astro spiral jump" yn in film.

De distribúsje fan The Man with the Golden Gun waard fersoarge troch United Artists. De film gie op 19 desimber 1974 yn Londen yn premiêre. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde yn 1974 by platemaatskippij United Artists Records.

Fan 'e filmkritisy krige The Man with the Golden Gun mingde resinsjes. Oer it algemien wie der lof foar de rol fan Christopher Lee as Scaramanga, dy't almeast beskôge wurdt as ien fan 'e bêste smjunten út 'e James Bond-films, wylst measte resinsinten skodholjend negatyf wiene oer de aktearprestaasjes fan Roger Moore as James Bond en Bond girl Britt Ekland as syn ûnnoazele froulike helpke. Dêrby waard faak wol erkend dat Ekland oan hannen en fuotten bûn wie troch it skript.

In replika fan it goudene pistoal fan Scaramanga.

De Britske krante The Sunday Mirror wie noch behoarlik myld mei de konklúzje dat "The Man with the Golden Gun net de bêste Bond-film aller tiden is." Yn The Guardian wûn Derek Malcolm der gjin doekjes om: "it skript is it slopste fan 'e hiele brot en […] Roger Moore as 007 is de lêste man op 'e Ierde dy't it better lykje litte kin as dat it is." Yn The Observer stelde Tom Milne it noch helte krúer: "Dizze searje, dy't al in hiel hoart de boaiem fan it fet skjinskrabet, is no troch de boaiem hinne sakke […] mei deprimearjende ûntlienings oan Hongkongske kung fu-films, om mar hielendal te swijen fan sels noch deprimearjendere wjergalmings út 'e Carry On-rotsoai." Om koart te gean, sa woed er hawwe, waard The Man with the Golden Gun karakterisearre troch "in tryst gebrek oan humor en fantasij." Yn The Times skreau David Robinson dat Britt Ekland as Bond syn "moaie mar idioate sidekick […] de minst oantreklike fan 'e Bond-heldinnen" wie.

De reputaasje fan The Man with the Golden Gun is meitiid net folle opbettere. Guon moderne kritisy hawwe de film omskreaun as "ûnynspirearre", "wurch" en "saai". Yn syn Guide for the Film Fanatic skreau Danny Peary yn 1986 dat The Man with the Golden Gun "ien fan 'e minst ynteressante Bond-films is" en "in film dy't bodzje moat om foarút te kommen". Neffens him wie de sjitpartij tusken Bond en Scaramanga middenmank de gniisspegels oan 'e ein "de iennichste geweldige sêne yn 'e film", mar dy waard nei syn miening bedoarn troch "in ûnbefredigjende ein". Ek betreure er de weromkear fan Clifton James as sheriff J.W. Pepper út Live and Let Die.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat The Man with the Golden Gun in ûndergemiddeld goedkarringspersintaazje fan 40%, basearre op 50 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[Dit] is in midsmjittige Bond-films, dy't te lijen hat ûnder mei seksuele taspilings oerladen dialooch, in opfallend gebrek oan gadgets en in smjunt dy't 007 yn it skaad stelt." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet The Man with the Golden Gun in goedkarringspersintaazje fan 43%, basearre op 11 resinsjes.

The Man with the Golden Gun brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $21,0 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $75,7 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $97,6 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $7& miljoen betsjut dat in winst fan $90,6 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Sources, op dizze side.

James Bond (filmsearje)
films fan Eon Productions
mei Sean Connery Dr. No (1962) • From Russia with Love (1963) • Goldfinger (1964) • Thunderball (1965) • You Only Live Twice (1967) • Diamonds Are Forever (1971)
mei George Lazenby On Her Majesty's Secret Service (1969)
mei Roger Moore Live and Let Die (1973) • The Man with the Golden Gun (1974) • The Spy Who Loved Me (1977) • Moonraker (1979) • For Your Eyes Only (1981) • Octopussy (1983) • A View to a Kill (1985)
mei Timothy Dalton The Living Daylights (1987) • Licence to Kill (1989)
mei Pierce Brosnan GoldenEye (1995) • Tomorrow Never Dies (1997) • The World Is Not Enough (1999) • Die Another Day (2002)
mei Daniel Craig Casino Royale (2006) • Quantum of Solace (2008) • Skyfall (2012) • Spectre (2015) • No Time to Die (2021)
films fan oare studio's
Casino Royale (1954) • Casino Royale (1967) • Never Say Never Again (1983)