Springe nei ynhâld

Rezjimint

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Regimint)
Standertsymboal brûkt troch de NATO om in rezjimint oan te jaan.

In rezjimint of regimint, fan it Frânske régiment, is in militêre ienheid, wêrfan't de grutte en rol sterk útienrint yn ferskillende nasjonale kriichsmachten. Yn 'e Midsiuwen ferwiisde de term 'rezjimint' nei in grutte kloft fronttroepen wêrfan't de leden út ien en itselde geografyske gebiet ôfkomstich wiene, en ûnder lieding stiene fan in ofsier dy't teffens faak de lienhear fan 'e soldaten wie. Tsjin 'e santjinde iuw bestie in rezjimint meastal út sa'n 1.000 beropssoldaten ûnder befel fan in kolonel. Om dyselde snuorje hinne waarden rezjiminten, dy't út inkeld ynfantery, kavalery of artillery bestiene, yn guon legers ferfongen troch brigades, wêryn't dy trije ûnderdielen kombinearre waarden.

Dêr't rezjiminten as militêre ienheden bestean bleaune, ûntjoegen se har yn 'e achttjinde iuw ta permaninte legerûnderdelen dy't har mei titels en unifoarmen fan oare ienheden ûnderskaten. De befelfierend ofsier wie in kolonel en in ynfanteryrezjimint bestie yn 'e regel út twa bataljons fan elk 800 man, ferdield oer 8 oant 10 kompanjyen. Yn guon legers waard in selsstannich rezjimint mei minder kompanjyen in demy-rezjimint neamd. By de kavalery bestie in rezjimint út 600 oant 900 man, wêrby't gjin bataljons foarkamen, en de 'kompanjyen' eskadrons neamd waarden.

Nei't rûnom de tsjinstplicht ynfierd wie, ûndergie it rezjimintssysteem yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw frijwol feroaring. Oan 'e Earste Wrâldoarloch ta bestiene ynfanteryrezjiminten op folle sterkte yn 'e legers fan Frankryk, Dútslân en Ruslân út fjouwer bataljons, mei 1.000 manskippen, wat it totaal op 4.000 man brocht. Kavaleryrezjiminten bestiene út 1.000 manskippen sûnder ferdieling yn bataljons. In opmerklike útsûndering wie de sitewaasje yn it Britske leger, dêr't in ynfanteryrezjimint út twa bataljons bestie dy't inoar ôfwikselen yn 'thústsjinst' en oerseeske tsjinst, wêrby't se mar komselden as in inkele ienheid gearkamen.

Tsjintwurdich wurdt yn in protte legers de taak fan fronttroepen ferfolle troch bataljons, brigades en oare militêre ienheden, en is de oantsjutting fan 'rezjimint' inkeld noch beholden foar seremoniële ienheden. Moderne rezjiminten ferskille sterk yn grutte:

  • lytser as in standertbataljon (lykas it Britske Household Cavalry Mounted Regiment);
  • like grut as in bataljon (lykas it Frânske 3e Frjemdlinge-ynfanteryrezjimint);
  • like grut as in brigade (lykas it Amerikaanske 8e Mariniersrezjimint);
  • like grut as ferskate bataljons (lykas it Amerikaanske 3e Ynfanteryrezjimint).

It is sels mooglik dat in rezjimint in hiel kriichsmachtûnderdiel omfiemet, lykas it gefal is mei it Keninklike Australyske Rezjimint, dat alle ynfantery fan it Australyske leger omfettet (útsein de nasjonale reserve en de kommando's).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.