Danny Peary
Danny Peary | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Dannis Peary | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 8 augustus 1949 | |
berteplak | Philippi (West-Firginia) | |
etnisiteit | Angelsaksysk Amerikaansk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | sjoernalist, publisist | |
aktyf as | filmkritikus, filmhistoarikus, sportsjoernalist | |
jierren aktyf | 1971 – no | |
offisjele webside | ||
dannypeary.blogspot.com |
Danny Peary (folút: Dannis Peary; Philippi (West-Firginia), 28 augustus 1949) is in Amerikaansk sjoernalist, publisist, filmkritikus, filmhistoarikus, sportsjoernalist en sporthistoarikus. Hy hat in protte boeken skreaun of redigearre oer films en sport (benammen honkbal). Peary is it bekendst wurden mei syn boek Cult Movies, út 1980, dat sa súksesfol wie dat der noch twa ferfolgen op kamen. Yn dy trilogy beskriuwt er it ferskynsel fan 'e cultfilm.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid en oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Peary waard yn 1949 berne yn Philippi, yn 'e Amerikaanske steat West-Firginia, as de soan fan Joseph Y. Peary, in heechlearaar, en dy syn frou Laura Chaitan. Syn broer is de filmkritikus, kollumnist, akteur en dokumintêremakker Gerald Peary. Hy groeide op yn West-Firginia, en letter yn Súd-Karolina en Nij-Jersey. Yn 1971 studearre Peary mei in bachelortitel ôf oan 'e Universiteit fan Wisconsin yn Madison. Yn syn studintetiid hied er al as filmkritikus wurke foar de Daily Cardinal, de universiteitskrante. Yn 1975 behelle er cum laude in mastertitel yn filmkeunst oan 'e Universiteit fan Súdlik Kalifornje yn Los Angeles.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei syn ôfstudearjen yn 1971 gie Peary oan it wurk as filmkritikus, wêrby't er wurke foar ferskate kranten en tydskriften. Syn resinsjes ferskynden sadwaande yn û.m. FilmInk, Movieline, TV Guide, Cosmopolitan, The New York Times, de New York Daily News, The Boston Globe, de SoHo News, The Philadelphia Bulletin, Slant, Newsday en Country Weekly. Ek skreau er in kollumn mei de titel Danny Peary Talks to … ("Danny Peary Praat mei …"), wêryn't er fraachpetearen hold mei ferneamde persoanen út 'e filmyndustry fan Hollywood.
Peary skreau ferskate boeken oer films en de filmskiednis. Sa ferskynde yn 1981 fan syn hân it wurk Cult Movies, dat sa goed ferkocht dat der twa ferfolgen op kamen: Cult Movies 2, út 1983, en Cult Movies 3, út 1989. Yn dy trilogy beskreau er yngeand it ferskynsel fan 'e cultfilm en skonk er oandacht oan films (100 yn it earste diel, 50 yn it twadde diel en nochris 50 yn it trêde diel) dy't (alteast doedestiden) negearre waarden troch oare filmkritisy. Peary skreau ek Guide for the Film Fanatic (1986), wêryn't er mear mainstream-films ûnder de lûp naam.
Behalven oer films publisearre Peary ek ferskate boeken oer sport, en yn 't bysûnder oer honkbal. Dêrby wurke er gauris as in soarte fan ghostwriter gear mei bekende persoanen út 'e sportwrâld. Sa publisearre er mei honkbalspilers en sportferslachjouwers Ralph Kiner en Tim McCarver oer honkbal, mei de Olympyske gouden medalje-winneresse en kankeroerlibbene Shannon Miller oer har libben, en mei Muhammad Ali syn dochter Hana Ali oer har heit. Ek wied er as redakteur belutsen by publikaasjes oer de ferneamde honkballers Derek Jeter en Jackie Robinson.
Fierders wurke Peary as tekstskriuwer foar de sportrubryk The Tim McCarver Show, dy't yn 'e Feriene Steaten op 'e nasjonale tillefyzje útstjoerd waard. Ek wied er yn 'e 1980-er jierren as senarioskriuwer behelle yn 'e produksje fan ien ôflevering elts fan 'e tekenfilmsearjes ThunderCats en SilverHawks.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sûnt 1977 wennet Peary yn New York. Hy en syn frou Suzanne hawwe in dochter, dy't Zoe hjit.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Skriuwwurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- oer films
- 1981 – Cult Movies: The Classics, the Sleepers, the Weird and the Wonderful
- 1983 – Cult Movies 2
- 1986 – Guide for the Film Fanatic
- 1989 – Cult Movies 3
- 1991 – Cult Movie Stars
- 1993 – Alternate Oscars
- oer sport
- 1989 – How to Buy, Trade and Invest in Baseball Cards & Collectibles (mei Bruce Chadwick)
- 1998 – Tim McCarver's Baseball for Brain Surgeons and Other Fans: Understanding and Interpreting the Game So You Can Watch It Like a Pro (mei Tim McCarver)
- 1999 – The Perfect Season: Why 1998 Was Baseball's Greatest Year (mei Tim McCarver)
- 2002 – Raising a Team Player: Teaching Kids Lasting Values on the Field, on the Court and on the Bench (mei Harry Sheehy)
- 2004 – 1,001 Reasons to Love Baseball
- 2004 – Baseball Forever: Reflections on Sixty Years in the Game (mei Ralph Kiner)
- 2010 – Roger Maris: Baseball's Reluctant Hero (mei Tom Clavin)
- 2012 – Gil Hodges: The Brooklyn Bums, the Miracle Mets and the Extraordinary Life of a Baseball Legend (mei Tom Clavin)
- 2015 – It's Not About Perfect: Competing for My Country and Fighting for My Life (mei Shannon Miller)
- 2018 – Ali on Ali: Why He Said What He Said When He Said It (mei Hana Ali)
Redaksjewurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1978 – Close-Ups: The Movie Star Book
- 1980 – The American Animated Cartoon: A Critical Anthology (red. mei Gerald Peary)
- 1984 – Omni's Screen Fights/Screen Fantasies: The Future According to Science Fiction Cinema
- 1990 – Cult Baseball Players: The Greats, the Flakes, the Weird and the Wonderful
- 1994 – We Played the Game: 65 Players Remember Baseball's Greatest Era, 1947–1964
- 1997 – Super Bowl: The Game of Their Lives
- 2005 – Great Golf: 150 Years of Essential Instruction from the Best Players, Teacher, and Writers of All Time (red. mei Allen Richardson)
- 2008 – Tim McCarver's Diamond Gems (red. mei Tim McCarver en Jim Moskovitz)
- 2015 – Baseball Immortal Derek Jeter: A Career in Quotes
- 2016 – Jackie Robinson in Quotes: The Remarkable Life of Baseball's Most Significant Player
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Offisjele webside fan Danny Peary
- (in) Folsleine filmografy fan Danny Peary yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |