How the West Was Won (film)

Ut Wikipedy
How the West Was Won
film
makkers
regisseur Henry Hathaway
John Ford
George Marshall
produsint Bernard Smith
senario James R. Webb
kamerarezjy William Daniels
Milton Krasner
Charles Lang
Joseph LaShelle
muzyk Alfred Newman
filmstudio Metro-Goldwyn-Mayer
Cinerama
distribúsje Metro-Goldwyn-Mayer
spilers
haadrollen Jimmy Stewart
Carroll Baker
Debbie Reynolds
Gregory Peck
George Peppard
voice-over Spencer Tracy
byrollen Karl Malden
John Wayne
Henry Fonda
Richard Widmark
Lee J. Cobb
Eli Wallach
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 1 novimber 1962
foarm langspylfilm
sjenre romantyske western-
   aventoerefilm
taal Ingelsk
spyltiid 164 minuten
budget en resultaten
budget $12 miljoen
opbringst > $50 miljoen
prizen 3 × Oscar

How the West Was Won is in Amerikaanske romantyske western en aventoerefilm út 1962 yn Technicolor. De titel betsjut "Hoe't it Westen Wûn Waard". It is in mozaykfilm yn 'e foarm fan in fiiflûk dy't de ferovering fan it Wylde Westen troch de blanke kolonisten sjen lit en dêrby it tiidrek bestrykt fan 1840 oant 1890. Yn 'e fiif segminten dêr't de film út opboud is, steane leden út trije generaasjes fan deselde famylje sintraal. Trije fan 'e segminten waarden regissearre troch Henry Hathaway, ien troch John Ford en ek ien troch George Marshall. How the West Was Won hie in stjerrecast mei Jimmy Stewart, Carroll Baker, Debbie Reynolds, Gregory Peck en George Peppard yn 'e haadrollen, ûnderstipe troch Karl Malden, John Wayne, Henry Fonda, Richard Widmark, Lee J. Cobb en Eli Wallach yn 'e wichtichste byrollen. De segminten waarden oaninoar praat troch in voice-over fan Spencer Tracy. De film krige tige positive resinsjes fan 'e filmkritisy, en wurdt beskôge as ien fan 'e grutste epossen dy't de filmyndustry fan Hollywood fuortbrocht hat. Yn 'e bioskopen wie How the West Was Won kommersjeel súksesfol. De film wûn yn 1963 trije Oscars en joech yn 'e 1970-er jierren oanlieding ta de produksje fan in tillefyzjesearje mei deselde namme. Yn 1997 waard How the West Was Won troch de Library of Congress útornearre foar preservearring yn it National Film Registry.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

The Rivers (1839)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Pelsjager en frontiersman Linus Rawlings reizget yn in mei beverpelzen folladen kano út it Wylde Westen werom nei Pittsburgh om syn waren te ferkeapjen en de opbringst dertroch te bringen yn kroech en bordeel. Under it 'Wylde Westen' wurdt yn dy tiid noch de delling fan 'e rivier de Ohio ferstien, oan 'e súdpunt fan wat no de Amerikaanske steat Illinois is. Underweis moetet er de húshâlding fan Zebulon Prescott, dy't mei in passazjiersskip oer it Eriekanaal nei it westen set is en no op in eigenboud flot de Ohio ôfsakket.

Prescott hat twa tsjeppe dochters: Eve en Lilith. Foar Eve is it leafde op it earste gesicht as se Rawlings sjocht, en hy beäntwurdet har gefoelens. Om't er himsels lykwols langer ken as hjoed en juster, en wit dat er har net trou bliuwe sil, beslút er har in protte fertriet te besparjen troch de oare deis daliks fierder te peddeljen en net wer om te sjen. Syn earstfolgjende stop is in isolearre hannelspost yn in grot op 'e igge fan 'e rivier, dy't eksploitearre wurdt troch "kolonel" Jeb Hawkins. Wat Rawlings net wit, is dat Hawkins en syn famylje rivierrôvers binne, dy't it op syn pelzen foarsjoen hawwe.

It flot fan 'e kolonistefamylje wurdt útinoar bûtst yn 'e streamfersnellings yn it segmint The Rivers.

As Dora, de tsjeppe en ferliedlike dochter fan Hawkins, Rawlings meitroaid djipper de grot yn, om in "meunster" te sjen dat se dêr yn in djip gat finzen hâlde, stekt se him yn 'e rêch en jout him in triuw as er himsels oer de râne fan it gat bûcht, sadat er deryn falt. It wetter yn it gat stiet lykwols yn ferbining mei de rivier, en mei't it mês ôfskampt is op syn ribben, is Rawlings net slim ferwûne rekke. Hy wit de rivier te berikken en folget de Hawkins-clan, dy't oppakt hat en streamôf sylt op 'e sneup nei nije slachtoffers. As se it selskip fan 'e Prescotts oerfalle, komt Rawlings harren oer it mad, en mei help fan 'e Prescotts wit er de rôvers oermânsk te wurden en te deadzjen.

Neitiid giet Zebulon Prescott foar yn gebed en jout dêrby oan God te kennen dat se in stikmannich kweadoggers yn Syn rjochting stjoerd hawwe. Hy jout de sielen fan 'e rôvers oer yn 'e hannen fan God "as Jo se no hawwe wolle of net." Eve hopet dat de weromkear fan Rawlings betsjut dat er fan gedachten feroare is, mar dat is net sa. Wylst hy syn troch Hawkins-en-dy fernielde kano reparearret en risselwearret om nei Pittsburgh, sette de Prescotts fierder de rivier del. Dêrby kieze se lykwols de ferkearde foarke as de rivier him opspjalt, en harren flot fergiet yn 'e streamfersnellings.

As Rawlings dat heart fan in passearjende pelsjager, bejout er him mei tûzen hasten nei it stee fan it ûngemak. Dêr docht bliken dat Zebulon Prescott en syn frou Rebecca omkommen binne, mar Eve en Lilith hawwe it oerlibbe. No't er har hast foargoed kwytrekke wie, kriget Rawlings de djipte fan syn gefoelens foar Eve foar it ferstân, dat hy jout einlings en te'n lêsten ta en freget har om mei him te trouwen. Se jout tawurd, op betingst dat se harren nei wenjen sette sille by it grêf fan har âlden, mei't dy nei it westen reizgen op 'e siik nei in wenstee en God blykber dit plak foar harren útornearre hat.

In karafaan kapweinen wurdt oanfallen troch Yndiaanske krigers yn it segmint The Plains.

The Plains (1851)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Eve har jongere suster Lilith woe nea nei it Westen ta, mei't it altyd har dream wie om mei in rike man te trouwen. Tolve jier nei de foarfallen yn The Rivers is se nei in weromreis nei it Easten en ferskate omdoarmings yn St. Louis bedarre, dêr't se as sjongster en dûnseresse optredens fersoarget yn in drokbesochte muzykhal. Dêr lûkt se de oandacht fan gokker Cleve Van Valen. Nei't dyselde in petear ôfharke hat wêryn't Lilith te hearren kriget dat se fan in rike bewûnderder in goudmyn yn Kalifornje urven hat, beslút er dat sy de oplossing is foar al syn gokskulden. Lilith set yn in karafaan kapweinen tegearre mei Agatha Clegg, in oare frou allinne, ôf nei it de westkust, dêr't op dat stuit de Kalifornyske Goudkoarts yn folle gong is.

Van Valen jout him by deselde karafaan, yn it folle fertrouwen dat er Lilith ûnderweis wol foar him winne kin. De 'weinmaster' (lieder en gids fan 'e karafaan) Roger Morgan hat ek in eachje op Lilith, mar se wiist beide mannen ôf. Foar Morgan fielt se hielendal neat en de sjarmante Van Valen mei dan oantreklik wêze, it is dúdlik dat er ek in ponglúzjende liddichgonger is. As de karafaan oanfallen wurdt troch de Sjajinnen, springt Van Valen út 'e kapwein fan Lilith en Agatha om in fallen man te rêden. It liket der earst op dat Van Valen omkommen is, en dan pas beseft Agatha dat se ûnderwilens fereale op him rekke is. As er dy nachts mei de ferwûne man dochs de karafaan wer byhellet, is se o sa bliid him wer te sjen.

Tegearre reizgje se fierder nei Kalifornje, dêr't de goudmyn dy't Lilith urven hie, lykwols allang útput blykt te wêzen. Neitiid ferlit Van Valen har, mei't it him derom te dwaan wie mei in rike frou te trouwen. En hoe kin Lilith, dy't altyd in rike man trouwe wollen hat, him dat kwea-ôf nimme? Hja begjint sadwaande wer optredens as sjongster en dûnseresse te fersoargjen, earst mei in kapwein as poadium, mar neigeraden dat se súksesfoller wurdt yn almar deftiger gelegenheden. Morgan spoart har op en freget har om mei him te trouwen, mar Lilith stegeret him ôf. Ferskate jierren letter, as se op in rêdboat yn Sacramento wurket, heart Van Valen, dy't op deselde boat oan it pokerspyljen is, har stim. Hy hat har bot mist en smyt in winnende hân fuort wylst er him nei har ta hastiget om har fuortendaliks in houliksoansiik te dwaan. Se seit ja en tegearre sette se har nei wenjen yn it fluch oanwaaksende San Francisco, dêr't Van Valen in spoarweimaatskippij oprjochtet en ryk wurdt.

The Civil War (1861-1865)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

As tsien jier letter, yn 1861, de Amerikaanske Boargeroarloch útbrekt, jout Linus Rawlings, dy't no op jierren begjint te reitsjen, him as kaptein fan in regimint út Ohio by it Leger fan 'e Uny, om it op te nimmen tsjin 'e Súdlike Konfederaasje. In pear moanne letter nimt syn âldste soan Zeb tsjin 'e winsken fan syn mem Eve yn ek tsjinst. Zeb, dy't neat mei buorkjen ophat, siket nei in manear om te ûntkommen oan in bestean dêr't er fan wearzet. Ek mient er dat er op it slachfjild gloarje fine sil. Syn rekruteur, korporaal Peterson, bewissiget him derfan dat de oarloch mei gauwens oer wêze sil.

Foar it segmint The Civil War regissearre John Ford in koarte ympresje fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch.

It docht lykwols bliken dat Peterson dêr mis mei wie, en gloarje is ek fier te sykjen yn 'e ferskrikkings fan 'e oarloch. De bloedige Slach by Shiloh, oan it Westlik Front yn Tennessee, makket Zeb op ûnmeilydsume wize dúdlik dat er better thúsbliuwe kinnen hie. Syn heit Linus sneuvelet yn dy fjildslach, al wit Zeb dat dan noch net. De jûns nei de slach moetet er in Súdlike soldaat dy't krekt like desyllúzjonearre is oer de gong fan saken yn 'e oarloch as hysels. De man stelt him foar om tegearre te desertearjen en út te naaien nei it Wylde Westen.

Fuort by it plak dêr't Zeb en de Súdlike soldaat har beskûlhâlde tusken it reid oan 'e igge fan in beekje, komme tafalligerwize de Noardlike generaals Ulysses S. Grant en William T. Sherman del om 'e slach te evaluëarjen. De beide oankommende deserteurs harkje harren petear ôf. As de Súdlike soldaat foar it ferstân kriget wa't de mannen binne, beseft er dat dit syn kâns is om 'e Konfederaasje fan twa fan syn gefaarlikste fijannen ôf te helpen. Hy lûkt dêrom syn pistoal om Grant en Sherman dea te sjitten, mar Zeb hâldt him tsjin troch him dea te stekken mei de bajonet fan syn stikkenrekke gewear. Dêrmei rêdt er it libben fan 'e beide generaals en fynt er by fersin de gloarje dy't er socht. Neitiid jout er him wer by it Leger fan 'e Uny.

Nei't de Boargeroarloch yn it foarjier fan 1865 einige is, keart Zeb Rawlings mei de rang fan luitenant werom nei hûs, dêr't er ûntdekt dat syn mem ûnderwilens ferstoarn is. Eve hie nammentlik de wil om te libjen ferlern nei't it berjocht kaam dat Linus sneuvele wie. Zeb, dy't noch altyd gjin boer wurde wol, jout syn diel fan it boerespultsje oan syn jongere broer, dy't it de hiele oarloch troch al bebuorke hat. Dêrnei set er fuortendaliks ôf nei it Westen.

It spoar wurdt oanlein dwers troch it Wylde Westen hinne yn it segmint The Railroad.

The Railroad (1868)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Trije jier nei ôfrin fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch wurdt der troch twa rivalisearjende spoarweimaatskippijen bodde oan it Earste Transkontinintale Spoar: de Union Pacific Railroad skrept út Omaha (Nebraska) wei nei it westen ta, wylst de Central Pacific Railroad harren út San Francisco wei nei it easten yn 'e mjitte komt. Zeb Rawlings, dy't no as ofsier by de Amerikaanske kavalery op 'e Grutte Flakten tsjinnet, besiket de frede te bewarjen tusken de Arapaho en de maatskippij dy't it spoar dwers troch harren lân hinne oanleit.

Dat wurdt him lykwols net maklik makke troch Mike King, dy't de lieding hat oer de oanlis fan 'e Union Railroad. Dyselde grypt alles oan om it spoar sa fluch en effisjint mooglik te bewurkmasterjen, en dêrfoar moat alles wike. As er op eigen manneboet beslút in ein ôf te snijen troch de jachtgrûnen fan 'e Arapaho, wat tsjin it ôfsletten ferdrach yngiet, besiket Zeb it spul mei de Yndianen te behimmeljen. Dêrby kriget er help fan 'e âlde bizonjager Jethro Stuart, dy't noch befreone west hat mei syn heit foar't dy Eve Prescott moete. Hy rêdt it op, mar moat dêrfoar ûnthjitte dat der gjin blanke jagers komme sille om op it wyld fan 'e Arapaho te jeien.

Sokke ôfspraken kinne King lykwols gjin sprút skele, en as de spoarweimaatskippij ferlet hat fan jild om 'e fierdere oanlis fan it Earste Transkontinintale Spoar te beteljen, begjint er kaartsjes te ferkeapjen nei wat no it einpunt fan it spoar is. De jachtgrûnen fan 'e Arapaho wurde dêrtroch oerspield mei blanke jagers, en de Yndianen slane werom troch in grutte keppel Amerikaanske bizons troch it kamp fan 'e spoararbeiders te jeien, dy't dêr alles stikken wâdzje en tsientallen mannen fertraapje dat se it bestjerre. As de Arapaho harren dêrnei ôfjouwe, fielt King him yn syn miening skoarre dat dy 'oarloch' dêr't Zeb him foar warskôge hat, net folle foarstelt. Zeb, dy't him besaud oer safolle ûnnoazelheid, bewissiget King derfan dat dit net de ein is en dat de Yndianen wol weromkomme sille. Hysels hat syn nocht, swaait ôf út it Amerikaanske Leger en tsjocht fierder it Westen yn.

De binde fan Charlie Gant risselwearret foar in treinberôving yn it segmint The Outlaws.

The Outlaws (1889)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Goed tweintich jier letter is Lilith yn San Francisco widdo wurden nei it ferstjerren fan Cleve Van Valen. Om har skulden te foldwaan, lit se al har besittings yn 'e stêd ferbuolguodzje. Neitiid reizget se nei Arizona, dêr't se noch in ranch besit. Se nûget har muoikesizzer Zeb en syn húshâlding út om dêr ek te kommen, dat er foarman wurde kin en úteinlik har erfgenamt, mei't se sels gjin bern hat.

Zeb is ûnderwilens marshal wurden en hat mei syn frou Julie twa jonge soannen en in dochterke. As er syn muoike Lilith op it neiste treinstasjon, yn in oar stedsje as syn wenplak, ôfhellet, sjocht er dêre hoe't de bandyt Charlie Gant ôfhelle wurdt troch in stikmannich leden fan syn binde. Zeb hat in ferline mei Gant, want hy hat ferskate jierren earder by in sjitpartij dy syn broer deasketten, dat ek in bandyt wie. As Gant bedutsen bedrigings makket yn 'e rjochting fan Zeb syn wiif en bern, giet er om help nei de pleatslike marshal, Lou Ramsey. Mar Gant wurdt nearne foar socht yn it rjochtsfoechgebiet fan Ramsey. Boppedat is dyselde op 'e hichte fan 'e jierrenlange fete tusken Gant en Zeb, en hy fermoedet dat Zeb likefolle foar de problemen ferantwurdlik is as Gant.

As Zeb derfan oertsjûge rekket dat Gant en syn binde in treinberôving útfiere sille, boekt er as passazjier in reis op dy trein. Hy wit Ramsey te bepraten om (mei tsjinnichheid) mei him te gean. Sadwaande wurde Gant-en-dy opwachte troch de beide marshals as se oan board fan 'e trein klimme om 'e oerfal út te fieren. Yn 'e dêropfolgjende sjitpartij en de troch it gefjocht feroarsake ûntspoaring fan 'e trein komme Gant en syn hiele binde om. Neitiid set Zeb mei syn húshâlding en muoike Lilith ôf nei har ranch om in nij libben op te bouwen.

Epilooch[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In koarte epilooch lit sjen hoe't de moderne Feriene Steaten fan 'e iere 1960-er jierren fuortkommen binne út 'e ferovering fan it Wylde Westen. Dêrby wurde bylden toand fan û.o. de Hooverdaam by Las Vegas, de Four-Level Interchange (in stelsel fan autosnelwegen besteande út fjouwer ferdjippings) yn Los Angeles en de Golden Gate-brêge yn San Francisco.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jimmy Stewart.
Debbie Reynolds.
Gregory Peck.
George Peppard.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
ferteller Spencer Tracy
yntrodusearre yn The Rivers
Linus Rawlings Jimmy Stewart
Eve Prescott Rawlings Carroll Baker
Lilith Prescott Van Valen Debbie Reynolds
Zebulon Prescott Karl Malden
Rebecca Prescott Agnes Moorehead
"kolonel" Jeb Hawkins Walter Brennan
Dora Hawkins Brigid Bazlen
in rivierrôver Lee Van Cleef
yntrodusearre yn The Plains
Cleve Van Valen Gregory Peck
Roger Morgan Robert Preston
Agatha Clegg Thelma Ritter
notaris David Brian
gokker Grimes John Larch
Hylan Seabury Clinton Sundberg
yntrodusearre yn The Civil War
Zeb Rawlings George Peppard
korporaal Peterson Andy Devine
generaal Ulysses S. Grant Harry Morgan
generaal William T. Sherman John Wayne
Konfederearre deserteur Russ Tamblyn
presidint Abraham Lincoln Raymond Massey
yntrodusearre yn The Railroad
Jethro Stuart Henry Fonda
Mike King Richard Widmark
yntrodusearre yn The Outlaws
marshal Lou Ramsey Lee J. Cobb
Charlie Gant Eli Wallach
Julie Rawlings Carolyn Jones
helpmarshal Stover Mickey Shaughnessy
lid fan 'e Gant-binde Harry Dean Stanton
lid fan 'e Gant-binde Jack Lambert

Produksje en distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foarskiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1959 hie filmstudio Metro-Goldwyn-Mayer (MGM) grut súkses mei in remake fan Ben-Hur. Dat joech yn 'e dêropfolgjende jierren oanlieding ta it meitsjen fan ferskate oare spektakelfilms, wêrûnder Cimarron, Four Horsemen of the Apocalypse en Mutiny on the Bounty. Yn 1960 sleat MGM in oerienkomst mei Cinerama foar it meitsjen fan fjouwer films. Dat bedriuw hie it nije opnameproses mei deselde namme ûntwikkele dat films yn in panoramysk, ekstreem breedbyld opsmiet, dy't fertoant wurde moasten op in rûngear filmskerm. (Hoewol't it resultaat foar dy tiid ferbluffend wie, die bliken dat sokke films inkeld yn slim skeinde foarm oerset wurde koene nei normaal formaat, dat yn 'e measte bioskopen brûkt wurde moast. Der waarden troch MGM sadwaande mar twa films mei Cinerama makke, How the West Was Won en The Wonderful World of the Brothers Grimm.)

Sjonger en akteur Bing Crosby melde him by MGM mei it foarstel om ynstee fan in tillefyzjespecial (dêr't er mei dwaande wie) in film te produsearjen op basis fan in rige foto's fan it Wylde Westen dy't yn it tydskrift Life ferskynd wiene. De opbringst soe nei it St. John's Hospital yn Santa Monica (no it Providence Saint John's Health Center) gean, krekt as de opbringst fan it album How the West Was Won fan Crosby en Rosemary Clooney, dat ynspirearre wie troch itselde artikel yn Life. MGM hie wol belangstelling foar it projekt en kocht de filmrjochten fan Crosby. It oarspronklike plan wie om in film mei seis segminten te meitsjen, dêr't ek ferneamde persoanen as Buffalo Bill, Jesse James en Billy the Kid yn foarkomme soene. In diel fan 'e opbringst soe nei it sikehûs gean en op basis dêrfan koe in stikmannich filmstjerren oerhelle wurde om ôf te sjen fan harren gebrûklike salarissen. (It St. John's Hospital spande trouwens letter in rjochtsaak oan om in grutter part fan 'e opbringst te bemachtigjen.)

De orizjinele trailer fan How the West Was Won.

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Uteinlik waard How the West Was Won ferdield yn fiif segminten: The Rivers ("De Rivieren") oer it begjin fan 'e kolonisaasje fan it Wylde Westen yn 1839, The Plains ("De Flakten") oer de Kalifornyske Goudkoarts, The Civil War ("De Boargeroarloch") oer de Amerikaanske Boargeroarloch, The Railroad ("It Spoar") oer de oanlis fan it spoar en de dêrmei gearhingjende ûntsluting fan it Wylde Westen, en The Outlaws ("De Banditen") oer it 'nuet meitsjen' fan it Wylde Westen. Henry Hathaway regissearre The Rivers, The Plains en The Outlaws, wylst John Ford regisseur fan The Civil War wie en George Marshall fan The Railroad. Hja wurken allegear op basis fan in senario dat skreaun wie troch James R. Webb.

As produsint wie foar MGM en Cinerama Bernard Smith by it projekt belutsen. Foar de film wie (úteinlik) in budget beskikber fan $12 miljoen, wat no hiel gewoan is, mar yn dy tiid in reuseftich fermogen bedroech. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan William Daniels, Milton Krasner, Charles Lang en Joseph LaShelle, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Alfred Newman. De film waard frijwol hielendal op lokaasje (d.w.s. bûten de studio) opnommen, neffens produsint Smith om't it der no krekt om gie om "lytse minsken tsjin 'e eftergrûn fan in útstrutsen lân" sjen te litten.

Opnamen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De opnamen setten yn maaie 1961 útein yn Paducah (Kentucky), dêr't Ford syn koarte ympresje fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch filme. Neitiid naam Hathaway it stokje fan him oer. Der waard filme yn û.m. Monument Valley, yn Utah, en yn it Regionaal Park Wildwood yn Thousand Oaks (Kalifornje). John Wayne stie goederjousk it gebrûk fan in opname fan Meksikaanske troepen ta, dy't eins út syn eigen film The Alamo kaam. By it filmjen fan 'e sêne wêryn't de banditen de trein oerfalle en in frachtwagon dy't beladen is mei beamstammen syn lading ferliest, rekke stuntman Bob Morgan, de man fan aktrise en sjongster Yvonne De Carlo, slim ferwûne doe't ien fan syn skonken troch in stam ferplettere waard. Dy skonk moast neitiid amputearre wurde.

Jimmy Stewart spile de rol fan pionier Linus Rawlings.

Foar de regisseurs wie it meitsjen fan How the West Was Won gjin ûnderfining dêr't se letter mei fernoegen op weromseagen. Ford ergere him giel en grien oan it Cinerama-proses, wêrfoar't er sets oanklaaie moast dy't trije kear sa breed wiene as normaal. Boppedat koed er troch it breedbyld net fierder as op mulhichte nei de gesichten fan syn akteurs. En de opnamen moasten yn trijen dien wurde, wêrnei't letter by de filmmontaazje de trije stripen oaninoar plakt waarden. Dat betsjutte dat deselde sêne trije kear opnommen wurde moast, mei akteurs dy't bûten inoars kontekst spilen. It wie dan de taak fan 'e regisseur om derfoar te soargjen dat de posysjes en emoasjes syngroan rûnen.

Hathaway sei letter dat it meitsjen fan How the West Was Won "godferdommese problematysk" wie. Dêr heakke er oan ta dat se "in idioat as produsint hiene". Ek seid er: "We jagen der safolle jild trochhinne dat se hàst besleaten om it lêste segmint net te dwaan. We hiene in gearkomste en ik sei: 'Jimme kinne it net sitte litte. Jimme moatte sjen litte hoe't it Westen wûn waard. It Westen waard wûn doe't de wet it der foar it sizzen krige.' " Yn 'e postproduksje besleat MGM dat der in oare ein oan it segmint The Rivers breide wurde moast, sadat der noch in ekstra moanne fan opnamen folgen.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan How the West Was Won waard fersoarge troch Metro-Goldwyn-Mayer. De film gie, nuver genôch foar in folslein Amerikaanske produksje oer sa'n troch- en troch-Amerikaansk ûnderwerp, op 1 novimber 1962 yn premiêre yn 'e Britske haadstêd Londen. Hy iepene dêrnei op 20 febrewaris 1963 yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten.

Henry Fonda spile de rol fan bizonjager Jethro Stuart.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 'e filmkritisy krige How the West Was Won oer it algemien tige positive resinsjes. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat de film in heech goedkarringspersintaazje fan 86%, basearre op 22 ûnderskate resinsjes. Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet How the West Was Won in goedkarringspersintaazje fan 56%, basearre op 6 resinsjes.

Yn 1997 waard How the West Was Won troch de Library of Congress útornearre foar preservearring foar de ivichheid yn it National Film Registry, omreden fan kulturele, histoaryske of estetyske wearde.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Opbringst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

How the West Was Won brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $46,5 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria teminsten $3,5 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op mear as $50 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $12 miljoen betsjut dat in winst fan $38 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Foar de mjitstêven fan 1962 wie dat in reuseftich kommersjeel súkses.

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1963 waard How the West Was Won nominearre foar acht Oscars, wêrûnder de prizen yn 'e kategoryen bêste film, bêste kamerarezjy, bêste orizjinele filmmuzyk, bêste artdirection en bêste kostúmûntwerp. De film wûn de Oscars foar bêste orizjinele senario (James R. Webb), bêste filmmontaazje (Harold F. Kress) en bêste lûdsmixing (Franklin Milton).

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.